Sven Kramer

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde utnuge om der in begjin mei te meitsjen



Sven Kramer
sporter
Kramer by it WK Oer-alles 2007
Kramer by it WK Oer-alles 2007
persoanlike bysunderheden
bertedatum 23 april 1986
berteplak It Hearrenfean
lingte 1,87 m
sportive ynformaasje
sport reedriden
underdiel Langebaan
trener Gerard Kemkers
earste titel NK oer-alles, 2005
O.S. Turyn 2006 - Fankoever 2010 - Sotsjy 2014 - Pyeongchang 2018
debut 2004

Sven Kramer ( Aldskoat , 23 april 1986 ) is in Fryske reedrider ut Aldskoat . Hy is in soan fan ald maraton - en reedrider Yep Kramer .

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kramer yn de belslide op Thialf

Yn 2004 wun Kramer, noch mar 18 jier, en dermei junior, unferwachts it Nederlansk kampioenskip reedriden oer-alles yn Thialf . Dermei fertsjinne hy in startbewiis foar syn earste Europeesk Kampioenskip , der't hy op 9 jannewaris 2005 twadde waard. Krap in moanne letter, op 6 febrewaris , waard hy yn Moskou tredde op syn earste wraldkampioenskip oer-alles .

Op 19 novimber 2005 , under de tariedings foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn , ferbettere Kramer by in Wraldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wraldrekord op de 5.000 m fan Chad Hedrick , dat net mear as in wike ald wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide under de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de leste bocht under syn tsjinstanner troch en sette in nije wraldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard er efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.

In seizoen letter kaam Kramer hielendal los. Hy wun trije ofstanen op it NK Oer-alles . Twa moanne letter wint Kramer yn Kollalbo it JK Oer-alles . Mei twa nije wraldrekords, op de 5.000 en de 10.000 meter, waard er mei oermacht kampioen. Noch ris fjouwer wiken letter liet Kramer yn Thialf op It Hearrenfean opnij sjen de beste te wezen. Hy wun de 5.000 en de 10.000 meter, waard op de 500 meter fiifde en op de 1.500 meter tredde. Dermei waard Kramer Wraldkampioen Oer-alles.

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kramer hat sunt begjin 2008 in relaasje mei hokkyspylster Naomi van As . Op 21 oktober 2018 kaam harren earste bern te wrald, in sune dochter mei de namme Kae Robin Kramer.

Grutste suksessen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nederlansk kampioen Oer-alles [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Datum Plak
2004 19 desimber Thialf , It Hearrenfean
2007 30 desimber Kardinge, Grins

Jeropeesk kampioen Oer-alles [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Datum Plak
2009 11 jannewaris Thialf , It Hearrenfean
2010 10 jannewaris Vikingskipet, Hamar
2012 8 jannewaris Varosligeti Mujegpalya, Boedapest
2013 13 jannewaris Thialf , It Hearrenfean
2015 11 jannewaris Oeralskaja Molnija, Tsjeljabinsk
2016 10 jannewaris Minsk Arena, Minsk
2017 8 jannewaris Thialf , It Hearrenfean
2019 13 jannewaris Arena Ritten, Collalbo

Wraldkampioen Oer-alles [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Datum Plak
2007 11 febrewaris Thialf , It Hearrenfean
2012 19 febrewaris Krylatskoje, Moskou
2013 17 febrewaris Vikingskipet, Hamar
2015 8 maart Olympic Oval, Calgary
2016 17 febrewaris Sportforum Hohenschonhausen, Berlyn
2017 5 maart Vikingskipet, Hamar

Olympyske Spullen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Datum Ofstan Medalje Plak
2006 11 febrewaris 5 km Sulver Sulver Turyn
2010 13 febrewaris 5 km goud Goud Vancouver
2014 8 febrewaris 5 km goud Goud Sotsji
2018 11 febrewaris 5 km goud Goud Pyeongchang
2005


Persoanlike rekords [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ofstan Tiid Datum Baan
500 meter 36,17 27-12-2009 It Hearrenfean
1.000 meter 1.09,77 28-02-2015 Calgary
1.500 meter 1.43,54 11-12-2009 Salt Lake City
3.000 meter 3.35,93 19-12-2020 It Hearrenfean
5.000 meter 6.03,32 17-11-2007 Calgary
10.000 meter 12.38,89 11-02-2017 Gangneung
efterfolging 3.34,68 15-02-2020 Salt Lake City
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sven Kramer fan Wikimedia Commons .