Telefyzje

Ut Wikipedy
Telefyzjetastel

Telefyzje of tillefyzje is in massamedium werby bylden en lud trochjun wurde nei telefyzjetastellen. De tastellen wurde meastal koartwei ek TV neamd. Mei telefyzje wurde ornaris ek de TV-stjoerders en de byhearrende technyk fan it telefyzje meitsjen oantsjut.

Technyk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In telefyzjekamera set bylden en lud om yn elektroanyske sinjalen, dy't troch it untfangende telefyzjetastel omset wurde yn byld en lud. De untfanger krijt de sinjalen fia antenne ('ierdske sinjalen' of satellyt) of kabel. Hoe't lud en byld trochjun wurde, is ofhinklik fan de TV-standert. By de oerdrachtstandert wurdt meast in underskied makke wurde tusken analoge en digitale telefyzje.

Hjoed-de-dei binne der ferskate manieren om telefyzje te untfangen:

  • Digitaal oer de eter: DVB-T2 HD ( Digitenne )
  • Digitaal oer de kabel: DVB-C
  • Digitaal oer de satellyt (skutelantenne): DVB-S of DVB-S2
  • Digitaal oer in ynternetferbining (ADSL, kabelynternet, glesfezel )

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste telefyzje waard yn 1927 yntrodusearre. Yn de tritiger jierren fan de 20e iuw kaam it medium telefyzje fan 'e grun. Yn 1929 wienen der yn Dutslan al eksperiminten mei de oerdracht fan telefyzje. Yn 1936 wienen de Olympyske Spullen fan Berlyn live op telefyzjes yn Berlyn en Leipzig te sjen.

Yn de fjirtiger jierren waard telefyzje yn de Feriene Steaten en Grut-Brittanje under tafersjoch fan it regear stadichoan in massamedium. Yn de Feriene Steaten waard jild ynbard troch advertinsjes, yn Grut-Brittanje moasten telefyzjebesitters in bydrage betelje.

Yn de jierren fyftich waard yn de Feriene Steaten eksperimintearre mei kleuretelefyzje. De kleuretelefyzje sette pas goed troch yn de lette sechtiger jierren. Yn 1967 waard de kleuretelefyzje ynfierd yn Europa.