Tsjernobyl

Ut Wikipedy
Tsjernobyl
Чорно?биль
Oblast Kiëv
Oblast Kiev
Polityk
Lan Oekraine
Oblast Kiev (oblast)
Rayon Ivankiv (sunt 1986)
Sifers
Ynwennertal 500 (rusd) (2010)
Hichte 140 m
Oar
Stifting 1193

Tsjernobyl ( Russysk : Черно?быль ? Oekraynsk : Чорно?биль) is in lytse sted oan de rivier Pripjat , yn de oblast Kiev , yn it noarden fan de Oekraine , net fier fan de grins mei Wyt-Ruslan . It plak waard ferneamd nei it ungemak yn de tichteby lizzende kearnreaktor op 26 april 1986 . De ionisearjende strieling dy't it gefolch fan dat ungemak wie, is der noch sa sterk, dat de autoriteiten it net fertroud fine om der te wenjen. Derom is Tsjernobyl, der't eartiids sa'n 14.000 minsken wennen, no in spuksted . Itselde jildt foar de net fier of lizzende sted Prypjat , dy't eartiids 55.000 ynwenners hie. Prypjat falt yn de saneamde ferfrjemdingssone , dy't yn in striel fan 30 kilometer om de kearnsintrale rint en dy't net frij tagonklik is. De tritichkilometersone is sunt 15 augustus 2012 neffens Oleg Bondarenko , lid fan de regearingskommissy dy't oer Tsjernobyl giet, wer bewenber omdat it strielingsnivo genoch sakke is. Griente en fruit ut de lansdouwe kinne lykwols noch hieltyd net iten wurde, meidat de strieling derfoar noch wol te heech is.

Yn de regio om Tsjernobyl hinne is de strieling sa sterk net, mar ek der wenje noch hieltyd fiif miljoen minsken yn besmette kontreien.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]