Hongarije

Ut Wikipedy
Magyarorszag
Flagge fan Hongarije Wapen fan Hongarije
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hongarije
Offisjele taal Hongaarsk
Haadsted Boedapest
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
93.030 km²
0,74­%
Ynwenners ( 2023 ) 9.599.744 (1 jan. 2023)
Munt Forint (HUF)
Tiidsone UTC +1
Nasjonale feestdei 20 augustus
Lankoade HUN
Ynternet .hu
Tillefoan 36

Hongarije (Hongaarsk: Magyarorszag ) is in lan yn Midden-Jeropa . De haadsted is Boedapest en de presidint fan de republyk is sunt 2012 Janos Ader .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hongarije wurdt begrinzge troch:

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Balatonmar .

It lanskip fan Hongarije wurdt dominearre troch de flakten fan it Karpatenbekken , dat begrinzge wurdt troc de Karpaten en yn it westen troch de Alpen . Yn it noarden by de grins lans mei Slowakije lizze heuvels en bergen dy't it begjin foarmje fan de Karpaten. De heechste berch fan it lan, de Kekes (1014 meter) leit yn it Matraberchtme. Fierders nei it easten begjint it Bukkberchtme. Dizze twa berchtmen wurde tegearre it Noard-Hongaarsk middelberchtme neamd.

De Donau en de Tisza binne de grutste rivieren yn Hongarije. Yn it sudeasten fan it lan leit de Hongaarske leechflakte werfan de poesta in unyk gebiet is omdat der gjin beammen waakse. De Balatonmar mei in oerflak fan 592 km² is de grutste mar yn Hongarije.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it tiidrek 1867 ? 1918 wie Hongarije in dubelmonargy as Eastenryk-Hongarije . Nei it ferlies fan de Earste Wraldkriich waard Hongarije twa-tredde lytser yn oerflak en rekke in trije-fjirde diel fan syn ynwenners kwyt. Mei help fan Nazi-Dutslan waarden Transylvaanje en Slowakije op 'e nij troch Hongarije beset. Yn 1944 wie it wis dat Nazi-Dutslan de kriich ferlieze soe en Hongarije besocht de diplomatyske relaasje mei de alliearden oan te heljen. Yn datselde jier waard Hongarije troch de Dutsers beset.

Hongarije wie yn 'e tiid fan de Kalde Kriich in eastbloklan . Yn 1989 waard de folksrippeblyk opheft, en waard de Rippeblyk Hongarije stiften. Yn it tiidrek fan 1989 oant 1991 waard it lan frij fan de oerhearsking troch de Sowjetuny .

Presidinten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2008 hie Hongarije 9.930.915 ynwenners, werfan 92 % Hongaarsk. Minderheden binne de Dutsers, Roma, Slowaken en Kroaten.

Gearwurking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hongarije wie fan 1955 oant 1991 stiftend lid fan it Warsjaupakt . It lan is sunt 1955 lid fan de Feriene Naasjes , sunt 1990 fan de Rie fan Jeropa en sunt 1999 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje . Yn 2004 is Hongarije lid wurden fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetere uny.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

BYP per persoan is $ 19,300 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5,5% lanbou, 33,3% yndustry en 61,2% tsjinsten.

Militer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Struktuer

De Hongaarske definsje hat in lanmacht en loftmacht.

Mankracht

Yn 2005 wienen der 2.303.116 Hongaarske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Derfan wienen 1.780.513 fit foar militere tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 63.847.

Budzjet

Militer budzjet $1,1 miljard (2002).
Persintaazje fan it BYP 1,75 % (2002).

Transport [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wichtichste havens binne Budapest, Dunaujvaros, Gyor-Gonyu, Csepel, Baja en Mohacs. Budapest hat it grutste fleanfjild fan Hongarije. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Hongarije hat (2006):
159.568 km ferhurde dyk.
8.057 km spoardyk.
1.622 km farwetter.

 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Lidsteaten : Belgje ? Bulgarije ? Denemark ? Dutslan ? Eastenryk ? Estlan ? Finlan ? Frankryk ? Grikelan ? Hongarije ? Ierlan ? Itaalje ? Kroaasje ? Letlan ? Litouwen ? Luksemboarch ? Malta ? Nederlan ? Poalen ? Portegal ? Roemeenje ? Syprus ? Sloveenje ? Slowakije ? Spanje ? Sweden ? Tsjechje
Ultraperifeare regio's : Frankryk: Fransk-Guyana ? Guadelup ? Majot ? Martinyk ? Reunion ? Sint-Marten
Portegal: Azoaren ? Madeara ? Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten : Albaanje ? Bosnje ? Georgje ? Moldaavje ? Montenegro ? Noard-Masedoanje ? Oekraine ? Servje ? Turkije