Berlyn

Ut Wikipedy
Berlyn
Polityk
Lan flagge fan Dútslân Dutslan
Dielsteat Berlyn
Sifers
Ynwennertal 3.543.676 (2012)
Oerflak 891,85 km²
Befolkingsticht. 3.869 km²
Hichte 24-115 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koordinaten 52° 31' NB, 13° 25' EL
Offisjele webside
www.berlin.de
Plak fan Berlyn yn Dutslan en Europa.
Reliefkaart fan Berlyn.

Berlyn ( Dutsk : Berlin ) is de haadsted fan Dutslan en fan de stedsteat en dielsteat Berlyn . It is de grutste sted fan it lan mei likernoch 3,54 miljoen ynwenners. Berlyn is ek ien fan de grienste steden yn Jeropa : 18% fan Berlyn bestiet ut natoer en parken en 7% ut marren , rivieren en kanalen . De sted leit oan de rivier de Spree en om de stedsteat hinne leit de dielsteat Brandenboarch , der't Berlyn yn 1920 troch de Groß-Berlin-Gesetz fan ofskaat waard. De sted wie eartiids haadsted fan Prusen (1701?1918), it Dutske Keizerryk (1871?1918), de Weimarrepublyk (1919?1933) en nazy-Dutslan (1933?1945).

Nei de Twadde Wraldoarloch wie Berlyn mear as fjirtich jier in dielde sted mei East-Berlyn as haadsted fan de Dutske Demokratyske Republyk en West-Berlyn as in stik West-Dutslan yn East-Dutslan . Nei't de beide Dutslannen yn 1990 wer byinoar kamen, waard Berlyn de haadsted fan de feriene Bunsrepublyk Dutslan . Pas doe (1990) krige Berlyn syn hjoeddeistige foarm en waard it as dielsteat ta de Bunsrepublyk talitten, want ek al wie West-Berlyn al fan 1949 of algemien as sadanich behannele, formeel krige it dy status nea.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Berlyn leit yn it easten fan Dutslan , sa likernoch 70 kilometer fan de grins mei Poalen en grinzet runom oan de dielsteat Brandenburch . De sted leit oan de iggen fan de rivier de Spree , dy’t by it meast westlike stedsdistrikt utmunet yn de Havel. De Havel streamt fan noard nei sud troch West-Berlyn en, en kruzet derby de Tegeler See en de Großer Wannsee. De grutste mar fan Berlyn leit lykwols oan de eastkant fan de sted: de Großer Muggelsee mei in oerflak fan 7,4 km².

Mei in oerflak fan 891,82 km², werfan 19 prosint bosk en 6,7 prosint wetter, is Berlyn ien fan de grienste en grutste steden ta wrald. Om de sted hinne lizze ferskate foarsteden dy’t in lanlik gebiet lizze.

De 114 meter hege Große Muggelberg is de grutste natuerlike hichte fan Berlyn en leit yn it distrikt Treptow-Kopenick. De Teufelsberch yn it distrikt Charlottenburg-Wilmersdorf is ek 114 meter heech en is untstien troch punresten fan de Twadde Wraldkriich. It djipste punt fan it stedsgebiet (32 meter) leit yn de markrite yn it sudwesten fan de sted.

Stedsdistrikten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Berlyn is, lykas Hamburch en Bremen , in dielsteat ( Bundesland ) op himsels. It regear wurdt foarme troch de senaat , dy't in Regierender Burgermeister en acht senatoaren hat. De leden fan it regear wurde keazen troch it parlemint fan Berlyn, it Abgeordnetenhaus . De sit fan de boargemaster en de senaat is it Rotes Rathaus tichtby de Alexanderplatz .

Elts district hat in eigen boargemaster ( Bezirksburgermeister ). De boargemasters fan de distrikten foarmje de Rat der Burgermeister , der't de Regierender Burgermeister foarsitter fan is. De ried jout advys oan de senaat.

By de bestjoerlike weryndieling fan 1 jannewaris 2001 wie it in oantal distrikten ( Verwaltungsbezirke ) werombrocht fan 23 nei 12. De 12 hjoeddeistige distrikten binne:

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mei in oerflak fan 891,82 km², werfan 19 prosint boskgebiet en 6,7 persint wetter, is Berlyn ien fan de grutste steden op 'e wrald. Om dy tichtbefolke stedskearn leit in foarstedgebiet mei in lanlik karakter. Grutte marren lykas de Havel, de Wannsee en de Muggelsee binne in part fan de stedekloft. De sted leit yn in gebiet mei kontinintale temperatueren; waarme simmers en tuskenbeiden winters. De trochsneed jierlikse temperatuer is 9,1 °C en der binne 2.135 sinneoeren yn it jier ( 2003 ).

Gemiddelden Jan. Feb. Mar. Apr. Maa. Jun. Jul. Aug. Sep. Okt. Nov. Des.
Maksimale temperatuer (°C) 2,9 4,2 8,5 13,2 18,9 21,6 23,7 23,6 18,8 13,4 7,1 4,4
Minimale temperatuer (°C) ?1,9 ?1,5 ?1,3 4,2 9,0 12,3 14,3 14,1 10,6 6,4 2,2 ?0,4
Reinfal yn (mm) 42,3 33,3 40,5 37,1 53,8 68,7 55,5 58,2 45,1 37,3 43,6 55,3
Reindagen 10,0 8,0 9,1 7,8 8,9 9,8 8,4 7,9 7,8 7,6 9,6 11,4

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stedsplattegrun ut 1652.

It gebiet om Berlyn hinne wurdt sunt de aldheid bewenne. Om 1200 hinne wiene der twa steden oan de rivier, Colln en Berlyn. It is net bekend wannear't hja krekt stedsrjochten krigen hawwe, mar foar Berlyn wurde de stedsrjochten neamd yn 1251 en foar Colln yn 1261. Yn 1307 hawwe de twa mienskippen besletten de plakken gear te foegjen. Yn 1400 hiene de plakken mei-inoar likernoch 8.000 ynwenners. Fan 1319 of waard der lang en bloedich striiden om it gebiet Brandenboarch troch ferskate foarstenhuzen. Yn 1411 freege de befolking help fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk . Yn 1415 waard Frederik fan Hohenzollern troch Rome beneame ta karfoarst fan Brandenboarch; dit wie it begjin fan de 500-jierige hearskippij troch de Hohenzollern-dynasty. Karfoarst Frederik III krige de titel yn 1688, yn 1701 hat er Brandenboarch ta keninkryk ferklearre en tenei hjitte er Frederik I van Prusen . Op 18 jannewaris 1871 rop Otto von Bismarck it Dutske Keizerryk ut mei as haadsted Berlyn. De ekonomy, dy't besibbe wie mei de Dutske yndustralisaasje waakst rap, hat der oan de ein fan de njoggentsjinde iuw foar soarge dat de stedske befolking in rappe waakst trochmakke.

Dutske militeren yn de Twadde Wraldoarloch yn Berlyn mei in FLAK

Nei de ein fan de Earste Wraldkriich waard yn 1918 yn Berlyn de Weimarrepublyk utroppen. Yn 1920 wiene ferskate steden en gebieten om Berlyn hinne anneksearre neffens it Groß-Berlin-Gesetz , dat in stedgemeente Berlyn foarme dy't net langer in part fan Brandenboarch wie. It nije Grut-Berlyn hie doe likernoch 4 miljoen ynwenners. Nei it ta de macht gripen troch de nasjonaal-sosjalisten yn 1933 waard Berlyn de haadsted fan it Tredde Ryk . De nazi's brukten yn 1936 de Olympyske Spullen fan Berlyn foar propeganda. Ek wiene de nasjonaal-sosjalisten fan doel Berlyn ta Germaanske wraldhaadsted fan it Germaanske Ryk om te bouwen. Dy plannen binne troch it utbrekken fan de Twadde Wraldkriich net utfierd.

Berlynske Muorre

Yn april 1945 foel it Sowjetleger Berlyn yn. Strjitte nei strjitte moast op 'e nazi's ferovere wurde. Tsientuzenen soldaten en boargers ferstoaren. Adolf Hitler die himsels op 30 april 1945 tekoart yn in bunker under Berlyn. In pear dagen letter waard de kapitulaasje fan Dutslan tekene. Berlyn waard nei de Twadde Wraldkriich beset troch alliearde legers fan Frankryk , Grut-Brittanje , de Feriene Steaten en de Sowjetuny . By de Konferinsje fan Potsdam yn 1945 waard Berlyn, lykas oare parten yn Dutslan, yn fjouwer sektoaren opdiele: in Sowjetsektor, in Amerikaanske sektor, in Britske sektor en in Franske sektor. Rap nei de ferdieling begunen Franske, Britske en Amerikaanske sektor mei elkoar op te arbeidzjen, mar de Sowjetsektor bleau strikt ofskieden. Sa waard Berlyn it middelpunt yn de Kalde Kriich . De Sowjetautoriteiten seagen de gearwurking sunder de Sowjetsektor as it ferbrekken fan it ferdrach fan Potsdam en reagearre op 24 juny 1948 mei it blokkearren fan de oare sektoaren, faaks mei it doel de ganse sted te anneksearjen. It wie foar de minsken ut de oare sektoaren ferbean troch de Sowjetsektor te reizigjen. Om't dy oare sektoaren as in eilan yn de Sowjetsektor fan Dutslan leinen, wie it net mooglik dy sektoaren oer it lan fan goederen te foarsjen. De Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje besleaten doe in loftbrege yn te stelle: Mei fleanmasinen kamen de goederen te plak. Op 12 maaie 1949 waard de blokkaasje opheft. Maaie 1949 waard de Bunsrepublyk Dutslan (BRD) stifte, mei fanwege de blokkade fan Berlyn de sted Bonn as tydlike haadsted. Yn reaksje waard yn oktober de Dutske Demokratyske Republyk (DDR) stifte. Dy Dutske Demokratyske Republyk, East-Dutslan krige in kommunistysk regear en de Sowjetsektor waard as East-Berlyn derfan de haadsted. De trije oare sektoaren krigen in westersk bestjoer. De trije oare sektoaren foarmen mei-inoar West-Berlyn . Hieltyd mear DDR-boargers flechten nei West-Berlyn. Om dy flechtelingestream te stopjen kamen de East-Berlynske autoriteiten ta it beslut yn 1961 om West-Berlyn hinne in grinsofsetting te bouwen. Yn de nacht fan 13 augustus 1961 waard der in grins om West-Berlyn boud. Al gau wie it stikeltried net foldwaande, en waard ut ein set mei de bou fan in muorre, de Berlynske Muorre . Eltsenien dy't dochs besocht fan East-Berlyn nei West-Berlyn te flechtsjen, waard delsketten. Op dy wize waard West-Berlyn feitlik in eksklave fan West-Dutslan yn East-Dutslan.

Op 9 novimber 1989 falt de Berliner Muorre under druk fan 'e East-Dutske befolking en waard dernei gruttendiels ofbrutsen. Tsjintwurdich is de East Side Gallery it leste grutte oerbliuwsel fan 'e muorre en is er in toeristyske atraksje. Op 3 oktober 1990 waarden West- en East-Dutslan wer mei-inoar feriene yn de nije Bunsrepublyk Dutslan en Berlyn waard offisjeel de haadsted fan it feriene Dutslan. Yn 1991 stelde it Dutske parlemint om de Bundestag te ferhuzjen fan Bonn nei Berlyn. Dy ferhuzing krige yn 1999 syn beslach. Op 18 juny 1994 marsjearden soldaten fan de Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje yn in parade troch de sted. Dy parade wie underdiel fan in rige seremonien en markearde it definitive weromluken fan butenlanske troepen ut Berlyn. Oant en mei it jier 2000 wienen der 23 distrikten yn Berlyn. By de leste bestjoerlike weryndieling fan 2001 waard dat oantal troch stedsdielfuzjes werombrocht nei 12. Yn 2006 waard de FIFA World Cup Finale halden yn Berlyn.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tiergarten

Op 31 desimber 2012 wie it ynwennertal fan de sted Berlyn 3.375.222 [1] en wie dermei de grutste sted fan Dutslan . Yn Berlyn en de stedekloft deromhinne wenje sa'n 4,4 miljoen minsken. It ynwennertal fan de metropoalregio Berlyn/Brandenboarch, dy't yn beide dielsteaten leit, leit om de 5,8 miljoen minsken hinne.

Healwei de 17e iuw wennen der noch in protte minsken yn Berlyn en omkriten. Troch de Tritichjierrige Oarloch rekke Berlyn sawat de helte fan syn ynwennertal kwyt. Nei 1640 binne der ferskillende inisjativen om minsken nei Berlyn ta te heljen, lykas de Hugenoaten ut Frankryk. Sa koe it ynwennertal groeie fan 6.000 minsken om 1648 hinne nei sawat 57.000 minsken yn it jier 1709. Yn de jierren dernei sette de befolkingsgroei troch, yn 1877 hie Berlyn ien miljoen ynwenners.

De grutste religys wie neffens amtlike feiten yn ( 2004 ): 756.800 (22 prosint) Luteraansk, 307.000 (9 prosint) Roomsk-Katolyk , 210.000 (6 prosint) Moslim , 90.000 oare Kristlike tsjerken, 12.000 Joaden , 6.500 Budisten . 60 prosint hie gjin religy.

Der wenje mear as 460.000 butenlanners ut 185 lannen yn 'e sted: likernoch 117.700 Turken, 40.800 Poalen, 24.800 Servjers, 14.000 Russen, 13.800 Italjaners, 12.600 Amerikanen, 11.500 Fransen, 11.500 Kroaten, 11.300 Fietnamezen, 10.400 Bosnjers, 10.100 Griken, 9.200 Britten, 8.400 Eastenrikers, 7.900 Libanezen, 5.900 Tay, 5.800 Spanjerts en 5.600 Sinezen. Der binne likernoch 200.000 net registrearre flechtelingen. De wurkleazens by de butenlanners is 41,5 prosint.

Ferkear en ferfier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dikekaart Fleanhavens
Dikekaart fan Berlyn (lofts) en kaart fan lofthavens yn Berlyn (rjochts).

De A10 is de ringwei om sawat it hiele stedsgebiet hinne en is 196 kilometer lang, de sneldyk rint net allinnich troch de stedsteat Berlyn mar ek foar in grut part troch Brandenburch . Troch it stedsgebiet hinne lizze ek in oantal sneldiken lykas de 22 kilometer lange A 100 yn it sudlike stedsgebiet. De A11 (E 26) ferbynt it sintrum mei it noardwestlike diel fan de ringwei, de A 113 ferbynt it sintrum mei it sudeasten, en de A 115 slut yn it sudwesten oan op de ringwei.

Yn 2006 waard Berlin Hauptbahnhof iepene en is it belangrykste stasjon fan de sted en it grutste krusingsstasjon fan Europa. Berlyn hat ferskillende flugge treinferbiningen mei de belangrykste steden fan Dutslan en ferskillende oare Europeeske steden. Yn it stedsgebiet sels leit ek in ferskaat oan regionale spoarferbiningen. Foar it iepenbier ferfiersnetwurk binnen it stedsgebiet binne 15 S-Bahn ferbiningen, 10 U-Bahn ferbiningen, 27 tramferbiningen, 150 buslinen en seis fearboatferbiningen (sjoch ek list mei U-Bahn en S-Bahn stasjons yn Berlyn ).

Sunt de sluting fan de ynternasjonale lofthaven Berlin-Tempelhof yn 2008 is Flughafen Tegel it iennichste fleanfjild binnen it stedsgebiet. It fleanfjild Berlin-Schonefeld leit krekt buten de stedsteat Berlyn yn de Brandenburchske gemeente Schonefeld. Yn it suden waard op it stuit noch wurke oan it nije fleanfjild Berlyn Brandenburch dat begjin 2015 neffens de planning iepene wurde sil. Mei de iepening fan Berlyn Brandenburch soenen sawol Tegel as ek Schonefeld slute.

Polityk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Haadsted fan Dutslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Prusysk Hearehus

Foar de stifting fan it Dutske Keizerryk yn 1871 hie Dutslan gjin haadsted. Yn de praktyk wie Frankfurt am Main de haadsted fan de foarrinders fan it keizerryk, mar in formeel beslut wie der nea foar nommen. Yn 1871 koe Berlyn haadsted wurde fan it Dutske Keizerryk, omdat it de haadsted fan Prusen wie, it wichtichste lan fan it hiele keizerryk. Nei de Twadde Wraldkriich wie Bonn de haadsted fan West-Dutslan en East-Berlyn wie de haadsted fan de DDR .

Bundeskanzleramt
Ryksdei

De earste Dutske Bunsdei nei de werieniging beslute yn 1991 mei it saneamde “ Hauptstadtbeschluss ” (haadstedbeslut), dat Berlyn as Bunshaadsted ek sit fan de Bunsdei en it Bunsregear wurde soe.

Sunt 1994 sit it kantoar fan de Bunspresidint yn it Slot Bellevue yn Berlyn. Yn 1999 waard it grutste part fan it regear fan Bonn nei Berlyn ferhuze. De Bunsdei (yn it Ryksdeigebou), de Bunsried (yn it eardere Prusysk Hearehus) en it Bunsregear binne doe utein set mei har wurksumheden. Yn it jier 2001 waard it Bundeskanzleramt iepene mei Bunskanselier Gerhard Schroder as earste bewenner.

Fan de fjirtjin ministearjes (under bewald fan Merkel II) sitte der acht yn Berlyn, derunder it Auswartige Amt (Utlanske Saken) dat yn de eardere Ryksbank mei boujier 1934 sit en it Bundesministerium der Finanzen dat yn it eardere Reichsluftfahrtministerium mei boujier 1935 sit. De oare seis ministearjes sitte yn Bonn . Alle ministearjes hawwe yn de oare sted, der’t hja net festige binne, in twadde fertsjintwurdiging. Sa hawwe de bunsministers allegear in wurkplak yn de haadsted. Dielen fan de bunsministearjes binne krekt as foar 1991 festige yn de eardere bunshaadsted (no Bunssted) Bonn. De mearheid fan de amtners, sa’n 9.000 minsken, wurkje yn Bonn. Mear as 140 ambassades en harren diplomatike fertsjintwurdigers sittte yn Berlyn.

Dielsteat Berlyn [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Prusyske Landei, hjoed-de-dei it dielsteatparlemint.
Reade Riedshus ( Rotes Rathaus )

Berlyn is krekt as Hamburch en Bremen in dielsteat (Bundesland) op himsels. It regear wurdt foarme troch de senaat, mei deryn de boargemaster en maksimaal acht senatoaren. De leden fan it regear wurde keazen troch it parlemint fan Berlyn, it Abgeordnetenhaus , dat 141 sitten hat. De boargemaster en senaat husmanje yn it Rotes Rathaus tichtby de Alexanerplatz.

Berlyn is bestjoerlik yndield yn tolve Verwaltungsbezirke (distrikten). Elk distrikt hat syn eigen Bezirksamt (distriktsbestjoer) mei in Bezirksburgermeister (boargemaster) en fiif riedsleden. It bestjoer wurdt keazen troch de 55 leden fan de Bezirksverordnetenversammlung (distriktsried) dy’t streekrjocht troch de befolking keazen wurdt. De boargemasters fan de distrikten foarmje de Rat der Burgermeister , werfan de Regierender Burgermeister foarsitter is. De ried jout advys oan de senaat.

Boargemasters fan de hiele sted Bertlyn sunt 1991
  • Eberhard Diepgen (CDU) (24 jannewaris 1991 - 16 juny 2001)
  • Klaus Wowereit (SPD) (16 juny 2001 11 desimber 2014)
  • Michael Muller (11 desimber 2014 - hjoed)

Partnersteden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Berlyn hat mei 17 steden oer de hiele wrald partnerskippen. [2] De measte stedebannen binne relatyf fluch nei de werieniging fan de twa Dutslannen yn 1990 ta stan kommen. Doel fan de partnerskippen is it fersterkjen fan de ekonomy en wittenskip fan Berlyn mei oare wichtige steden. [2] Derneist wolle hja mei de stedebannen de utwikseling en oanbod fan kultuer befoarderje.

De dielgemeenten fan Berlyn underhalde sels ek partnerskippen mei oare steden.

Wapen en flagge [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stedswapen (sunder kroan)

Op it stedswapen is in steande swarte bear ofbylde. De oarsprong fan it wapen is net dudlik. Der wurdt grute dat it wapen komt fan Albrecht I, ek wol ‘Albrecht de Bear’ neamd, de persoan dy’t stifter wie fan de Mark Brandenboarch. Der wurdt ek wolris sein dat de bear sjoen wurde moat as in ynterpretaasje fan de stedsnamme, mar dy teory is minder wierskynlik. De aldste oerlevering fan de bear is op in segel ut it jier 1280. Iuwenlang moast de bear de segels en wapens diele mei de earnen fan Brandenboarch en Prusen. Pas yn de 20e iuw wun de bear it fan de earn en ferskynde alsa op it stedswapen.

Op de stedsflagge komt de bear ek nei foarren op in wite eftergrun mei boppe en under it wite flak in reade baan. De flagge hat twa farianten. De standertflagge, dy’t de ynwenners sunder bysunder foarskrift frij bruke meie, en de dielsteatflagge mei in kroan op it wapen. De flaggen waarden formeel yn 1954.

De ferskillende distrikten fan Berlyn hawwe allegear in eigen unyk wapen. Hja bruke de bear lykwols wol yn it wapen as ferbinend elemint.

Ferdivedaasje en kultuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alte Nationalgalerie

Bouwurken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Olympiastadion

Sport [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Olympyske Simmerspullen fan 1936 waarden yn Berlyn holden en yn 2006 wie Berlyn ien fan de spylsteden fan it WK fuotbal . By it fuotbaljen binne Hertha BSC en de 1. FC Union Berlin de ferneamdste fertsjintwurdigers. Op it med fan basketbal is Alba Berlin de bekendste en de Eisbaren Berlin is stedsfertsjintwurdiger yn de nasjonale yshockeyliga.

De grutste stadions fan de sted binne it Olympiastadion mei 74.649 sitplakken, [3] it Stadion An der Alten Forsterei mei 21.717 sitplakken, it Friedrich-Ludwig-Jahn-Sportpark mei 19.000 sitplakken, de O 2  World mei in maksimale kapasiteit foar 17.000 minsken, it Velodrom mei in maksimale kapasiteit foar 12.000 minsken en de Max-Schmeling-Halle mei 11.900 sitplakken.

Musea & galeryen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Joadsk museum lit mear as twa millenia Dutsk-Joadske skiednis sjen.

Yn 2011 wienen der yn Berlyn 138 musea en mear as 400 keunstgaleryen. It ensemble op it museumeilan is UNESCO-wralderfguod en leit op it noardlike diel fan it Spree-eilan tusken de Spree en de Kupfergraben. Begjin 1841 waard it by keninklike beslut oanwiisd as "stedsdiel wijdt oan keunst en aldheid". Dernei waarden der it Altes Museum (yn 'e Lustgarten), it Neues Museum (der't de buste fan keninginne Nefertiti stiet), de Alte Nationalgalerie, it Pergamon Museum en it Bode Museum boud.

Los fan it Museumeilan binne der in protte oare musea yn 'e sted. De Gemaldegalerie (skildergalery) rjochtet him op skilderijen fan 'e "alde hearen" fan de 13e oant de 18e iuw, wylst de Neue Nationalgalerie (Nije Nasjonale Galery, boud troch Ludwig Mies van der Rohe) him spesjalisearre hat yn 20e iuwske Europeeske skilderkeunst. It Hamburger Bahnhof, yn Moabit, hat in grutte kolleksje moderne keunst. It utwreide Deutsches Historisches Museum is wer iepene yn it Zeughaus en hat in oersjoch fan 'e Dutske skiednis fan mear as in milennium ald. It Bauhaus-argyf is in museum foar 20e iuwsk design ut de ferneamde Bauhausskoalle.

De Ishtar Poarte fan Babylon yn it Pergamon Museum.

It Joadske Museum hat in feste tentoanstelling oer twa milennia Dutsk-Joadske skiednis. It Dutsk Technologymuseum yn Kreuzberg hat in grutte kolleksje histoaryske technyske foarwerpen. It Museum fur Naturkunde, tichtby Berliner Hauptbahnhof, hat in eksposysje oer natuerskiednis. It hat de grutste dinosaurierskelet yn 'e wrald (in Giraffatitan ). Der binne ek goed bewarre eksimplaren fan Tyrannosaurus Rex en de eardere dinosaurierfugel Archeopteryx te sjen.

Yn Dahlem binne ferskate musea fan wraldkeunst en -kultuer, lykas it Museum fur Asiatische Kunst, it Etnologysk Museum, it Museum Europaischer Kulturen, en it Alliiertenmuseum. It Brucke Museum hat ien fan 'e grutste kolleksje wurken fan keunstners fan de begjin 20e iuwske ekspresjonistyske beweging. Yn Lichtenberg, op it terrein fan it eardere East-Dutske ministearje fan steatsfeilichheid, is it Stasi Museum. It plak fan Checkpoint Charlie, ien fan 'e meast ferneamde kruspunten fan 'e Berlynske muorre , is noch bewarre bleaun. Yn it byhearrende priveemuseum leit in soad dokumintaasje fan detaillearre plannen en strategyen dy't makke binne troch minsken dy't nei it westen besochten te flechtsjen. It Beate Uhse Erotik Museum beskriuwt himsels as it grutste eroatyske museum fan 'e wrald.

Yn it Berlynske stedsbyld binne runrom uteringen fan street-art te sjen. It is in wichtich underdiel fan it kulturele erfskip fan 'e sted en hat syn woartels yn it graffity-sintrum fan Kreuzberg fan 'e jierren '80. De Berlynske muorre sels is ien fan 'e grutste iepenloftkanvassen op ierde. It oerbleaune stik Berlynske muorre lans de Spree yn Friedrichshain wurdt ek net fuorthelle en is hjoed-de-dei bekend as de East Side Gallery. Berlyn is hjoed-de-dei in wichtige wraldsted as it giet om street-art kultuer.

Nachtlibben & festivals [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Franske katedraal mei it jierlikse Festival of Lights

It nachtlibben fan Berlyn wurdt priizge as ien fan de measte diverse en bruzjende fan syn soarte. [4] Yn 'e jierren 1970' en 80' wie it SO36 yn Kreuzberg in sintrum foar punk-muzyk en kultuer. Under oaren de Sound en Dschungel makken furore. Yn 'e jierren 1990' makken jonge folwoeksenen, benammen ut West-Europa en Sintraal-Europa, it kluplibben fan Berlyn ta in wichtich nachtlik moetingsplak. Nei de hjerst fan 'e Berliner Mauer yn 1989 waarden in soad histoaryske gebouwen yn stedsdiel Mitte (Midden), it eardere stedssintrum fan East-Berlyn, yllegaal beset en wer opboud troch jonge krakers dy't der in fruchtbere grun fan makken foar undergrunske en tsjinkulturele moetingen. Yn de sintrale stedsdielen binne in protte nachtklubs, werunder de Watergate, Tresor, E-Werk en Berghain. De KitKatClub en ferskate oare lokaasjes binne bekend om har seksueel ungeremde feesten.

Klubs binne net ferplichte om in feste tiid te sluten tidens de wykeinen en in soad feesten geane oant de iere moarn troch of duorje sels it hiele wykein. De Berghain hat de bekende Panorama Bar , in bar dy't by it lemieren fan 'e dei iepenet en feestgongers in panorama fan Berlyn biedt nei in stappersnacht. De Weekend Club yn 'e buert fan Alexanderplatz hat in dakterras der't minsken nachts feeste kinne. Ferskate plakken binne in populerste poadia wurden foar de saneamde Neo-Burlesque-scene .

Berlyn hat in lange skiednis op it med fan homokultuer en hat in wichtich brusplak west yn it begjin fan 'e LGBT-beweging. Barren foar minsken fan itselde geslacht operearren al frij yn 'e tachtiger jierren fan de 19e iuw en it earste homo-tydskrift Der Eigene begun yn 1896. Yn de jierren 1920' wienen homo's en lesbyennes in sichtberens as nea tefoarren. Hjoed-de-dei binne der neist in tolerant klimaat ek wer in oantal homoklups en festivals. De bekendste en grutste binne Berlin Pride , de Christopher Street Day , it Lesbian en Gay City Festival yn Berlyn-Schoneberg, de Kreuzberg Pride en Hustlaball .

It jierlikse ynternasjonaal filmfestival Berlinale hat sa'n 500.000 besikers en wurdt beskoge as wraldwiid it grutste offisjele filmfestival dat foar publyk tagonklik is. De Karneval der Kulturen (karnaval fan kultueren) is in multy-etnyske strjitparade en wurdt elk jier mei Pinkster fierd. Berliner is ek bekend fanwege it kulturele festival de Berliner Festspiele , der't it jazzfestival JazzFest Berlyn underdiel fan is. Ferskate technologyske en mediale keunstfestivals en konferinsjes wurde yn Berlyn halden, werunder Transmediale en Chaos Communication Congress . It jierlikse Berlin Festival rjochtet him op indie rock, elektroanyske muzyk en synthpop en is underdiel fan 'e International Berlin Music Week . Alle jierren hat Berlyn ien fan 'e grutste nijjiersfeesten fan 'e wrald, der't ornaris goed in miljoen minsken oan dielnimme. It middenpunt is de Brandenburger Tor , der't middernacht de fjoerwurksjo halden wurdt. Derneist binne der noch ferskate privee fjoerwurksjo's troch de hiele sted hinne. Feestgongers yn Dutslan proaste op it nije jier mei sjampanje.

Teaters & poadia [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dirigint Simon Rattle

Berlyn hat 44 teaters en poadia. [5] It Deutsches Theater yn stedsdiel Mitte waard yn 1849-50 boud en hat sunt dy tiid hast kontinu warber west. De Volksbuhne oan de Rosa-Luxemburg-Platz is boud yn 1913-14, de organisaasje fan dizze Volksbuhne bestiet al sunt 1890. It Berliner Ensemble , ferneamd om it wurk fan Bertolt Brecht , waard ynrjochte yn 1949. De Schaubuhne waard oprjochte yn 1962 en is yn 1981 ferhuze nei it gebou fan it eardere Universum Cinema op Kurfurstendamm. Mei in kapasiteit fan 1.895 sitplakken en in poadiumflier fan 2.854 kante meter, is it Friedrichstadt-Palast yn Berlyn Mitte it grutste showteater fan Europa.

Berlyn hat trije grutte operahuzen: de Deutsche Oper , de Staatsoper Unter den Linden en de Komische Oper . De Staatsoper Unter den Linden iepene yn 1742 en is de aldste fan 'e trije. De hjoeddeistige muzikale direkteur is Daniel Barenboim. De Komische Oper hat him spesjalisearre yn operette en is ek te finen oan Unter den Linden. De Deutsche Oper leit yn Charlottenburg en waard yn 1912 iepene.

Dunsshow yn it Friedrichstadt-Palast

De belangrykste teaters foar muzikale opfieringen binne de Teater am Potsdamer Platz en it Teater des Westens (boud yn 1895). Moderne duns kin sjoen wurde yn it Radialsystem V . De Tempodrom fasilitearret konserten en sirkuseftige ferdivedaasje. It Admiralspalast yn Mitte hat in bruzjend programma fan 'variety shows' en muzykeveneminten.

Der binne san konsertsealen yn Berlyn. It Berliner Philharmonisches Orchester is ien fan 'e beste konsersealen fan 'e wrald; It is yn 'e Berliner Philharmonie tichtby de Potsdamer Platz, yn in strjitte dy't de namme draacht fan 'e langst wurkjende dirigint Herbert von Karajan. De hjoeddeistige haaddirekteur is Simon Rattle. De Konzerthausorchester Berlin waard yn 1952 oprjochte konsertseal foar East-Berlyn. De hjoeddeistige haaddirekteur is Ivan Fischer. It Haus der Kulturen der Welt presintearret ferskate tentoanstellingen oer ynterkulturele saken en fasilitearret wraldmuzyk en konferinsjes. De Kookaburra en de Quatsch Comedy Club binne bekend fan satire en kabaret.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Commons  Commons: Berlin  ? foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Befolkingssifers fan it Amt fur Statistik Berlin-Brandenburg as PDF-triem
  2. 2,0 2,1 Stadtepartnerschaften , Berlin.de
  3. olympiastadion-berlin.de: Zahlen und Fakten zum Berliner Olympiastadion
  4. Wasacz. W. 2004. Losing your mind in Berlin . Detroit Metro Times (sjoen op 2-9-2017)
  5. Amt fur Statistik Berlin-Brandenburg. Die kleine Berlin?Statistik 2013
 
Berlyn
Flagge fan Berlyn
Charlottenburg-Wilmersdorf - Friedrichshain-Kreuzberg - Lichtenberg - Marzahn-Hellersdorf - Mitte - Neukolln - Pankow - Reinickendorf - Spandau - Steglitz-Zehlendorf - Tempelhof-Schoneberg - Treptow-Kopenick
 
Dutslan
Flagge fan Dútslân
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlan-Palts - Saarlan - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen