De
moanne
(symboal:
) is de
natuerlike satellyt
fan 'e
Ierde
. Dit
himellichem
wurdt ornaris oantsjut as "de moanne", mar soms ek wol as "de Moanne", mei in
haadletter
, om te fertsjutskjen dat it om in
namme
giet. Om it ferskil mei moannen yn it miene te fergrutsjen, wurdt (benammen yn
wittenskiplike
fermiddens) ek wol de
Latynske
namme
Luna
brukt. It
eigenskipswurd
dat by de Moanne heart, is
luner
, in ferbuging fan 'e Latynske namme.
De Moanne hat in diameter fan 3.475,6 km. Yn us
sinnestelsel
is dat grut, mar der binne in pear moannen dy't noch grutter binne. It ferhald ta de planeet, de Ierde, der't de Moanne omhinne draait, is noch bysunderder. De diameter fan de Moanne is likernoch in fearn fan dy fan de Ierde. Allinnich
Garon
is, yn ferhald ta
Planeet
, noch grutter. De diameter fan Garon is de helte fan dy fan Pluto.
De massa fan de Moanne dy't it wetter nei him ta lukt, jout it
tij
. De ofstannen en diameters fan de Ierde, de Moanne en de
Sinne
binne sa dat as se op in rige stean, der in
sinnefertsjustering
of in
moannefertsjustering
komme kin. As se net op in rige stean is sjoen fan de Ierde in part fan de moanne ferljochte. Dit hjitte de
skynfoarmen
fan de moanne.
De minsken hawwe lang besocht op de Moanne te kommen. Der binne ek in protte ferhalen oer skreaun. Al om it jier 160 hinne skreau
Lusianus fan Samosata
Vera Historia
, oer in seeskip dat troch in stoarm yn de loft blazen wurdt en op de moanne bedarret. It ferneamdste ferhaal is faaks
In Reis nei de Moanne
fan
Jules Verne
.
Op
14 septimber
1959
berikke de
Luna 2
ut de
Sowjetuny
as earste de Moanne, troch der tsjin te pletter te slaan. In pear jier letter wie it de
Luna 9
dy't op
3 febrewaris
1966
om 18.44.52 (UTC), as earste romteskip op de Moanne lane. It duorre oant
20 july
1969
eart
NASA
der as earste, en oant no ta as ienige, yn slagge minsken op de moanne lanje te litten. Op
21 july
1969 sette
Neil Armstrong
as earste minsk foet op de Moanne, mei de wurden:
That's one small step for man, one giant leap for mankind
("Dat is in lytse stap foar in minske, (mar) in geweldige ljep foar de minsk.") Yn totaal hawwe tolve minske op de Moanne west. De leste misje wie de
Apollo 17
, dy't op
11 desimber
1972
de moanne berikte.