Golfoarloch

Ut Wikipedy
Gruntroepen bewegingen fan 24-28 febrewaris 1991 tidens de operaasje Desert Storm.
Golfkriich (1990-1991)

De Golfoarloch of Golfkriich wie in wapene konflikt fan augustus 1990 oant en mei febrewaris 1991 . Dizze oarloch waard yn it earstoan de Twadde Golfoarloch neamd omdat de oarloch tusken Iraan en Irak ( 1980 - 1988 ) as de Earste Golfoarloch beskoge waard. Letter spriek men faak fan 'e Earste Golfoarloch om't de Amerikaanske ynfal yn Irak yn 2003 (it begjin fan 'e Irakoarloch ) as de Twadde Golfoarloch beskoge waard.

Irak foel yn 1990, under lieding fan Saddam Hoessein , om ekonomyske redenen syn buorlan Koeweit yn. De Feriene Naasjes (FN) kamen hjirtsjin meiinoar yn aksje. Ynearsten besochten de FN te underhanneljen. Dernei stelden sy in hannelsembargo yn tsjin Irak. Dat embargo halde yn dat Irak gjin guods yn- of utfiere mocht. Doe dat net holp, dienen de FN in manske loftoanfal op Irak. Dizze oanfal ferdreau de Irakeeske troepen Koeweit ut.

De loftoanfal stie benammen under Amerikaanske lieding. Sawat alle lannen yn de wrald joegen harren stipe oan de aksje, ek de Sowjet-Unie. It sukses fan dat yngripen late ta in nij optimisme wraldwiid. Mei de 'Nije Wraldoarde' fan nei de Kalde Kriich soe de FN tenei yn steat weze fredesfersteuringen gau en effektyf oplosse te kinnen.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]