Fox Broadcasting Company

Ut Wikipedy
Fox Broadcasting Company
medium tillefyzje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
oprjochte 1986
haadkertier New York ( New York )
untfangstgeb. Feriene Steaten
    (ek S. Kanada , N. Meksiko )
eigner Fox Corporation
webside www.fox.com
Dizze side giet oer de algemiene tillefyzjestjoerder . Foar de rjochtse nijsstjoerder, sjoch: Fox News .

De Fox Broadcasting Company (faak ofkoarte ta Fox en offisjeel stilearre yn haadletters as FOX ) is in Amerikaansk Ingelsktalich nasjonaal en kommersjeel tillefyzjenetwurk dat utstjoerd fia de eter . It bedriuw is in dochterundernimming fan 'e Fox Corporation , en waard yn 1986 oprjochte as in konkurrint fan 'e 'Grutte Trije' tillefyzjenetwurken ( ABC , CBS en NBC ). It haadkertier is festige oan 1211 Avenue of the Americas yn New York , en njonkenkantoaren sitte yn it Fox Broadcasting Center (ek yn New York) en yn it Fox Television Center yn Los Angeles . De Fox Broadcasting Company moat net betize wurde mei Fox News , in tige rjochtse Amerikaanske nijsstjoerder dy't inkeld fia keabeltillefyzje utstjoerd. Hoewol't Fox News ek underdiel utmakket fan 'e Fox Corporation, binne der gjin direkte underlinge bannen tusken dy stjoerder en de Fox Broadcasting Company.

Namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Fox Broadcasting Company is ferneamd nei de filmstudio 20th Century Fox , der't de stjoerder oarspronklik in 'susterban' mei underhold om't se deselde memme-undernimming hiene. (20th Century Fox waard yn 2019 oankocht troch The Walt Disney Company , mar is noch altyd de grutste leveransier fan programma's dy't troch de Fox Broadcasting Company utstjoerd wurde.) Yndirekt is de Fox Broadcasting Company sadwaande ferneamd nei filmprodusint William Fox , dy't yn 1915 de filmstudio Fox Film oprjochte, ien fan 'e rjochtsfoargongers fan 20th Century Fox.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn maaie 1985 kocht News Corporation , it bedriuw fan 'e Australyske krantemagnaat Rupert Murdoch , in belang fan 50% yn TCF Holdings , de doetiidske memme-undernimming fan 'e Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox . Tagelyk skafte News Corporation foar de priis fan krapoan $ 2,6 miljard ek tillefyzjestasjons oan, dy't oant dy tiid unofhinklik west hiene, yn seis Amerikaanske steden : Chicago , Dallas , Houston , Los Angeles , New York en Washington, D.C. Mei dy oankeapen en troch yn 'e rest fan 'e Feriene Steaten gebruk te meitsjen fan " affiliates ", in Amerikaanske term foar lokale tillefyzjestasjons dy't in formeel gearwurkingsferban mei in grutter lanlik tillefyzjenetwurk hawwe, rjochte TCF Holdings op 9 oktober 1986 de Fox Broadcasting Company op. It wie de bedoeling Fox as fjirde netwurk operearje te litten yn in merk dy't doedestiden folslein behearske waard troch de "Grutte Trije" nasjonale tillefyzjenetwurken: ABC , CBS en NBC .

Fan it begjin of hie Fox it foardiel oer de Grutte Trije dat it him folslein op in jongere generaasje sjoggers rjochtsje koe, wylst de Grutte Trije ek harren aldere sjoggerspublyk besochten fest te halden. Fox koe dertroch better ynspylje op 'e feroarjende smaak fan 'e Amerikaanske jongerein , en syn tillefyzjeprogramma's sochten dan ek faak de rane op fan wat yn 'e Feriene Steaten maatskiplik talitber achte waard. Sa hie Married… with Children , mei syn swarte humor , in grutte ynfloed op alle neikommende Amerikaanske komeedzjesearjes , wylst The Simpson de earste wie fan in hiele rige satiryske tekenfilmsearjes dy't rjochte wiene op folwoeksenen . Oare ynternasjonaal bekende programma's dy't Fox op 'e tillefyzje brocht, wiene komeedzjesearjes as That '70s Show , Malcolm in the Middle , The Bernie Mac Show en Brooklyn Nine-Nine , de plysjesearje Bones , soapsearjes as Beverly Hills, 90210 en Melrose Place , dramasearjes as Party of Five , 24 , The O.C. en House , de komeedzjedramasearje Ally McBeal , de science fiction-tillefyzjesearje The X-Files , tekenfilmsearjes as Family Guy , Futurama , American Dad! en Bob's Burgers , de musicalsearje Glee , en realityprogramma's as American Idol , Who Wants to Marry a Multi-Millionaire? en Temptation Island . Ek it misdieprogramma America's Most Wanted (ferlykber mei it Nederlanske Opsporing Verzocht ) waard troch Fox utstjoerd.

Fox untjoech him foar it earst ta in echte konkurrint fan 'e trije aldere netwurken, doe't it yn desimber 1993 in kontrakt tekene mei de National Football League (NFL). Dertroch krige Fox it rjocht om tenei de Amerikaansk fuotbalwedstriden fan dy sportkompetysje ut te stjoeren, eat dat CBS foartiid sunt 1956 dien hie. Yn 'e 1990-er jierren rjochte Fox fierders in hiel espel tillefyzjekanalen op njonken de haadstjoerder. Derunder wiene yn 1994 de entertainmentstjoerder FX en it filmkanaal FXM (no FX Movie Channel ). Yn 1996 folge it Fox News Channel , in nijsstjoerder fan rjochtse politike sinjatuer, dy't neitiid by in oare poat fan 'e Fox Corporation yndield is, en no neat mear mei de Fox Broadcasting Company te krijen hat. Tusken 1996 en 2000 waarden fierders de belangen fan Fox yn ferskate regionale sportstjoerders konsolidearre yn it yn 1996 oprjochte Fox Sports . Derut kaam it op 'e ynternasjonale merk rjochte Fox Sports World fuort, dat yn 2013 omfoarme waard ta FXX .

It haadkertier fan 'e Fox Corporation en de Fox Broadcasting Company oan 1211 Avenue of the Americas yn New York .

Yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren begun Fox foar it earst ABC en NBC op it med fan sjochsifers te ferslaan, earst oangeande beskate leeftydsgroepen , mar letter ek oangeande it totale sjoggerspublyk. Dermei besette it netwurk fan 2002 of it twadde plak efter CBS. Yn 2005 wie Fox sels it best besjoene Amerikaanske tillefyzjenetwurk foar de leeftydskategory 18 oant 49 jier, wat benammen te tankjen wie oan 'e unbidige populariteit fan 'e talintejacht American Idol . En yn maaie 2008 stribbe Fox CBS foarby as it best besjoene Amerikaanske tillefyzjenetwurk foar alle leeftydsgroepen, in prestaasje dy't taskreaun waard oan 'e tillefyzjeregistraasje fan 'e Super Bowl yn kombinaasje mei it sukses yn it foargeande seizoen fan American Idol en de sikehussearje House . Yn it seizoen 2012 - 2013 sakke Fox lykwols werom, en dy tebekgong sette troch yn it seizoen 2013 - 2014 , doe't alle trije grutte tillefyzjenetwurken Fox foar it earst sunt 2001 foarbygiene op it med fan sjochsifers. Yn it seizoen 2015 - 2016 bettere de sitewaasje foar Fox lykwols op, doe't it netwurk ABC ynhelle en it trede plak besette.

Op 27 july 2018 waard oankundige dat 21st Century Fox it meastepart fan syn underdielen, werunder filmstudio 20th Century Fox , tillefyzjestudio 20th Century Fox Television en de entertainmentstjoerder FX , ferkeapje soe oan The Walt Disney Company , foar de priis fan $ 71,3 miljard. Dat hantsjebakken omfette de Fox Broadcast Company mei sin net, likemin as de keabeltillefyzjekanalen Fox Sports , Fox News en Fox Business , dy't underdiel fan 'e Fox Corporation waarden. Reden foar dy opspjalting fan wat oarspronklik ien grut bedriuw west hie, wie dat Disney al eigner wie fan ABC, en dat de oankeap fan 'e Fox Broadcasting Company derom ut it eachpunt fan monopoaljefoarming tsjinkeard weze soe troch de Federal Communications Commission (FCC). Dy Amerikaanske oerheidsynstansje hat nammentlik regels opsteld om derfoar te soargjen dat nea twa fan 'e fjouwer grutte Amerikaanske tillefyzjenetwurken yn ien han komme kinne. Troch de fuzje tusken Disney en it grutste part fan Fox, dy't op 20 maart 2019 offisjeel waard, yn 'e mande mei de fuzje fan CBS en Viacom op 4 desimber fan dat jier, is de Fox Broadcast Company no it iennichste grutte Amerikaanske tillefyzjenetwurk dat gjin direkte bannen mei in filmstudio hat.

Wurkwize [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fox stjoert ut fia de eter mei 'eigen' tillefyzjestasjons yn Chicago , Houston , Los Angeles , New York en Washington, D.C. (It oarspronklike stasjon yn Dallas is yn 1995 ferkocht.) Dermei kin likernoch 20% fan it Amerikaanske sjoggerspublyk berikt wurde. Dernjonken operearret Fox fia selsstannige lokale tillefyzjestasjons wermei't formele ofspraken sletten binne yn 'e foarm fan in kontrakt . Sokke stasjons hjitte yn it Amerikaanske tillefyzje jargon affiliates ("affiliearden"). Sadwaande hat Fox in frijwol folslein nasjonaal berik yn 'e Feriene Steaten, en fia affiliates dy't utstjoere deunby de noard- of sudgrins kin de stjoerder ek yn grutte dielen fan sudlik Kanada en noardlik Meksiko untfongen wurde.

Op 'e tillefyzjestjoerders fan syn affiliates stjoert de Fox Broadcasting Company ut op primetime , yn 'e iere jun : twa oeren op moandei oant en mei sneon en trije oeren op snein . De rest fan 'e stjoertiid wurdt folle troch de affiliates sels. Dat is minder stjoertiid as de Grutte Trije fan harren affiliates bruke; ABC, CBS en NBC stjoere der nammentlik fan moandei oant en mei sneon trije oeren en op snein fjouwer oeren ut. In oar ferskil fan Fox mei de Grutte Trije is dat Fox fia syn affiliates gjin nasjonaal nijsprogramma of lanlike aktualiteiterubryk utstjoerd, wylst de Grutte Trije dat wol dogge.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .