Baywatch (film)

Ut Wikipedy
Baywatch
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Seth Gordon
produsint Ivan Reitman
Michael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
Beau Flynn
senario Damian Shannon
Mark Swift
basearre op Baywatch (tillefyzjesearje)
kamerarezjy Eric Steelberg
muzyk Christopher Lennertz
filmstudio Paramount Pictures
Contrafilm
The Montecito Picture Company
Vinson Pictures
Seven Bucks Productions
Flynn Company
Cold Spring Pictures
distribusje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Dwayne Johnson
Zac Efron
Ilfenesh Hadera
Kelly Rohrbach
Alexandra Daddario
Jon Bass
byrollen Priyanka Chopra
Hannibal Buress
Yahya Abdul-Mateen II
David Hasselhoff
Pamela Anderson
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 13 maaie 2017
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $65-69 miljoen
opbringst $177,9 miljoen

Baywatch is in Amerikaanske aksjekomeedzje ut 2017 under rezjy fan Seth Gordon , basearre op 'e tillefyzjesearje mei deselde namme ut 'e 1990-er jierren . De haadrollen waarden fertolke troch Dwayne Johnson (The Rock), Zac Efron , Ilfenesh Hadera , Kelly Rohrbach , Alexandra Daddario en Jon Bass as stranwachten , dy't, om harren stran te reden, efter in snoade drugsdealer oan geane, spile troch de Yndiaaske aktrise Priyanka Chopra . It ferhaal wurdt mei frijwat selsspot brocht, mar de film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy . Dy mochten benammen net oer de rouwe humor , en hiene fierders ek krityk op 'e gatten yn 'e plot en de karakteruntwikkeling fan 'e personaazjes . Mei in opbringst fan krapoan $ 178 miljoen kaam Baywatch lykwols rom ut 'e kosten.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De film spilet yn 'e fiktive Emerald Bay yn sudlik Floarida (hoewol't de tillefyzjesearje der't de film op basearre is, oan 'e oare kant fan 'e Feriene Steaten spile, oan 'e kust fan Malibu , yn Kalifornje ). In team fan stranwachten under lieding fan luitenant Mitch Buchannon haldt der de wacht oer stran en see . Ta syn team hearre syn pleatsferfangster Stephanie Holden en de blonde C.J. Parker, dy't ek al jierren stranwacht is. Om't er al mear 500 minsken fan 'e drinkeldea reden hat, is Mitch in held fan 'e pleatslike mienskip . Dat is in feit dat argewaasje feroarsaket by plysjeman Garner Ellerbee, dy't op 'e stranwachten delsjocht, en by Mitch syn eigen baas, kaptein Thorpe, in burokraat dy't frijwol nea op it stran komt, mar op papier de lieding oer de stranwachten hat.

Fan 't jier wurde der trije nije stranwachten socht, en der is in protte animo foar. Tusken al it folk dat derop ofkomt, sitte de tsjeppe jonge Summer Quinn en de knoffelige Ronnie Greenbaum, dy't benammen by de stranwachten wol om't er smoar op C.J. is. Dan is der noch Matt Brody, in arrogante mar oan legerwal rekke twafaldich Olympysk swimkampioen , dy't mient dat er omreden fan syn reputaasje rjocht hat op ien fan 'e trije stranwachtfakatueres. Net dat er trouwens sa graach by de stranwacht wol, mar hy hat in taakstraf dy't er uttsjinje moat, dat sadwaande. Thorpe wol Brody derby hawwe om't dat foar de butenwacht goed lykje sil, mar Mitch wol dat er him earst foar in baan as stranwacht kwalifisearret, krekt as alle oare rekruten . Hoewol't Brody him net bot fan syn beste kant sjen lit, wurdt Mitch troch syn baas twongen om him dochs yn syn team op te nimmen. De oare beide plakken geane nei Summer en Ronnie.

Underwilens hat Mitch ek oare swierrichheden, want hy fynt op syn stran hieltyd lytse pudsjes mei deryn de drug flakka . Om't dat eltse kear yn 'e neite bard fan 'e Huntley Club, in hippe utgeansgelegenheid , begjint Mitch te fermoedzjen dat Victoria Leeds, in sakefrou dy't koartlyn de Huntley Club oernommen hat, wat mei de drugs te krijen hat. Der hat er gelyk oan, want Leeds is djip behelle yn 'e pleatslike drugshannel . Mar se hat ek plannen mei it stran fan 'e Emerald Bay, en der passe Mitch-en-dy net yn. Leeds wol der nammentlik in priveestran fan meitsje, dat inkeld tsjin betelling tagonklik is. Derta is se oan 'e gong om alle unreplik goed oan it stran op te keapjen. Ek hat se it korrupte pleatslike gemeenteriedslid Rodriguez omkocht om har plannen goedkard te krijen troch de gemeenteried . Se finansiert it hiele projekt mei it jild dat se fertsjinnet mei de hannel yn flakka.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

As yn 'e baai bran utbrekt oan board fan in jacht , sjitte Mitch en de oare stranwachten as earsten te help. Mitch wit twa jonge froulju te reden en giet dan werom om 'e iennichste oare opfarrende, in man , op te heljen. Underwilens besiket Brody te helpen, mar rekket sels yn 'e swierrichheden troch de oalje dy't op it wetteroerflak brant, wernei't er reden wurde moat troch Stephanie en Summer. Derby lit Summer blike dat se gefoelens foar Brody hat. Mitch springt mei de man oer it skouder oerboard krekt ear't it jacht eksplodearret . Neitiid docht bliken dat de man it net oerlibbe hat, en wurdt syn identiteit feststeld as gemeenteriedslid Rodriguez. Mitch, dy't sjoen hat dat ien fan 'e beide jonge froulju in pudsje flakka under ban fan har bikinybroekje stutsen hie, fermoedet dat der in ferban is tusken de mysterieuze bran op it jacht en de hannel yn drugs by de Huntley Club. As er syn fermoedens lykwols oppenearret by plysjeman Ellerbee, wiist dy him teplak, en makket him dudlik dat de plysje him wol mei de saak rede sil sunder Mitch syn help.

Letter dy deis arrivearret Victoria Leeds op it stran om Mitch en de oare stranwachten te priizgjen foar harren heldhaftige aksje, en harren ut te nugjen foar in feest yn 'e Huntley Club, dyselde juns . Brody ferset him as iennichste fan 'e stranwachten tsjin Mitch syn plan om 'e utnuging oan te nimmen sadat de stranwachten yn 'e Huntley Club op 'e sneup gean kinne nei bewizen foar belutsenens by drugshannel . Hy wurdt lykwols oerstimd troch de oaren, en dy juns bejout it hiele team him nei de nachtklub ta. Wylst Ronnie Leeds en de oare gasten oflaat mei syn kaprioalen op 'e dunsflier , kringe Mitch en Stephanie efter de skermen yn 'e klub troch. Der sjogge se wat fertochte dingen, mar neat der't se wat mei bewize kinne. Underwilens stelt Victoria Leeds yn in petear mei Brody foar dat hy luitenant fan 'e stranwacht wurdt foar Mitch yn 't plak. Se lit him efter mei in flesse whiskey . Neitiid bedrinkt Brody him en set er himsels foar gek. De oare deis , as Mitch him dudlik makket dat er ut it team leit, biedt er einlings syn untskuldigings ris in kear oan, en om't Mitch oanfielt dat er oprjocht is, beslut er Brody noch ien kans te jaan.

Letter dy deis ynfiltrearje Mitch, Brody en Summer it pleatslike mortuarium , der't se it lyk fan gemeenteriedslid Rodriguez undersykje en syn lykskogingsrapport leze. Deryn stiet dat der gjin reek yn syn longen oantroffen is, wat betsjut dat er al dea wie foar't de bran op it jacht utbriek. As se oaren oankommen hearre, ferskulje de stranwachten harren by de liken yn 'e laden fan it mortuarium. De nijkommers blike Leon en Frankie te wezen, twa trewanten fan Victoria Leeds, dy't stjoerd binne om it lykskogingsrapport te ferfalskjen en sa te ferbergjen dat sy Rodriguez yn opdracht fan Leeds fermoarde hawwe. Summer filmet wat de beide mannen yn it mortuarium dogge mei har mobile tillefoan , mar troch Brody syn knoffelige maneuvels wurde de stranwachten untdutsen. Leon en Frankie witte Summer har tillefoan te untfytmanjen en dermei ut te naaien, en hoewol't Mitch harren nei in wylde efterfolging by wit te heljen, rekket de tillefoan ferrinnewearre. Dat betsjut dat Mitch-en-dy gjin bewiis hawwe en dat Ellerbee harren net leauwe wolle. Boppedat driget Thorpe Mitch mei untslach as er nochris syn boekje te buten giet.

Om't se derfan oertsjuge binne dat Leeds de spin yn it web fan 'e pleatslike drugshannel is, geane Mitch en Brody neitiid undercover yn 'e Huntley Club, der't se der yn 'e koken tsjuge fan binne hoe't de wurknimmers fan 'e nachtklub de drugs ut fetten mei ynferzen fisk helje en ree meitsje om ferhannele te wurden. Se skilje Ellerbee op om Leeds-en-dy oan te jaan, mar Ellerbee seit dat er op it stuit wichtiger problemen hat, mei't der in lyk fan in by in haaie-oanfal omkommen man oanspield is op it stran. Thorpe, dy't Ellerbee der yn ofwezigens fan Mitch by helle hat, stelt fest dat Mitch syn post under wurktiid yn 'e steek litten hat. Dat is foar him de drip der't de amer fan oerrint, en hy untslacht Mitch. Ynstee dat er Stephanie yn Mitch syn plak beneamt, der't se rjocht op hat om't se nei Mitch de heechste rang hat, beneamt er Brody ta de nije luitenant. Brody besiket de promoasje werom te jaan, mar Thorpe sjantearret him om 'e nije posysje dochs oant te nimmen troch dermei de driigjen dat it oars wolris nuver yn 'e war reitsje kin mei syn taakstraf.

Nei't Brody de folgjende dei in nij pudsje flakka op it stran fynt, giet er nei it plysjeburo , der't er it dossier oer it oanspielde lyk fan it buro fan Ellerbee stelt . Hy lit de foto's yn it dossier oan Summer sjen, dy't in eftergrun as ferpleechkundige hat, en dy't syn fermoeden befestiget dat guon fan 'e ferwunings fan 'e deade man net troch haaien feroarsake binne. Ronnie, dy't oer Summer har skouder meisjocht, skrikt him dea as er op 'e foto's syn maat Dave werom ken, dy't foar Victoria Leeds it nije kompjutersysteem fan 'e Huntley Club opset hat. Ronnie helpt Brody dernei om dat kompjutersysteem te hacken , en sa komme se efter it plan fan Leeds om fan 'e hiele baai in priveestran te meitsjen troch systematysk alle oare unreplik-goedeigners ut te keapjen. Se untdekke ek dat noch mar ien persoan Leeds har plannen yn 'e wei stiet: Murray Chen, dy't syn nachtklub net ferkeapje wol. Underwilens hat Mitch in nije baan fun as ferkeaper yn in wytguodwinkel , der't er de moedfearren alhiel hingje lit. Dat feroaret as er besite kriget fan syn alde mentor , dy't him nije moed ynpraat.

Juns ynfiltrearje Brody en de oare stranwachten in priveefeest oan board fan Leeds har lukse jacht, der't Brody en Summer untdekke hoe't Leeds in holte by de kyl fan it skip brukt om drugs te smokkeljen . Stephanie, Ronnie en C.J. witte underwilens Chen op te spoaren, dy't op it jacht finzen holden wurdt oant Leeds him ut 'e wei romje kin. Se befrije him mei help fan Summer, wernei't Stephanie en Summer de man yn feilichheid bringe, wylst Ronnie en C.J. weromgeane om Brody op te heljen. Dy is yn 'e tuskentiid lykwols trappearre troch Leeds en har trewanten, dy't him finzen nimme en yn it plak fan Chen yn in koai pleatse. Foar't se de koai yn it wetter smite, sadat Brody ferdrinke sil, fertelt Leeds him selsfoldien dat er syn lot oan himsels te witen hat. Se hie Thorpe omkocht sadat dy Brody yn it plak fan Mitch ta luitenant beneame soe, en alles dat Brody hoegde te dwaan om foarut te kommen yn 'e wrald, wie him mei syn eigen saken bemuoie.

Wannear't Brody op 'e boaiem fan 'e baai yn azemneed komt te sitten en op it punt stiet om te stjerren , sjocht er Summer as in soarte fan ingel ut in ljocht wei op him ta swimmen om him in tut te jaan werby't se him nije lucht ynblaast. As er lykwols wer wat bykomt, blykt dat in hallusinaasje te wezen; ynstee is it Mitch dy't mule-op-mulebeazeming jout. Underwilens besykje Leeds en har trewanten Frankie en Leon te untkommen nei it tichtstbye plak der't har helikopter lanje kin; dat is de grutte, platte boat der't se it fjoerwurk opstelt hat foar in fjoerwurkshow dy't se foar letter dy jun pland hie. Wylst Mitch en Brody de efterfolging ynsette op Leeds-en-dy, lit Ronnie fia it kompjutersysteem op it jacht fan Leeds de fjoerwurkshow begjinne om 'e helikopter op ofstan te halden. Brody slacht ien fan Leeds har trewanten oerboard, wylst Mitch mei de oare ofweeft. Leeds sels blykt in pistoal te hawwen, wermei't se Brody bedriget en Mitch delsjit, mar as it leste fjoerwurk ofgiet, wit Mitch har op te blazen troch in swiere fjoerpylk op har te rjochtsjen.

Neitiid arrivearret Ellerbee, krekt op 'e tiid om Leeds har wurknimmers te arrestearjen . Hy moat no einlings tajaan dat Mitch al dy tiid gelyk hie, en dat hysels mis west hat. Thorpe arrivearret ek en fart ut tsjin Mitch om't dy him wer op syn stran bejun hat, mar Brody, dy't wit dat Thorpe himsels omkeapje litten hat, slacht de man bewusteleas . Thorpe wurdt neitiid troch Ellerbee yn 'e hechten set foar syn oandiel yn Leeds har kriminele organisaasje . Underwilens binne Ronnie en C.J. yn 'e neisleep fan 'e oerwinning op Leeds oan it tutsjen rekke, en neitiid bringe se nacht tegearre troch. Ek Brody en Summer krije in relaasje . Mitch kriget syn baan as luitenant fan 'e stranwacht werom, en Summer, Ronnie en Brody wurde as folweardige leden yn it team opnommen. Foar Thorpe yn it plak wurdt in nije kaptein oansteld, Casey Jean.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dwayne Johnson .
Kelly Rohrbach .
Priyanka Chopra .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant Mitch Buchannon Dwayne Johnson (The Rock)
Matt Brody Zac Efron
Stephanie Holden Ilfenesh Hadera
C.J. Parker Kelly Rohrbach
Summer Quinn Alexandra Daddario
Ronnie Greenbaum Jon Bass


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Victoria Leeds Priyanka Chopra
Dave Hannibal Buress
plysjeman Garner Ellerbee Yahya Abdul-Mateen II
de mentor David Hasselhoff
Casey Jean Pamela Anderson ( cameo )
gemeenteriedslid Rodriguez Oscar Nunez
kaptein Thorpe Rob Huebel
Frankie Amin Joseph
Leon Jack Kesy
Murray Chen Clem Cheung
Julia Charlotte McKinney
helikopterpiloat Seth Gordon

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Baywatch is basearre op 'e tillefyzjesearje Baywatch , ut 'e 1990-er jierren , dy't suver wol in kultstatus berikt hat. Al yn 2004 waard oankundige dat der in ferfilming fan 'e searje komme soe, mar it projekt kaam lange tiid fest te sitten yn 'e preproduksjefaze , werby't it skript troch de iene nei de oare senarioskriuwer werskreaun waard. Oarspronklik soe de film regissearre wurdt troch Sean Anders , mar dy waard yn july 2015 ferfongen troch Seth Gordon . It uteinlike senario waard skreaun troch Damian Shannon en Mark Swift , op basis fan ideeen en personaazjes ut 'e oarspronklike tillefyzjesearje, dy't betocht wiene troch Jay Scherick , David Ronn , Thomas Lennon en Robert Ben Garant .

De rol fan 'e antagonist , spile troch Bollywood -superstjer Priyanka Chopra , wie earst skreaun foar in man , en waard hielendal omwurke doe't yn febrewaris 2016 bliek dat sy derfoar beskikber wie. Fan 'e akteurs ut 'e oarspronklike searje hie David Hasselhoff yn 'e film in lyts roltsje as de mentor fan haadpersoan Mitch (spile troch Dwayne Johnson ), wylst Pamela Anderson hielendal op 'e ein in cameo hie.

As filmprodusinten wiene by it projekt belutsen: Ivan Reitman , Michael Berk , Douglas Schwartz , Gregory J. Bonann en Beau Flynn foar de filmstudio's Paramount Pictures , Contrafilm , The Montecito Picture Company , Vinson Pictures , Seven Bucks Productions , Flynn Company en Cold Spring Pictures . De kamerarezjy waard dien troch Eric Steelberg , en de filmmuzyk wie fan 'e han fan Christopher Lennertz . Foar Baywatch wie in budget fan $ 65 oant $69 miljoen beskikber.

De opnamen sette op 22 febrewaris 2016 utein yn Deerfield Beach (Floarida) , mei't de film oan 'e Amerikaanske Atlantyske kust fan sudlik Floarida spilet, hoewol't de searje spile yn it Kalifornyske Malibu , oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan . Oare opnamelokaasjes wiene Miami en Savannah (Georgia) . Ein maart waard der ek filme yn Tybee Island (Georgia) . De leste opnamedei foel op 18 maaie 2016 .

De filmdistribusje fan Baywatch waard dien troch Paramount Pictures , dat de film oarspronklik utbringe woe op 19 maaie 2017 , in datum dy't earder bedoeld west hie foar in nea makke ferfolch op Terminator: Genisys . Yn desimber 2016 waard kedize om it utbringen fan 'e film in wike op te skowen, om konkurrinsje mei Alien: Covenant te untrinnen. Uteinlik fun de galapremiere fan Baywatch plak op 13 maaie 2017 yn Miami , wernei't de film op 25 maaie iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen . Op 15 augustus 2017 waard Baywatch utbrocht as digitale download , en op 29 augustus ek op dvd en blu-ray .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Baywatch krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy . Peter Travers , dy't foar it tydskrift Rolling Stone skreau, joech de film twa fan fjouwer stjerren. Hy hie lof foar de "maklike gemy" tusken haadrolspilers Dwayne Johnson en Zac Efron , mar fun dat de film "in funksjoneel senario" miste. Yn Variety skreau Owen Gleiberman dat Baywatch "stomme fermaaklik [wie]… foar in skoftke." Ek hy hie lykwols krityk op 'e plot , der't grutte gatten yn sieten.

Brian Truitt fan 'e krante USA Today joech de film twa fan fjouwer stjerren. Hy fun dat de film alle eleminten hie om "sawol in karakteristike farse as in rjocht-ta-rjocht-oan aksjefilm " te wezen, mar dat er "underweis stroffele en yn beide sjenres faalde." Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech Baywatch oardel fan fjouwer stjerren, en ferliek de film mei oare films dy't makke wiene nei bekende tillefyzjesearjes , lykas The Dukes of Hazzard en The Beverly Hillbillies . Syn oardiel wie: "ast films makkest op basis fan rotsoaitillefyzje, dan krigest oer it algemien in rotsoaifilm."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hie Baywatch in leech goedkarringspersintaazje fan 17%, basearre op 225 underskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, moast de film it benammen hawwe fan it hege 'wibelgehalte' (it bewegen fan boarsten en stuten yn krappe bikinys en badpakken ), en it etalearjen fan 'e spierde lichems fan Dwayne Johnson en Zac Efron . De film miste neffens Rotten Tomatoes lykwols de sjarme fan 'e tillefyzjesearje, sadat de akteurs fersupten yn it undjippe. Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Baywatch in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 47 resinsjes.

Haadrolspiler Dwayne Johnson reagearre op 'e krityk dy't de resinsinten op Baywatch hiene, troch te sizzen dat de film makke wie foar de fans fan 'e oarspronklike tillefyzjesearje . En dy funen de film neffens him prachtich.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Baywatch brocht yn Noard-Amearika yn 'e bioskopen $ 58,1 miljoen op. De film underfun benammen yn 'e Feriene Steaten frijwat konkurrinsje fan Pirates of the Caribbean: Dead Men Tell No Tales en Guardians of the Galaxy Vol. 2 , dy't frijwol tagelyk utbrocht waarden. Yn alle oare lannen en territoaria brocht Baywatch $119,8 miljoen op. De totale opbringst wraldwiid kaam dermei ut op $177,9 miljoen, wat, ofset tsjin it budget fan $65-69 miljoen, delkomt op in winst fan teminsten $108,9 miljoen.

By de Teen Choice Awards fan 2017 wun Zac Efron foar syn rol yn Baywatch de priis yn 'e kategory beste akteur yn in komeedzjefilm , der't ek Dwayne Johnson foar nominearre wie. Fierders waard Alexandra Daddario nominearre yn 'e kategory beste aktrise yn in komeedzjefilm, en Priyanka Chopra yn 'e kategory beste filmsmjunt . Alexandra Daddario wun de Golden Schmoes Award yn 'e kategory beste titen en kont fan it jier. By de Golden Raspberry Awards yn 2018 , de prizen foar de minste filmprestaasjes fan it foargeande jier, waard Baywatch nominearre yn 'e kategory 'minste film', 'minste prequel , remake of ferfolch ', 'minste senario ', en 'minste akteur' (Zac Efron). De film wun de Golden Raspberry Award yn 'e kategory 'sa weardeleas dat it wer moai wurdt'.

Ferfolch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn maaie 2017 makke filmprodusint Beau Flynn bekend dat der plannen wiene foar in ferfolch op Baywatch , weryn't it team neffens him om utens yn 'e problemen komme soe.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .