Guardians of the Galaxy Vol. 2
("Vol." is
koart
foar "Volume") is in
Amerikaanske
science fiction
-
superheldefilm
ut
2017
under
rezjy
fan
James Gunn
. De
haadrollen
waarden fertolke troch
Chris Pratt
,
Zoe Saldana
,
Bradley Cooper
,
Dave Bautista
en
Vin Diesel
, mei
Karen Gillan
,
Michael Rooker
en
Kurt Russell
yn 'e wichtichste
byrollen
. De
titel
betsjut "Beskermers fan it
Stjerrestelsel
Diel 2". De
film
is basearre op it team fan
superhelden
mei
deselde namme
. De
plot
folget in groepke
butenierdske
kriminelen
dy't
freonen
wurden binne by harren aventoeren yn it Stjerrestelsel. Peter Quill moetet foar it earst fan syn libben syn
biologyske heit
, dy't in
god
blykt te wezen. De
grien
hudige
Gamora wrakselet mei har groeiende
leafde
foar Quill. De
genetysk manipulearre
waskbear
Rocket komt yn 'e swierrichheden troch in unnedich staaltsje
dieverij
. En Quill syn eardere
mentor
Yondu Udonta kriget te meitsjen mei
rebulje
under syn
bemanning
.
Guardians of the Galaxy Vol. 2
krige oer it algemien positive
resinsjes
fan 'e
filmkritisy
en wie yn 'e
bioskopen
in grut
kommersjeel
sukses. De film waard nominearre foar in
Oscar
, in
Grammy
en trije
Saturn Awards
, en wun ien Saturn.
Guardians of the Galaxy Vol. 2
makket diel ut fan 'e
Marvel Cinematic Universe
-filmsearje
en folget deryn op
Doctor Strange
, ut
2016
. Sels wurdt de film folge troch
Spider-Man: Homecoming
, ut
2017
. Yn syn eigen ferhaalline is
Guardians of the Galaxy Vol. 2
lykwols it direkte
ferfolch
op
Guardians of the Galaxy
, ut
2014
. In twadde ferfolchfilm,
Guardians of the Galaxy Vol. 3
, kaam ut yn
2023
.
Nei't se it Novaryk fan 'e
genoside
troch Ronan de Beskuldiger reden hawwe (sjoch:
Guardians of the Galaxy
), steane de
Ierdling
Peter Quill, de
grien
hudige
Gamora, de
genetysk manipulearre
waskbear
Rocket, Drax de Ferneatiger en de
stek
fan it
beameftige
butenierdske wezen
Groot runom bekend as de
Guardians of the Galaxy
. Se wurde ynhierd troch Ayesha, de
hegepreesteresse
fan 'e Soevereinen, in ras fan genetysk manipulearre
humanoide
wezens dy't
goudkleurich
en perfekt binne en derom harren eigen
libbens
net weagje kinne. Sadwaande moatte Quill-en-dy dat dwaan om weardefolle
batterijen
te beskermjen tsjin 'e Abilisk, in ynterdiminsjonaal butenierdsk
meunster
. Wannear't se it meunster deade hawwe, krije se de beleanning dy't se yn 't foar oerienkommen wiene: Gamora har fan har ferfrjemde
pleechsuster
Nebula, dy't earder troch de Soevereinen
finzen
nommen wie doe't se de batterijen besocht te stellen. It is Gamora har bedoeling (seit se) om 'e
preemje
te ynkassearjen dy't op Nebula har holle stiet.
Nei't Rocket yn in unnedige die fan klearebare
baldiedigens
sels in stikmannich fan 'e batterijen
stelt
, krije de Guardians de hiele Soevereine
romtemacht
efter harren oan. Dy bestiet folslein ut unbemanne, fan op ofstan bestjoerde
drones
, mei't de Soevereinen harsels ek no te wichtich achtsje om harren libben te weagjen. Troch
ruzje
tusken Quill en Rocket rekket de
Milano
, it
romteskip
fan 'e Guardians, slim skansearre by it trochkrusen fan in
asteroidefjild
, mei as gefolch dat se troch de Soevereine float ynsletten wurde. Reding komt lykwols fan in unbekende, mysterieuze persoan yn
aaifoarmich
wyt
romteskip, dy't sunder swierrichheden de hiele Soevereine float ferneatiget. De Guardians untkomme fia de
hyperromte
nei de unbewenne
planeet
Berhart, der't se in
needlaning
meitsje moatte dy't de
Milano
noch fierder skansearret. It aaifoarmige romteskip folget harren derhinne, en harren reder makket himsels bekend as Ego, de
biologyske heit
fan Quill. Hy nuget syn
soan
en dy syn
freonen
ut om syn thusplaneet te besykjen, dat Quill, Gamora en Drax sette mei him of, wylst Rocket mei de jonge Groot efterbliuwt om 'e
Milano
te reparearjen en Nebula te bewekjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
Underwilens bejout hegepreesteresse Ayesha fan 'e Soevereinen, dy't op
wraak
sint, har nei de planeet Contraxia, der't se Quill syn alde
mentor
Yondu Udonta en syn
bemanning
fan Teheisterders ynhiert om 'e Guardians te finen, te fangen en oan har oer te leverjen. Udonta-en-dy binne fjirtich jier lyn of deromtrint troch Stakar Ogord, de heechste lieder fan 'e Teheisterders, ut 'e bredere mienskip fan 'e Teheisterders
ferballe
om't se har skuldich makke hiene oan
bernehannel
. Wannear't Udonta (dy't Quill
grutbrocht
hat) syn plan bekendmakket om 'e Soevereinen te
ferrieden
en Quill gewurde te litten, liedt dat ta
untefredenens
under in diel fan syn bemanning. Udonta-en-dy bejouwe har nei Berhart, der't se, mei grutte muoite, Rocket en Groot
finzen
nimme. Udonta haldt fest oan it plan dat er earder op 't aljemint brocht hat, mar syn
trouste
underbefelfierder, Kraglin Obfonteri, stelt de
objektiviteit
fan Udonta yn ferhalding ta Quill yn 'e kiif. Dat jout Taserface, de foaroanman fan 'e malkontinten, de iepening der't er ferlet fan hat om in
rebulje
tsjin Udonta te begjinnen, derby holpen troch de frijkommen Nebula. Nei't de 'hollefin' fan Udonta fernield is, it
ymplantaat
op syn
holle
der't er syn selsbewegende
pylk
mei bestjoerd, wurde Rocket, Groot en Udonta finzen set yn Udonta syn romteskip, de
Eclector
. Taserface-en-dy
fermoardzje
de loyalisten under de bemanning troch se ut in
luchtslus
it
fakuum
fan 'e romte yn te smiten.
Nei't Nebula Taserface goed yndruid hat dat er Rocket en Groot net fermoardzje mei om't sy 10% ferwachtet fan 'e preemjes dy't hegepreesteresse Ayesha harren op 'e holle pleatst hat, set se of om Gamora te sykjen. Se
hatet
har pleechsuster en wol har fermoardzje om't se har der de skuld fan jout dat sysels troch harren
pleechheit
Thanos
martele
is en stadichoan feroare yn in
cyborg
om't se de gefjochten mei Gamora altyd ferlear doe't se allebeide noch
famkes
wiene. Rocket en Udonta beslute de lapen gear te smiten en besykje de lytse Groot, dy't yn 'e
Eclector
frij omrinne kin om't er as unskealik beskoge wurdt, safier te krijen dat dy harren helpt om te untsnappen. Dat giet muoisum, mar lang om let wurde se befrijd troch Kraglin, dy't
wroeging
hat om't er nea de bedoeling hie om in rebulje te begjinnen, der't boppedat al syn freonen by fermoarde binne. Mei in reserve-hollefin, dy't Udonta de kontrole oer syn selsbewegende pylk weromjout, weve Rocket-en-dy handich of mei de rebellen. It slagget Taserface lykwols om, foar't er
stjert
, kontakt op te nimmen mei Ayesha, oan wa't er de posysje fan Udonta syn skip trochjout. Rocket, Udonta, Groot en Kraglin sette of nei de planeet fan Ego om Quill en de oaren te reden, mei't Udonta wit dat Ego
sljochtsinnich
is.
Oankommen op 'e planeet fan Ego docht bliken dat Ego in "himelling" is, in
god
-eftich wezen, dy't nei eigen sizzen oer in perioade fan miljoenen jierren leard hat en manipulearje de
matearje
om syn
bewustwezen
hinne ta de foarming fan syn "thusplaneet". Mei oare wurden: hy
is
de planeet, en it
humanoide
wezen der't Quill en de oaren kontakt mei hawwe, is mar in soarte fan
avataar
der't Ego tydlik syn bewustwezen yn pleatst hat. Gamora, dy't blyk jout fan
gefoelens
foar Quill, kriget al rillegau it idee dat der wat mis is mei de hiele boel, mar Quill hat der syn hiele libben nei lange om in
heit
te hawwen en wol net harkje nei har warskogings. Ego leit oan Quill ut dat er yn syn humanoide foarm it hiele
hielal
bereizge hat om in doel foar syn bestean te finen en dat er by in besyk oan 'e
Ierde
fereale
rekke op Quill syn
mem
Meredith. Nei't Meredith kommen wie te
ferstjerren
oan in
harsentumor
, hierde Ego Udonta en syn Teheisterders yn om Quill fan 'e Ierde te
untfieren
en by him te bringen. Udonta ferrette him lykwols troch Quill ynstee by him te halden. Ego hat al dy jierren nei him op 'e siik west. Fan Ego leart Quill om syn oanberne
kreften
as himeling te bruken troch matearje en enerzjy te manipulearjen.
Underwilens arrivearret Nebula op 'e planeet fan Ego, der't se fuortendaliks uteinset mei har besykjen om Gamora te fermoardzjen. Gamora flechtet in
grot
yn en Nebula lit har romteskip yn 'e grot
delstoarte
om har ut 'e ljochten te helpen. Gamora oerlibbet dat lykwols, wylst Nebula fest komt te sitten yn it wrak fan it tastel. Gamora nimt it wrak under fjoer, dat it yn 'e
bran
fljocht, mar as se sjocht dat Nebula der net ut kin, weaget se har eigen libben om har suster te reden. Neitiid falt Nebula har fannijs oan, mar as se Gamora yn it nau hat en har deadzje kin, blykt dat se it net trochsette kin. De susters berikke in unnoflike wapenstilstan. Wannear't se it har einlings oan tiid dogge en sjoch om har hinne, docht bliken dat de grot fol leit mei de
skeletten
fan untelbere wezens fan alderhanne rassen. As se wer by Drax komme, docht bliken dat Mantis, de assistinte fan Ego en it iennichste oare libbene wezen op Ego syn planeet, underwilens oan him opbychte hat wat der geande is: de skeletten dy't Gamora en Nebula fun hawwe, binne fan 'e
bern
fan Ego.
Ego fertelt Quill dat er op syn reizen kymplantsjes fan himsels op withoefolle planeten oanplante hat. Hy hat nammentlik beseft dat syn libbensdoel, der't er sa lang nei socht hat, is om alle wralden yn it hielal te
terrafoarmjen
sadat se mear fan himsels wurde. Dat derfoar alle oare
libben
yn it hielal stjerre moat, fynt er gjin inkeld beswier. Hy hat Quill wilens al sa yn syn macht krigen dat dy der ek neat tsjin ynleit. Ego is lykwols by syn plan in probleem tsjinkommen: de
macht
fan ien himeling is te min om alle kymplantsjes te aktivearjen, mar twa gearwurkjende himelingen soene it oprede kinne. Derom hied er
seksuele omgong
mei froulike wezens fan alderhanne rassen op withoefolle wralden om bern oan te setten, yn 'e hope dat ien derfan syn macht as himeling oerervje soe. Hy naam Udonta yn 'e earm om al dy bern nei syn thusplaneet te bringen, der't er harren fermoarde sadree't er feststelde dat se net oer syn kreften beskikten.
Hoewol't Quill alhiel under de ynfloed fan Ego is, sit ien ding him noch altyd dwers: werom hat Ego syn mem Meredith yn 'e steek litten as er sa fereale op har wie? Ego antwurdet dat er alle oare wralden mar ien kear besocht hat, mar de Ierde trije kear om't er sa fan Meredith hold. Hy wist dat er, as er noch in fjirde kear gean soe, syn libbensdoel ferjitte en by har bliuwe soe. Derom plante er mei pine yn it hert de turmor yn har harsens om har te deadzjen foar't dat barre koe. Wannear't Quill dat heart en beseft dat Ego syn mem fermoarde hat, wurdt er troch alles hinne
mal
. Hy untlukt him oan 'e ynfloed fan Ego en falt him oan, mar Ego weeft handich mei him of. Hy seit dat er wol op
parasitere
wize fan Quill syn kreften gebruk meitsje sil as Quill net meiwurkje wol. Hy begjint de kymplantsjes te aktivearjen, dy't derop eltse wrald der't se op plante binne, begjinne te ferwoastgjen.
Rocket-en-dy arrivearje by de planeet fan Ego, der't se Ego ferpletterje troch boppe op him te lanjen. Dat keart in skoftke tsjin dat er syn 'libbensdoel' fierder utfiere kin, mar Mantis warskoget dat it net lang duorje sil foar't er in nije avataar skepen hat. De weriene Guardians beslute dat se Ego deadzje moatte om him tsjin te halden, en Mantis fertelt harren dat se dat dwaan kinne troch syn
harsens
te ferneatigjen, dy't de kearn fan syn planeet foarmje. Dat, de Guardians reizgje mei Mantis, Nebula en Udonta yn in ald
mynwurkersfartuch
nei it binnenste fan 'e planeet. Underweis leit Udonta oan Quill ut dat er him as jonge by him holden hat om't er untdutsen hie hoe't it oftriedde wie mei Ego syn oare bern. Underwilens arrivearret der in nije Soevereinske dronefloat by de planeet fan Ego, dy't it mynwurkersfartuch fan Udonta nei it binnenste fan 'e planeet folget. Wylst Mantis mei har
empatyske
kreften Ego yn 'e
sliep
haldt en Quill, Gamora, Nebula, Drax en Udonta it opnimme tsjin 'e Soevereinen, bout Rocket in
bom
fan 'e stellen Soevereinske batterijen, wermei't er de lytse Groot troch de minuskule iepenings stjoert dy't nei de planeetkearn liede.
Udonta en Nebula bruke Nebula har cyborg-lichemsdielen om 'e utskeakele
laserwapens
fan it mynwurkersfartuch oan te driuwen, wat de
organyske
dielen fan Nebula under
stroom
set. Mar mei de reaktivearre wapens slagget it Udonta en skeakelje de hiele Soevereine float ut. Wannear't Mantis
bewusteleas
rekket trochdat se troch in brokstik fan in Soeverein dronewrak rekke wurdt, komt Ego wer by besleur. Quill befjochtet him mei syn nijwune kreften as himeling om 'e oaren tiid te jaan de bom te pleatsen en ut te piken. Drax evakuearret de bewusteleaze Mantis, wylst Gamora en Nebula gearwurkje moatte om nei it oerflak fan 'e planeet te untkommen, der't Kraglin wachtet oan board fan 'e
Eclector
. Groot pleatst de bom en foeget him wer by Rocket. Udonta bliuwt efter om Quill te reden, wylst Rocket en Groot krekt op 'e tiid it romteskip berikke. As se sjocht dat Quill net by harren is, risselwearret Gamora en gean om him werom, mar Rocket skeakelet har ut mei in
stroomstjitwapen
, sizzend dat er mar ien freon per dei ferlieze kin.
Ego besiket noch ienris om Quill oer te heljen en smyt mei him de lapen gear, troch te sizzen dat er syn boppeminsklike kreften ferlieze sil as Ego stjert. Mar dat kin Quill neat skele. As de bom
untploft
, komt Ego om en desyntegrearret sawol syn avataar as syn planeet. Udonta
offeret himsels op
om it libben fan Quill te reden, troch him it iennichste
romtepak
te jaan dat er hat. Foar't er omkomt yn it fakuum fan 'e romte, fertelt er Quill dat er him as syn soan sjocht en dat er
grutsk
is op 'e man dy't er wurden is. Quill beseft dan ynienen dat er wol deeglik in heit han hat.
Nei't Quill en it
stoflik omskot
fan Udonta oan board fan 'e
Eclector
helle binne, beslut Nebula har eigen paad te gean, ek al hat se har no
fermoedsoene
mei Gamora. Se fielt lykwols in tebaarnende
hate
foar har pleechheit Thanos en
swart
dat se in manear fine sil om him te deadzjen. De Guardians halde in
utfeartseremoanje
foar Yondu Udonta, dy't einiget mei syn
kremaasje
en ferstruiing fan 'e gloedzjende
jiske
yn 'e romte. Kraglin is de wrald te ryk as in grut tal romteskippen fan 'e Teheisterders foar de seremoanje opdaagjen komme, dy't troch Rocket warskoge binne. Nettsjinsteande de ferballing fan Udonta ut harren fermidden foar bernehannel, hat it
tsjugenis
fan Rocket Stakar Ogord en de oare lieders fan 'e Teheisterders derta brocht om him te
ferjaan
. Gamora jout einlings en te'n lesten ta dat se
fan Quill haldt
, en sy beiden begjinne in
relaasje
.
Healwei de
oftiteling
folgje noch inkele
senes
. Kraglin, dy't fan Quill de selsfleanende pylk fan Udonta krigen hat, oefenet mei dat wapen mar pykt stilwei ut nei't er by fersin Drax trochboarre hat. Stakar Ogord wurdt weriene mei syn alde teamgenoaten. Hegepreesteresse Ayesha fan 'e Soevereinen kreearret Adam, in nij keunstmjittich wezen, dat foar har de Guardians deadzje moat. Groot groeit fan in stekje oant in healwoeksen beamke. En in groepke unynteressearre Tasjoggers rinne wei by harren
ynformant
, dy't in lang ferhaal fol omhalen fertelt oer syn underfinings op 'e Ierde.
- haadrollen
- byrollen
Nei it sukses fan it oarspronklike
Guardians of the Galaxy
ut
2014
waard deselde
moanne
(
july
fan dat jier) noch besletten dat der in
ferfolchfilm
komme moast.
Guardians of the Galaxy Vol. 2
waard krekt as de earste film
regissearre
troch
James Gunn
nei in
senario
dat er sels skreaun hie op basis fan 'e
Guardians of the Galaxy
-
strip
fan
Marvel Comics
, makke troch
Dan Abnett
en
Andy Lanning
. As
produsint
wie
Kevin Feige
by it projekt belutsen foar de
filmstudio
Marvel Studios
. Foar de film wie in
budget
beskikber fan mar leafst
$
200 miljoen. De
kamerarezjy
wie yn 'e hannen fan
Henry Braham
, en de
filmmuzyk
waard fersoarge troch
Tyler Bates
.
De
opnamen
foar
Guardians of the Galaxy Vol. 2
setten op
17 febrewaris
2016
utein en duorren oant en mei
16 juny
fan dat jier. De measte
senes
waarden filme yn 'e
Pinewood Atlanta Studios
besuden
Atlanta
yn 'e
Amerikaanske steat
Georgia
. Alle achttjin
soundstages
fan dat
studiokompleks
waarden foar
Guardians of the Galaxy Vol. 2
brukt. It
Georgia International Convention Center
yn
College Park
waard ynset as ekstra soundstage nei't guon fan 'e studio's fan Pinewood Atlanta ofstien wurde moasten oan 'e
preproduksje
fan in oare
superheldefilm
fan 'e
Marvel Studios
, te witten:
Spider-Man: Homecoming
. Inkele senes foar
Guardians of the Galaxy Vol. 2
waarden buten de studio opnommen, yn
Cartersville (Georgia)
,
St. Charles (Missoery)
en in
steatspark
benoarden
Portland (Oregon)
. Yn 'e
postproduksje
waarden der mear as 1.800
special effects
-
shots
oan 'e film tafoege dy't makke wiene troch u.o.
Framestore
,
Weta Digital
en de
Method Studios
.
De
distribusje
fan
Guardians of the Galaxy Vol. 2
waard fersoarge troch
Walt Disney Studios Motion Pictures
, de distribusjepoat fan
The Walt Disney Company
, dat de
memme-undernimming
fan 'e
Marvel Studios
is. De film gie op
10 april
2017
yn 'e
Japanske
haadsted
Tokio
yn
premiere
, en belibbe syn
Amerikaanske
nasjonale premiere op
19 april
yn it
Dolby Theatre
yn
Hollywood
. De film iepene dernei op
25 april
yn 'e
bioskopen
yn
Austraalje
,
Nij-Seelan
en
Itaalje
, om pas op
5 maaie
foar it earst yn 'e Amerikaanske bioskopen fertoand te wurden. It byhearrende
soundtrackalbum
ferskynde op
21 april
2017
by
platemaatskippij
Hollywood Records
.
Guardians of the Galaxy Vol. 2
kaam op
8 augustus
2017
beskikber as
digitale
download
en waard op
22 augustus
fan dat jier utbrocht op
dvd
en
blu-ray
.
Fan 'e
filmkritisy
krige
Guardians of the Galaxy Vol. 2
oer it algemien positive
resinsjes
, hoewol't guon fan harren funen dat de nije film it oflei tsjin
syn foargonger
. Yn it
tydskrift
Variety
neamde
Owen Gleiberman
de film "in ekstrafagante en
humoristyske
ferfolchfilm
, makke mei deselde freonlike firtuoaze tuzelsinnigens […] en krekt obligaat genoch om tefolle fan it goede te wezen".
Peter Travers
fan it bled
Rolling Stone
omskreau de film "geweldich" en joech him 3 fan 4
stjerren
. Derby tekene er oan: "
Vol. 2
kin it ferrassingsoanfaleftige sukses fan
syn foargonger
net belykje". Yn 'e
krante
de
Chicago Sun-Times
parte
Richard Roeper
oan
Guardians of the Galaxy Vol. 2
ek 3 fan 4 stjerren ta. Neffens him wie de film "net alhiel sa leuk, net alhiel sa fernimstich, net alhiel sa nij as it orizjineel". Hy hie lof foar de
cast
en yn 't bysunder foar
Michael Rooker
yn 'e rol fan Yondu Udonta.
Yn syn resinsje foar de
webside
RogerEbert.com
joech Brian Tallerico
Guardians of the Galaxy Vol. 2
ek 3 fan 4 stjerren. Hy kwalifisearre de film as "in simmerkaskreaker om tige by tige fan te genietsjen", en as "in film dy't himsels net al te serieus nimt". Hy fun dat
Guardians of the Galaxy Vol. 2
"in protte flaters ut 'e earste film omsylt, en ferskate dingen merkber better docht". Yn
The Washington Post
fun Michael O'Sullivan ek dat
Guardians of the Galaxy Vol. 2
"grappiger, healwizer en mear
op it moed kommend
" wie as de orizjinele film. Brian Lowry fan
CNN
hie
krityk
op it neffens him swakke middelste part fan 'e film en op 'e
smjunt
Ego, mar fun dat
Guardians of the Galaxy Vol. 2
it dochs noch better die as oare ferfolchfilms fan 'e
Marvel Studios
en dat it sterke begjin en de sterke ein de midden fan 'e film derby skuorden.
Yn
The Hollywood Reporter
fun
Todd McCarthy
dat
Guardians of the Galaxy Vol. 2
krekt in twadde ritsje yn in
achtbaan
wie der't jin de earste kear wier in kick fan krigen, mar dat no wat gewoantsjes begun oan te fielen.
Kenneth Turan
fan 'e
Los Angeles Times
wie posityf oer de
soundtrack
fan 'e film en oer de cast, yn 't bysunder oer de
aktearprestaasje
fan feteraan
Kurt Russell
as de sljochtsinnige god Ego, mar hy fun dat
regisseur
James Gunn
tefolle syn best die om 'e magy fan 'e earste film op 'e nij te fangen en dermei eins ofbrek die oan it ferfolch. Ek hie Turan krityk op it tal
special effects
dat yn 'e film ferwurke wie. Hy konkludearre dat de ferfolchfilm "in akseptabele underfining" wie. Yn
The New York Times
joech
Manohla Dargis
ta dat
Guardians of the Galaxy Vol. 2
"beslist dingen te bieden" hie, mar hja fun dat dy "mear fisueel as
narratyf
" wiene, wat winliken delkomt op krityk op it
senario
.
Yn syn resinsje foar it bled
The New Yorker
skreau
Anthony Lane
dat
Guardians of the Galaxy Vol. 2
, sadree't it personaazje fan Ego yntrodusearre waard, lest krige fan wat er "de flok fan it eftergrunferhaal" neamde. Mei oare wurden: hy fun de fierdere film te utlizzerich. Ek woe Lane hawwe dat de boel alhiel fan 'e rails kaam op it stuit dat Ego syn libbensdoel utleit om sin oan syn bestean te jaan. Hy besleat syn
artikel
mei: "Litte we hoopje dat
Vol. 3
it bruzen fan 'e orizjinele film wer wit te fangen, ynstee fan dat er ferfalt ta de djoerste groepsterapysesje fan it hielal."
Op 'e
webside
Rotten Tomatoes
, dy't resinsjes sammelet, hat
Guardians of the Galaxy Vol. 2
in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 426 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "De smoarfol
aksje
sittende
plot
, de tuzelsinnich meitsjende bylden en de unearbiedige
humor
fan [dizze film] meitsje der in
ferfolch
fan der't jin hast likefolle
wille
oan belibje ? mar dat net alhiel like meislepende nij is ? as
syn foargonger
." Op
Metacritic
, de wichtichste
konkurrint
fan Rotten Tomatoes, behellet
Guardians of the Galaxy Vol. 2
in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 47 resinsjes.
Guardians of the Galaxy Vol. 2
brocht yn 'e
bioskopen
yn 'e
Feriene Steaten
en
Kanada
$
389,8 miljoen op, en yn alle oare
lannen en territoaria
$473,9 miljoen. Wraldwiid kaam de
opbringst
dermei ut op $863,8 miljoen. Ofset tsjin it
budget
fan $200 miljoen betsjut dat in
winst
fan $663,8 miljoen. Dermei wie
Guardians of the Galaxy Vol. 2
de op san nei meast opbringende film fan
2017
(nei
Star Wars: Episode VIII ? The Last Jedi
,
Beauty and the Beast
,
The Fate of the Furious
,
Despicable Me 3
,
Jumanji: Welcome to the Jungle
,
Spider-Man: Homecoming
en
Wolf Warrior 2
). As men de manske
marketingkosten
meirekkenet, komt de winst fansels in stik leger ut. De
webside
Deadline Hollywood
berekkene de skjinne winst fan
Guardians of the Galaxy Vol. 2
op in lang net te fersmaadzjen $154,7 miljoen.
Guardians of the Galaxy Vol. 2
waard yn
2018
nominearre foar in
Oscar
yn 'e
kategory
beste
fisuele effekten
. De film waard ek nominearre foar de
Grammy Award
foar beste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media, de
Billboard
Music Award
foar beste
soundtrack
en
Annie Award
foar beste
personaazje
-
animaasje
yn in
live-actionproduksje
. By de
Saturn Awards
waard
Guardians of the Galaxy Vol. 2
nominearre foar de
prizen
foar beste stripferfilming, beste
byrol
fan in
akteur
(
Michael Rooker
as Yondu Udonta) en beste
fisazjy
. De film wun de Saturn Award foar beste
special effects
.
Guardians of the Galaxy Vol. 2
wun ek trije
Teen Choice Awards
, foar favorite
science fiction-film
, favorite akteur yn in science fiction-film (
Chris Pratt
) en favorite aktrise yn in science fiction-film (
Zoe Saldana
).