1990-er jierren

Ut Wikipedy
1990-er jierren
De Bijlmerramp, yn 1992.
De Bijlmerramp , yn 1992 .
<< 1980-er jrn   ?  1990-er jrn  ?   2000-er jrn >>
1990    ?    1991    ?    1992    ?    1993    ?    1994
1995    ?    1996    ?    1997    ?    1998    ?    1999

De 1990-er jierren , ek oantsjut as de njoggentiger jierren en de jierren ’90 , wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder . Rekkenkundich sjoen begun it op 1 jannewaris 1991 en duorre it oant en mei 31 desimber 2000 , mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1990 oant en mei 31 desimber 1999 . Ier yn dit desennium kaam der definityf in ein oan 'e Kalde Oarloch . De Sovjet-Uny , Tsjechoslowakije en Joegoslaavje foelen utinoar, wat yn it leste gefal oanlieding joech ta de bloedige Joegoslavyske Oarloggen dy't mei tuskenskoften oant de iuwwiksel duorren en mank giene mei de Bosnyske Genoside . Oare wichtige foarfallen yn 'e 1990-er jierren wiene de opkomst fan it ynternet , it fredesproses yn it Midden-Easten , de Golfoarloch en it derut fuorkommende slepende konflikt tusken de Westerske wrald en Irak , de Ruandeeske Genoside en de beeiniging fan it konflikt yn Noard-Ierlan .

Oersjoch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Polityk sjoen waard it begjin fan 'e 1990-er jierren behearske troch it ynstoarten fan de Sovjet-Uny yn 1991 , en de ein fan 'e Kalde Oarloch , dy't koart dernei folge. De Sovjet-Uny foel utinoar yn fyftjin nije unofhinklike lannen , werfan't de Russyske Federaasje , de Oekraine en Kazachstan it wichtichst wiene. Trije fan 'e 'nije' lannen, Estlan , Letlan en Litouwen , seagen dizze untwikkeling trouwens as de ein oan in fyftichjierrige Russyske besetting, mei't se yn it Ynterbellum ek selsstannich west hiene. Ferskate oare multy- etnyske steaten foelen yn 'e jierren '90 utinoar, werunder Tsjechoslowakije , dat yn 1993 opspjalten waard yn Tsjechje en Slowakije ; Etioopje , der't yn datselde jier Eritrea him fan ofskate; en Joegoslaavje , dat yn 1992 utinoar foel yn Sloveenje , Kroaasje , Bosnje , Masedoanje en in Joegoslavyske rompsteat.

It Bosnyske parlemints-gebou yn Sarajevo stiet yn 'e bran ( 1992 ) nei't it rekke is by artillerybesjittings troch de Bosnyske Serven .

Dat utinoarfallen fan Joegoslaavje late op 'e Balkan ta de Joegoslavyske Oarloggen , in rige slepende etnyske konflikten dy't duorren fan 1991 oant 1999 . Yn earste ynstansje waard der benammen fochten yn eastlik Kroaasje en yn it etnysk tige ferdielde Bosnje , mei as hichtepunt de Fal fan Srebrenica , yn 1995 , under de Bosnyske Oarloch , werby't 10.000 finzen nommen Bosnyske Moslims troch de Bosnyske Serven om hals brocht waarden as underdiel fan 'e Bosnyske genoside . Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren wie it in skoft relatyf restich op 'e Balkan oant yn 1998 Kosovo-oarloch utbriek yn Kosovo .

Behalven op 'e Balkan wiene der yn 'e 1990-er jierren ek etnyske konflikten yn 'e Kaukasus (de Nagorno-Karabachske Oarloch tusken Armeenje en Azerbeidzjan ; de Abgazyske Unofhinklikheidsoarloch tusken Georgje en Abgaazje ; de Sudossetyske Unofhinklikheidsoarloch tusken Georgje en Sud-Osseesje ; en de Earste Tsjetsjeenske Oarloch tusken Ruslan en Tsjetsjeenje ). Yn Ruanda , yn Sintraal-Afrika , funen yn 1994 sa'n 800.000 minsken de dea under de Ruandeeske Genoside dy't de Hutu's op 'e Tutsys en op moderate Hutu's diene. Yn it Midden-Easten liek der frede tusken Israel en de Palestinen te kommen doe't yn 1993 under bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Bill Clinton de Oslo-akkoarten sletten waarden, mar dy hope ferfleach nei't ien fan 'e inisjatyfnimmers, de Israelyske premier Yitzhak Rabin , neitiid fermoarde waard . Underwilens lokke de Besetting fan Koeweit troch Irak ( 1990 ) de Golfoarloch ut, werby't Koeweit troch in brede koalysje fan lannen under lieding fan 'e Feriene Steaten befrijd waard. It konflikt yn Noard-Ierlan waard yn 1998 , nei tritich jier fan geweld , beeinige troch it sluten fan 'e Oerienkomst fan Goedfreed .

Trochdat it kommunisme oan it begjin fan it desennium sa'n knoei krigen hie mei it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny, waarden de 1990-er jierren fierhinne behearske troch in politike swing nei rjochts, benammen yn East-Jeropa . Yn Yndia kaam foar it earst de hindoe - nasjonalistyske Bhartiya Janata Partij (BJP) oan 'e macht, dy't mei syn belied de ynterne spannings tusken hindoes en moslims fierder oanfitere. Yn 'e Feriene Steaten , Kanada , Nij-Seelan en it Feriene Keninkryk waard snien yn 'e sosjale foarsjennings . Yn 'e Feriene Steaten wie ek in unbidige grutte taname yn it tal utfierde deastraffen .

It histoaryske fustkjen fan 'e Israelyske premier Yitzhak Rabin (l.) en de Palestynske foaroanman Yasser Arafat (rj.) by de undertekening fan 'e Oslo-akkoarten yn 1993 . (Yn 'e midden de Amerikaanske presidint Bill Clinton .)

Op ekonomysk med waarden de njoggentiger jierren behearske troch in oanhaldende mobilisaasje fan 'e kapitaalmerken troch it opkommende neo-liberalisme . Yn 'e twadde helte fan it desennium waarden guon undernimmers tusken 1997 en 2000 ryk troch de dot-combubbel . Der wie in ekstreem grutte foarutgong yn 'e technology , mei as hichtepunten de earste genterapy , de unbidige wraldwide groei fan keabeltillefyzje en de yntroduksje fan it ynternet . Kultureel waarden de 1990-er jierren karakterisearre troch de opkomst fan it multykulturalisme en bewegings lykas grunge en hiphop .

Wichtichste foarfallen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

1990
In kolonne ferneatige Iraakske tanks under de Golfoarloch .
1991
De Russyske presidint Boris Jeltsin en de Amerikaanske presidint Bill Clinton binne slop fan it laitsjen under in parsekonferinsje foar it Wite Hus .
1992
1993
Slachtoffers fan 'e Rwandeeske Genoside fan 1994 .
1994
De famme band de Spice Girls ferovere de wrald yn 1996 stoarmjenderhan.
1995
1996
De begraffenis fan Diana, prinsesse fan Wales , op 6 septimber 1997 .
1997
In ravaazje yn Turkije , nei de swiere ierdbeving fan ?zmit , yn augustus 1999 .
1998
1999

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .