Untploffing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Untploffing )
16 ton springstof wurdt ta untploffing brocht.

In untploffing of eksploazje (fan it Franske explosion ) is in hommelse fergrutting fan it folume fan in hoemannichte matearje , dy't mank giet mei it op gewelddiedige wize frijkommen fan enerzjy . Ornaris untsteane derby hege temperatueren en in ljochtflits en wurde der gassen mei in tige hege druk fuortbrocht. In supersoane untploffing dy't feroarsake wurde troch in heecheksplosive stof is in detonaasje . Sa'n untploffing feroarsaket in waarnimbere skokweach yn it medium der't er yn plakfynt, en generearret in hurd lud dat in knal neamd wurdt. In subsoane untploffing, feroarsake troch leecheksplosive stoffen , untstiet troch in stadiger untbraningsproses dat deflagraasje hjit.

Untploffings kinne op keunstmjittige of natuerlike wize untstean. Keunstmjittige untploffings wurde feroarsake troch de minske mei it gebruk fan springstof . Dat is in kategory stoffen , of meganismen mei deryn sokke stoffen, dy't untploffe kinne, mar fan natuere net yn dyselde gearstalling foarkomme. De bekendste soarten springstof binne gemyske eksplosiven, mei almeast in flugge en ferheftige oksidaasjereaksje dy't grutte hoemmanichten hjit gas fuortbringt. It earste soarte springstof dat utfun waard, wie it buskrud . Oare bekende soarten binne nitroglyserine en dynamyt . Fan in hiele oare (d.w.s. folle gruttere) oarder is de atoombom , dy't yn 1945 troch it Amerikaanske Leger utfun waard.

Natuerlike untploffings komme op 'e Ierde fuort ut fulkanyske prosessen. Op 'e sinne binne sinneflammen in soarte fan natuerlike untploffing, dy't nei alle wierskynlikheid ek op oare stjerren foarkomt. De grutst bekende untploffings hearre ta it med fan 'e astronomy ; dan giet it om supernova's en gammaflitsen . Supernova's kinne op twa manearen untstean: yn it foarste plak foarmje se de natuerlike libbensein fan alle swiere stjerren, en oard kinne wite dwergen , as se diel utmeitsje fan in binere stjer sunder folle romte tusken de beide dielstjerren, har ta sa'n supernova untjaan. Koarte gammaflitsen untsteane troch de ferraning fan twa neutroanestjerren of fan in neutroanestjer en in swart gat , wylst lange gammaflitsen (of hypernova's ) feroarsake wurde troch de ynstoarting fan in swiere stjer.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .