Remake

Ut Wikipedy

In remake is in term ut 'e filmyndustry foar in nije ferzje fan in al earder makke film , of foar in filmferzje fan in alde tillefyzjesearje . Minder faak wurdt it brukt yn tillefyzjefermiddens , der't der in nije searje mei bedoeld wurdt op basis fan in aldenien. Soms tsjut men ek in nije ferzje fan in besteand kompjuter - of fideospultsje sa oan. In foarbyld ut 'e filmyndustry is The Thomas Crown Affair , in film ut 1999 mei yn 'e haadrollen Pierce Brosnan en Rene Russo , dat in remake wie fan 'e film mei deselde namme ut 1968 , mei yn 'e haadrollen Steve McQueen en Faye Dunaway . In foarbyld fan 'e tillefyzje is de science fiction -rige Battlestar Galactica , werfan't de oarspronklike ferzje ut 1978 datearret, mar werfan't yn 2004 in remake makke waard.

Remakes hawwe yn prinsipe deselde haadpersoanen en globaal deselde ferhaallinen as it orizjineel, mar de plot as gehiel wurdt faak wat by de tiid brocht. In film dy't identyk deselde senes omfiemet as it orizjineel wurdt in shot-for-shot remake neamd. In foarbyld derfan is de kleurefilm Psycho fan Gus Van Sant , ut 1998 , dy't ut frijwol persiis deselde senes opboud is as de orizjinele swart-wytfilm Psycho fan Alfred Hitchcock , ut 1960 . Der bestiet trouwens gjin wet fan Meden en Perzen dat remakes beslist deselde namme hawwe moatte as it orizjineel. Sa wie de James Bond -film Never Say Never Again , ut 1983 , in remake fan Thunderball , ut 1965 .

Behalven dat it orizjineel efter de tiid rekke is, of dat de regisseur in oade of earbetoan oan in idoal ut syn jonkheid bringe wol, is in oare wichtige reden om in remake te meitsjen faak dat it orizjineel yn in oare taal makke is. Om't fral it Amerikaanske publyk it foar it meastepart ferpoft om nei in film mei undertitels of neisyngronisearring te sjen, wurdt fan suksesfolle net- Ingelsktalige films (of sels fan films weryn't mei in Britsk - Ingelsk aksint sprutsen wurdt) faak in Amerikaanske remake makke. Sa is The Vanishing , ut 1993 , in Amerikaanske remake fan 'e Nederlanske film Spoorloos (op basis fan it boek Het Gouden Ei , fan Tim Krabbe ). Ek yn Yndia wurdt fan butenlanske films gauris in remake makke.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .