Telefyzjestjoerder

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tillefyzjestasjon )

In telefyzjestjoerder of tillefyzjestjoerder is in byinoar hearrend tal apparaten en oar reau der't bewegende bylden mei utstjoerd wurde kinne oer de radiofrekwinsjes fan 'e eter . Soks giet fan 'e eigentlike stjoermest nei alle untfangende apparaten ynsafier't dy har binnen it berik fan 'e utstjoering befine. Dizze untfangende apparaten binne telefyzjes . Ornaris wurdt mei de term 'telefyzjestjoerder' net sasear de eigentlike apparatuer bedoeld dy't nedich is om telefyzjebylden ut te stjoeren, mar de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar it utstjoeren fan sokke strukturearre bylden nei in publyk : it telefyzjestasjon of tillefyzjestasjon .

It utstjoeren fan telefyzjebylden kin barre fia analoge telefyzjesynjalen , mar sunt de begjinjierren fan 'e ienentweintichste iuw ek fia digitale telefyzjesynjalen . Telefyzjestasjons dy't inkeld keabeltelefyzje 'utstjoere' kinne eins gjin telefyzjestjoerders neamd wurde, om't der oan keabeltelefyzje feitlik gjin 'utstjoering' te pas komt: it synjaal bliuwt derby beheind ta de bekeabeling dy't fan 'e tillefyzjestudio streekrjocht nei de telefyzjes by it publyk thus rint. In telefyzjestasjon kin op ferskillende frekwinsjes tagelyk utstjoere; sokke ferskillende utstjoerings fan ien stasjon wurde telefyzjekanalen neamd. As in groep telefyzjestjoerders ien organisaasje foarmet (wat yn 'e regel bart as se yn it besit kommen binne fan ien mienskiplike eigner), dan sprekt men fan in telefyzjenetwurk .

Yn 'e Nederlanske kontekst is bgl. de Nederlanske Publike Omrop in telefyzjestjoerder of in telefyzjestasjon, dat trije telefyzjekanalen beheart ( NPO1 , NPO2 en NPO3 ). De kommersjele stjoerders RTL4 en SBS6 binne ek telefyzjestasjons. RTL Nederlan , it bedriuw efter RTL4 , RTL5 , RTL7 en RTL8 , kin oanmurken wurde foar in telefyzjenetwurk, krektlyk as SBS Broadcasting , dat Net5 , SBS6 , SBS9 en Veronica yn besit hat. Telefyzjestjoerders of telefyzjestasjons moatte net betize wurde mei omroppen , dy't in poer Nederlansk ferskynsel foarmje. Dat binne nammentlik utstjoermachtige organisaasjes dy't de stjoertiid fan ien telefyzjestjoerder mei-inoar diele.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .