Baywatch
is in
Amerikaanske
aksjekomeedzje
ut
2017
under
rezjy
fan
Seth Gordon
, basearre op 'e
tillefyzjesearje mei deselde namme
ut 'e
1990-er jierren
. De
haadrollen
waarden fertolke troch
Dwayne Johnson
(The Rock),
Zac Efron
,
Ilfenesh Hadera
,
Kelly Rohrbach
,
Alexandra Daddario
en
Jon Bass
as
stranwachten
, dy't, om harren
stran
te reden, efter in snoade
drugsdealer
oan geane, spile troch de
Yndiaaske
aktrise
Priyanka Chopra
. It ferhaal wurdt mei frijwat
selsspot
brocht, mar de
film
krige oer it algemien negative
resinsjes
fan 'e
filmkritisy
. Dy mochten benammen net oer de rouwe
humor
, en hiene fierders ek
krityk
op 'e gatten yn 'e
plot
en de
karakteruntwikkeling
fan 'e
personaazjes
. Mei in
opbringst
fan krapoan
$
178 miljoen kaam
Baywatch
lykwols rom ut 'e kosten.
De
film
spilet yn 'e
fiktive
Emerald Bay yn sudlik
Floarida
(hoewol't de
tillefyzjesearje
der't de film op basearre is, oan 'e oare kant fan 'e
Feriene Steaten
spile, oan 'e
kust
fan
Malibu
, yn
Kalifornje
). In team fan
stranwachten
under lieding fan
luitenant
Mitch Buchannon haldt der de wacht oer
stran
en
see
. Ta syn team hearre syn pleatsferfangster Stephanie Holden en de
blonde
C.J. Parker, dy't ek al jierren stranwacht is. Om't er al mear 500
minsken
fan 'e
drinkeldea
reden hat, is Mitch in
held
fan 'e pleatslike
mienskip
. Dat is in feit dat argewaasje feroarsaket by
plysjeman
Garner Ellerbee, dy't op 'e stranwachten delsjocht, en by Mitch syn eigen baas,
kaptein
Thorpe, in
burokraat
dy't frijwol nea op it stran komt, mar op papier de lieding oer de stranwachten hat.
Fan 't jier wurde der trije nije stranwachten socht, en der is in protte animo foar. Tusken al it folk dat derop ofkomt, sitte de
tsjeppe
jonge Summer Quinn en de knoffelige Ronnie Greenbaum, dy't benammen by de stranwachten wol om't er
smoar
op C.J. is. Dan is der noch Matt Brody, in
arrogante
mar oan legerwal rekke twafaldich
Olympysk
swimkampioen
, dy't mient dat er omreden fan syn
reputaasje
rjocht hat op ien fan 'e trije stranwachtfakatueres. Net dat er trouwens sa graach by de stranwacht wol, mar hy hat in
taakstraf
dy't er uttsjinje moat, dat sadwaande. Thorpe wol Brody derby hawwe om't dat foar de butenwacht goed lykje sil, mar Mitch wol dat er him earst foar in
baan
as stranwacht kwalifisearret, krekt as alle oare
rekruten
. Hoewol't Brody him net bot fan syn beste kant sjen lit, wurdt Mitch troch syn baas twongen om him dochs yn syn team op te nimmen. De oare beide plakken geane nei Summer en Ronnie.
Underwilens hat Mitch ek oare swierrichheden, want hy fynt op syn stran hieltyd lytse
pudsjes
mei deryn de
drug
flakka
. Om't dat eltse kear yn 'e neite bard fan 'e Huntley Club, in hippe
utgeansgelegenheid
, begjint Mitch te fermoedzjen dat Victoria Leeds, in
sakefrou
dy't koartlyn de Huntley Club oernommen hat, wat mei de drugs te krijen hat. Der hat er gelyk oan, want Leeds is djip behelle yn 'e pleatslike
drugshannel
. Mar se hat ek plannen mei it stran fan 'e Emerald Bay, en der passe Mitch-en-dy net yn. Leeds wol der nammentlik in priveestran fan meitsje, dat inkeld tsjin betelling tagonklik is. Derta is se oan 'e gong om alle
unreplik goed
oan it stran op te keapjen. Ek hat se it
korrupte
pleatslike
gemeenteriedslid
Rodriguez
omkocht
om har plannen goedkard te krijen troch de
gemeenteried
. Se finansiert it hiele projekt mei it
jild
dat se fertsjinnet mei de hannel yn flakka.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
As yn 'e
baai
bran
utbrekt oan board fan in
jacht
, sjitte Mitch en de oare stranwachten as earsten te help. Mitch wit twa jonge
froulju
te reden en giet dan werom om 'e iennichste oare opfarrende, in
man
, op te heljen. Underwilens besiket Brody te helpen, mar rekket sels yn 'e swierrichheden troch de oalje dy't op it
wetteroerflak
brant, wernei't er reden wurde moat troch Stephanie en Summer. Derby lit Summer blike dat se
gefoelens
foar Brody hat. Mitch springt mei de man oer it
skouder
oerboard krekt ear't it jacht
eksplodearret
. Neitiid docht bliken dat de man it net oerlibbe hat, en wurdt syn identiteit feststeld as gemeenteriedslid Rodriguez. Mitch, dy't sjoen hat dat ien fan 'e beide jonge froulju in pudsje flakka under ban fan har
bikinybroekje
stutsen hie, fermoedet dat der in ferban is tusken de mysterieuze bran op it jacht en de hannel yn drugs by de Huntley Club. As er syn fermoedens lykwols oppenearret by plysjeman Ellerbee, wiist dy him teplak, en makket him dudlik dat de plysje him wol mei de saak rede sil sunder Mitch syn help.
Letter dy deis arrivearret Victoria Leeds op it stran om Mitch en de oare stranwachten te priizgjen foar harren heldhaftige aksje, en harren ut te nugjen foar in feest yn 'e Huntley Club, dyselde
juns
. Brody ferset him as iennichste fan 'e stranwachten tsjin Mitch syn plan om 'e utnuging oan te nimmen sadat de stranwachten yn 'e Huntley Club op 'e sneup gean kinne nei bewizen foar belutsenens by
drugshannel
. Hy wurdt lykwols oerstimd troch de oaren, en dy juns bejout it hiele team him nei de
nachtklub
ta. Wylst Ronnie Leeds en de oare gasten oflaat mei syn kaprioalen op 'e
dunsflier
, kringe Mitch en Stephanie efter de skermen yn 'e klub troch. Der sjogge se wat fertochte dingen, mar neat der't se wat mei bewize kinne. Underwilens stelt Victoria Leeds yn in
petear
mei Brody foar dat hy luitenant fan 'e stranwacht wurdt foar Mitch yn 't plak. Se lit him efter mei in
flesse
whiskey
. Neitiid
bedrinkt
Brody him en set er himsels foar gek. De oare
deis
, as Mitch him dudlik makket dat er ut it team leit, biedt er einlings syn
untskuldigings
ris in kear oan, en om't Mitch oanfielt dat er oprjocht is, beslut er Brody noch ien kans te jaan.
Letter dy deis ynfiltrearje Mitch, Brody en Summer it pleatslike
mortuarium
, der't se it
lyk
fan gemeenteriedslid Rodriguez undersykje en syn
lykskogingsrapport
leze. Deryn stiet dat der gjin
reek
yn syn
longen
oantroffen is, wat betsjut dat er al
dea
wie foar't de bran op it jacht utbriek. As se oaren oankommen hearre, ferskulje de stranwachten harren by de liken yn 'e laden fan it mortuarium. De nijkommers blike Leon en Frankie te wezen, twa trewanten fan Victoria Leeds, dy't stjoerd binne om it lykskogingsrapport te ferfalskjen en sa te ferbergjen dat sy Rodriguez yn opdracht fan Leeds
fermoarde
hawwe. Summer filmet wat de beide mannen yn it mortuarium dogge mei har
mobile tillefoan
, mar troch Brody syn knoffelige maneuvels wurde de stranwachten untdutsen. Leon en Frankie witte Summer har tillefoan te untfytmanjen en dermei ut te naaien, en hoewol't Mitch harren nei in wylde efterfolging by wit te heljen, rekket de tillefoan ferrinnewearre. Dat betsjut dat Mitch-en-dy gjin bewiis hawwe en dat Ellerbee harren net leauwe wolle. Boppedat driget Thorpe Mitch mei
untslach
as er nochris syn boekje te buten giet.
Om't se derfan oertsjuge binne dat Leeds de spin yn it web fan 'e pleatslike drugshannel is, geane Mitch en Brody neitiid
undercover
yn 'e Huntley Club, der't se der yn 'e
koken
tsjuge
fan binne hoe't de
wurknimmers
fan 'e nachtklub de drugs ut fetten mei ynferzen
fisk
helje en ree meitsje om ferhannele te wurden. Se skilje Ellerbee op om Leeds-en-dy oan te jaan, mar Ellerbee seit dat er op it stuit wichtiger problemen hat, mei't der in lyk fan in by in
haaie-oanfal
omkommen man oanspield is op it stran. Thorpe, dy't Ellerbee der yn ofwezigens fan Mitch by helle hat, stelt fest dat Mitch syn post under wurktiid yn 'e steek litten hat. Dat is foar him de drip der't de amer fan oerrint, en hy untslacht Mitch. Ynstee dat er Stephanie yn Mitch syn plak beneamt, der't se rjocht op hat om't se nei Mitch de heechste
rang
hat, beneamt er Brody ta de nije luitenant. Brody besiket de
promoasje
werom te jaan, mar Thorpe
sjantearret
him om 'e nije posysje dochs oant te nimmen troch dermei de driigjen dat it oars wolris nuver yn 'e war reitsje kin mei syn taakstraf.
Nei't Brody de folgjende dei in nij pudsje flakka op it stran fynt, giet er nei it
plysjeburo
, der't er it
dossier
oer it oanspielde lyk fan it
buro
fan Ellerbee
stelt
. Hy lit de
foto's
yn it dossier oan Summer sjen, dy't in eftergrun as
ferpleechkundige
hat, en dy't syn fermoeden befestiget dat guon fan 'e
ferwunings
fan 'e deade man net troch
haaien
feroarsake binne. Ronnie, dy't oer Summer har skouder meisjocht, skrikt him dea as er op 'e foto's syn maat Dave werom ken, dy't foar Victoria Leeds it nije
kompjutersysteem
fan 'e Huntley Club opset hat. Ronnie helpt Brody dernei om dat kompjutersysteem te
hacken
, en sa komme se efter it plan fan Leeds om fan 'e hiele baai in priveestran te meitsjen troch systematysk alle oare unreplik-goedeigners ut te keapjen. Se untdekke ek dat noch mar ien persoan Leeds har plannen yn 'e wei stiet: Murray Chen, dy't syn nachtklub net ferkeapje wol. Underwilens hat Mitch in nije baan fun as
ferkeaper
yn in
wytguodwinkel
, der't er de moedfearren alhiel hingje lit. Dat feroaret as er besite kriget fan syn alde
mentor
, dy't him nije moed ynpraat.
Juns ynfiltrearje Brody en de oare stranwachten in
priveefeest
oan board fan Leeds har lukse jacht, der't Brody en Summer untdekke hoe't Leeds in holte by de
kyl
fan it skip brukt om
drugs
te
smokkeljen
. Stephanie, Ronnie en C.J. witte underwilens Chen op te spoaren, dy't op it jacht
finzen
holden wurdt oant Leeds him
ut 'e wei romje
kin. Se befrije him mei help fan Summer, wernei't Stephanie en Summer de man yn feilichheid bringe, wylst Ronnie en C.J. weromgeane om Brody op te heljen. Dy is yn 'e tuskentiid lykwols trappearre troch Leeds en har trewanten, dy't him finzen nimme en yn it plak fan Chen yn in
koai
pleatse. Foar't se de koai yn it wetter smite, sadat Brody ferdrinke sil, fertelt Leeds him selsfoldien dat er syn lot oan himsels te witen hat. Se hie Thorpe omkocht sadat dy Brody yn it plak fan Mitch ta luitenant beneame soe, en alles dat Brody hoegde te dwaan om foarut te kommen yn 'e wrald, wie him mei syn eigen saken bemuoie.
Wannear't Brody op 'e boaiem fan 'e baai yn azemneed komt te sitten en op it punt stiet om te
stjerren
, sjocht er Summer as in soarte fan
ingel
ut in
ljocht
wei op him ta
swimmen
om him in
tut
te jaan werby't se him nije
lucht
ynblaast. As er lykwols wer wat bykomt, blykt dat in
hallusinaasje
te wezen; ynstee is it Mitch dy't
mule-op-mulebeazeming
jout. Underwilens besykje Leeds en har trewanten Frankie en Leon te untkommen nei it tichtstbye plak der't har
helikopter
lanje kin; dat is de grutte, platte boat der't se it
fjoerwurk
opstelt hat foar in
fjoerwurkshow
dy't se foar letter dy jun pland hie. Wylst Mitch en Brody de efterfolging ynsette op Leeds-en-dy, lit Ronnie fia it kompjutersysteem op it jacht fan Leeds de fjoerwurkshow begjinne om 'e helikopter op ofstan te halden. Brody slacht ien fan Leeds har trewanten oerboard, wylst Mitch mei de oare ofweeft. Leeds sels blykt in
pistoal
te hawwen, wermei't se Brody bedriget en Mitch delsjit, mar as it leste fjoerwurk ofgiet, wit Mitch har op te blazen troch in swiere
fjoerpylk
op har te rjochtsjen.
Neitiid arrivearret Ellerbee, krekt op 'e tiid om Leeds har wurknimmers te
arrestearjen
. Hy moat no einlings tajaan dat Mitch al dy tiid gelyk hie, en dat hysels mis west hat. Thorpe arrivearret ek en fart ut tsjin Mitch om't dy him wer op syn stran bejun hat, mar Brody, dy't wit dat Thorpe himsels omkeapje litten hat, slacht de man
bewusteleas
. Thorpe wurdt neitiid troch Ellerbee yn 'e hechten set foar syn oandiel yn Leeds har
kriminele organisaasje
. Underwilens binne Ronnie en C.J. yn 'e neisleep fan 'e oerwinning op Leeds oan it
tutsjen
rekke, en neitiid bringe se
nacht
tegearre troch. Ek Brody en Summer krije in
relaasje
. Mitch kriget syn baan as luitenant fan 'e stranwacht werom, en Summer, Ronnie en Brody wurde as folweardige leden yn it team opnommen. Foar Thorpe yn it plak wurdt in nije kaptein oansteld, Casey Jean.
- haadrollen
- byrollen
Baywatch
is basearre op 'e
tillefyzjesearje
Baywatch
, ut 'e
1990-er jierren
, dy't suver wol in
kultstatus
berikt hat. Al yn
2004
waard oankundige dat der in ferfilming fan 'e searje komme soe, mar it projekt kaam lange tiid fest te sitten yn 'e
preproduksjefaze
, werby't it
skript
troch de iene nei de oare
senarioskriuwer
werskreaun waard. Oarspronklik soe de film
regissearre
wurdt troch
Sean Anders
, mar dy waard yn
july
2015
ferfongen troch
Seth Gordon
. It uteinlike
senario
waard skreaun troch
Damian Shannon
en
Mark Swift
, op basis fan ideeen en
personaazjes
ut 'e oarspronklike tillefyzjesearje, dy't betocht wiene troch
Jay Scherick
,
David Ronn
,
Thomas Lennon
en
Robert Ben Garant
.
De rol fan 'e
antagonist
, spile troch
Bollywood
-superstjer
Priyanka Chopra
, wie earst skreaun foar in
man
, en waard hielendal omwurke doe't yn
febrewaris
2016
bliek dat sy derfoar beskikber wie. Fan 'e
akteurs
ut 'e oarspronklike searje hie
David Hasselhoff
yn 'e film in lyts
roltsje
as de
mentor
fan haadpersoan Mitch (spile troch
Dwayne Johnson
), wylst
Pamela Anderson
hielendal op 'e ein in
cameo
hie.
As
filmprodusinten
wiene by it projekt belutsen:
Ivan Reitman
,
Michael Berk
,
Douglas Schwartz
,
Gregory J. Bonann
en
Beau Flynn
foar de
filmstudio's
Paramount Pictures
,
Contrafilm
,
The Montecito Picture Company
,
Vinson Pictures
,
Seven Bucks Productions
,
Flynn Company
en
Cold Spring Pictures
. De
kamerarezjy
waard dien troch
Eric Steelberg
, en de
filmmuzyk
wie fan 'e han fan
Christopher Lennertz
. Foar
Baywatch
wie in
budget
fan
$
65 oant $69 miljoen beskikber.
De
opnamen
sette op
22 febrewaris
2016
utein yn
Deerfield Beach (Floarida)
, mei't de film oan 'e Amerikaanske
Atlantyske
kust
fan sudlik
Floarida
spilet, hoewol't de searje spile yn it
Kalifornyske
Malibu
, oan 'e kust fan 'e
Stille Oseaan
. Oare opnamelokaasjes wiene
Miami
en
Savannah (Georgia)
. Ein
maart
waard der ek filme yn
Tybee Island (Georgia)
. De leste opnamedei foel op
18 maaie
2016
.
De
filmdistribusje
fan
Baywatch
waard dien troch
Paramount Pictures
, dat de film oarspronklik utbringe woe op
19 maaie
2017
, in
datum
dy't earder bedoeld west hie foar in nea makke
ferfolch
op
Terminator: Genisys
. Yn
desimber
2016
waard kedize om it utbringen fan 'e film in
wike
op te skowen, om
konkurrinsje
mei
Alien: Covenant
te untrinnen. Uteinlik fun de
galapremiere
fan
Baywatch
plak op
13 maaie
2017
yn
Miami
, wernei't de film op
25 maaie
iepene yn 'e Amerikaanske
bioskopen
. Op
15 augustus
2017
waard
Baywatch
utbrocht as
digitale
download
, en op
29 augustus
ek op
dvd
en
blu-ray
.
Baywatch
krige oer it algemien negative
resinsjes
fan 'e
filmkritisy
.
Peter Travers
, dy't foar it
tydskrift
Rolling Stone
skreau, joech de film twa fan fjouwer stjerren. Hy hie lof foar de "maklike gemy" tusken
haadrolspilers
Dwayne Johnson
en
Zac Efron
, mar fun dat de film "in funksjoneel senario" miste. Yn
Variety
skreau Owen Gleiberman dat
Baywatch
"stomme fermaaklik [wie]… foar in skoftke." Ek hy hie lykwols
krityk
op 'e
plot
, der't grutte gatten yn sieten.
Brian Truitt fan 'e
krante
USA Today
joech de film twa fan fjouwer stjerren. Hy fun dat de film alle eleminten hie om "sawol in karakteristike farse as in rjocht-ta-rjocht-oan
aksjefilm
" te wezen, mar dat er "underweis stroffele en yn beide sjenres faalde."
Richard Roeper
fan 'e
Chicago Sun-Times
joech
Baywatch
oardel fan fjouwer stjerren, en ferliek de film mei oare films dy't makke wiene nei bekende
tillefyzjesearjes
, lykas
The Dukes of Hazzard
en
The Beverly Hillbillies
. Syn oardiel wie: "ast films makkest op basis fan rotsoaitillefyzje, dan krigest oer it algemien in rotsoaifilm."
Op 'e
webside
Rotten Tomatoes
, dy't resinsjes sammelet, hie
Baywatch
in leech goedkarringspersintaazje fan 17%, basearre op 225 underskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, moast de film it benammen hawwe fan it hege 'wibelgehalte' (it bewegen fan
boarsten
en
stuten
yn krappe
bikinys
en
badpakken
), en it etalearjen fan 'e
spierde
lichems fan
Dwayne Johnson
en
Zac Efron
. De film miste neffens Rotten Tomatoes lykwols de sjarme fan 'e tillefyzjesearje, sadat de akteurs fersupten yn it undjippe. Op
Metacritic
, de wichtichste
konkurrint
fan Rotten Tomatoes, behelle
Baywatch
in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 47 resinsjes.
Haadrolspiler
Dwayne Johnson
reagearre op 'e krityk dy't de
resinsinten
op
Baywatch
hiene, troch te sizzen dat de film makke wie foar de
fans
fan 'e oarspronklike
tillefyzjesearje
. En dy funen de film neffens him prachtich.
Baywatch
brocht yn
Noard-Amearika
yn 'e
bioskopen
$
58,1 miljoen op. De film underfun benammen yn 'e
Feriene Steaten
frijwat
konkurrinsje
fan
Pirates of the Caribbean: Dead Men Tell No Tales
en
Guardians of the Galaxy Vol. 2
, dy't frijwol tagelyk utbrocht waarden. Yn alle oare
lannen en territoaria
brocht
Baywatch
$119,8 miljoen op. De totale
opbringst
wraldwiid kaam dermei ut op $177,9 miljoen, wat, ofset tsjin it
budget
fan $65-69 miljoen, delkomt op in
winst
fan teminsten $108,9 miljoen.
By de
Teen Choice Awards
fan
2017
wun
Zac Efron
foar syn rol yn
Baywatch
de
priis
yn 'e kategory beste
akteur
yn in
komeedzjefilm
, der't ek
Dwayne Johnson
foar nominearre wie. Fierders waard
Alexandra Daddario
nominearre yn 'e kategory beste
aktrise
yn in komeedzjefilm, en
Priyanka Chopra
yn 'e kategory beste
filmsmjunt
. Alexandra Daddario wun de
Golden Schmoes Award
yn 'e kategory beste
titen
en
kont
fan it jier. By de
Golden Raspberry Awards
yn
2018
, de prizen foar de minste filmprestaasjes fan it foargeande jier, waard
Baywatch
nominearre yn 'e kategory 'minste film', 'minste
prequel
,
remake
of
ferfolch
', 'minste
senario
', en 'minste akteur' (Zac Efron). De film wun de Golden Raspberry Award yn 'e kategory 'sa weardeleas dat it wer moai wurdt'.
Yn
maaie
2017
makke
filmprodusint
Beau Flynn
bekend dat der plannen wiene foar in
ferfolch
op
Baywatch
, weryn't it team neffens him om utens yn 'e problemen komme soe.