Kust

Ut Wikipedy
De kust fan Nij-Seelan .

De kust of in kustline is in gebiet der't it lan begrinzge wurdt troch de see of de oseaan , en der't mei eb en floed ynteraksje tusken lan en wetter bestiet. Soms wurdt ek by gruttere marren wol sprutsen fan in kust, mar by lytsere marren en oare binnenwetters (lykas rivieren , beken , sleatten , fearten en kanalen ) brukt men ynstee de oantsjutting igge of wal . Oan 'e kust sjocht men gauris dunen , strannen , rotsen en/of kliffen . Yn leechlizzende gebieten wurdt de kust faak beskerme troch in seedyk of oare wetterkearing dy't troch minskehannen oanlein is. Kusten wurde ek foar oare doelen in protte brukt troch de minske, lykas skipfeart , wettersport , de oanlis fan havens en havensteden , en sinnebaaien op sanstrannen .

Der binne ferskate soarten kusten. In pelagyske kust is in kust dy't oan 'e iepen see leit, yn tsjinstelling ta de kust fan in baai , ynham of see-earm , dy't mear beskut is. In waadkust is in kust dy't beskerme wurdt troch in rige dunige barriere-eilannen mei in smelle stripe see tusken de eilannen en it festelan yn. In skearekust is in kust der't in grut tal lytse, faak rotsige eilantsjes foar lizze. In fjordekust is in kust dy't op in grut tal plakken djip ynsnien is troch djippe smelle see-earmen dy't fjorden neamd wurde. In mangrovekust is in kust mei in moerassich mangrovewald dat oant djip yn 'e tijsone groeit, sadat it der by floed fierhinne under strupt, mar by eb oan 'e woartels ta druchfalt.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .