Olof Palme

Ut Wikipedy
Olof Palme
politikus
Olof Palme (1974)
Olof Palme (1974)
echte namme Sven Olof Joachim Palme
nasjonaliteit Sweedsk
bertedatum 30 jannewaris 1927
berteplak Stockholm
stjerdatum 28 febrewaris 1986
stjerplak Stockholm
partij sosjaal-demokraten
Premier fan Sweden
amtsperioade 1969 - 1976
foargonger Tage Erlander
opfolger Thorbjorn Falldin

Sven Olof Joachim Palme ( Stockholm , 30 jannewaris 1927 - dere, 28 febrewaris 1986 ) wie in Sweedsk politikus . Hy wie lieder fan de Sweedske Sosjaal-demokratyske Partij ( Socialdemokratiska arbetarepartiet ) en twa kear premier fan Sweden, earst fan 1969 oant 1976 , de twadde kear fan 1982 oant it stuit dat er yn Stockholm (1986) fermoarde waard.

Libben en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Palme waard yn Stockholm berne en grutbrocht yn de begoedige wyk Ostermalm . Hy kaam ut in 'upper-class'-hushalding. Nettsjinsteande dat waard er sosjalist . Dat kaam omdat er yn syn studintetiid as in soartemint fan wurdfierder troch hiel Jeropa teach.

Hy studearre yn 1947 - 1948 oan it Kenyon College yn Ohio (Feriene Steaten) en wie in jier letter ofstudearre. Ynspirearre troch de protte debatten dy't er fierd hie, skreau er in krityske skripsje oer The Road to Serfdom fan Friedrich Hayek . Nei ferskate runreizen troch de Feriene Steaten gie er nei Sweden werom om oan de universiteit fan Stockholm fierder te studearjen. Yn dy tiid waard er ek polityk aktyf doe't er him by de Sweedske Uny fan Studinten ynskreau. Yn 1952 waard er ta foarsitter fan dy ferieniging keazen. Syn fakansjes fierde er op it foar butenlanners ferbeane eilantsje Faro .

Palme joech sels trije reden werom't er sosjalist wurden wie.

Politike karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1953 waard Palme troch de sosjaal-demokratyske premier Tage Erlander untdutsen. Hy frege Palme om op syn sekretariaat te wurkjen. Yn 1955 krige Palme in sit yn it bestjoer fan de partij en yn 1958 waard er troch de ferkiezings yn it parlemint keazen.

Olof Palme hat in protte posten beset yn it regear fan Sweden. Yn 1967 wied er minister fan underwiis, hy wie fraksjelieder fan de sosjaaldemokraten yn it parlemint en waard lang om let premier fan Sweden.

Dat amt besette er 125 moanne. Nei syn unferwachte dea waard er oer de hiele wrald ien fan de bekendste Sweedske politisy, njonken Raoul Wallenberg en Dag Hammarskjold .

Omstriden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Palme as politikus wie in striidkwestje. Hy hie fule krityk op de rol fan de Feriene Steaten yn de Fietnamoarloch . Ek stried er tsjin de oanwaaks fan nukleere wapens, de apartheid yn Sud-Afrika en de finansjele maleze yn Afrika . Om sjen te litten dat er goedwillich foar eltsenien yn de wrald oer stie, gie er yn debat mei under oaren Fidel Castro .

Loftse oanhingers fan sines hiene mei in protte fijannigens fan rjochts Sweden te krijen. Yn it tiidrek foar syn dea waard Palme fan pro- Sowjet -gedrach beskuldige. Hy soe de Sweedske belangen net goed behertige hawwe. Om dy reden wienen der al ofspraken makke om nei Moskou te gean om under oaren oer de yllegale Sowjetdukboaten yn Sweedske wetters te praten.

Moard [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De moard op Olof Palme waard begien op 28 febrewaris 1986 . Olof Palme ferskynde yn it iepenbier in protte sunder liifwachten; op de jun fan de moard wie dat net oars. Tegearre mei syn frou Lisbet wied er underweis nei hus fan de bioskoop oan de Sveavagenstrjitte yn it sintrum fan Stockholm. Midden yn de nacht waard it pear oanfallen troch in man mei in pistoal. Palme waard twa kear yn it liif (de buk) rekke, syn frou rekke oan de rech ferwune. Yn de rin fan de tiid hawwe goed 130 minsken de ferantwurdlikens foar de moard opeaske. Yn 1989 like it derop dat de saak oplost wie doe't de Sweed Christer Pettersson derfoar feroardield waard, mar dy waard yn heger berop frijsprutsen.
Op 10 juny 2020 makke it Sweedske iepenbier ministearje buorkundich dat der "ridlik bewiis" wie dat Stig Engstrom (1934-2000) Palme fermoarde hie. Meidat Engstrom himsels yn 2000 tekoart dien hie, kundigen de autoriteiten oan it undersyk nei de dea fan Palme fierders gewurde te litten om't er net mear oanklage wurde koe.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Olof Palme fan Wikimedia Commons .