Realitytelefyzje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Realityprogramma's )
Kim Kardashian , dy't har ferneamdheid te tankjen hat oan realitytelefyzje.

Realitytelefyzje ( reality is Ingelsk foar "realiteit") is in sjenre fan telefyzjeprogramma 's weryn't foarfallen ut 'e realiteit (derfandinne de namme) werjun wurde. Foar soksoarte programma's wurdt dus yn 't foar gjin senario skreaun. Boppedat bestiet de cast yn 'e regel ut lju dy't (noch) unbekend binne. Dit sjenre underskiedt him fan dokuminteres trochdat it him meast taleit op ynterpersoanlike relaasjes en konflikten en trochdat it poer amusemint is, der't de sjogger neat fan opstekt. In bekend patroan dat troch in protte realitytelefyzjeprogramma's folge wurdt, is om 'e dielnimmers yn fermiddens en sitewaasjes te pleatsen der't se oars nea yn bedarre weze soene.

Eleminten en subsjenres [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der besteane in stikmannich opboutechnyske programma-eleminten der't de makkers fan realitytelefyzje har ornaris fan betsjinje, mei as bekendste de saneamd confessionals (letterlik "opbychtings"), werby't de dielnimmers yn in apart hokje foar de kamera harren gedachten en mienings oer de derfoar toande foarfallen fertelle. Sokke confessionals wurde dan tusken de oangeande foarfallen yn montearre, en meitsje mei-iens ek in voice-over oerstallich. In wichtich subsjenre fan realitytelefyzje wurdt foarme troch op 'e telefyzje utstjoerde talintejachten , werby't de dielnimmers sawol op it poadium as efter de skermen folge wurde. Ek by sokke talintejachten kommen in protte gelikense eleminten foar, lykas it eliminearjen fan ien kandidaat per oflevering, de oanwezichheid fan in mearkoppige sjuery en it idee dat men tydlik ymmuniteit foar eliminaasje winne kin troch in beskate opdracht te foltogjen.

In oar spesifyk subsjenre fan realitytelefyzje wurdt foarme troch programma's werby't bekende of unbekende persoanen 24 oeren deis folge wurde troch in kameraploech. Sokke programma's wurde ek wol realitysoaps neamd, om't de ynhald faak wol wat wei hat fan in soapsearje . Ynternasjonaal is Kim Kardashian mei sa'n programma ( Keeping Up with the Kardashians ) bekend wurden, wylst in soartgelikens programma ek makke is oer hardrocker Ozzy Osbourne en syn gesin ( The Osbournes ). Yn Nederlan wurken presintatrise Patty Brard ( Patty's Posse ) en sjongers Frans Bauer ( De Bauers ) en Jan Smit ( Gewoon Jan Smit ) oan sa'n programma mei.

Der bestiet in griis oergongsgebiet tusken realitytelefyzje en oare telefyzjesjenres. Dokuminteres , nijsprogramma's , sportferslachjouwing , praatprogramma's en kwissen wurde net ta realitytelefyzje rekkene, hoewol't ek deryn reality-eleminten foarkomme, lykas it net bestean fan in senario en it dielnimmen fan unbekende lju. Oare sjenres dy't al bestiene doe't realitytelefyzje noch betocht wurde moast, lykas programma's mei de ferburgen kamera en talintejachten (lykas de Playback Show en de Soundmix Show ), wurde soms mei weromwurkjende kreft by realitytelefyzje yndield.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Realitytelefyzje giet as sjenre werom op 'e KRO -searje Nummer 28 , ut 1991 . Fanof de ein fan 'e jierren njoggentich en it begjin fan 'e jierren 2000 krigen realitysearjes as Expeditie Robinson , Big Brother , Peking Express , Wie Is de Mol? , Boer Zoekt Vrouw , Idols , The X Factor , Jersy Shore , Geordie Shore , The Hills , The Valleys en The Voice grut sukses. Derby spile de Nederlanske telefyzjeprodusint John de Mol in grutte rol, mei't hy ferantwurdlik wie foar u.m. Big Brother , The Voice , De Gouden Kooi en Utopia .

Krityk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sunt syn untstean hat realitytelefyzje bleatstien oan in net-oflittende weach fan krityk, dy't him konsintrearret op in stikmannich punten. Yn it foarste plak stroffelje in protte minsken oer it foyeuristyske konsept dat sjoggers achte wurde nocht te belibjen oan oarmans unnocht. Twad is der krityk op 'e bytiden fernederjende sitewaasjes weryn't de dielnimmers pleatst wurde of der't se mei te meitsjen krije, en op 'e eksploitaasje der't se soms oan bleatsteane. Tred wurdt de bewearing fan realityprogramma's dat se neat oars dogge as de realiteit werjaan faak net leaud. Oangeande dat leste punt wolle kritisy hawwe dat der net folle of sels neat "reeels" is oan realitytelefyzje, mei't de dielnimmers yn it foarste plak al yn in keunstmjittige sitewaasje pleatst wurde, en dat de rouwe opnames neitiid ek nochris sa bewurke en montearre wurde dat se it boadskip oerbringe dat de makkers fan it programma wolle dat dermei oerbrocht wurdt. Ta einbeslut wurdt de makkers fan realitytelefyzje gauris ferwiten dat se fulgariteit en materialisme romantisearje.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .