Frou

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Froulju )
In frou dy't swier is.
Dizze side giet oer persoanen fan it froulik geslacht . Foar in froulike houliks- of relaasjepartner, sjoch: frou (oarehelte) .

In frou , ynformeel ek frommes , frommeske of, noch wat unfatsoenliker, wiif , is in minske fan it froulik geslacht . Yn it deistich spraakgebruk wurdt de oantsjutting 'frou' lykwols utslutend brukt foar in folwoeksen minske fan it froulik geslacht; unfolwoeksen froulju wurdt famkes of bern neamd. Oan 'e oare kant wurdt yn gearstallings as 'frouljus-wc' gjin underskie nei aldens makke. It minske fan it tsjinstelde geslacht is in man .

Geslachtsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Krekt as by oare froulike suchdieren ervet it genoom fan in frou yn prinsipe in X-gromosoom fan 'e mem en in twadde X-gromosoom fan 'e heit . De froulike foetus produsearret gruttere hoemannichten estrogeen en lytsere hoemannichten androgeen as de manlike foetus. Dat underskie yn 'e underlinge ferhalding fan dy geslachtssteroiden is fierhinne ferantwurdlik foar de fysiologyske ferskillen tusken froulju en manlju. Yn 'e earste jierren omfiemje dy ferskillen de primere geslachtsskaaimerken , wat foar froulju (famkes) delkomt op it hawwen in fagina mei skamlippen en in klitoaris , dy't manlju (jonges) net hawwe.

Under de puberteit wurdt de produksje fan estrogeen stimulearre troch beskate hormoanen , mei as gefolch de untjouwing fan 'e sekundere geslachtsskaaimerken . Sadwaande nimme de ferskillen tusken de beide seksen dan noch ekstra ta. Derop binne lykwols utsunderings oangeande ynterseksuele en transseksuele froulju. Ornaris omfiemje de sekundere geslachtsskaaimerken by froulju:

It Fenussymboal , wermei't it froulike geslacht oantsjut wurdt.

Fuortplanting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It grutste ferskil tusken froulju en manlju is lykwols de rol by de fuortplanting . Froulju hawwe aaistokken dy't aaisellen produsearje. Dy kinne by geslachtsmienskip befruchte wurde troch de siedsellen fan 'e man, wernei't sa'n befruchte aaisel him yn it limoer nestelet en fia in embryo en in foetus utgroeid ta in poppe . Nei in draachtiid fan njoggen moanne, it saneamde swierwezen , wurdt de poppe berne by in proses dat de befalling neamd wurdt, werby't er fia de fagina ut it lichem fan 'e mem parse wurdt. Nei de befalling produsearret in frou tate ( molke ) mei molkklieren yn har boarsten , en kin se sa de poppe iten jaan troch dy oan har spiennen suge te litten (derfandinne de beneaming ' suchdier ').

Maatskiplike posysje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Under de Twadde Wraldoarloch moasten froulju (fanwegen de ofwezigens fan manlju dy't oant it front fochten) yn in protte Westerske lannen wurk dwaan dat foartiid as folslein ungaadlik foar harren beskoge wie.

Yn in protte histoaryske , mar ek moderne maatskippijen en kultueren nimme froulju in underhearrige rol oan foar manlju oer. Dat is oer it algemien gjin frijwillige kar, mar wurdt oplein troch tradysjes en wizansjes. Saakkundigen ornearje dat it uteinlik weromgiet op 'e ferskillende rollen by de fuortplanting. Om't swiere froulju yn harren beweging beheind binne en oer it algemien nei de befalling in yntimere ban mei harren bern hawwe as de heit, hiene manlju yn prehistoaryske jager-sammeldermaatskippijen almeast de rol fan jager , wylst de froulju plantaardich iten sammelen en underwilens om 'e bern tochten. Dy rolferdieling late by de untwikkeling fan in protte kultueren letter ta in brike maatskiplike ferhalding tusken de geslachten, werby't manlju harsels mear rjochten ta-eigenen en froulju underdrukten.

Yn 'e Westerske maatskippij feroare dat geandewei de tweintichste iuw troch ferskowende ferhaldings op 'e arbeidsmerk . Tsjintwurdich wurde manlju en froulju yn 'e Westerske kultuer ornearre inoars folsleine gelikensen te wezen. Dat is lykwols net sa, mei't der bgl. yn in protte Westerske lannen noch altyd in salariskleau is tusken wat manlju en froulju foar itselde wurk fertsjinje. It stribjen nei lykberjochtiging foar froulju hjit emansipaasje , en de lju dy't derfoar krewearje, binne feministen . Buten de Westerske wrald is it mei de lykberjochtiging fan froulju faak noch tryst steld, benammen yn lannen dy't de underhearrige posysje fan 'e frou oan 'e man ferbine oan religieuze omtinkens, sa't yn guon islamityske lannen bard, mar ek wol yn it hindoeistyske Yndia . Datselde barde trouwens foarhinne ek yn it Westen, der't bgl. de Roomsk-Katolike Tsjerke him der hast twatuzen jier lang skuldich oan makke hat.

Maatskiplik underdrukking fan froulju en frouljushaat kin liede ta in ferskaat oan misstannen en misdriuwen , werunder seksuele yntimidaasje , unwinske yntimiteiten , seksueel misbruk yn bredere sin, seksuele oantaasting , date rape , ferkrefting , huslik geweld , earwraak , twongen houliken , ferkrefting binnen it houlik , twongen prostitusje , frouljushannel , seksuele slavernij , oarlochsferkrefting , finzenisferkrefting , victim blaming , ferkrefting yn it leger , frouljusbesnijenis , fuotbinen , soersmiten , breidsskatgeweld , suttiisme (widdoferbraning), unthalding fan underwiis , ynfantiside , hekseferfolgings en hekseferbranings , stienniging op beskuldiging fan oerhoer , ensfh. Aktivisten foar frouljusrjochten binne derom noch altyd wraldwiid yn 't spier om de sitewaasje foar alle froulju te ferbetterjen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .