Wurkdei

Ut Wikipedy

In wurkdei is yn it foarste plak in dei dat men wurket , en kin derom lykfol hokker dei weze. Yn it offisjele ferkear wurdt mei de term 'wurkdei' lykwols spesifyk in dei oantsjut dat de measte persoanen mei in foltiids baan wurkje. Yn 'e Westerske maatskippij komt dat tsjintwurdich yn 'e regel del op 'e dagen moandei oant en mei freed . Dy fiif dagen wurde derom mei-inoar ek wol oantsjut as de wurkwike , wylst de beide frije dagen sneon en snein it wykein foarmje. Algemien erkende hjeldagen en oare offisjele frije dagen dy't yn 'e wurkwike falle, wurde net beskoge wurkdagen. Oare kultueren hawwe faak in oare definysje fan wurkdagen; sa binne yn Israel de wurkdagen snein oant en mei freed.

Yn Dutslan , Eastenryk , Lychtenstein en Dutsktalich Switserlan wurdt underskie makke tusken Werktage en Arbeitstage , begripen dy't yn it Frysk beide oerset wurde as 'wurkdagen'. Mar yn 'e Dutsktalige lannen binne Arbeitstage moandei oant en mei freed (utsein hjeldagen en oare offisjele frije dagen), wylst Werktage moandei oant en mei sneon binne (op 'e nij: utsein hjeldagen en oare offisjele frije dagen). Dat underskie soarget by butenlanners gauris foar betizing, benammen as it brukt wurdt foar ferkearsbuorden der't in jildichheidsperioade op neamd wurdt, bgl. foar parkearjen . As men dan Werktage as 'us' wurkdagen ynterpretearret en op sneon earne de auto delset der't dat op Werktage net mei, dan kin men ek noch in fikse boete oprinne.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .