한국   대만   중국   일본 
Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2019 - Wikipedy Springe nei ynhald

Wikipedy : Haadside-ynfo/side fan de wike 2019

Ut Wikipedy

Siden fan de wike yn 2019 [ boarne bewurkje ]

Wike 1

De Nijsted ( Nederlansk en offisjeel: Nieuwestad ) is in strjitte yn 'e Fryske haadsted Ljouwert . It is de wichtichste winkelstrjitte fan Ljouwert, dy't ruchwei yn east - westrjochting troch de binnensted rint. De Nijsted wurdt troch in greft ferdield yn in 'stille' en in 'drokke' kant. Beide kanten wurde ferbun troch in tal bregen oer de greft. Der komme ferskate oare strjitten en stegen op 'e Nijsted ut. Oan it begjin (de westein) fan 'e 'stille kant' stiet it Burmaniahus , dat funksjonearret as it gemeentehus fan Ljouwert . Fierders steane der 41 oare ryksmonuminten oan 'e Nijsted, werunder de Waach .

Les fierder


besjen


Wike 2

Ernesto Cardenal (folut: Ernesto Cardenal Martinez ; Granada , 20 jannewaris 1925 ) is in Nikaraguaansk dichter , essayist , oersetter , roomsk preester , teolooch en politikus . Jierrenlang krewearre er yn syn heitelan fanut syn leauwe , as befrijingsteolooch , tsjin 'e diktatuer fan 'e Somoza-famylje , en wied er in aktyf lid fan it sandinistyske ferset. Nei de Nikaraguaanske Revolusje fan 1979 waard er minister yn it nije sandinistyske regear , wat him streekrjocht yn botsing brocht mei de paus . Oant de dei fan hjoed is Cardenal aktyf op 'e lofterside fan 'e Nikaraguaanske polityk . Fierders wied er de stifter fan 'e primitivistyske keunstnerskoloanje op 'e Solentiname-eilannen , en hat er mei syn poezij in djippe ynfloed utoefene op 'e Spaansktalige literatuer . Hy wurdt wol beskoge as de wichtichste libbene Latynsk-Amerikaanske dichter.

Les fierder


besjen


Wike 3

Baba Jaga is in mytysk wezen ut 'e Slavyske folkloare fan Ruslan en de oare Eastslavyske gebieten, dat de foarm oannimt fan in misfoarme en/of grizelich utsjende aldere frou . Fanwegen har ferskining en har gebruk fan tsjoenderij wurdt se yn 'e regel beskoge as in heks , mar se soe likegoed in waldgeast weze kinne, en guon folkloristen beskogje har as in froulik archetype , in foaralderfiguer of in goadinne mei kreften op it med fan 'e moanne , winter , slangen , fugels en/of de ierde . Baba Jaga ferpleatst har yn in reuseftige fleanende fizel , hat in stamper by har en wennet djip yn it wald yn in hutte dy't op hinnepoaten (of soms ien inkele hinnepoat) stiet. Se is in riedselich figuer mei in grut tal fasetten; sa komt se soms nei foarren as in trickster , soms as in kannibaal en soms as de helpster fan 'e haadpersoanen yn heldeferhalen .

Les fierder


besjen


Wike 4

Ierlan ( Iersk : Eire ; Ingelsk : Ireland ; Ulsterskotsk : Airlann ) is in tige grut eilan dat ta Jeropa heart. It leit yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan , en foarmet mei Grut-Brittanje en hunderten lytsere eilannen de arsjipel fan 'e Britske Eilannen . Fan dy eilannegroep is Ierlan it op ien nei grutste eilan, nei Grut-Brittanje. Ierlan wurdt wol 'it Griene Eilan' neamd, fanwegen syn wielderige plantegroei . Steatkundich omfiemet Ierlan de unofhinklike Republyk Ierlan en it ta it Feriene Keninkryk hearrende Noard-Ierlan .

Les fierder


besjen


Wike 5

It funemint fan de polityk yn Nederlan is de grunwet , der't de steatsynrjochting fan Nederlan yn festlein is as konstitusjonele monargy en desintralisearre ienheidssteat mei in parlemintere demokrasy . Nederlan is ek in konsensusdemokrasy , wat ynhaldt dat de polityk karakterisearre wurdt troch it besykjen om ta oerienstimming te kommen. De wichtichste politike ynstellings fan Nederlan binne de monargy , de Steaten-Generaal (it parlemint ), it regear en it derut foarme kabinet . Dernjonken binne der de underskate politike partijen der't de Nederlanske folksfertsjintwurdigers by oansletten binne, en fierders de saneamde Hege Kolleezjes fan Steat , lykas de Ried fan Steat , de Algemiene Rekkenkeamer en de Nasjonale ombudsman . Behalven de Ryksoerheid ken Nederlan ek twa nivo's fan desintrale oerheden , te witten: de provinsjes en de gemeenten .

Les fierder


besjen


Wike 6

Rebecca Romijn (folut: Rebecca Alie Romijn ; Berkeley ( Kalifornje ), 6 novimber 1972 ) is in Amerikaansk model en aktrise dy't fierhinne fan etnysk Nederlansk komof is. Se is it bekendst wurden as manneken foar it linzjerymerk Victoria's Secret , as glamourmodel foar it tydskrift Sports Illustrated en as aktrise yn 'e rol fan Mystique yn 'e X-Men - superheldefilms . Fierders wie Romijn u.m. te sjen yn tillefyzjesearjes as Ugly Betty , King & Maxwell en The Librarians . Under har houlik mei akteur John Stamos stie hja bekend as Rebecca Romijn-Stamos .

Les fierder


Besjen


Wike 7

De Hongaarske Opstan of de Hongaarske Revolusje fan 1848 wie in algemiene opstan yn 'e etnysk Hongaarske dielen fan it Keninkryk Hongarije, dy't begun yn it Revolusjejier 1848 . De Hongaren wiene wisberet om selsbestjoer te winnen nei mear as trijehundert jier oerhearsking troch de Eastenrykske Habsburch -dynasty. Troch in unfersoenlike opstelling fan sawol de Eastenrykske konservativen as de Hongaarske separatisten, dy't in folsleine ofskieding fan Hongarije bewurkmasterje woene, run it konflikt ut op in iepen rebulje . Derby namen de Hongaren it net inkeld op tsjin 'e Eastenrikers, mar ek tsjin 'e Kroaten, de Serven, de Roemenen, de Slowaken en ferskate oare etnyske minderheden yn eigen lan, dy't de kant fan Eastenryk keazen. Nettsjinsteande dat lieken de Hongaren op 'e oerwinning oan te gean, oant se troch de Russen , dy't bunsgenoaten fan 'e Eastenrikers wiene, yn 'e rech oanfallen waarden. Dernei wie it rillegau dien mei de opstan. It Eastenrykske leger fierde nei de oerjefte fan 'e Hongaren in skoft lang in wier skrikbewald yn Hongarije.

Les fierder


besjen


Wike 8

De harmeling ( Latynske namme: Mustela erminea ), ek wol grutte wezeling , wite wezeling of (it) harmke of hermke neamd, is in lyts suchdier ut 'e famylje fan 'e martereftigen ( Mustelidae ) en it skaai fan 'e lytse marters ( Mustela ), dat lanseigen is yn grutte dielen fan noardlik Jeraazje (werunder ek Fryslan ) en Noard-Amearika . Hy liket in protte op 'e wezeling , der't er nau mei besibbe is, mar kin derfan underskaat wurde troch syn gruttere stal en it swarte puntsje oan syn sturt . De harmeling stiet derom bekend dat er winterdeis syn brune hier ferliest en ynstee in wite winter pels kriget, utsein de sturtpunt, dy't swart bliuwt. Yn it ferline wie wyt harmelingebunt tige djoer en waarden der keningsmantels fan makke.

Les fierder


besjen


Wike 9

John F. Kennedy , ropnamme : Jack, folut: John Fitzgerald Kennedy en ek wol bekend under syn inisjalen JFK (Brookline ( Massachusetts ), 29 maaie 1917 ? Dallas ( Teksas ), 22 novimber 1963 ), wie in Amerikaansk steatsman fan etnysk Iersk komof. Hy tsjinne yn 'e Twadde Wraldoarloch as luitenant-op-see yn 'e Amerikaanske Marine, wie fan 1946 oant 1952 foar de Demokratyske Partij lid fan it Amerikaanske Hus fan Offurdigen , en fan 1952 oant 1960 fan 'e Amerikaanske Senaat . Yn 1960 wun er it by de presidintsferkiezings mei in tige smelle marzje fan Richard Nixon , wernei't er fan 1961 oant 1963 de 35ste presidint fan 'e Feriene Steaten en teffens de earste roomske Amerikaanske presidint wie. Op 22 novimber 1963 waard Kennedy yn Dallas deasketten troch in slupskutter. De fermoedlike dieder, Lee Harvey Oswald , waard sels twa dagen letter fermoarde troch nachtklubeigner Jack Ruby . De moard op John F. Kennedy is sunt mei riedsels omjun, der binne withoefolle gearspanningsteoryen oer untstien.

Les fierder


besjen


Wike 10

It Brief oan de Romeinen , yn it oarspronklike Gryksk : Επιστολ? προ? Ρωμαιου? , Epistoli pros Romaious , ek wol koartwei Romeinen neamd, is it sechsde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel . It is de earste fan 'e brieven , en heart ta de Brieven fan Paulus . Dat de apostel Paulus (ofbylde) dit brief skreaun hat, is frijwol unbekreaud. De measte bibelwittenskippers en teologen binne it deroer iens dat it yn 'e jierren 55 - 57 skreaun weze moat mei as doel om oan 'e kristlike gemeente yn Rome de ferlossing te beskriuwen dy't besletten leit yn it evangeelje . Romeinen is de langste fan 'e Brieven fan Paulus , en wurdt beskoge as Paulus syn wichtichste teologyske neilittenskip . De earste folsleine Fryske oersetting fan Romeinen stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan du. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma , dy't yn 1933 utkaam.

Les fierder


besjen


Wike 11

Toronto ( Ingelske utspr.: [t?'r?nto?], likernoch "tuh-ran-too"; pleatslik ek wol [t?'r?no?], "tuh-ran-noo") is de grutste sted fan Kanada en de haadsted fan 'e provinsje Ontario . Bestjoerlik is it in distriktfrije gemeente dy't offisjeel de City of Toronto hjit. Mei in befolking fan mear as 2,7?miljoen minsken is it boppedat de op trije nei grutste sted fan Noard-Amearika , nei Meksiko-Sted , New York en Los Angeles . As stedekloft , mei alle foarsteden meirekkene, telt it saneamde Grut-Toronto sels goed 5,9?miljoen ynwenners. Toronto, dat yn 1793 stifte waard, leit oan 'e Ontariomar , ien fan 'e fiif Grutte Marren . It is tsjintwurdich in wraldsted en in ynternasjonaal sintrum op it med fan hannel , finansiering , de skiene keunsten en kultuer .

Les fierder


besjen


Wike 12

Karen Blixen ( Deenske utspr. : [k??:?n 'b?le??sn?]; folut: Karen baronesse von Blixen-Finecke ; berne as: Karen Christenze Dinesen ; Rungsted , 17 april 1885 ? dere, 7 septimber 1962 ) wie in Deensk skriuwster , essayiste , autobiografe en keunstneresse , dy't ek skreaun hat under de pseudonimen Isak Dinesen, Tania Blixen, Osceola en Pierre Andrezel. Hja wenne fan 1914 oant 1931 yn 'e Britske koloanje East-Afrika (it lettere Kenia ), en is it bekendst wurden troch har autobiografyske roman oer dy jierren, Den Afrikanske Farm , der't yn 1985 in mannichfald bekroande ferfilming fan makke waard under de titel Out of Africa . Dernjonken is Blixen benammen yn Denemark ek bekend fanwegen har koarte ferhaal Babettes Gæstebud en de ferhalebondel Syv Fantastiske Fortællinger .

Les fierder


besjen


Wike 13

Michiel de Ruyter is in Nederlanske histoaryske aventoerefilm ut 2015 under rezjy fan Roel Reine . De film spilet yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw en lit in romantisearre ferzje sjen fan 'e wapenfeiten fan 'e histoaryske Steatske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter . De titelrol waard fertolke troch Frank Lammers en de oare haadrollen waarden spile troch Barry Atsma , Charles Dance , Sanne Langelaar en Egbert-Jan Weeber . Michiel de Ruyter waard produsearre troch Klaas de Jong foar syn eigen filmstudio Farmhouse TV & Film . Yn it butenlan (utsein Flaanderen ) waard de film utbrocht under de titel Admiral , mei as reklameslachsin : Wars are fought by many, history is made by few . De film krige tuskenbeiden kritiken en waard nei Nederlanske mjitsteven in grut bioskoopsukses .

Les fierder


besjen


Wike 14

Barradiel ( Nederlansk en offisjeel: Barradeel ) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslan , oan 'e kust fan 'e Waadsee . Dizze gemeente hie yn 1980 in befolking fan 6.657 minsken, en besloech in oerflak fan 61,1? km² . Barradiel bestie as bestjoerlike ienheid al fan 'e fjirtjinde iuw of en omfieme under mear de krite fan De Bjirmen . De gemeente hie in dudlik eigen identiteit untwikkele, mei in eigen, justjes ofwikende foarm fan it Klaaifrysk : it Bjirmsk . Der bestie dan ek fuleindich ferset tsjin 'e plannen om 'e gemeente op te heffen, mar ta einbeslut mocht dat net bate en gie Barradiel yn 1984 fierhinne op yn it nije Frjentsjerteradiel , wylst lytsere dielen taheakke waarden oan It?Bilt en Harns .

Les fierder


besjen


Wike 15

Boudewijn Maria Ignatius Buch ( Den Haach , 14 desimber 1948 ? Amsterdam , 23 novimber 2002 ) wie in Nederlansk dichter , skriuwer en telefyzjepresintator . De sabeare autobiografyske roman De kleine blonde dood , ut 1985 , wie sunder mis syn meast suksesfolle wurk. Fan dat boek binne neitiid mear as tritich underskate printingen ferskynd. Yn 1993 waard it ferhaal ferfilme troch regisseur Jean van de Velde. As telefyzjepresintator makke Buch by de VARA ferskate programma's oer literatuer , en ek reisprogramma 's under de titel fan De Wereld van Boudewijn Buch .

Les fierder


besjen


Wike 16

Apollo ( Attysk Aldgryksk : ?π?λλων, Apoll?n , utspr. : [Ap?ll?:n], likernoch "Apollon"; Latyn : Apollo ) is yn 'e Grykske en Romeinske mytology de god fan 'e muzyk , de poezij , keunst en wittenskip , orakels , it bogesjitten, de geneskunde , sykten , kolonisaasje , de sinne en it ljocht . Yn 'e Grykske myten wurdt er foarsteld as de soan fan 'e oppergod Seus en de titaanske goadinne Leto, en de twillingbroer fan Artemis, de goadinne fan 'e jacht . Neitiid waard er fia de Grykske koloanjes dere nei Itaalje ferspraat, mei as gefolch dat er opnommen waard yn it Romeinske panteon . Fia de Romeinen waard syn ferearing neitiid wer oernommen troch de Etrusken (dy't him Apulu neamden) en in grut diel fan 'e Kelten op it Jeropeeske festelan.

Les fierder


besjen


Wike 17

Keningsdei (sunt 2014 ), earder Prinsessedei ( 1885 - 1890 ) en Keninginnedei ( 1891 - 2013 ), is in nasjonale feestdei yn it hiele Keninkryk fan 'e Nederlannen , dy't sadwaande net inkeld fierd wurdt yn ( Jeropeesk ) Nederlan , mar ek yn Karibysk Nederlan , Kurasau , Aruba en Sint-Marten . Sunt 2014 falt Keningsdei op 27?april , de jierdei fan kening Willem-Alexander , behalven as dat in snein is; dan wurdt Keningsdei op 26?april fierd. De fiering fan dizze feestdei giet mank mei in besyk fan 'e kening oan in plak yn Nederlan , festiviteiten yn it hiele lan (ek yn 'e foarofgeande Keningsnacht), it dragen fan oranje kledaazje , en in frijmerk yn 'e grutte steden . Sunt septimber 2013 is Keningsdei opnommen yn 'e Nasjonale Ynventaris Ymmaterieel Kultureel Erfgoed.

Les fierder


besjen


Wike 18

Sittende Bolle ( Lakota : T?at?aŋka Iyotake , utspr. : [t?a't?a:ka i:jo'take]; Ingelske oersetting : Sitting Bull ; oan 'e Grand River ( Sud-Dakota ), ± 1831 ? dere, 15 desimber 1890 ), wie yn 'e leste helte fan 'e njoggentjinde iuw in wraldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e Su ( Sioux ), in Yndiaansk folk yn it midnoarden fan 'e Feriene Steaten . Yn 1876 stied er oan it haad fan 'e koalysje fan Su-, Sjajinne- en Arapaho -krigers dy't yn 'e Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er der troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft utwike nei Kanada ta. Nei't er him yn 1881 oerjun hie, makke er in hoartsje diel ut fan 'e Wyldwestshow fan syn freon Buffalo Bill , en gied er dermei op toernee troch Amearika. Yn 1890 , doe't de nije religy fan 'e geasteduns under de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him derby jaan soe. Men besocht him doe te arrestearjen , mar by de wrakseling dy't derby untstie, waard er yn 'e holle sketten, wernei't er stoar .

Les fierder


besjen


Wike 19

Kening Oidipoes , yn it oarspronklike Aldgryksk Ο?δ?που? Τ?ραννο? , Oidipous Tyrannos (ek wol bekend under de Latynske titel Oedipus Rex ), is in toanielstik fan 'e han fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofokles ( 496 - 406 f.Kr. ). It is in trageedzje dy't diel utmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Antigone en Oidipoes yn Kolonos ). Derfan foarmet it it earste diel, al wie it it twadde dat skreaun waard. Kening Oidipoes fertelt it ferhaal fan Oidipoes, in man dy't kening fan Tebe wurdt en fan syn berte of foarbestimd is om syn heit te fermoardzjen en mei syn mem te trouwen .

Dit stik wurdt oer it algemien beskoge as it hichtepunt fan 'e Aldgrykske toanielkeunst . Iroanyskernoch behelle it lykwols mar it twadde plak yn 'e toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus , yn 429 f.Kr. , doe't it foar it earst opfierd waard, wylst de stikken fan Sofokles der oer it algemien de haadpriis yn 'e wacht sleepten. De earste Fryske oersetting fan Kening Oidipoes , fan jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga , ferskynde yn 1923 . Yn 1993 waard oan Klaas Bruinsma foar syn oersetting fan Kening Oidipoes en twa oare stikken fan Sofokles de Obe Postmapriis takend.

Les fierder


besjen


Wike 20

Jouke Annes Bakker ( Menaam , 3 juny 1873 - dere, 26 septimber 1956 ) wie in Fryske arbeiderssoan dy't him opwurke ta Twadde Keamerlid foar de CHU . Dernjonken wied er op alle mooglike manieren belutsen by it ferieningslibben yn Menaam , en beklaaide er bestjoersfunksjes yn ferskate provinsjale en lanlike organisaasjes . Nei him waard yn syn bertedoarp Menaam postum de Jouke?Bakkerstrjitte ferneamd.

Les fierder


besjen


Wike 21

Dubrovnik ( Kroatyske utspr. : [du'bro:?ni:k], likernoch: "du broov niik"), histoarysk bekend as Ragusa (of Ragusa ), is in sted en in gemeente yn Kroaasje , dy't yn 'e lanstreek Dalmaasje oan 'e kust fan 'e Adriatyske See leit. It is ien fan 'e bekendste toeristyske bestimmings yn Kroaasje, en dernjonken hat it ek in wichtige funksje as havensted en as bestjoerlik sintrum en haadplak fan 'e Kroatyske provinsje Dubrovnik-Neretva. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de sted Dubrovnik doe rom 28.000 ynwenners, wylst de gemeente in befolking fan krapoan 43.000 minsken hie.

Fan 'e fjirtjinde iuw oant 1808 wie Dubrovnik as de Republyk Ragusa in unofhinklike steat. Yn 1667 waard de sted by in ierdbeving fierhinne ferwuostge. De alde binnensted waard yn 1979 opnommen op 'e Wralderfgoedlist fan 'e UNESCO . Yn 1991 waard Dubrovnik under de Kroatyske Unofhinklikheidsoarloch lange tiid belegere troch troepen fan it Joegoslavyske Folksleger, dy't mei artillerybesjittings oansjenlike skea yn 'e sted oanrjochten. Yn 1996 fun deunby by de sted de Fleanramp fan Dubrovnik plak.

Les fierder


besjen


Wike 22

Hea is in soarte fan feefoer dat bestiet ut 'e druge plantaardige begroeiing fan greiden . It is foar it meastepart opmakke ut gerzen , mar foarhinne sieten der ek in soad oare planten by yn, dy't yn 'e greide tusken it gers groeiden, lykas buterblommen , reade surk , brannettels en sels stikels. Tsjintwurdich is dat folle minder it gefal, mei't in protte boeren harren greidlan op 'e nij ynsiedde hawwe, mei as gefolch in monokultuer fan 'e gerssoarte finneraai. Der bestiet ek luzernehea, dat druge luzerne is. Hea moat net betize wurde mei strie ; dat bestiet net ut gers, mar ut 'e druge stalen fan not , en wurdt net yn it foarste plak as feefoer, mar as struisel brukt. Yn 'e moderne feehalderij is de funksje fan hea fierhinne oernommen troch kuil.

Les fierder


besjen


Wike 23

It Belis fan Haarlim wie in belegering fan 'e Hollanske sted Haarlim troch Spaanske troepen yn it ramt fan 'e Opstan yn 'e Nederlannen , dy't letter bekend wurde soe under de namme fan 'e Tachtichjierrige Oarloch . It belis begun op 11?desimber 1572 en betearde yn in utputtingsslach, dy't net minder as san moannen duorre. Nei't in besykjen ta untset troch de belegerders yn 'e Slach op de Haarlimmermar dwerseide waard, joegen de uthongere Haarlimmers har op 13?july 1573 einlings en te'n lesten oer. Trochdat dernei tuzenen soldaten en boargers fermoarde waarden, jildt it Belis fan Haarlim as ien fan 'e meast beruchte foarfallen ut 'e begjintiid fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, en teffens as ien fan 'e meast beslissende: neitiid joech gjin sted him mear oer en fochten de opstannelingen troch oant de dea , om't se wisten hokker lot oft harren by oerjefte te wachtsjen stie.

Les fierder


besjen


Wike 24

Georges Cuvier ( Franske utspr. : ['????? 'kyvje:], likernoch: "zjorzje kuvjee"; folut: Jean Leopold Nicolas Frederic Cuvier ; Montbeliard, 23 augustus 1769 ? Parys , 13?maaie 1832 ) wie in Fransk natoerundersiker en biolooch , dy't him benammen talei op 'e studzjes fan 'e ornitology , de ichtyology en de bredere soology . Fanwegen syn baanbrekkend wurk op it med fan 'e ferliking fan libbene bisten mei fossilen stiet er ek wol bekend as de "Heit fan de Paleontology ". Fierders wreide er it taksonomyske systeem dat betocht wie troch Linnaeus ut troch de klassen fierder yn te dielen yn legere taksons , lykas skiften , famyljes en skaaien . Hoewol't Cuvier him fuleindich tsjin 'e evolusjeteory kearde, der't neffens him gjin bewiis foar bestie, wurdt er noch altyd beskoge as ien fan 'e wichtichste figueren ut 'e skiednis fan 'e biology . Syn meast ferneamde publikaasje wie La Regne Animal ("It Bisteryk"), ut 1817 . Yn 1819 waard er fanwegen syn ferstjinsten yn 'e adelstan ferheft.

Les fierder


besjen


Wike 25

De teapert ( wittenskiplike namme : Crex crex , foarh. ek wol Crex pratensis ) is in fugel ut it skift fan 'e kraaneftigen ( Gruiformes ), de famylje fan 'e ralfugels ( Rallidae ) en it skaai fan 'e teaperts ( Crex ), dy't yn Jeropa en Sintraal-Aazje briedt en yn East - en Sudlik Afrika oerwinteret . Eartiids kaam dit bist ek runom yn Fryslan en de rest fan Nederlan foar, mar troch de meganisaasje fan 'e lanbou is er omtrint de midden fan 'e tweintichste iuw yn Nederlan seldsum wurden, wylst er yn Fryslan suver hielendal weiwurden is. De Latynske namme crex is in onomatopee op basis fan it Grykske κρεξ, krex , dat ferwiist nei de kreakjende rop fan 'e teapert. Yn it Nederlansk stiet de teapert bekend as de kwartelkoning , wat ta it misbegryp laat hat dat dizze fugel besibbe weze soe oan 'e kwartel ( Coturnix coturnix ). Dat is lykwols net sa, mei't de kwartel ta in totaal ferskillende famylje heart (ntl. de fazanteftigen , Phasianidae ).

Les fierder


besjen


Wike 26

Naomi van As (folut: Naomi Frances van As ; De Haach , 26 july 1983 ) is in Nederlansk earder hockeyspylster fan mingd Nederlansk, Yndonezysk en Sineesk etnysk komof , dy't trije kear meidie oan 'e Olympyske Simmerspullen en twa kear ta it Olympysk kampioensteam hearde. Yn totaal spile hja 229 ynterlanwedstriden foar it Nederlanske frouljushockeyteam, en makke hja derby 45 in doelpunten. Nei't Van As yn 2017 in ein makke oan har sportkarriere , begun se in nij wurkpaad as presintatrise op 'e Nederlanske tillefyzje . Se is ek bekend as de freondinne fan 'e Fryske hurdrider Sven Kramer .

Les fierder


besjen


Wike 27

Edwert I ( Ingelsk : Edward I ; Paleis fan Westminster, 17 juny 1239 ? Burgh by Sands, 7 july 1307 ) wie kening fan Ingelan fan 1272 oant 1307 . Fanwegen syn lingte waard er wol Edwert Langskonk (Ingelsk: Edward Longshanks ) neamd, en fanwegen syn unmeilydsume polityk oangeande Skotlan stied er bekend as de Skottehammer (Ingelsk: Hammer of the Scots ; Latyn : Malleus Scotorum ). Nei iere yntriizjes tsjin syn heit , kening Hindrik?III, bleau er dyselde trou under de opstan fan in grut part fan 'e Ingelske adel yn 'e Twadde Baronne-oarloch. Letter joech er him by de Njoggende Krustocht nei it Hillige Lan .

Nei't er syn heit opfolge wie, sette er utein mei in ekspansjonistysk belied foar de oare dielen fan 'e Britske Eilannen oer. Nei ferskate opstannen tsjin 'e Ingelske oerhearsking fan Wales ferovere Edwert dat gebiet yn 1282 - 1283 foargoed. Doe't yn 1290 de Skotske troan fakant rekke, seach er syn kans skoan om ek dat lan by Ingelan te luken. Mar nettsjinsteande syn snoade yntriizjes en syn unmeilydsum fanwegen kommen, krige er de Skotten der net under . Fierders wie Edwert?I de kening dy't yn 1290 de Joaden ut Ingelan ferballe (in dwaan dat pas yn 1656 troch Oliver Cromwell weromdraaid waard). Nettsjinsteande it feit dat er yn hege mjitte bydroech ta de restauraasje fan 'e keninklik gesach, bettere wetjouwing en in sintralisearre bestjoer , liet Edwert Ingelan by syn dea efter yn in slepende oarloch mei de Skotten en mei in grut tal ekonomyske en politike problemen.

Les fierder


besjen


Wike 28

Pretender is it achtste diel fan 'e Foreigner -searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh (ofbylde). De titel betsjut: "Pretendint". It is in science fiction - roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf . Pretender ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belestge is mei it underhalden fan 'e kontakten tusken de butenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrald fan 'e atevi festige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2006 , troch de New?Yorkske utjouwerij DAW Books , mei in omslach makke troch Donato Giancola . Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner -rige wie Pretender tige suksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten .

Les fierder


besjen


Wike 29

Scottsdale (Pima: Va?ai S-va?on? ; Jaky: Eskatel ) is in sted (en gemeente ) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Arizona . It is in foarsted fan 'e steatshaadsted Phoenix , en waard yn 1888 stifte yn it eastlike part fan Maricopa County. Neffens in offisjele skatting ut 2014 hie Scottsdale doe in befolking fan goed 230.000 minsken. Dermei is it ien fan 'e gruttere plakken binnen de stedekloft Phoenix , dy't in totale befolking fan 4,3 miljoen hat. Scottsdale is yn 'e Feriene Steaten de 86e sted rekkene nei ynwennertal. It wurdt ek wol it 'Beverly Hills' fan Phoenix neamd (wermei't it him ta dy sted ferhalde soe sa't Beverly Hills him ta Los Angeles ferhaldt).

Scottsdale grinzget yn it westen oan Phoenix , Paradise Valley en unynkorporearre plattelan ; yn it noardwesten oan Carefree; yn it noarden oan it Nasjonaal Wald Tonto, yn it easten oan Fountain Hills, it Regionaal Park McDowell Mountain en mear unynkorporearre plattelan; yn it sudeasten oan it Salt River Yndianereservaat; en yn it suden oan Tempe. Scottsdale is in woltierige sted mei in soad lukse hotels , grutte huzen , en tal fan golfbanen, tennisbanen en parken . It klimaat nuget winterdeis ut om butendoar te ferkearen, mar by 't simmer is it der gleonhjit en kin men midden op 'e dei better yn 'e hus bliuwe. De sted stiet bekend om ferskate grutte jierlikse eveneminten , te witten: it Scottsdale Arts Festival, de Scottsdale Arabian Horse Show en de Barrett-Jackson Auto Show.

Les fierder


besjen


Wike 30

Dolly Buster , echte namme : Nora Baumberger , en berne as: Nora Dvo?akova ( Praach , 23 oktober 1969 ), is in Tsjechysk - Dutsk earder neakenmodel en pornografysk aktrise dy't karriere makke hat yn 'e Dutske pornoyndustry . Sunt 1996 is se aktyf as porno produsinte en - regisseur , en fierders as mainstream - aktrise , skriuwster fan detektive romans en keunstskilderesse . Hja hat yn it ferline ek gebruk makke fan 'e artystenammen Mandy Dvorjack, Mandy Rice en Kate?ina Bochni?kova. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75?m, mei kupmaat 38DD, werfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje undergien hat.

Les fierder


besjen


Wike 31

It Frysk Kampioenskip Fierljeppen ( Nederlansk en offisjeel: Fries Kampioenschap Fierljeppen ) is in wedstryd fierljeppen om it kampioenskip fan Fryslan , dy't elts jier holden wurdt yn it Fryske doarp Winsum . De organisaasje is sunt 1960 yn 'e hannen fan it Frysk Ljeppers Boun . It evenemint wurdt al sunt jier en dei holden op 'e twadde sneon fan 'e moanne augustus . De winner fan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen krijt sunt 1963 de Sulveren Pols.

Les fierder


besjen


Wike 32

De Aleoeten binne in lanseigen, nau oan 'e Eskimo's besibbe folk ut 'e krite fan 'e Beringsee , yn Aazje en Noard-Amearika . Hja libje yn it sudwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Alaska , op 'e nei harren ferneamde eilannegroep de Aleoeten en op it Alaska-skiereilan . Fierders libje se ek op 'e Kommandeurseilannen, yn it uterste easten fan Sibearje , dy't bestjoerlik underdiel utmeitsje fan 'e Russyske Federaasje . Harren taal , it Aleoetysk , heart ta de Eskimo-Aleoetyske taalfamylje . Histoarysk hawwe de Aleoeten in sterke ynfloed fan 'e Russyske taal en kultuer undergien, en teffens hawwe se sterk te lijen han fan sykten dy't troch de blanken nei harren wengebiet ta oerbrocht waarden. Hjoed oan 'e dei binne der sa'n 12.500 Aleoeten, werfan't de grutte mearderheid yn Alaska wennet.

Les fierder


besjen


Wike 33

It Ingelsk (Ingelsk: English ) is in Westgermaanske taal , dy't him untjoech yn it Midsiuwske Ingelan , mar tsjintwurdich ta in wraldwide lingua franca wurden is. It Ingelsk untstie ut 'e taal fan 'e Angelsaksen , in befolkingsgroep dy't oarspronklik fan 'e Noardseekust op it Jeropeeske festelan ofkomstich wie. De Angelsaksyske taalgroep , der't it Ingelsk ta heart, is sadwaande it naust besibbe oan 'e Fryske talen , dy't noch altyd yn dat gebiet sprutsen wurde, mar de wurdskat fan it Ingelsk is sterk beynfloede troch it Aldnoarsk en troch Romaanske talen , yn 't bysunder it Fransk . It Ingelsk is no de of in offisjele taal yn 64 unofhinklike lannen en 31 ofhinklike territoaria , mar wurdt it measte sprutsen yn it Feriene Keninkryk , de Feriene Steaten , Kanada , Austraalje , Sud-Afrika , Ierlan , Nij-Seelan en it Karibysk Gebiet . Mei sa'n 400?miljoen memmetaalsprekkers wie it yn 2006 de op twa nei grutste taal fan 'e wrald (nei it Mandarynsk en it Spaansk ).

Les fierder


besjen


Wike 34

Gentile Bellini ( utspr. : [??n?ti:?le b??li:?ni], likernoch: "dzjen- tii -lee bel- lii -ny"; Feneesje , ± 1429 ? dere, 23 febrewaris 1507 ) wie in Fenesiaansk keunstskilder en tekener fan 'e Fenesiaanske Skoalle. Hy stamme ut in foaroansteand Fenesiaansk laach fan keunstskilders, en waard, alteast yn 'e earste helte fan syn karriere , heger oanslein as syn jongere broer Giovanni Bellini. Tsjintwurdich wurdt Giovanni lykwols runom beskoge as de bettere skilder. Fan 1474 of wie Gentile Bellini de offisjele portrettist fan 'e doge fan 'e Republyk Feneesje , mar de measten fan dy portretten binne letter by in bran ferlern gien. Bellini syn bekendste skilderij is syn portret fan 'e Osmaanske sultan Mehmed?II, dat datearret ut 1479 .

Les fierder


besjen


Wike 35

Sud-Dakota ( Ingelsk : South Dakota ; utspr. : [sa?θ d?'ko?t?], likernoch "saus de-koo-te"), offisjeel de Steat Sud-Dakota (Ingelsk: State of South Dakota ), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Sud-Dakota wurd byneamd de Coyote State (nei de prerjewolf of koyote) of ek wol de Mount Rushmore State , nei it ferneamde monumint fan Mount Rushmore . De steat is ien fan 'e Dakota's en leit yn it noarden fan it lan. Sud-Dakota wurdt ta de gruttere regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene. De haadsted is Pierre , mar de grutste sted is Sioux Falls. Neffens in skatting ut 2014 hie de steat doe 853.000 ynwenners, wermei't it kwa befolkingsgrutte de 46e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Sud-Dakota mei krapoan 200.000?km² de 17e steat. Sud-Dakota stiet bekend om it Mount Rushmore -monumint, de Black Hills , de grutte Yndianereservaten en it histoaryske Bloedbad fan Wounded Knee .

Les fierder


besjen


Wike 36

De Kanaryske dogge , ek wol bekend as de dogo Canario , de perro de presa Canario , de Kanaryske Molosser of de Kanaryske mastyf , is in grut huneras dat ofkomstich is fan 'e Kanaryske Eilannen en oarspronklik fokt waard om fee te beskermjen. It is in hun fan it type Molosser, en wurdt klassifisearre as in hiem- en ferdigeningshun. Op 'e Kanaryske Eilannen en mank fokkers fan it ras wurdt de namme faak ferkoarte ta presa Canario of koartwei presa . Kanaryske doggen wurdt gauris misbrukt foar it halden fan hunegefjochten. Dit huneras kin gefaarlik weze as eigners net witte hoe't se der mei omgean moatte. Dat hat yn it ferline ta ferskate deadlike oanfallen op minsken laat.

Les fierder


besjen


Wike 37

Freark fan Hallum (wierskynlik berne as: Freark Doedes ; kleasternamme : Fredericus ; Hallum , ± 1113 ? dere, 3 maart 1175 ) wie in Frysk roomsk pastoar , dy't yn syn berteplak Hallum yn 1163 it norbertynske Kleaster Mariengaarde oprjochte. Ut 'e ferhalen dy't oer him oerlevere binne, komt er nei foarren as in from man, strang yn 'e lear, mar ek rjochtfeardich. Hy bestege in protte tiid en muoite oan it bestriden fan earmoede . Freark waard nei syn ferstjerren ta hillige ferklearre. Syn ferearing fynt plak op syn stjerdei: 3?maart .

Les fierder


besjen


Wike 38

In baan is yn 'e astronomy en de natuerkunde de troch swiertekreft krom makke beweging fan in objekt om in oar, grutter objekt hinne. Yn 'e regel giet it derby om in himellichem lykas in stjer der't planeten omhinne draaie, of in planeet der't moannen omhinne draaie. Men hat it derom yn dizze kontekst faak oer in 'baan om 'e sinne ' of in 'baan om 'e Ierde '. Yn wittenskiplike fermiddens wurdt ynstee fan 'baan', dat sa'n soad oare betsjuttings hat, faak de sekuerdere Ingelske term orbit brukt. Men sprekt fan in orbitale baan as it lytsere objekt teminsten ien folsleine omsirkeling fan it gruttere objekt foltoget. Is dat net it gefal, dan sprekt men fan in suborbitale baan . De tuke fan 'e wittenskip dy't him dwaande haldt mei de berekkening fan sokke banen, hjit de himelmeganika.

Les fierder


besjen


Wike 39

W. Kamau Bell (folut: Walter Kamau Bell ; Palo Alto ( Kalifornje ), 26 jannewaris 1973 ) is in Amerikaansk komyk en dokuminteremakker fan Afro-Amerikaansk etnysk komof . Buten de Feriene Steaten is er benammen bekend wurden fan syn dokuminteresearje United Shades of America , weryn't er yn eltse oflevering op besite giet by in oare minderheid of befolkingsgroep yn syn heitelan. Dernjonken hat er ek wurke as presintator fan tillefyzje - en radioprogramma's en podcasts, en as produsint fan tillefyzjeprogramma's. Bell is blogger , essayist en de skriuwer fan in autobiografysk boek . As aktivist kantet er him o sa oan tsjin rasisme en alle oare foarmen fan diskriminaasje.

Les fierder


besjen


Wike 40

Skanderbeg (Albaneesk: Skenderbeu of Skenderbej ; wiere namme : Gjergj Kastrioti ; helenisearre foarm: George Castriotis ; noardeastlik Albaanje , 6?maaie 1405 ?? Lezhe, 17?jannewaris 1468 ) wie in Albaneesk ealman , ofsier en politikus , dy't yn syn jonkheid yn it leger en de amtnerij fan it Osmaanske Ryk tsjinne, mar yn 1443 lieding joech oan in opstan yn it hjoeddeiske Albaanje en Masedoanje tsjin datselde Osmaanske Ryk. Derby hied er earst de stipe fan 'e Republyk Feneesje en letter fan it Keninkryk Napels. Hy hold in fearnsiuw lang stan, oant syn dea yn 1468 , mar neitiid waard de rebulje de kop yn drukt troch de Osmanen.

Hjoed de dei wurdt Skanderbeg sjoen as in Albaneeske folksheld en syn opstan as in ier foarbyld fan Albaneesk nasjonalisme , mar eins gie it barren oan 'e hiele sudlike helte fan Albaanje foarby, wylst in grut diel fan 'e folgelingen fan Skanderbeg ut etnyske Serven, Montenegrinen , Flachen en Griken bestie. Hoewol't it religieuze aspekt tsjintwurdich ofswakke wurdt troch de (fierhinne islamityske ) Albanezen, moat de opstan fan Skanderbeg dochs fral sjoen wurde yn it ramt fan kristlik ferset tsjin 'e utwreiding fan 'e islaam . Skanderbeg foarme lange tiid in obstakel foar in fierdere Osmaanske opmars yn Jeropa en joech dermei de kristlike steaten yn Itaalje en op 'e noardlike Balkan de tiid om har op 'e striid tsjin 'e Osmanen ta te rieden.

Les fierder


besjen


Wike 41

De kapibara ( wittenskiplike namme : Hydrochoerus hydrochaeris ), ek wol de gewoane kapibara neamd om him te underskieden fan syn behindiger famyljelid de lytse kapibara ( Hydrochoerus isthmius ), is in suchdier ut it skift fan 'e kjifdieren ( Rodentia ), de famylje fan 'e kavia-eftigen ( Caviidae ) en it skaai fan 'e kapibara's ( Hydrochoerus ). Dit bist is it grutste kjifdier fan 'e wrald (mei ruchwei de grutte fan in skiep), en komt runom foar yn grutte dielen fan Sud-Amearika . Kapibara's binne frij nau besibbe oan u.m. de huskavia , en libje yn groepen fan soms wol hundert eksimplaren deunby wetter, der't se har tige yn thusfiele. De namme "kapibara" komt ut 'e Yndiaanske Tupy-taal, en is in ferbastering fan ka'apiuara , in yngewikkelde gearstalling fan kaa ("bled"), pii ("smel"), u ("ite") en ara (in grammatikaal suffiks ), mei de letterlike betsjutting: "iter fan smelle bleden" (frij fertaald "gersiter").

Les fierder


besjen


Wike 42

De Peloponnesos ( Gryksk : Πελοπ?ννησο?, Peloponn?sos of Peloponn?sos ) is in grut skiereilan en in tradisjonele regio yn it suden fan Grikelan . Dit gebiet sit inkeld troch de smelle Laningte fan Korinte , yn it noardeasten , fest oan 'e rest fan it Grykske festelan , en wurdt der fierders fan skaat troch de Golf fan Korinte. Under de Osmaanske hearskippij stie it skiereilan fan 'e Midsiuwen of bekend as de Morea (Gryksk: Μωρ?α?, Moreas ), in namme dy't it yn it aldendeiske spraakgebruk yn Grikelan noch altyd wjerklang hat ( Nijgryksk : Μωρι??, Morias ). Yn 2011 hie de Peloponnesos in befolking fan 1,1?miljoen ynwenners. De de facto haadsted en teffens de grutste sted is Patras, oan 'e noardkust .

Les fierder


besjen


Wike 43

Rinse Brink (folut: Rinse Jan Hendrik Brink ; Hornhuizen , 15 augustus 1894 ? Ljouwert , 22 augustus 1980 ) wie in Frysk keatser en predikant dy't yn 'e iere tweintichste iuw trije kear de PC wun. Teffens ried er de Alvestedetocht fan 1917 . Brink wurdt no sjoen as ien fan 'e alderbeste keatsers ut 'e skiednis, benammen wat it opslaan oangiet. Boppedat waard er by syn libben algemien as ien fan 'e sympatykste keatsers beskoge. Nei't er syn yn syn amt befestige wie as dumny , keatste er lykwols nea wer.

Les fierder


besjen


Wike 44

Tess fan de D'Urbervilles (oarspronklike Ingelske titel : Tess of the d'Urbervilles ) is in roman fan 'e han fan 'e Ingelske skriuwer Thomas Hardy ( 1840 - 1928 ). It boek waard foar it earst utjun yn 1891 , mei as undertitel A Pure Woman Faithfully Presented . Tess fan de d'Urbervilles is in trageedzje , dy't alderearst yn in yngripend sinsurearre ferzje as fuljeton yn in krante ferskynde. Hoewol't it hjoed de dei beskoge wurdt as in wichtich underdiel fan 'e Ingelsktalige literatuer , krige Tess of the d'Urbervilles by de publikaasje tige mingde resinsjes , fral ek om't it de besteande seksuele moraal yn it Fiktoriaanske Ingelan oanfocht. Yn 2010 waard it boek oerset yn it Frysk troch Geart fan der Mear .

Les fierder


besjen


Wike 45

Vytautas Landsbergis ( utspr. : ['v?i:t???t??s? '??:n??ez?b??r????s?], likernoch "vjiitautus lanjeezbjergjis"; Kaunas, 18 oktober 1932 ) is in Litousk konservatyf politikus , musikolooch , heechlearaar en publisist , dy't yn 1990 bekendheid krige as de lieder fan 'e Litouske unofhinklikheidsbeweging S?j?dis. Nei in heale iuw fan besetting troch de Sovjet-Uny wisten de Litouwers yn 1991 under syn lieding op 'e nij baas yn eigen hus te wurden. Derby wie Landsbergis twa jier lang feitliken presidint fan Litouwen, en letter ferfolle er de funksje fan parlemintsfoarsitter en waard er foar syn lan lid fan it Jeropeesk Parlemint .

Les fierder


besjen


Wike 46

De Grutte of Sint-Bavotsjerke is in oan de hillige Bavo wijd tsjerkegebou oan de Grutte Merk fan de Noardhollanske sted Haarlim . De Midsiuwske krustsjerke waard yn de perioade 1370 oant 1520 boud yn it alde sintrum fan de sted . It is in goatyske tsjerke, dy't in 78? meter hege let-goatyske houten fieringtoer op it snijpunt fan it middenskip en it dwersskip hat. Oarspronklik wie de Grutte of Sint-Bavotsjerke in sljochtwei roomske tsjerke, en pas yn 1559 waard it de katedraal fan it doe oprjochte bisdom Haarlim. Mei de Reformaasje waard de tsjerke geskikt makke foar de protestanske earetsjinst.

Les fierder


besjen


Wike 47

Lukresia Borgia ( Italjaansk : Lucrezia Borgia , utspr. : [lu'kr??a 'b?r?a ], likernoch: "lu-kret-tsja bor-dzja"; Subiaco, 18 april 1480 ? Ferrara, 24 juny 1519 ) wie in Italjaansk ealfrouwe en de oerwune dochter fan paus Aleksander?VI. Hja wie ferneamd om har skientme , en waard neitiid berucht doe't Niccolo Machiavelli har yn syn boek De Foarst opfierde as foarbyld fan 'e 'fatale frou', dy't manlju yn 'e fale lokke en ut 'e ljochten holp . Yn wurklikheid waard Lukresia ta har eigen skea misbrukt as pion yn 'e unmeilydsume polityk fan har heit en dy syn famylje . Hja waard trijeris uthylke , en krige mei har trede man acht bern foar't hja yn 1519 yn it kreambed ferstoar .

Les fierder


besjen


Wike 48

De kilt ( Ingelsk en Skotsk : kilt ; Skotsk-Gaelysk : feileadh ) is in knibbellange rok dy't underdiel utmakket fan 'e Skotske dracht en teffens fan 'e dracht fan guon oare Keltyske gebieten . Dit stik klean wurdt ornaris makke fan in weve wollene stof yn in tartanpatroan. De kilt wurdt it meast troch manlju droegen, mar kin ek troch froulju droegen wurde, en is gaadlik foar sawol formele as ynformele gelegenheden. De moderne kilt komt fuort ut tradisjonele sechstjinde-iuwske dracht fan manlju en jonges yn 'e Skotske Heechlannen , en is sunt de njoggentjinde iuw unferbreklik ferbun rekke mei de bredere kultuer fan hiel Skotlan .

Les fierder


besjen


Wike 49

De oerfal op it Hus fan Bewar yn 'e Fryske haadsted Ljouwert wie in butengewoan suksesfolle operaasje fan it Fryske ferset yn 'e Twadde Wraldoarloch . Derby waarden op 8?desimber 1944 , sunder dat der in skot lost waard, 51 fersetslju befrijd ut harren sellen yn 'e Ljouwerter Blokhuspoarte . Under harren wie plysjeman Jurjen Dreeuws , dy't in protte wist fan de Fryske undergrunse, sadat de Dutsers it ferset in swiere slach tabringe kinnen hiene as se him oan 'e praat krije kinnen hiene. De lieding fan 'e oerfal wie yn 'e hannen fan Piet Oberman , de foaroanman fan 'e Knokploech (KP) yn Fryslan . It wie ien fan 'e spektakulerste finzenisuntsnappings yn 'e skiednis en in hichtepunt ut 'e Nederlanske besettingstiid. Yn 1962 waard dit barren ferfilme under de titel De Overval .

Les fierder


besjen


Wike 50

In Komeedzje Fol Fersinnen , yn it oarspronklike Ingelsk : The Comedy of Errors , is in toanielstik fan 'e han fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare . It is ien fan syn ierste en teffens kluchtichste stikken, der't in grut part fan 'e humor yn fersoarge wurdt troch slapstick en fersin fan identiteit. The Comedy of Errors fertelt it ferhaal fan twa pear ienaaiige twillingen dy't koart nei har berte unbedoeld utinoar helle binne. As it iene pear tafalligerwize it wenplak fan it oare pear besiket en der yn kontakt komt mei famylje en goekunde fan dat oare pear, liedt dat ta in rige wylde fersinnen dy't utrinne op mear as ien ferkeard utdield wan bruien, in mei in skamper ofrune ferlieding, in foute arrestaasje en falske beskuldigings fan untrou , stellerij , sljochtsinnigens en demoanyske besettenens . Men is fan tinken dat de komeedzje skreaun weze moat yn 'e perioade 1589 - 1595 . De Fryske oersetting fan Douwe Kalma datearret fan 1956 , en waard yn 2007 werutjun troch Utjouwerij Bornmeer , yn ien ban mei twa oare komeedzjes fan Shakespeare .

Les fierder


besjen


Wike 51

George Vancouver ( King's Lynn ( Ingelan ), 22 juny 1757 ? Petersham ( Ingelan ), 10 maaie 1798 ) wie in Britsk marine - ofsier en untdekkingsreizger fan Ingelsk komof . Hy waard ferneamd troch de Vancouver-ekspedysje, in maritime untdekkingstocht dy't fan 1791 oant 1795 under syn lieding plakfun en werby't de kusten fan Alaska , Britsk-Kolumbia , Washington en Oregon oandien waarden. Vancouver ferkende ek de Hawai-eilannen en de sudwestkust fan Austraalje . Yn Kanada waarden letter de sted Vancouver en Vancouvereilan nei him ferneamd, en yn 'e Feriene Steaten de sted Vancouver (Washington) . Fierders drage ek twa bergen , in rivier en in mar syn namme .

Les fierder


besjen


Wike 52

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium ( Nederlansk en offisjeel: Koninklijk Eise Eisinga Planetarium ) is in planetarium yn 'e Fryske sted Frjentsjer , dat yn 'e achttjinde iuw yn syn wenhus eigenhandich boud waard troch de wolkjimmer Eise Eisinga . It folsleine bouwurk (it hus ynbegrepen) is no in museum mei de status fan ryksmonumint . It publyk kin him der fernuverje om 'e kunde fan Eisinga, dy't in autodidaktysk astronoom wie, mar fan berop eins gewoan wolkjimmer . It Eise Eisinga Planetarium is it aldste noch wurkjende planetarium fan 'e wrald.

Les fierder


besjen