Kalde Kriich

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kalde Oarloch )

De Kalde Kriich is in rite fan diplomatyske spanningen en tukelteammen tusken 1945 en 1991. De Kalde Kriich wie net in tradisjonele kriich, mei't de twa fijanlike legers nea tsjin mekoar fochten hawwe. It begryp "Kald" fan Kalde Kriich omskriuwt de diplomatike ban tusken de Feriene Steaten fan Amearika en de Sowjetuny nei de Twadde Wraldkriich . Der wienen in soad minsken benaud foar it utein setten fan in nuklere kriich, mar dat barde net.

Belutsen lannen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jeropeeske militere gearwurking (blau) en Sowjet militere gearwurking (read)

De Feriene Steaten en de Sowjetuny hienen beide in stikmannich lannen dy't har stipen.

Lannen dy't de Feriene Steaten militer stipen wienen lid fan de NAFO . De lannen dy't militer gearwurken mei de Sowjetuny wienen lid fan it Warsjaupakt .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jalta en Potsdam [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oan 'e ein fan de Twadde Wraldkriich fun yn de Oekraine de Konferinsje fan Jalta plak. Der petearden de trije lieders fan de machtichste lannen Winston Churchill (Grut-Brittanje), Franklin Roosevelt (Feriene Steaten) en Jozef Stalin (Sowjetuny) oer de takomst fan Jeropa. Wilens dy konferinsje hiene de dielnimmers al spul meiinoar, omdat it eigen foech foar East-Jeropeeske lannen al faai stie. Fuortendaliks nei de ein fan de Twadde Wraldkriich begun de Kalde Kriich.

Nei de Twadde Wraldkriich waard der op 8 maaie 1945 in twadde konferinsje, diskear yn de Dutske sted Potsdam . Hja sprieken der oer de takomst fan Dutslan. Se wienen it gau iens oer it denazifisearjen en demilitarisearjen fan Dutslan. De herstelbettelings wienen in tukelteam. De Feriene Steaten woenen net dat Dutslan tefolle betelje moast, omdat it de Jeropeeske ekonomy skansearje soe. De Feriene Steaten wienen fan betinken dat minsken dy't yn in lan mei in goeie ekonomy libje, net gau foar it kommunisme kieze soene. Elts allieard lan krige in kontrolesone en koe der sels guod weromhelje as herstelbetellings. Presidint Harry S. Truman kaam yn it stee foar Roosevelt dy't ferstoarn wie. Churchill yn 't earstoan wol mei, mar nei de ferkiezingsoerwinning fan de Labour-Partij kaam Clement Attlee foar him yn it plak.

Partsjen fan Dutslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de ferneamde Fultonspeech fan 5 maart 1946 brocht Winston Churchill it begryp 'the iron curtain' (it izeren gerdyn) op it aljemint. It begryp izeren gerdyn waard it symboal fan West- en East-Jeropa wilens de Kalde Kriich.

By de gearkomste fan Potsdam wie it wis dat Dutslan yn fjouwer dielen parte wurde soe: in Franske besettingssone, in Britske en Amearikaanske besettingssone: dy trije sones soenen yn 1949 de Bunsrepublyk Dutslan (BRD) wurde. It fjirde diel kaam under Russysk bewald, en waard de Dutske Demokratyske Republyl (DDR). Dyselde yndieling gou foar de sted Berlyn . De Dutske gebieten beeasten de Oder en Neisse waarden Poalsk grungebiet. It easten fan Poalen , waard Russysk grungebiet. Eastenryk soe parte wurde yn fjouwer besettingssones; mar yn 1955 koe Eastenryk wer selsstannich wurde mei it betingst om ivich neutraal te bliuwen. Derfandinne is Eastenryk hjoed noch hieltyd gjin lid fan de NAFO.

Yn 1961 waard de Berlynske Muorre boud om flechtelingen fan East- nei West-Jeropa op te kearen.

De ein [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de ein fan de Sowjetuny yn 1991 wie der ut it easten wei gjin driging mear. Dat wie de ein fan de Kalde Kriich.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]