Tunis

Ut Wikipedy
Tunis
Tunis
Tunis
Polityk
Lan Tuneezje
Guvernemint Tunis
Boargemaster Seifallah Lasram
Sifers
Ynwennertal 1.056.247 (2014)
Oerflak 212 km²
Befolkingsticht. 9406 km²
Stedekloft > 2 miljoen
Hichte 4-41
Oar
Stifting 2e millenium f.Kr.
Tiidsone UTC +1
Koordinaten 36° 48' NB, 10° 11' OL
Offisjele webside
www.commune-tunis.gov.tn

Tunis ( Arabysk : ???? T?nis ) is de haadsted en grutste sted fan Tuneezje .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De sted leit yn it uterste noarden fan it lan, oan de Middellanske See . Krekt buten Tunis lizze de oerbliuwsels fan it alde Kartago , de eartiids Foenysyske - en Romeinske sted.

Tunis leit oan it Tunismar, (de baai fan Tunis).

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tunis hjitte eartiids yn de klassike aldheid Kartago . Neffens in Romeinske leginde waard de sted stiften troch Foenysyske koloanisten yn 814 f.Kr. under keningin Elissa. De Foenysyske delsetting untwikkele him ta in rike sted en waard in macht fan betsjutting yn it Mediterane gebiet. In konflikt mei de Grykske sted Syracuse untaarde yn it tal oarloggen mei de Romeinen. Hannibal 's ynvaazje fan Itaalje yn de Twadde Punyske Oarloch late ta in Kartaagske oerwinning en wie in serieuske bedriging foar de Romeinske hearskippij oer Itaalje. Uteinlik wie Kartago de swakkere partij en ferlear de slach. Nei de Tredde Punyske Oarloch waard Kartago troch de Romeinen yn 146 f.Kr. ferneatige. Mar de Romeinen werbouden de sted en de sted soe ien fan de trije grutste steden wurde fan it Ryk en haadsted yn it tiidrek fan de Fandalen oant it foar in twadde kear ferneatige wurde soe troch de Arabieren yn 698 .

Op 30 augustus 1270 fun der in slach plak (de Slach by Tunis ) tusken de Moaren en Fryske krusfarders . De krusfarders wienen underweis nei it Hillige lan en rekke tidens in opunthald yn gefjocht. De slach waard troch de Friezen wun.

Kultuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Antonius Pius Termen, Kartago

Fan de Romeinske oerbliuwsels binne benammen de termen (baden), de greven, amfiteater en de restanten fan it akwadukt it besjen wurdich.

Lykas in protte tsjintwurdige Arabyske steden docht Tunis wat arsjitektuer oanbelanget sawol alderwenst as modern oan. It aldere part fan de sted wurdt de medina neamd, ( Medina betsjut gewoan sted yn it Arabysk ).

Hiel nijsgjirrich om te besjen is de souk Bab-el-Bahar dy't rekkene wurdt ta ien fan de moaiste fan Noard-Afrika. Eltse ambacht hat hjir syn eigen stek, sadelmakkers, parfumers, tapijthannelers, koperslaggers, juwelenhannelers, pottenbakkers ensf. Een orientaals handelsleven met specifieke geuren, een warboel van kreten en een rijk palet van kleuren. En daarbovenuit steekt de 44 meter hoge minaret fan de moskee dy't ut de 8e iuw stammet. Tsjinoer it Dar Hoessein -paleis (mei museum foar islamityske keunst) stean de moskeeen El-Ksar en de Kasba mei de fraaie minaretten (ut 1200). Net alle moskeeen binne frij tagonklik. De Moarske styleleminten oerhearskje.

Musea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it Bardomuseum , underbrocht yn it eardere Bardo -paleis is in museum ynrjochte mei in unike tentoanstellink fan Romeinske mozaiken, modellen fan wichtige ruines, Foenysyske fynsten, Romeinske sarkofagen ensf. byinoar brocht yn wol 30 sealen.

Oar [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tunis hat in ynternasjonaal fleanfjild en fanut de haven binne feste fearferbiningen nei Trapany op Sisylje , Itaalje . De sted beskikt ek oer in universiteit .

Berne yn Tunis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]