Washington, D.C.

Ut Wikipedy
WashMonument WhiteHouse.jpg
Emblemen
         
Polityk
Lan Feriene Steaten
Federaal distrikt District of Columbia
Gemeente Washington, D.C.
Sifers
Ynwennertal 632.323 (2012)
Oerflak 177 km²
Befolkingsticht. 3.977 / km²
Stedekloft 5.703.948 (2012)
Hichte 0-125 m
Oar
Stifting 1791
Tiidsone UTC -5
Simmertiid UTC-4
Koordinaten 38°54′17″N 77°0′59″W
Offisjele webside
www.dc.gov
Kaart
De lokaasje fan Washington, D.C. yn 'e Feriene Steaten .

Washington, D.C. is de haadsted fan de Feriene Steaten fan Amearika . De ofkoarting "D.C." stiet foar District of Columbia , de namme fan it spesjale federale distrikt dat yn it libben roppen is foar de Amerikaanske haadsted, sadat dy net yn ien fan 'e steaten lizze soe. Washington, D.C. leit oan 'e rivier de Potomac , ynklamme tusken de steaten Firginia , yn suden en westen, en Marylan , yn it noarden en easten. Yn 2012 hie Washington, D.C. ruchwei 630.000 ynwenners, mar yn 'e stedekloft der't it ta heard, dy't teffens dielen fan Firginia, Marylan en West-Firginia omfettet, wenje likernoch 5,7 miljoen minsken, wylst de gruttere ferstedske sone der't u.o. ek Baltimore ta rekkene wurdt, in befolking hat fan ungefear 8,4 miljoen.

Steatkundige sitewaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sa't yn 'e Amerikaanske Grunwet festlein is, falt it federale District of Columbia, dat frijwol mei de sted Washington lykslein wurde kin, under de eksklusive jurisdiksje fan it Amerikaanske Kongres . Fan gefolgen is Washington, D.C. net fertsjintwurdige yn dat Kongres (dat ommers allinnich de steaten represintearret), en kinne ynwenners fan 'e sted dus net stimme yn ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat of it Hus fan Offurdigen , wat in tear punt is foar de measte Washingtonsters. Foarhinne wie it noch minder, mei't de haadstedsjers doe likemin in stim hiene yn 'e ferkiezing fan 'e Amerikaanske presidint.

Ford's Theatre yn Washington, D.C., it plak der't yn 1865 presidint Abraham Lincoln fermoarde waard.
De kliber folk dy't yn 1963 under Mars op Washington gearklofte om du. Martin Luther King sprekken te hearren.

Desennialang protteljen oer dy sitewaasje soarge der yn 1961 foar dat mei it oannimmen fan it Trijeentweintichste Amendemint de grunwet sa oanpast waard dat de ynwenners fan Washington tenei ek meidwaan koene oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings. It haadstedske distrikt bringt der sunt trije kiesmannen foar yn. Boppedat waard yn 1973 de saneamde Home Rule Act fan kreft, dy't derfoar soarge dat Washington, D.C. foar it earst in boargemaster en in gemeenterie krige, en dy't de oerdracht fan beskaat foech regele fan it Kongres nei it nije stedsbestjoer. It Kongres hat lykwols it rjocht holden om alle troch dat stedsbestjoer oannommen wetten te beoardieljen en sa nedich werom te draaien.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch it oannimmen fan 'e saneamde Residence Act besleat it Amerikaanske Kongres, dat oant dy tiid yn Philadelphia gearkaam, yn 1790 , om in nije haadsted bouwe te litten, yn in spesjaal derfoar yn it libben roppen federaal distrikt. De steaten Firginia en Marylan stiene derta elkmis in stik lan of, de al besteande plakken Georgetown (Marylan) en Alexandria (Firginia) ynbegrepen. De eigentlike stifting fan Washington fun plak yn 1791 , en de sted waard neamd nei de earste presidint fan 'e Feriene Steaten, George Washington . Yn 1846 waard it sudlike part fan it District of Columbia, dat u.m. de sted Alexandria omfette, troch in proses dat de Retrosesje neamd wurdt, troch it Kongres weromjun oan Firginia. Sadwaande leit Washington, D.C. no hast hielendal benoarden de rivier de Potomac.

Funksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Washington, D.C. binne alle trije tuken fan it Amerikaanske federale regear festige: it Kongres, de presidint en it Heechgerjochtshof . De fysike skieding fan 'e machten, ut it alde stedsplan fan 1791, kin men noch altiten goed gewaarwurde ut 'e stedsyndieling: oan 'e iene kant fan 'e National Mall stiet it Wite Hus ], der't de presidint as haad fan 'e utfierende macht syn sit hat, en oan 'e oare kant stiet it Kapitoal , der't it Kongres, as wetjaande macht , residearret. Guon fan 'e bekendste Amerikaanske regearingsgebouwen, lykas it Pentagon , der't it Amerikaanske Ministearje fan Definsje syn sit hat, steane eins buten it District of Columbia, yn 'e steat Firginia. Njonken regearingsgebouwen binne der yn Washington 176 butenlanske ambassades festige, in grut ferskaat oan haadkertieren fan ynternasjonale organisaasjes, fakbunen, non-profitorganisaasjes en lobbygroepen, en withoefolle musea en monuminten.

It Kapitoal , der't it Amerikaanske Kongres syn sit hat.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grun fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Washington, D.C. yn 2012 in befolking fan 632.323 minsken. Dat kaam del op in befolkingstichtens fan 3.977 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Washington, D.C. 13,0% alder as 65 jier en 24,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie sa'n 45% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst yn 2013 18,8% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 50,7% swarten ; 34,8% blanken ; 9,1% Latino's ; 2,7% Aziaten ; 0,3% Yndianen ; 2,4% oaren of fan mingd etnysk komof. Yn 2010 wennen der 81.734 ymmigranten yn Washinton, D.C., werfan't in protte ofkomstich wiene ut El Salvador , Fjetnam en Etioopje .

Berne yn Washington, D.C. [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Wite Hus , de residinsje fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten .
It Smithsonian Ynstitut runt 19 musea en in dieretun dy't fergees tagonklik binne.
It Tinkteken foar Lincoln .

Stoarn yn Washington, D.C. [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Washington, D.C. hat in fochtich subtropysk klimaat , mei hjitte, neare simmers , waarme maitiden en hjersten en koele oant kalde winters . Yn july , de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,3 °C, en yn jannewaris , de kaldste moanne, is dat 6,3 °C. Rekortemperatueren wiene 41 °C op 20 july 1930 en ?26 °C op 11 febrewaris 1899 . Washington, D.C. kriget jiers trochinoar 1.009,4 mm delslach , mei derunder oer it hiele winterhealjier ferdield 39,1 sm snie .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .