Geart Aeilco Wumkes

Ut Wikipedy
Geart Aeilco Wumkes
Geart Aeilco Wumkes
Geart Aeilco Wumkes
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 4 septimber 1869
berteplak De Jouwer
stoarn 7 maaie 1954
stjerplak Huzum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt teolooch, histoarikus
aktyf as publisist, predikant
bekendste
  wurk(en)
Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900) , "Wumkesbibel"

Geart Aeilco Dirks Wumkes ( De Jouwer , 4 septimber 1869 - Huzum , 7 maaie 1954 ) wie in Frysk teolooch en histoarikus .

Libbensrin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wumkes waard yn 1869 berne yn in otterdoksk-protestantske hushalding fan Eastfrysk komof. Syn heit Dirk Wumkes wie fabrikant fan naaijern. Nei de legere skoalle en de Franske skoalle op De Jouwer dien te hawwen, ferbleau hy fan 1883 oant 1889 op it ynternaat Ruimzicht yn Doetinchem , dat doe under lieding stie fan de troch it Reveil ynspirearre dumny J. van Dijk (der't Wumkes yn 1917 in biografy oer skriuwe soe).

Nei syn studzje teology yn Doetinchem en dernei yn Utert waard hy herfoarme dumny yn Hoarn op Skylge , yn Roan , Stryp en yn in Snits . Hy wie mei oprjochter yn 1908 fan it Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer . Ds. Wumkes wie fan 1910 oant 1936 learkreft Hebriuwsk op it Snitser Gymnasium. Yn 1924 waard er beneamd ta bibletekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de Fryske underwiisrie , dy’t bysundere learstuollen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn Amsterdam en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan Fryslan .

Yn 1900 troude Wumkes mei Alida Sap (1871-1945), dochter fan in skipsgesachfierder. [1] Tegearre krigen se in dochter en twa soannen: Margaretha Alida Wumkes (1902-1996), de mem fan skriuwer Dirk Ayelt Kooiman (1946-2018), Dirk Aijelt Wumkes (1904-1995), learaar oan in gymnasium, en ds. Ate Dirk Wumkes (1911-2001), ek predikant.

Wumkes ferstoar op 7 maaie 1954 op 84-jierrige leeftyd yn Huzum.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wumkes

Fryske preken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ds. Wumkes hat in soad betsjutten foar de Fryske taal. Hy wie dumny en hy wie de earste dumny dy’t in preek yn it Frysk die. Dat die er op 3 jannewaris 1915 yn de Herfoarme tsjerke fan Tsjom . Hy sei: Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat . Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy't allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolusjonere foarnimmen oan. De ferbjustere diakens en alderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke ut, sy woe de tsjinst allinnich yn it Nederlansk (Tale Kanaaansk) hearre. Hja run de tsjerke ut mei de wurden "Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke". It soe Wumkes net untmoedigje en hy preke dernei noch gauris yn it Frysk. De teksten fan syn Fryske preken waarden samle en mei in soad sukses utjun. [2]

Kristlik Frysk Selskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neidat hy yn 1904 yn Snits beroppen wie as predikant, untwikkele Wumkes him ta in foaroansteand man binnen de Fryske Beweging. Yn 1908 wie hy belutsen by de oprjochting fan it Kristlik selskip for Fryske tael en skriftekennisse (letter omdoopt yn it Kristlik Frysk Selskip ). Dy feriening rjochte him yn it earstoan benammen op de bestudearring fan de Fryske taal en literatuer , mar lei him yn de jierren tweintich mear ta op de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk. Fan 1909 oant 1918 wie Wumkes redakteur fan Yn us eigen tael , it moannebled fan it 'Kristlik Frysk Selskip'.

Deputearre [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wumkes waard yn 1928 troch Deputearre Steaten fan Fryslan beneamd as foarsitter fan de doedestiids troch himsels oprjochte Fryske Provinsjale Underwiisried (de Underwiisried ). Hy soe dy funksje tweintich jier beklaaie. De Underwiisried bepleite dat it Frysk op legere skoallen as fak talitten wurde soe, wat nei in soad diskusje yn 1937 mei in utwreiding fan de 'Leger Underwiiswet 1920' yndie op lytse skeal mooglik makke waard. Al wie it risseltaat fan de wetswiziging nei objektive mjitsteven lyts, se waard troch Wumkes en oare Fryske lobbyisten as tige wichtich beskoge.

Fryske Akademy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Geart Aeilco Wumkes

Yn 1938 wie Wumkes ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy yn Ljouwert , dat him ta it sintrum foar wittenskiplik undersyk en underwiis untwikkelje soe.

Bibeloersetting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei syn pinsjoen begun Wumkes oan syn moaiste projekt, lykas er it sels sei: it oersetten fan de Bibel yn it Frysk. Mei stipe fan E.B. Folkertsma brocht Wumkes it Nije Testamint ut yn 1933 en it Alde Testamint yn 1943 . De "Wumkesbibel" soe oant 1978 de iennige komplete Fryske bibeloersetting bliuwe.

Bibletekaris [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wumkes wie fan 1924 oant 1940 bibletekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslan , der't er tagong hie ta in protte boarnen, lykas de jiergongen fan de Ljouwerter Krante . Wumkes publisearre ut dy boarne geregeldwei yn it tydskrift De Vrije Fries en yn it Nijsbled fan Fryslan. Yn 1930 waard de Stads en Dorpskroniek van Friesland utbrocht yn druk, oer de perioade 1700-1800; diel twa oer de jierren 1800-1900 kaam fjouwer jier letter ut.

Histoarikus [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn syn libben skreau Wumkes in soad histoaryske studzjes, biografyen en boekbesprekkings, der't 'Tusschen Flie en Borne. Schetsen uit de geschiedenis van Schellingerland' (1900) de earste fan wie. Syn artikels waarden publisearre yn de tydskriften It Beaken , Frisia , It Heitelan , De Holder , Sljucht en rjucht , De Stim fen Fryslan en De Weitstrop . Tusken 1913 en 1928 skreau Wumkes mear as tweintich - gauris manske - bydragen foar de De Vrije Fries , it tydskrift fan it Frysk Genoatskip , der't hy jierrenlang lid fan wie. Ymposant is it feit dat hy tusken 1911 en 1937 mear as tuzen lemmata skreau foar it 'Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek', de foargonger fan it 'Biografisch Woordenboek van Nederland'. Derneist wie hy gearstaller fan in fjouwertal manske kompilaasjewurken, dy't hjirunder beskreaun steane.

It Fryske Reveil yn portretten (1911) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wumkes achte it behald fan de ienheid binnen de Nederlanske Herfoarme Tsjerke fan grut belang. Hy hie dan ek belangstelling foar it Reveil , in streaming binnen it protestantske kristendom dy't mear wearde hechte oan in oprjochte persoanlike leauwensbelibbing as oan strange dogmatyk. Fan 1909 of publisearre Wumkes yn 'Yn us eigen tael' biografyske sketsen fan peroanen dy't yn Fryslan in rol spile hiene. Dy libbensbeskriuwings waarden yn 1911 bondele yn 'It Fryske Reveil in portretten', Wumkes syn earste grutte Frysktalige publikaasje. Al kenmerken de bydragen yn dit boek har neffens lettere kritisy troch in gebrek oan ofstan ta de beskreaune persoanen en in te detaillistyske blik, se wurde om it deryn sketste byld fan dat diel fan de protestantske leauwensmienskip dochs fan belang achte. Dit docht under oare bliken ut it feit dat fan it boek noch yn 1998 in Nederlanske oersetting ferskynde.

Bodders yn de Fryske striid (1926) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doe 't Wumkes yn 1924 bibletekaris en haad fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslan wurden wie, krige hy mear tiid om him oan it troch him leave biografyske sjenre ta te lizzen. Dat late yn 1926 ta syn twadde grutte kompilaasjewurk, 'Bodders yn de Fryske striid', in rige libbensbeskriuwings fan persoanen dy't aktyf wiene foar de Fryske taal en kultuer. Ek op dit boek falt nei lettere mjitsteven wol ien en oar oan te merken, trochdat de ynhald faak mear in romantysk as in wittenskiplik karakter hat. As bydrage oan de Fryske skiedskriuwing wurdt Bodders yn de Fryske striid lykwols as in klassiker binnen de Fryske literatuer beskoge.

Stads- en dorpskroniek van Friesland (1930-1934) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch syn wurk yn de Provinsjale Bibleteek fan Fryslan hie Wumkes ienfaldich tagong ta in grut ferskaat oan boarnen foar syn skiedkundige en taalkundige artikels, werunder alle jiergongen fan de yn 1752 oprjochte Ljouwerter Krante . Oan de han derfan skreau hy foar 'De Vrije Fries' en it Nieuwsblad van Friesland in soad artikels. Yn 1930 waarden dy artikels bondele yn de 'Stads- en dorpskroniek van Friesland 1700-1800'. Derby folde hy de perioade foar 1752 oan mei materiaal "uit de Statenresolutie's, Hofsentientien, proklamatieboeken, recesboeken en predikantenlijsten". It twadde diel, de Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900) , ferskynde yn 1934.

Paden fen Fryslan (1932-1943) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wumkes syn grutste kompilaasjewurk is 'Paden fen Fryslan', dat tusken 1932 en 1943 yn fjouwer dielen ferskynde. De measte deryn opnomde artikels beskoge Wumkes sels as oansetten ta fierder wittenskiplik undersyk. Yn it boek steane dan ek in soad noch mar foar in diel utwurke studzjes. Deryn komme dan wol Wumkes syn grutte erudysje en syn each foar details sterk nei foaren, mar se toane tagelyk net folle djipgong. It tredde diel fan de 'Paden fen Fryslan' is lykwols oars fan aard: deryn waarden mear as hundert Fryske oersettings fan brieven, deiboekfragminten en redefierings opnomd.

Wumkes en Grinslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ek de skiednis en streektaal fan Grinslan hiene Wumkes syn belangstelling. Wumkes, dy't Fryslan seach as in brege tusken Skandinavie en Ingelan, miende dat benammen yn de Noard-Grinslanner streken Hunsingoa en Fivelingoa in Fryske ynfloed hiene dy't yn alderlei tradysjes en yn de streektaal werom te finen wie. Dat hy him derfoar ynteressearre blykte yn 1904 ut de underwerpkar fan syn proefskrift , 'De Gereformeerde Kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796)'. Tusken 1906 en 1929 skreau hy faak artikels foar de Grinslanner Folksalmanak. Hy wie redakteur fan it tydskrift 'Groningen' (yn 1916 en 1917) en fan it 'Maandblad Groningen' (fan 1918 oant 1923). Ek levere Wumkes bydragen oan it tydskrift 'Het Noorden' en oan ferskate Grinslanner kranten. Op basis fan artikels fan de yn 1931 ferstoarne Grinslanner histoarikus Jacob Vinhuizen foltoge hy yn 1935 dy syn 'Stads- En Dorpskroniek Van Groningen (1800-1900)'.

Wurken (net folslein) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1891: Het priesterlijk orakel der Hebreen (opstel)
  • 1900: Tusschen Flie en Borne. Schetsen uit de geschiedenis van Schellingerland
  • 1904: De Gereformeerde Kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796) ( proefskrift )
  • 1911-1937: goed tuzen lemmata foar it Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek
  • 1911: It Fryske Reveil yn portretten
  • 1912: Opkomst en Vestiging van het Baptisme in Nederland
  • 1917: Uit het leven en levenswerk van J. van Dijk Mzn., stichter der Doetinchemse Inrichtingen
  • 1926: Bodders yn de Fryske striid
  • 1930: Stads- en dorpskroniek van Friesland (1700-1800)
  • 1932-1942: Paden fan Fryslan (fjouwer dielen)
  • 1933: Nije Testamint (Fryske oersetting mei help fan E.B. Folkertsma)
  • 1934: Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900)
  • 1935: foltoging fan Stads- en dorpskroniek van Groningen (1800-1900) fan Jacob Vinhuizen
  • 1943: Alde Testamint (Fryske oersetting mei help fan E.B. Folkertsma)
  • 1949: Nei sawntich jier. Tinkskriften fan Dr. G.A. Wumkes (autobiografy)
  • 1953: De Pylgerreize (Fryske oersetting fan The Pilgrim's Progress fan John Bunyan )

Ferskaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Op De Jouwer is de Dr. Wumkesskoalle en yn Snits in soarchsinrum nei him ferneamd.
  • Wumkes wie mei-untwerper fan it wapen fan de eardere gemeente Roan. [3]
  • Yn Butenpost, Frjentsjer, It Hearrenfean, De Jouwer, Kollum, Ljouwert, Snits en Stiens binne strjitten nei him neamd.

Keppelingen om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Alida Sap waard op 15 jannewaris 1871 berne oan board fan de skoender "Otto", wer't har heit gesachfierder fan wie. It skip wie underweis fan Rio de Janeiro nei Falmouth (sjoch de berte-akte op AlleFriezen.nl ).
  2. Mei Pinksteren yn maaie 2015 waard dy earste Fryske preek fan 100 jier earder betocht mei de bondel Pioniers sunder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier .
  3. (ned) Nijsbled fan it Noarden , 24 july 1928 - Gemeenteraden: Roden