Hotel

Ut Wikipedy
It Grand Hotel Europa, yn Praach .
Dizze side giet oer de horeka-gelegenheid 'hotel' . Foar oare betsjuttings, sjoch: hotel (betsjuttingsside) .

In hotel is in tsjinstferlienend etablissemint mei in kommersjeel eachmerk der't men tsjin betelling oernachtsje of underdak fine kin. It wurd 'hotel' komt fan it Latynske hospitalis , dat "gastfrij" betsjut. Hotels kinne yndield wurde neffens in hotelklassifikaasje dy't gebruk makket fan stjerren, werby't fiif stjerren it heechst helbere en nul stjerren it leechste is. Hotels meitsje faak underdiel ut fan in hotelkeatling, mei festigings yn ferskate plakken, soms ferspraat oer de hiele wrald. Guon ferneamde hotelkeatlings binne Hilton Hotels & Resorts , de Ritz-Carlton Hotel Company en Bilderberg .

Gong fan saken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wa't yn in hotel ferbliuwt, hiert der in hotelkeamer. Soks wurdt meastal dien foar in yn 't foar ofsprutsen perioade, al is it faak wol mooglik om 'e hier fan in hotelkeamer te ferlingjen. Oars leit it yn it heechseizoen yn toeristyske plakken, der't men ornaris mei reservearrings wurket. De gasten moatte harren keamer dan op 'e yn 't foar ofsprutsen tiid untromje, meastal moarns om in oere as alve, sadat it hotel de tiid hat om 'e keamer te himmeljen en de bedreding te ferskjinjen foar't der oan 'e ein fan 'e middei nije gasten arrivearje dy't ek reservearre hawwe.

In hotelkeamer kin in ienpersoanskeamer weze of in twapersoanskeamer. Soms kin der op fersyk noch in trede bed oan in twapersoanskeamer tafoege wurde. Hjoed oan 'e dei binne hotelkeamers frijwol altyd foarsjoen fan in byhearrende badkeamer mei dus en wc ; in tillefoan ; in tillefyzje ; in ynternetoansluting ; en in minybar ( kuolkastke mei drankjes ). De kosten foar skiljen en gebruk fan 'e minybar binne net ynbegrepen by de keamerhier. Yn 'e regel kinne hotelgasten ek gebruk meitsje fan in kluske foar de opslach fan kostberheden; sokke kluskes binne net yn 'e hotelkeamers sitewearre, mar under yn it hotel, by de resepsje .

Hotels beskikke fierders oer in eigen restaurant der't hotelgasten ite kinne, en faak ek oer in eigen kafee , de saneamde hotelbar , der't dronken wurde kin. Om't sa'n bar him yn it hotel befynt en de butendoar dus op slot dien wurde kin sunder dat dat de gasten behinderet om harren keamers te berikken, hoecht sa'n gelegenheid him net oan 'e wetlik festleine slutingstiden foar horeka-gelegenheden te halden. Hotelgasten kinne by in ferbliuw yn in hotel kieze foar inkeld en allinnich in oernachting (yn it fakjargon lozjys ), in oernachting mei brea-iten ( lozjys en brogge ), in oernachting mei brea-iten en diner ( healpensjon ), in oernachting mei brea-iten, lunch en diner ( folpensjon ), of in oernachting mei brea-iten, lunch, diner, drankjes en oanfoljende fasiliteiten ( all inclusive ). Fral yn toeristyske plakken binne all inclusive-ferbliuwen tige populer.

Soarten hotels [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hotel Llao Llao yn Bariloche ( Argentynje ).
  • appartemintehotel : in hotel dat apparteminten ferhiert ynstee fan keamers;
  • bed en brochje : in amateurhotel runt troch partikulieren by harren thus, meastal mei mar ien of twa keamers;
  • boetykhotel : in luksueus hotel mei in yntime sfear dat net ta in hotelkeatling heart;
  • herberge : in ienfaldich hotel dat runt wurdt as bykomstichheid by in kafee ;
  • botel : in hotel festige op in boat ;
  • ferbliuwshotel : in hotel deunby in toeristyske trekpleister (bgl. in stran ), mei in protte oanfoljende fasiliteiten foar frijetiidsbesteging (lykas in swimbad , sauna en tennisbaan );
  • hotel-restaurant : in hotel mei in restaurant dat ek foar net-hotelgasten tagonklik is;
  • jeugdherberge of hostel : in ienfaldich soarte hotel, benammen brukt troch backpackers en oare jongerein;
  • kapsulehotel : in hoteltype yn in kapsule (komt fral yn Japan foar);
  • kuerhotel : in hotel yn in kueroard ;
  • motel : in ienfaldich soarte hotel by de kant fan in grutte wei lans, der't automobilisten op trochreis oernachtsje kinne;
  • parkfly of parkflyhotel: in hotel deunby in lofthaven , der't reizgers ferbliuwe kinne dy't op harren flecht wachtsje;
  • pensjon : in ienfaldich en lytsskalich soarte hotel, faak mei inkeld brea-iten as oanfoljende fasiliteit;
  • resort : in luks en besletten hotel dat ek oare fasiliteiten biedt, lykas in golfbaan of in konvinsjesintrum;
  • soarchhotel : in hotel der't men teffens soarch ferlient, gaadlik foar fakansjes fan siken en minder faliden.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .