San Marino
is in lan in
Sud-Jeropa
. De haadsted is ek
San Marino
en de twa
Capitani Regenti
fan de republyk binne sunt
2014
Valeria Ciavatta
en
Luca Beccari
.
San Marino is ferdield yn 9 ferskate gemeentes (
castelli
, meartal
castello
yn it
Italjaansk
). De njoggen gemeentes binne:
Nr.
|
Gemeente
|
Gebiet
km²
|
Ynwenners
|
1
|
Castello di Serravalle
|
10,53
|
10.571
|
2
|
Castello di Domagnano
|
6,62
|
3.256
|
3
|
Castello di Faetano
|
7,75
|
1.180
|
4
|
Castello di Montegiardino
|
3,31
|
910
|
5
|
Castello di Fiorentino
|
6,57
|
2.548
|
6
|
Castello di Chiesanouva
|
5,46
|
1.087
|
7
|
Castello della Citta di San Marino
*
|
7,09
|
4.214
|
8
|
Castello di Acquaviva
|
4,86
|
2.096
|
9
|
Castello di Borgo Maggiore
|
9,01
|
6.609
|
|
San Marino
|
61,2
|
32.471
|
* Haadsted fan San Marino
It grutste plak fan de republyk is Dogana, yn de gemeente Serravalle.
Dizze gemeentes binne fierder underferdield yn
frazioni
. Dit is de leechste foarm fan bestjoerlike underferdieling fan San Marino. Yn de praktyk binne it lytse doarpkes en buorskippen.
San Marino is folslein omklamme troch Itaalje, mei in it noarden de
Italjaanske regio
Emilia-Romagna
en yn it suden de regio
Markee
. It lan hat in oerflak fan 60,2km2, likernoch like grut as
It Amelan
, en hat in grinslingte fan 39 kilometer.
[1]
Nei
Fatikaansted
en
Monako
is San Marino it lytste unofhinklike lan fan
Europa
.
[1]
San Marino leit op likernoch tsien kilometer fan de
Adriatyske See
.
San Marino wurdt oerhearske troch it
Apeninenberchtme
. It heechste punt fan it lan is de top fan de
Monte Titano
, mei in hichte fan 749 meter boppe de seespegel. Der binne gjin grutte marren of rivieren yn it lan.
Yn San Marino hearsket in
Mediterraan klimaat
, mei waarme
simmers
mei in soad sinne en mylde, koele
winters
. Simmerdeis lizze de temperatueren tusken de 20 °C en 30 °C, yn de winter tusken de -2 °C en 10 °C. De jierlikse trochsneed temperatuer is 16 °C. Yn kalde winters kin der snie falle op de Monte Titano. Delslach falt it heule jier troch, trochstrings 550 milimeter jierliks.
De wyn komt simmerdeis ut it sud-sudeasten, winterdeis blaast de wyn ut noard-noardeastlike rjochting.
[2]
San Marino hat 32.471 ynwenners (desimber 2012).
[3]
De befolkingstichtens is 533 ynwenners de kante kilometer. It meastepart fan de ynwenners fan San Marino hat de San-Marineeske nasjonaliteit, 83,1%. Der bestiet in grutte minderheid besteande ut Italjanen, hja meitsje 12% fan de befolking ut.
Der libje likernoch 13.300 steatsboargers yn it utlan, benammen yn Itaalje (5.724 minsken), mar ek yn de
Frankryk
(1.881 minsken), de
Feriene Steaten
(2.910 minsken, benammen yn
Detroit
) en
Argentynje
(1.489 minsken).
[4]
De befolkingsopbou fan San Marino sjocht der sa ut:
[5]
- 0-14 jier: 16,9% (werfan manlik 2.635 en froulik 2.452)
- 15-64 jier: 66,2% (werfan manlik 9.538 en froulik 10.429)
- 65 jier en alder: 16,9% (werfan manlik 2.188 en froulik 2.925)
De trochsneed libbensferwachting by de berte is 82,95 jier.
[5]
It leauwe spilet in wichtige rolle yn it libben fan de San Marinezen. Ynwenners hingje benammen de Roomsk-Katolike Tsjerke oan, der wurdt ruze dat mear as 95% dit leauwe belidet.
[6]
Likernoch de helte fan de minsken dy’t Katolyk sizze te wezen binne ek praktisearrend leauwige. San Marino heart ta it bisdom San Marino-Montefeltro, wat in suffragaanbisdom is fan it aartsbisdom Ravenna-Cervia.
Njonken Roomsk-Katoliken bestiet der al foar mear as 600 jier in
Joadske
minderheid yn San Marino.
[7]
De ienichste offisjele taal fan San Marino is it
Italjaansk
. Under benammen de alderein is it Romaanske dialekt
Romagnol
noch in soad yn gebruk.
Fanwegen de sterke toeristyske sektor yn it lan binne in soad ynwenners ek in twadde utlanske taal machtich, it giet benammen om it
Ingelsk
,
Dutsk
en
Fransk
.
De
Consiglio Grande e General
, de Heechste en Generale Rie, wurdt alle fiif jier keazen troch de befolking. Dit parlemint kiest ut syn fermidden twa reginten, foar in perioade fan seis moanne. Dy twa reginten foarmje tegearre mei it kabenet de utfierende macht. De Rie kiest ek de
Consiglio dei XII
, de Rie fan Tolve, dy't foar de sittingtiid fan it parlemint de rjochterlike macht foarmt.
San Marino hat gjin eigen boaiemskatten. It lan wurdt gebrukt foar de lan- en boskbou. Oant de 1960’er jierren libben de San-Marinesen fan de lanbou, feeteelt en de eksport fan stien. Hjoed de dei linet de ekonomy fan San Marino sterk op it toerisme, bankensektor en it fabrisearjen hanwurk. Jierliks besykje mear as twa miljoen minsken San Marino. Dernjonken eksportearret it lan in soad not, wyn, olieven en fruit. De wichtichste produkten fan de hanwurksektor binne keramyk, tegels, meubels, snobbersguod, drank, farve, tekstyl en klean. Eksportprodukten binne benammen wyn en wol, keunstwurken en postsegels. De steat hellet likernoch 60% fan harren ynkommen binne fia de toeristyske sektor. Ymportprodukten binne benammen einprodukten en konsumintenguod, mar ek goud foar de goudsmitten en juwelieren.
It trochsneed ynkommen leit om en de by de 8.580 euro. 52 prosint fan de befolking wurket yn de tsjinstferliening, 41% yn de yndustry en 7% yn de primere sektor.
De haadhannelspartner is Itaalje.