Ruanda

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rwanda )
Republika y'u Rwanda
Republique Rwandaise
Republic of Rwanda
Flagge fan Rûanda Wapen fan Rûanda
Flagge Wapen
Lokaasje fan Rûanda
Offisjele taal Ruandeesk , Fransk , Ingelsk
Haadsted Kigali
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
26.338 km²
5,3­%
Ynwenners
Munt Ruandese frank (RWF)
Tiidsone UTC +2
Nasjonale feestdei 1 july
Lankoade RWA
Ynternet .rw
Tillefoan 250

Ruanda is in lan yn Sintraal- Afrika . Haadsted is Kigali .

It lan wurdt begrinzge troch:

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Hutu wennen ynearsten yn Ruanda doe't yn de 15e iuw de Tutsy harren ek yn it gebiet fan Ruanda-Boerundy (de tsjintwurdige republiken Ruanda en Boerundy) festigen. Op in bepaald stuit wienen der twa keninkriken Ruanda en Oerundy mei de Tutsys as feodale hearskjende klasse. Op 'e ein fan de 19e iuw waarden beide lannen troch de Dutsers ynlive by Dutsk East-Afrika .

Nei de Twadde Wraldkriich waard Ruanda troch Belgje bestjoerd as mandaat-gebiet fan de Folkebun , letter fan de Feriene Naasjes . Yn july 1959 ferstoar de Tutsy kening Matura en untstienen der earnstige botsingen tusken Hutu en Tutsy en de Tutsys, dy't mei 9% fan de befolking yn de minderheid, harren oermacht kwytrekken. Yn 1961 waard de republyk utroppen, mei as presidint de evenredige Hutu-lieder G. Kayibanda . Sunt dy tiid brutsen hieltyd wer bloedige twisten ut, mei as djiptepunt de massaslachtingen fan 1994 mei sawat 1 miljoen deaden.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gorillamem mei baby yn it Nasjonaal Park Firunga

Ruanda is in lyts lan yn Sintraal-Afrika mei in oerflakte fan 26.338 km². It leit in pear graden ten suden fan de evener. Ruanda is foar it meastepart in bercheftich lan, der't de heechste piken fan yn it westen lizze mei de Firunga-fulkanen op 4507 meter as heechste. De Nyl untspringt yn de bergen fan Boerundy en Ruanda.

Yn it sintrale en eastlike part fan Ruanda lizze fral seft gloaiende heechflakten meast bedutsen mei gerslannen en lytse boerepleatsen. Oant-en-mei in hichte fan 2500 meter waakse yn it fochtich-tropysk klimaat reinwalden en fochtige savannes dy't hegerop oergean yn bamboebosken.

Yn de berchgebieten libje mei utstjerren bedrige berchgorillas der't it Nasjonaal Park Firunga foar oprjochte is ta beskerming fan dy bisten.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Etnyske befolking bestiet foar 84% ut Hutu, 15% Tutsy en 1% Twa.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wichtichste religy yn Ruanda is it kristendom . Fan de befolking is 56% katolyk , 12% protestantsk en 9% islamitysk . In fearnpart hinget it in natoerreligy oan.

Talen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ruanda hat trije offisjele talen, Fransk , Ingelsk en Ruandeesk ( Kinyarwanda ). It meastepart fan de bewenners sprekt wol Ruandeesk, en op de merk yn de steden wurdt ek in soad Swahily sprutsen. Yn 2008 ferklearre de Ruandeeske regearing dat it Ingelsk mei it Ruandeesk de twa offisjele talen wurde sille yn it neidiel fan it Fransk.