Nij-Seelan

Ut Wikipedy
New Zealand
Aotearoa
Flagge fan Nij-Seelân Wapen fan Nij-Seelân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nij-Seelân
Offisjele taal Ingelsk , Maory
Haadsted Wellington
Steatsfoarm Parlemintere monargy
Ynwenners ( 2018 ) 4.699.755 (18,1 km²)
Munt Nij-Seelanske dollar (Kz)
Tiidsone UTC +12
Nasjonale feestdei 6 febrewaris
Lankoade NZE
Ynternet .nz
Tillefoan 64

Nij-Seelan is in lan yn it sudwesten fan de Stille Oseaan . It bestiet ut twa grutte eilannen en in oantal lytsere eilannen. Nij-Seelan is in parlemintere demokrasy en in monargy mei Charles III fan it Feriene Keninkryk as kening. It lan is lid fan it Britske Mienebest .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nij-Seelan wurdt begrinzge troch:

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mount Cook , de heechste berch fan Nij-Seelan.

Nij-Seelan is it lan dat it meast isolearre leit op de wrald. It tichteby buorlan is Austraalje op om-ende-by 2.000 km ofstan. It grungebiet fan Nij-Seelan bestiet yn haadsaak ut twa eilannen yn de Grutte Oseaan , it Noarder Eilan en it Suder Eilan , dy't fan inoar skieden wurde troch de Strjitte fan Cook . Karakterisearjend foar beide eilannen is de berchrich dy't der oer hinne rint.

Op it Noarder Eilan lizze aktive fulkanen en der binne in protte geisers en waarme boarnen. It Suder Eilan wurdt behearske troch de Nij-Seelanske Alpen , der't Mount Cook mei in hichte fan 3.764 meter it heechste punt fan is. De berchrich strekt him by de westkust lans goed 300 km fier ut. Oer in part fan de rich lizze gletsjers . De alpen rinne oan oant de westkant styl of mar geane yn it easten oer yn in wide flakte. Yn it sudwesten leit in fjordengebiet. De oarspronklike fegetaasje is foar it grutste part yn de 19e iuw ferdwun troch de oanlis fan greiden.

It lan beskikt oer in unike dierewrald mei fral ynhiemske fugelsoarten (kea, kakapo, kiwi). By it grungebiet fan Nij-Seelan hearre ek it min tagonklike mei bosken bedekte Stewardeilan en in hanfol gebieten yn de Stille Sudsee . It lan easket ek in sektor fan Antarktika op.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Likernoch 26.500 jier lyn fun ien fan de grutste fulkaanutbarstings ut de skiednis plak op it Noarder Eilan. Troch de Oruanui-utbarsting , dy't grutte gefolgen hie oer de hiele wrald), untstie de Taupomar . Troch in erupsje yn 181 dy't oant Sina en yn it Romeinske ryk de loft kleure is de mar ta syn hjoeddeistich grutte utwaaksen.

Der binne fynsten dien dy't wize op iere bewenning, mar deroer bestiet lykwols gjin wissichheid. Wat al wis is, is dat tusken 500 en 1300 Polynesyske bewenners, de Maorys , harren op de eilannen festigen.

De earste Jeropeanen dy't Nij-Seelan oandienen wienen de Nederlanner Abel Tasman en syn bemanning. Yn desimber 1642 kamen sy oan yn it noarden fan it Suder Eilan en leinen kontakt mei pleatslike Maorys. De moeting ferrun lykwols stuf en neidat inkele fan syn manlju deade waarden, gong Tasman fuort sunder sels oan lan west te hawwen. Mear as in iuw letter, yn oktober 1769, arrivearre de Britske luitenant James Cook , dy't wol oan wal kaam en der yn slagge om hannel te driuwen mei de Maorys.

Sunt 1790 waarden de wetters om Nij-Seelan geregeldwei besocht troch Britske, Franske en Amerikaanske walfiskfarders en wer wat desennia letter festigen de earste Jeropeanen har op de eilannen. As gefolch fan de Jeropeeske ynminging en de ferkeap fan wapens oan Maorys, brutsen der geregeldwei skermutselings ut tusken de Maorys underinoar en mei Jeropeanen. By it besykjen in ein te meitsjen oan de unienigens oer lan, waard op 6 febrewaris 1840 troch fertsjintwurdigers fan de Britske kroan en wat Maory-stamhaden fan it Noarder Eilan it Ferdrach fan Waitangy tekene, dat Nij-Seelan in Britske koloanje makke en ofspraken oer de ferdieling fan lan regele. Nei de earste undertekening binne ferskate kopyen troch de lannen gongen en troch noch mear stamhaden tekene, oant op it lest sa'n 500 stamhaden tekene hienen.

Der wienen lykwols ferskillen tusken de Ingelske tekst fan it ferdrach en de Maori-teksten. Ek wienen der ferskillen yn ynterpretaasje. Troch skeinings fan dy ynterpretaasjes fan it ferdrach, oer en wer, runen de spannings geregeld heech op. Fral yn it tiidrek 1845-1872 hawwe in soad konflikten west dy't mei-inoar oantsjut wurde as de Nij Seelankriich . De 'Dog Tax War' yn 1890 hat it leste grutte wapene konflikt west. Dermei wie de unienigens net oer, mar ornaris waarden konflikten nei dy tiid foar de rjochter brocht.

Yn de Earste en Twadde Wraldkriich hawwe in protte Nij-Seelanske militeren as Britten ut de koloanje meifochten yn it Britske leger, yn Jeropa en Afrika. De kans op in Japanske oanfal op Nij-Seelan waard yn de Twadde Wraldkriich hiel grut achte dat it leger yn Nij Seelan waard paraat holden. Dy oanfal is der lykwols net fan kaam.

Yn de jierren nei de Twadde Wraldkriich halde Nij-Seelan in sterke ban mei it Feriene Keninkryk en wat in stabile ofset merke joech, mar ek in grutte ofhinklikens. Yn 1967 gie it lan oer fan it Nijsiuwske Pun op de Nijsiuwske Dollar as ferfanging fan it Britske muntstelsel, en ek it ymperiale mjittestelsel waard ferfongen troch it metrike. Yn 1973 waard Grut Brittanje lid fan de Jeropeeske mienskip, wertroch de posysje fan de oare lannen fan it Britske Steatebun minder waard.

Sunt 1984 hawwe opienfolgjende kabinetten it foar it meastepart sosjalistyske en agraryske lan omboud ta in selsstannige yndustriele naasje mei in frijemerk-ekonomy, mar al mei behald fan de sterke agraryske sektor.

It sosjalistyske regear-Lange kaam yn 1984 yn konflikt mei de Feriene Steaten , doe't dukboaten mei kearnwapens oan board net langer wolkom wienen yn de territoriale wetters fan Nij-Seelan. De militere gearwurking mei de FS kaam dermei ta in ein. Yn 1985 wie der in diplomatyk konflikt mei Frankryk , dat yn de haven fan Auckland it flaggeskip fan Greenpeace , de Rainbow Warrior ta sink brocht.

Flagge [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Selektearre alternatyf foar de hjoeddeiske flage.

De earste flage fan Nij Seelan, de Flage fan de Feriene Stammen, waard oannaam yn 1834 . Yn 1840 waard Nij Seelan formeel in koloanje fan it Feriene Keninkryk, dat fan doe of waard de Blauwe Ensyn fan het Feriene Keninkryk it meast brukt. Yn 1869 waard in eigen ensyn foar Nij Seelan ynsteld. Doe't Nij Seelan yn 1907 in doaminy yn de Britske Steatebun waard, waard dy flage oanwiisd as de nasjonale flage.

Lykas yn oare eardere koloanjes an it Feriene Keninkryk kaam ek yn Nij Seelan in ynterpretaasje op under guon dat de Unygeus yn de flage sei dat it lan hieltiid noch in koloanje wie, mei de konkluzje dat de flage feroare wurde moast. Dat hat yn 2015 laat ta it selektearjen fan in alternatyf. It gebeuren is net wier sa populer yn it lan, it liket guon mear in kwestje fan polityk, mar yn maart fan 2016 moat der troch de befolking keazen wurde tusken de hjoeddeiske flage en it selektearre alternatyf.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wolkom troch Maorys yn Rotorua .

Fan de Nij-Seelanske befolking wennet goed trije miljoen op it Noarder Eilan en ien miljoen op it Suder Eilan. De tichtbefolkste regio is Grut Auckland mei om-ende-by in miljoen ynwenners.

Om-ende-by 70% fan de befolking is fan Jeropeeske komof, fral ut de lannen Grut Brittanje en Ierlan , mar ek in protte ut Sud-Afrika , Nederlan en Dutslan . De Maorys meitsje 14,7% fan de befolking ut. It oare part fan 15% komt fral ut Aziatyske lannen en Oseaanje . It tal Aziatyske ymmigranten groeit noch hieltyd.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It kristendom is de grutste religy , hoewol't it oantal kristenen de leste jierren hiel bot tebek rint trochdat in protte leauwenden de tsjerke ferlitte. De Anglikaanske Tsjerke en de Roomsk-Katolike Tsjerke foarmje de grutste tsjerken yn Nij-Seelan.