Hondoeras

Ut Wikipedy
Republica de Honduras
Flagge fan Hondoeras Wapen fan Hondoeras
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hondoeras
Offisjele taal Spaansk
Haadsted Tegusigalpa
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
112.090 km²
0,2­%
Ynwenners ( 2004 ) 6.250.000
Munt Lempira (HDL)
Tiidsone UTC -6
Nasjonale feestdei 15 septimber
Lankoade HND
Ynternet .hn
Tillefoan 504

Hondoeras is in lan yn Midden-Amearika . De haadsted is Tegusigalpa .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hondoeras wurdt begrinzge troch:

It leit op de laningte fan Sintraal-Amearika oan de Golf fan Hondoeras , dat in part fan de Karibyske See is. Yn it suden hat it lan in koarte kuststripe mei de Grutte Oseaan . It eastpunt is Kaap Gracias a Dios , dat leit op it plak der't Kokorivier yn de Karaibyske See utkomt.

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hundueras Rainwald

It lanskip fan Hondoeras is oerwegend bercheftich. Yn it noarden en oan de kusten lizze leechflakten dy't by de kust smel binne. De regio "La Mosquitia" yn it noardeasten is net folle untwikkele en bestiet foar it grutste part ut reinwald. It leechlan fan "Sula Vally" yn it noardwesten is tichtbefolke. Yn La Mosquitia, leit it UNESCO wrald-erfdiel gebiet "Rio Platano Biosphere Reserve", mei de Koko rivier dy't it lan skied fan Nikaragua . De eilannen Islas de la Bahia en de Swanne Eilannen (allegear foar de noardkust) meitsje ek diel ut fan Hondoeras.

De regio kin beskoge wurde as in biodiverske hutspot troch it enoarme oantal plant- en bistesoarten dy't hjir fun wurde kin. Krekt as oare lannen yn de omkrite hat Hondoeras wiidweidige biologyske reserves. Yn it lan komme bygelyks mear as 6000 soarten faskulere planten foar der't 630 (oant no ta beskeaun) orchideeen fan binne; om-ende-by 250 reptilen en amfibyen, mear as 700 fugelsoarten, en 110 soarten suchdieren, de helte hjirfan flearmuzen .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1524 waard it lan troch de Spanjerts yn besit nommen. Yn 1821 tred it ta oant de Midden-Amerikaanske Federaasje oant it yn 1838 in selsstannige republyk waard. Sunt dy tiid hawwe mear as 100 regearings en militere diktatueren elkoar ofwiksele. Mei de ynfiering fan de grunwet yn 1982 wurde de leden fan it parlemint foar fjouwer jier keazen.

De katedraal fan Tegusigalpa

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De befolkingsgrutte fan Hondoeras is net hielendal wis. Gegevens rinne utien tusken de 5 miljoen oant 7 miljoen. Yn it lan kinne fjouwer entyske kloften underskieden wurde.

Ladino’s [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ladino ’s binne ofstammelingen fan de Spanjerts. Yn Hondoeras wenne sawat gjin “suvere” Spanjerts, om't yn it ferline in mansk fermingen plak fun hat tusken Spanjerts en yndiaanske befolkingskloften. De taal fan de Ladino’s is de taal fan Honduras: Spaansk .

Yndigena’s [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yndianen wenje benammen yn La Mosquitia , in min tagonklike regio yn it swettegebiet mei Nikaragua. De grutste kloft binne de Miskito yndianen . Sy wenje oan de kust yn doarpkes fan lytske houten huskes op peallen. Har wichtichste fiedselboarne bestiet dan ek ut fisken. De Miskito yndianen ferlitten har wengebieten komselden. Yn La Mosquitia libje ek de Pech-yndianen . Dat folk wennet mear yn it binnenlan by de rivieren lans en harren tradisjoneel boude wenten bestean ut in ferhege flier en tek fan bamboe , mei soms ien of twa skutten tsjin de wyn.

De Lenka’s wienen ynearsten it grutste yndianenfolk yn Hondoeras. Sy binne foar it grutste part opnomd yn de Ladino’s, mar yn it binnenlan binne doarpen der't de bewenners fan klaimen dat sy ofstammelingen binne fan de eardere Lenka’s zijn. Ek de Mayas hawwe har hiel bot fermongen mei de oare befolkingskloften. Lykwols wenje yn de omjouwing fan Copan noch hieltyd ofstammelingen fan dat folk, dy't yn distiid Korty yndianen neamd wurde. Har taal en kultuer is dy fan de Ladino’s. Yn Guatemala bestean noch wol delsettings fan Korty yndianen der't har taal kultuer bewarre bleaun binne.

Oare yndianenfolken yn Hondoeras binne de Payas en de fan oarsprong nomadyske Hisakwes.

Garifunas [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Garifunas binne in folk dat by de hiele noardkust lans fan Hondoeras wennet. It binne ofstammelingen fan negerslaven dy't fan Afrika wei nei Amearika helle waarden. De taal fan de Garifunas is it Garifuna , in mingtaal fan Afrikaanske talen , Spaansj en Ingelsk . Garifunas wenje tradisjoneel yn hutten fan palmbledden op it stran, der't sy fan de fiskfangst libje. Tsjintwurdich hawwe de Garifunas har ek stadichoan yn de steden festige, benammen yn San Pedro Sula en La Seiba .

Eilanners [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op de trije Baai Eilannen Utila , Roatan en Guanaja wenje neikommelingen fan de Ingelsken, dy't har der festige hawwe doe de eilannen noch Ingelsk besit wienen. Ekonomysk sjoen giet it dizze befolkingskloft better of as de oar Hondureenske befolking. Dat ferskil is te ferklearren ut it feit dat sy Ingelsk sprekke en dertroch in foarsprong hawwe mei it fine fan wurk op ynternasjonale frachtskippen en yn it butenlan.

It toerisme is tsjintwurdich ek in wichtige boarne fan ynkomsten op de Baai Eilannen. Tradisjoneel wurdt der op de eilannen libbe fan (harpoen-) fiskerij .

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De grutste godstsjinst yn Hondoeras is it Katolike leauwen 47% folge troch it Protestantisme mei 36% en 17% oars.