Italjaansk

Ut Wikipedy
Italjaansk
algemien
eigen namme Italiano
lanseigen yn Itaalje , Switserlan ( Ticino en Graubunden ), San Marino , Fatikaansted . Ek yn de grinsgebieten fan Sloveenje , Frankryk en Monako . Yn Kroaasje benammen troch alderen. As ymmigrantetalen yn u.o. Feriene Steaten , Argentynje en Brazylje
tal sprekkers 65.000.000
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
taalstatus
offisjele status offisjele taal
taalkoades
ISO 639-1 it
ISO 639-2 ita
ISO 639-3 ita

Italjaansk is in Romaanske taal dy't oeral op de wrald troch om-ende-by 65 miljoen minsken sprutsen wurdt. It is de offisjele taal fan Itaalje , San Marino , Fatikaansted en yn parten fan Switserlan . Yn de taal binne in soad dialekten te underskieden.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Italjaansk stamt of fan it fulger Latyn , de sprutsen ferzje fan de Romeinske taal, dy't lange tiid neist de offisjele skreaune ferzje bestie en der't ek alle oare Romaanske talen ut foartkomme. De aldste teksten yn de taal komme ut de 10e iuw . Fierders is der protte ut de 14e iuw , bygelyks de wurken fan de ferneamde Florentyske Dante Aligiery , mar ek dat fan Petrarsa en Bokkakkio . Dizze trije wurde beskoge as de grunlizzers fan de Italjaanske literatuer.

Taal en dialekten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It standert-Italjaansk hat him untwikkele ut it dialekt dat yn de 14e iuw sprutsen waard yn Toskane (de omkriten fan Florans ). Yn dat dialekt skreau Dante Aligiery syn Divina Commedia . Oars as faaks tocht wurdt, binne de dialekten yn Itaalje net oflaat fan it standert-Italjaansk, mar komme se allegearre fuort ut it fulger Latynsk.

De ferskate dialekten ferskile nochal fan it standerd-Italjaansk. Foar de komst fan de telefyzje koenen de measte Italjanen allinnich har eigen pleatslik dialekt sprekke en koenen sy har underling amperoan ferstean en begripe.

Op Korsika en parten fan Sardynje wurde dialekten sprutsen dy't in soad lykje op dy fan de festewal, mar dy't om kultuerele redenen faak sjoen wurde as op himsels steande talen, utsein it Logudoreesk dat yn alle gefallen wol as in aparte taal beskoge wurdt.

Skrift [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Italjaansk wurdt skreaun yn it Latynske alfabet . It wurdt fonetysk skreaun, wat der op del komt dat ien dy't de utspraakregels ken, net folle muoite hawwe sil mei it skriuwen en fansels oarsom. Ek wurde yn it Italjaansk alle wurdlidden fan in wurd utsprutsen. It Italjaanske alfabet bestiet ut 21 letters, de J, K, W, X en Y untbrekke, mar kinne wol foarkomme yn lienwurden ut bygelyks Gryksk en Ingelsk . Italjaanske wurden einigje sawat altyd op in lud.

Grammatika [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Geslachten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Italjaansk ken twa geslachten: manlik en froulik. Haadwurden dy't op in -o einigje binne sawat altyd manlik, haadwurden dy't op in -a einigje binne sawat altyd foulik. De haadwurden dy't op in -e einigje kinne sawol manlik as foulik weze. [1]

Meartal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De meartalsfoarming is yn it Italjaansk tige ienfaldich. De haadwurden einigje yn it inkelfald sawat altyd op -o, -a of -e. Haldt it wurd op mei in -o of -e dan wurdt it y as meartal -i, bygelyks by letto - letti (bed - beden). Haldt it wurd op mei in -a, dan wurdt it meartal -e, bygelyks chiesa - chiese (tsjerke - tsjerken). In protte lienwurden, wurden dy't einigje op in twalud (film), wurden dy't oflaat binne fan in oarspronklik langere foarm (foto fan fotografia) en wurden mei in aksint op it leste wurdlid (tabu) feroarje as meartal net.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berloco 2018