1980-er jierren

Ut Wikipedy
1980-er jierren
De Fal fan de Berlynske Muorre yn 1989.
De Fal fan de Berlynske Muorre yn 1989 .
<< 1970-er jrn   ?  1980-er jrn  ?   1990-er jrn >>
1980    ?    1981    ?    1982    ?    1983    ?    1984
1985    ?    1986    ?    1987    ?    1988    ?    1989

De 1980-er jierren , ek oantsjut as de tachtiger jierren en de jierren ’80 , wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder . Rekkenkundich sjoen begun it op 1 jannewaris 1981 en duorre it oant en mei 31 desimber 1990 , mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1980 oant en mei 31 desimber 1989 . Dit desennium belibbe in leste oplibbing fan 'e Kalde Oarloch foar't dat wraldwide konflikt belune en tsjin 1990 praktysk ta in ein kaam mei de untmanteling fan it Izeren Gerdyn en de Fal fan de Berlynske Muorre . Yn it Midden-Easten kamen under de Earste Intifada de Palestinen yn 'e besette gebieten yn opstan tsjin 'e Israelyske oerhearsking, wylst eastliker de Iraaksk-Iraanske Oarloch frijwol it hiele desennium trochgie. Fierders briek de AIDS - epidemy ut, wie der hongersneed yn Etioopje en waard de grunslach lein foar lettere konflikten, mar tagelyk klaude de wrald ekonomy wer by de wal op en wie der in soad technologyske foarutgong.

Oersjoch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De 1980-er jierren wiene it leste desennium fan 'e Kalde Oarloch . De konfrontaasje tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny late oer de hiele wrald ta oarloch en rebulje , mar benammen yn Afrika en Midden-Amearika . De beide supermachten stipen opstannen yn lannen dy't de bunsgenoaten fan 'e tsjinpartij wiene. De Angoleeske Boargeroarloch , de Guatemalteekske Boargeroarloch , de Mozambikaanske Boargeroarloch , de Nikaraguaanske Boargeroarloch , de Salvadoraanske Boargeroarloch , de Sudafrikaanske Grinsoarloch yn Namybje en de striid fan 'e guerriljabeweging Ljochtsjend Paad yn Peru binne guon fan 'e konflikten dy't dertroch feroarsake of oanboaze waarden. Sels wie de Sovjet-Uny aktyf behelle yn 'e Russysk-Afgaanske Oarloch , dy't yn 1979 begun wie en pas yn 1989 einige mei it weromluken fan 'e leste Sovjet-soldaten ut Afganistan . Underwilens diene de Amerikanen yn 1983 in ynfal yn Grenada , doe't yn dat Karibyske minysteatsje in kommunistysk regear oan 'e macht kaam, bombardearren se yn 1986 Lybje en diene se yn 1989 in ynfal yn Panama .

Geandewei de earste helte fan 'e tachtiger jierren boazen de spannings tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny sterk oan, nei't de Amerikaanske presidint Ronald Reagan it eardere belied fan non-konfrontaasje nei de foddekoer ferwiisde en him folle agressiver opstelde as syn direkte foargongers. De wrald kaam nuodlike ticht by it utbrekken fan oarloch, mar fan 'e midden fan it desennium of belunen de spannings doe't yn 'e Sovjet-Uny Michail Gorbatsjov oan 'e macht kaam, dy't in herfoarmingspolityk fan glasnost ("iepenheid") en perestrojka ("werstrukturearring") uteinsette. Der folgen ferskate topmoetings tusken Reagen en Gorbatsjov, werby't ferdraggen sletten waarden dy't de wapenwedrin tusken de supermachten ta in ein brochten. Tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren waard de Kalde Oarloch yn 'e praktyk frijwol beeinige troch de Fal fan it Izeren Gerdyn , werby't de fazalsteaten fan 'e Sovjet-Uny yn East-Jeropa har losmakken fan 'e Russyske oerhearsking. Dat gie mank mei u.m. de Fal fan de Berlynske Muorre yn 'e DDR , de freedsume Ferwielen Revolusje yn Tsjechoslowakije en tige gewelddiedige Roemeenske Revolusje yn Roemeenje .

Sovjet-lieder Michail Gorbatsjov (l.) en de Amerikaanske presidint Ronald Reagan (rj.) undertekenje it Intermediate-Range Nuclear Forces-ferdrach , op 8 desimber 1987 .

Ek los fan 'e Kalde Oarloch wiene der yn 'e tachtiger jierren gans konflikten yn 'e wrald. De Libaneeske Boargeroarloch run nei in Israelyske yntervinsje yn 1982 ut op 'e Libaneeske Gizelderskrisis , werby't tsientallen Westerske gizelders jierrenlang festholden waard troch benammen sjiityske groepearrings. Oare manske konflikten yn it Midden-Easten wiene de Earste Intifada , in Palestynske opstan tsjin 'e Israelyske besetting fan it Westjordaanlan en de Gaza-stripe , en de slepende Iraansk-Iraakske Oarloch tusken de buorlannen Iraan en Irak . Oan 'e ein fan it desennium briek yn 'e Kaukasus de Nagorno-Karabachske Oarloch ut tusken Armeenje en Azerbeidzjan , wat in foarboade wie fan ferskate oare etnyske konflikten yn dy regio yn 'e 1990-er jierren .

Yn 'e Westerske wrald waard oan it begjin fan 'e tachtiger jierren de AIDS-epidemy underkend, der't tsjin 2013 wralwiid nei skatting 39 miljoen minsken oan stoarn wiene. Fermiddens fan wittenskip en polityk rekken fierders yn 'e twadde helte fan it desennium bekend mei de ferskynsels klimaatferoaring en broeikaseffekt . Yn 'e islamityske wrald untjoech it islamisme him yn 'e tachtiger jierren ta in ynfloedrike politike streaming . In soad terroristyske organisaasjes , werunder Al-Qaida , waarden oan 'e ein fan it desennium oprjochte.

In mei in gasmasker tariste soldaat oan it front fan 'e Iraaksk-Iraanske Oarloch .

De 1980-er jierren brochten grutte sosjaal - ekonomyske feroarings fanwegen technologyske foarutgong en in wraldwide beweging by planekonomysk tinken wei en yn 'e rjochting fan kapitalisme dat de frije leie jun waard. De opkomst fan 'e kleau tusken earm en ryk , de almar oprinnende skea dy't publike ynstellings sunt oprun hawwe troch de gefolgen fan deregulearring , en oanboazjende boom-bust - ynvestearringssykly binne allegearre derop werom te fieren, ynklysyf de Bankekrisis fan 2007 . Yn 'e 1980-er jierren begunen multinationals ek foar it earst op grutte skaal harren fabrikaazje -aktiviteiten oer te bringen ut 'e Westerske wrald nei lege-leanelannen , lykas Tailan , Meksiko , Sud-Korea , Taiwan en Sina . De beide lannen dy't yn dit desennium de grutste ekonomyske groei trochmakken, wiene Japan en West-Dutslan .

Untwikkelingslannen yn ferskate dielen fan 'e wrald hiene yn 'e tachtiger jierren te kampen mei ekonomyske en sosjale swierrichheden dy't it gefolch wiene fan underskate skuldekrises. In soad fan dy lannen moasten derom foar help oanklopje by it Ynternasjonaal Moneter Funs (IMF) en de Wraldbank . Etioopje makke yn 'e midden fan it desennium, under it korrupte regear fan diktator Mengistu Haile Mariam , in grutte hongersneed troch. It lan rekke fan it butenlan ofhinklik om 'e eigen befolking te fieden, wat oanlieding joech ta ferskate goeddiedichheidsaksjes yn it Westen, mei as bekendste it gelegenheidsensemble Band Aid , dat yn 1984 it numer Do They Know It's Christmas? opnaam.

Yn 'e 1980-er jierren waard grutte foarutgong makke op it med fan 'e genetika en de digitale technology . Nei jierren fan dierproeven waard yn 1985 de earste genetyske modifikaasje yn tsien folwoeksen minsken trochfierd. De earste poppen werfan't yn 't foar op kontroversjele wize it geslacht utkeazen wie, waarden ein 1989 oanmakke yn in laboratoarium , om yn july 1990 berne te wurden. Yn 1985 waard foar it earst in draachmem ynset foar it foldragen fan in poppe fan alden dy't dat sels net koene. Yn deselde snuorje waard troch kompjuterwittenskippers de grunslach lein foar it lettere ynternet , sadat der tsjin 1989 in globaal systeem untstien wie dat gebruk makke fan satelliten om in wraldwiid netwurk te kreearjen dat neitiid de ynfrastruktuer fan it ynternet wurde soe. De Britske ynformatikus Tim Berners-Lee hie tsjin 1989 it konsept fan it ynternet al hielendal formalisearre.

De Utbarsting fan 'e Mount St. Helens , yn 1980 .

Wichtichste foarfallen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

1980
1981
Reekwolkens boppe de Libaneeske haadsted Beirut nei de Oanslaggen op de Amerikaanske en Franske militere haadkertieren dere yn 1983 .
1982
De Amerikaanske ynfal yn Grenada , yn 1983 .
1983
1984
1985
Untploffing fan it Amerikaanske romtefear de Challenger , yn 1986 .
1986
Ofbyld:Madonna, Rotterdam, 26-8-1987.jpg
Madonna , de populerste froulike popartyst ut 'e tachtiger jierren.
1987
1988
Demonstranten yn Cluj-Napoca besketten troch de leden fan 'e geheime plysje Securitate , under de bloedige Roemeenske Revolusje fan 1989 .
1989

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .