Persoanlike kompjuter

Ut Wikipedy
Pc anno 2006

In personal computer (pc) | persoanlike kompjuter , ofkoarte as pk (net gongber, op dizze side tenei koartwei kompjuter ) is in kompjuter foar eigen gebruk. Dy kompjuter wurdt brukt foar it utfieren fan ferskate saken, lykas administraasje , tekstbewurking , ynternetferbining , programmearjen, kompjuterspultsjes , en oare saken. Men kin in kompjuter foar it wurk , underrjocht en hobby bruke.

Underdielen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tekening fan in persoanlike kompjuter
1. Byldscherm
2. Memmeboerd
3. Prosessor (CPU)
4. Wurkunthald ( RAM )
5. Utwreidingskaarten ( PCI )
6. Enerzjyfoarsjenning
7. Optyske skiif ( cd-rom , dvd , blu-ray )
8. Feste skiif
9. Toetseboerd
10. Mus

In typyske kompjuteropstelling bestie(t) ut in systeemkast en rane-apparatuer , lykas byldskerm , toetsebord en mus .

De systeemkast (mooglik mei ynboud byldskerm) befettet altyd:

Fierder hat de systeemkast sa goed as altyd:

  • in ludskaart dy’t oansluting fan ludsapparatuer mooglik makket; tsjinwurdich faak yntegrearre op it memmeboerd
  • in netwurkkaart der’t de pc mei op in netwurk oansluten wurde kin, tsjintwurdich faak yntegrearre op it memmeboerd.
  • in cd-romspiler en/of dvd -spiler, cd-braner en/of dvd-braner

Op de kompjuter wurdt ek eksterne rane-apparatuer oansletten, meast op in oanslutpoarte , mar tsjinwurdich ek triedleas oanstjoerd, mei Wi-Fi , ynfraread of Bluetooth . Der binne (stan 2015) noch inkelde wichtige typen oanslutpoarten oer: USB -oansluting (Universal Serial Bus), in standerdisearre oansluting foar printers, skenners, toetseboerd, mus, unthaldkaartlezers en allerhande oare apparatuer DVI , VGA of HDMI foar it byldskerm Cat5 -oansluting foar in betriedde netwurk ( ethernet ).

Typen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei wize fan bruken binne der ferskate kompjutertypen:

  • Stasjonere kompjuters, dy't fierder opdield wurde kinne yn:
    • Kantoarkompjuters (Ingelsk desktop PCs )
    • Wurkstasjons (Ingelsk workstations )
  • Draachbere kompjuters (Ingelsk laptop PCs, notebooks, wearable computers )
  • Busekompjuters (Ingelsk personal digital assistants as PDAs )

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

IBM Persoanlike Kompjuter, type 5150 ut 1981

De earste kompjuter wie ree op 5 desimber 1941 , de Z3 fan Konrad Zuse . Mar om't dat yn de Twadde Wraldkriich wie, en om't de Z3 yn Dutslan op it ein fan de oarloch troch in bombardemint ferneatige waard, wie dat net by eltsenien bekind, en nei de oarloch tocht men dertroch dat de ENIAC , yn de Feriene Steaten , ree op 14 febrewaris 1946 , de earste echte kompjuter wie.

De programma 's foar de Z3 waarden ynfierd fia in soarte fan punsban , wylst dat by de ENIAC gong troch it op 'e nij lizzen fan in part fan de betriedding. Lettere kompjuters hienen punsbanynfier, doe kamen de punskaart , de magneetban en de magnetyske skiif . Dy magneetbannen hienen romte foar mear as ien programma of triem , en op hjoeddeiske feste skiven stean gauris tuzenen triemmen.

In Imac ut om ende by 2014

Der waarden al gau skriuwmasine -eftige systemen brukt, om de gegevens op dy bannen te krije en foar utfier op papier. Yn de fyftiger jierren waard mei eltse kompjuter direkt ien taastboerd printer ferbun, foar de systeembehearder. Yn de sechtiger jierren waard der net mear op papier utfierd, mar nei in byldskerm . Dizze kombinaasje fan in byldskerm mei in kaaiboerd wurdt hieltyd noch brukt.

De leste jierren komt yn benammen yn de bedriuwen dy't bot hygienysk wurkje moatte, de byldstjoerde kompjuter op. Dy kompjuter hat in taastskerm . Der't earder it byldkaike - Ingelsk pictogram - mei de mus oanklikt waard, tikje jo mei in finger streekrjocht op de byldkaikes dy't op it skerm aktyf makke wurde kinne.

Tiidbalke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De hjoeddeistige kompjuter komt fuort ut in untwikkeling fan de santiger jierren of. Der binne mei de tiid ferskate kompjutersoarten untwikkele.

  • De earste kompjuter dy't foar wurk en privee brukt waard, wie de Xerox Alto fan it bedriuw Xerox PARC dy't fanof 1973 produsearre waard. It wie gjin kommersjeel produkt, der binne mar in pear tuzen fan boud, mar dat wie de kompjuter der't de term persoanlike komjuter foar optocht waard.
  • Mei troch de untwikkeling fan de Alto kamen der mear typen selsbou-kompjuters, der't de Altair 8800 de wichtichste fan wie.
  • Yn 1975 waard de Altair 8800 makke. Dy kompjuter foar thus moast sels yninoar set wurde. Dy kompjuter hie gjin byldskerm en gjin toetseboerd, mar skeakelders en lampkes.
  • Yn 1975 brocht IBM de IBM 5100 op de merk foar wittenskiplike tapassings. It wie in yntegrearre kompjuter, mar fier buten it budzjet fan saaklike tapassings en hobbyisten.
  • It earste yndustriele type kompjuter wie de Apple II fan it bedriuw Apple . Dy kompjuter waard op 5 juny 1977 yn de Feriene Steaten yntrodusearre. De Apple II wie dudlik beynfloede troch de Altair, mar it wie in kant en klear produkt. Fierders koenen der kaarten taheakke wurde, foar tekstbewurking , spultsjes ensafuorthinne. It wie in kompjuter dy't feroare wurde koe ta de winsk fan de kunde. It wie de earste kompjuter mei kleuren en lud. Troch de komst fan VisiCalc , it earste rekkenprogramma, seach de saaklike merk it nut fan de kompjuter.
  • Yn likernoch deselde tiid, 1977, waarden de earste kommersjele persoanlike kompjuters, de Commodore PET 2001 en de Tandy TRS 80 Model 1, yntrodusearre. Wat prestaasjes oanbelanget kamen dy kompjuters aardich oerien mei de Apple II. Hja hienen lykwols gjin mooglikheid foar utwreidingskaarten , gjin kleurwerjefte en gjin lud. Net folle letter kamen ek ferskate oare merken mei persoanlike kompjuters.
  • Apple hie it yn syn reklame-uterings oer de Apple II al oer in Personal Computer ; IBM wie lykwols as earste fabrikant dy’t syn kompjuters de type-oantsjutting Personal Computer joech, en waard dertroch wol de bekendste.
  • Om't de klant yn de lette santiger jierren, mei it sukses fan de Apple II en oaren, frege om kompjuters, begun ek IBM mei de untwikkelingjen fan in eigen persoanlike kompjuter. Oars as by de 5100 waard no keazen foar goedkeape en maklik beskikbere oplossings. De kompjuter dy't IBM op 12 Augustus 1981 yntrodusearre, hie in 8-bit ISA bussysteem, mei kleure-opsje en lud. IBM hie syn earste kompjuter fan in Intel-8088-Prosessor foarsjoen, in net sa kreftige ferwurkingsienheid, mar ien der't hja underfining mei hienen. Dy hie levere wurde moatten mei in oanpaste ferzje fan CP/M, dy't normaal op kreftigere kompjuter's draaide, maar om't IBM dat net foarelkoar krije koe, waard de kompjuter levere mei it ofwikende bestjoeringsysteem PC-DOS, dat troch Microsoft oan IBM levere waard.
  • 12 augustus 1981: De earste IBM Personal Computer wurdt foarsteld op in parsekonferinsje yn it Waldorf-Astoria Hotel yn New York .
  • Yn 1984 yntrodusearre Apple de Apple Macintosh , de earste kompjuter mei in grafyske brukersomjouwing. Dat betsjutte in revolusje foar de kompjutermerk.
  • Yn 1985 yntrodusearre Microsoft de earste ferzje fan Windows . Dat wie de earste grafyske brukersomjouwing foar IBM-kompatibele kompjuters. Yn tsjinstelling ta de Macintosh is dy op meardere kompjuters te bruken yn stee fan allinnich op eigen produkten, der tanket Windows syn sukses oan. De earste ferzje waard lykwols gjin sukses.
  • Yn 1992 brocht Microsoft Windows 3.1 ut. Fan Windows 3.1 of krige Microsoft Windows grutte bekendheid. Dat is benammen te tankjen oan de tekstferwurker Word , en troch de opkomst fan multymedia en ynternet .
  • Yn datselde jier bringt Linus Toralds de earste ferzje fan Linux ut, in 32-bits-, opensource -, multybruker-, multytasking POSIX -bestjoeringssysteem dat op in persoanlike kompjuter draait.
  • Yn 1995 brocht Microsoft Windows 95 ut. Dy kin multytaske en hat as earste Windowsferzje de taakbalke mei de startknop. Dat wie ek de earste 32-bitsferzje fan Windows. Foar thusgebruk soe pas fan Windows XP yn 2001 of gjin MS-DOS mear brukt wurde.
  • De stan fan saken yn 2017 is dat Smartphones en Tablets in hiele bulte funksjonaliteiten fan de kompjuter oernommen hawwe sadat dy wat langer wat minder brukt wurdt, benammen as it om thusgebruk giet.

Tapassings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan it begjin of binne de kompjuters brukt foar berekkenings. It Ingelske wurd "Computer" betsjut dan ek "rekkender" en it suver al feraldere Fryske wurd is rekkenreau . Yn de tachtiger jierren waard de komputer in massaprodukt. De 'persoanlike komputer' docht dan syn yntree en nei ferrin fan tiid wurdt MS-DOS (Microsoft Disk Operating System: Skiif Bestjoerings systeem) it meast brukte bestjoeringssysteem De kompjuter is fan dy tiid of meast foarsjoen fan in tekstbewurker , in rekkenbled en in kaartebak. Letter mei it opkommen fan ynternet kamen der de netsneuper en e-post as standerttapassings by. Mei de yntroduksje fan de grafyske brukerstagong makke de kompjutermus syn yntree.

Mei it goedkeaper wurden fan de byldskermen kamen der ek kompjuterspultsjes by en mei it better wurden fan de byldskermen kamen der ek byldbewurkingstapassings . Yntusken binne kompjuters ynboud yn in protte "yntelliginte" apparaten en no't hieltiid mear kompjuters troch it ynternet ferbun binne, wurde kompjuters mear en mear brukt foar kommunikaasje, it finen fan ynformaasje, en it skriuwen fan in ensyklopedy .

Software [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De software (kompjuterprogrammatuer) foar in kompjuter kin underdield wurde yn in tal kategoryen:

  • BIOS , Basic Input/Output System , bestiet ut de meast basale funksjes dy’t it oanstjoeren fan hardware lykas unthald, feste skiif ensafh. mooglik meitsje. It BIOS wurdt levere yn in ROM-tsjip , en wurdt start sadree’t de kompjuter oanset wurdt.
  • Bestjoeringssysteem , bestiet ut software dy’t it mooglik makket om kompjuterprogramma’s ut te fieren. Yn it bestjoeringssysteem sitte alle underdielen dy’t it mooglik meitsje om de BIOS-funksjes te bruken, mar ek foar it oanstjoeren fan rane-apparaten (mei drivers ), it befeiligjen fan de kompjuter (troch brukersprofilen te definiearjen en autorisaasje te jaan), en de grafyske omjouwing dy’t it mooglik makket de kompjuter mei mus en/of toetseboerd te betsjinjen. As bestjoeringssysteem fan persoanlike kompjuters hat Windows fan Microsoft it grutste merkoandiel. Oare bestjoeringssystemen binne Linux (dy’t yn ferskate distribusjes ( distro’s ), troch ferskate leveransiers levere wurde, lykas Red Hat , SUSE , Debian en Mandrake ), en it bestjoeringssysteem foar Apples Apple Macintosh ( Mac OS , of it aktuelere Mac OS X ).
  • Services, foar Windows, of Daemons , foar Unix, binne prosessen dy’t op de eftergrun draaie foar beskate saken dy’t allegeduerigen aktyf weze moatte.
  • Applikaasjes (tapassings) binne programma’s dy’t mei in beskaat doel makke wurde of oantugt. Foarbylden derfan binne tekstferwurkers, ludsferwurkers, rekkenrprogramma’s, webbleders en databaseprogramma's . Guon applikaasjeprogramma’s kinne by in bestjoeringssysteem ynbegrepen weze.
  • Ark of utilities binne helpprogramma’s foar bygelyks it sels skriuwen fan programma’s ( compilers , interpreters , IDE's , en sokssawat), webservers , mailservers , ensafh.

Draachbere kompjuters [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch it tanimmende kompjutergebruk kamen der njonken de kompjuter oare modellen kompjuters op de merk. De draachbere laptop waard hieltyd lichter en kreftiger, sadat dy mear en mear brukt waarden. Sunt sawat 2010 wurdt de noch lichtere tabletkompjuter in soad brukt.

Hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Njonken de taken tekstbewurkjen en tabellekalkulaasje wurdt it multymedia med hyltyd wichtiger. Hjoed wurde meastal bestjoeringssystemen Windows fan merklieder Microsoft meilevere. Der bestean alternative bestjoeringssystemen lykas Ubuntu . It leste is in iepenboarne bestjoeringssysteem.

Mei USB of sels triedleaze ferbinings lykas WAP , Wi-Fi of Bluetooth kin de kompjuter tsjintwurdich ek mei fotokamera's, mobile tillefoans ensafuorthinne kommunisearje.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • John Markoff: What the dormouse said. How the 60s Counterculture Shaped the Personal Computer Industry , New York, Viking 2005 ISBN 0-670-03382-0

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]