Sjochsifer

Ut Wikipedy

In sjochsifer wurdt foarme troch it statistysk berekkene tal persoanen dat nei in spesifyk tillefyzjeprogramma sjocht. Sokke sifers wurde byholden fan alle programma's dy't yn 'e Westerske wrald en in protte oare lannen en territoaria op 'e tillefyzje utstjoerd wurde. By it berekkenjen fan 'e sjochsifers spylje saken as doelgroep , sjochtichtens en merkoandiel in wichtige rol. Oan 'e han fan 'e sjochsifers kin men gewaar wurde hoefolle minsken nei in beskaat programma sjogge en fan hokker leeftydskategory oft dy sjoggers binne. Op basis derfan wurdt dan wer de priis feststeld dy't bedriuwen betelje moatte om harren reklamespotsjes yn reklameblokken yn of om sokke programma's hinne sjen te litten. Sjochsifers binne ek bepalend foar it slagjen of mislearjen fan in nij tillefyzjeprogramma; as de sjochsifers offalle, helje stjoerders nije tillefyzjeprogramma's oer it algemien nei heechut in wike of seis wer fan 'e tillefyzje of. Mei programma's dy't al langer rinne, wurdt faak wat kulanter omsprongen, mar ek der jildt dat oanhaldende minne sjochsifers uteinlik de ein fan it ferhaal betsjutte.

Sjochsifers yn Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan wurdt it undersyk nei sjochsifers sunt 1 jannewaris 2011 utfierd troch de bedriuwen Intomart GfK en The Nielsen Company yn opdracht fan 'e Stichting KijkOnderzoek (SKO). Foar dat undersyk binne 1.245 hushaldings yn Nederlan (besteande ut likernoch 2.800 persoanen) tarist mei apparatuer by de tillefyzje der't mei registrearre wurdt wa't nei hokker programma sjocht.

Foar santjin Nederlanske tillefyzjestjoerders registrearret Media Xim wat der krekt utstjoerd wurdt. Per utstjoerd elemint wurde begjin- en eintiid registrearre. Foar programma's wurdt festlein wat de krekte titel is en wurdt der in SKO-kodearring rapportearre, dy't oanjout om hokker programma oft it giet. Foar reklamespotsjes wurde merk , submerk , produkt , sektor en advertearder fermelden. Teffens wurdt kontrolearre oft it utstjoerde spotsje oerienkomt mei it spotsje dat de stjoerder fan doel wie op dat tiidstip ut te stjoeren. Dat wurdt dien troch in audio - en byldkontrole . Al dy data wurde moarns betiid keppele oan 'e sjochsifers gearstald troch Intomart en Nielsen, sadat de wichtichste ynformaasje oer in utstjoering de oare moarns al op 'e webside fan 'e SKO stiet.

It heechste sjochsifer dat in tillefyzjeprogramma yn Nederlan ea helle, wie 12,4 miljoen. Derby giet it om 'e heale finale fan it WK fuotbal 2014 , dy't utstjoerd waard op woansdei 9 july 2014 .

Harktiidoandiel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In soartgelikense mjitwearde, mar dan foar de radio , is it harktiidoandiel . De wearde derfan wurdt werjun yn persintaazjes , en ferwiist nei it totale oantal harkers dat op in beskaat stuit op in radiostjoerder ofstimt.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .