Typmasine

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skriuwmasine )
In Hermes 3000 S, dy’t iepenmakke is, sadat it twakleurige inketlint (de kleuren wurde wiksele troch de skeakelder njonken de A) en de hammerkes te sjen binne

In typmasine (eins: skriuwmasine , en yn de folksmule foarhinne ek wol tikmasine neamd) is in meganysk skriuwynstrumint , meast foarsjoen fan druktoetsen der’t skrifttekens mei op papier set wurde kinne. Foar de utfining fan de skriuwmasine, yn de 19e iuw, waarden brieven en ek offisjele dokuminten mei de han skreaun, faak troch klerken .

Yn ’t earstoan waard it as net hoflik sjoen om in skriuwmasine te bruken foar in brief. Oant yn de twadde helte fan de tweintichste iuw skreaune se sollisitaasjebrieven , brieven oan it Keninklik Hus en brieven oan freonen mei de han. Jo kinne dat paradoksaal neame, om’t in soad hanskriften min te lezen binne. In utjouwer fan boeken, derfoaroer, akseptearre fan de auteur allinnich masineskrift.

Sunt it opkommen fan de pc , en benammen fan de tekstferwurker , is de skriuwmasine sa goed as ut de tiid rekke. De foardielen fan in tekstferwurker foar in skriuwmasine oer binne:

  • it besjen fan tekst op in skerm sunder printsjen der’t kosten mei anneks binne;
  • de sykfunksje, sadat typflaters ien foar ien, en identike flaters tagelyk, ferbettere wurde kinne (nijer: in ynboude staveringshifker, der’t mooglike flaters mei oantsjut en korreksjes suggearre wurde)
  • de opslach fan ferskate ferzjes under opienfolgjende bestansnammen; [1]
  • de opslach fan weromkommende tekstparten as boustiennen foar groepearre ferstjoering. [2]
  • mooglikheid om ferskate lettertypes, kleuren en gruttes sa nedich trochinoar te bruken.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Demonstraasje fan alde skriuwmasine troch de samler frater Ferrerius in 1966

Ferskate lannen yn de wrald easkje de eare op dat in lansman de utfiner wie fan de skriuwmasine. De Ingelsken miene dat Henry Mill al yn 1714 in oktroai krige foar in apparaat dat op in skriuwmasine liket. [3] De Italjanen fine dat it Pellegrino Turri wie. Hy makke syn masine, dy’t spitigernoch ferlern gien is, yn 1808. Ek de Italjaan Gioseppe Ravizza makke tusken 1837 en 1855 al inkelde ferskillende modellen. De Fransen sjogge Xavier Progin as de utfiner, om’t er yn 1837 syn ‘Plume Typografique’ presintearre. De Eastenrikers miene dat Peter Mitterhofer (1864) de eare takomt en de Russen neame M. Alissoff as utfiner. De Feriene Steaten bliuwe net efter yn dizze rige fan utfiners en miene dat William Austin Burt syn houten skriuwmasine brukte foar in earste (en bewarre) brief oan syn wiif.

De iennige echte, as earste yn mearfaldige produksje nommen skriuwmasine waard yn 1867 utfun troch Christoper Latham Sholes , Carlos Glidden en Samuel W. Soule . Hja wurken as tiim sekuer gear yn in wurkstee yn Milwaukee . It patint ut 1867 waard ferkocht en kaam telane by E. Remington and Sons , dy’t oarspronklik naaimasines en wapens makken. Dy earste kommersjele skriuwmasine waard troch Remington makke op 1 maart 1873 yn Ilion , New York .

Njonken de kantoarskriuwmasines, dy’t swier en deechlik wiene, kamen letter ek draachbere skriuwmasines yn de hannel, bedoeld foar bygelyks fertsjintwurdigers , sjoernalisten en it leger. Dy wiene licht, minder deechlik en de typkwaliteit wie in stik minder. Ek wie it arbeidzjen op dy draachbere masines net noflik.

Wurking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De measte skriuwmasines hawwe in role der’t in fel papier heal omhinne wikkele wurdt en festklamme. Dy role sit yn in wein, dy’t jo hinne en wer ferwege kinne. Nei it oanslaan fan in letter skoot de wein (mei role en papier) in stikje nei lofts, om plak te meitsjen foar de folgjende letter. Oan de ein fan de rigel wurdt de wein hielendal werom nei rjochts treaun en tagelyk wurdt de role in stikje ferdraaid, sadat de folgjende rigel wat leger op it papier tikke wurde kin.

De direkteur fan it Britsk Skriuwmasinemuseum, Wilfred A. Beeching, ferparte de wurking fan de ferskate skriuwmasines yn tsien groepen. De Nederlanske skriuwers J. Boot en L.H.M. Knaven wergroepearren dy tsien yn de folgjende groepen:

masines mei in underoanslach oant 1898 dy’t lykje op de boppeneamde masine fan Remington, bygelyks de Yost of Caligraph; masines mei toetsearms, mar in mienskiplike typdrager, bygelyks in skriuwbaltsje Blickensderfer, Hammond of IBM; masines mei in boppe-oanslach en typearms foar de skriuwrole oant 1898, bygelyks de Bar-Lock of de Salter; masines mei in boppe-oanslach en typearms efter de skriuwrole oant 1898, bygelyks de North; masines mei in boppe-oanslach en typearms boppe de skriuwrole oant 1898, bygelyks de Fitch; masines mei in boppe-oanslach en typearms foar en efter de skriuwrole, bygelyks de Williams; masines mei in boppe-oanslach en typearms lofts en rjochts boppe de skriuwrole, bygelyks de Oliver; masines mei in wizer of yndekssysteem oant 1898, bygelyks de Colombia, de Mignon of de Odell; masines mei in foar-oanslach en typearms oant 1898, bygelyks de Daugerty; masines mei in foar-oanslach en stjitstangen oant 1898, bygelyks de Empire of de Adler.

Yn it tiidrek nei 1898 folgen der in soad ferbetterings op besteande modellen.

Lettertype [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ynlieding fan in aldere ferzje fan dit artikel yn it Nederlansk, tikke op in skriuwmasine

Fierwei de measte skriuwmasines hiene in saneamd net-proporsjoneel lettertype: dat wol sizze dat brede letters (lykas de ‘m’) likefolle romte yn beslach nimme as smelle letters (lykas de ‘i’). Op in fel papier steane alle letters en spaasjes dus ek rjocht underinoar. Dat is te ferlykjen mei it hjoeddeistige kompjuterlettertype Courier , wertroch dat der wat alderwetsk utsjocht. Foardiel fan dit lettertype is wol dat it tal lettertekens de rigel of fel makliker ut te rekkenjen is. Ek ferkearde dubele spaasjes binne mei de Courier-letter maklik te finen.

Inket [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne ferskate wizen der’t de beinkting mei plakfynt. De hjirboppe as foarbyld neamde Williams stimpele de letters eins op it papier. By de Blickerderfer giet in lyts inketbaltsje by de skriuwdrager del. De measte masines wurkje lykwols mei in inketlint . Foar de role rint in inketlint del. Dat lint wurdt lofts en rjochts op en fan in spoel wun. It inketlint ferskoot wat nei eltse oanslach fan in letter. Oan de ein fan it lint wurdt de rjochting automatysk omdraaid. By in soad aldere masines moat it lint lykwols mei de han weromdraaid wurde.

Guon inketlinten binne oan de underkant read, oan de boppekant swart (of donkerblau), sadat der yn twa kleuren tikke wurde koe. Soms moat dat troch it inketlint derut te heljen en oarsom yn de masine te setten, mar de measte skriuwmasines hawwe in aparte toets of pook om it lint wat heger of leger te setten, der’t de oare kleur troch keazen wurdt. Dat is benammen nuttich foar de boekhalding , der’t negative tallen yn it read skreaun wurde. Dy mooglikheid is op de PC werom te finen yn in soad rekkenprograms , lykas byg. Excel . Mei in spesjale ynstelling kinne der negative tallen read yn makke wurde.

It inketlint moat troch sliten en utdrugjen nei in skoft wol ferfongen wurde.

Oanslachsterkte [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Guon masines hawwe ek in pookje om in ekstra swiere oanslach te forsearjen, sunder gebruk te meitsjen fan it lint, foar it meitsjen fan stinsels .

It tikjen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In skriuwmasines hat toetsen om de letters mei de fingers oan te slaan. De yndieling fan it toetseboerd is net de meast effisjinte foar de hanbeweging, mar nei’t se sizze sa keazen om de kans op it festreitsjen fan de letterearms lyts te halden. It toetseboerd fan in moderne kompjuter hat de yndieling fan de skriuwmasine oernommen. Boppe de toetsen mei letters sitte toetsen foar de sifers. In skriuwmasine hat ek toetsen mei lestekens , hoewol minder as op de hjoeddeistige kompjutertoetsebuorden. Troch frij hurd op de knop mei in letter te drukken, komt der in staafke (‘hammerke’) omheech, der’t in printletter op montearre is. Dy slacht frij hurd tsjint it inketlint oan, sadat der op it efter it lint leine papier in print fan de letter makke wurdt. Op itselde stuit soargje in fear en in esjappemint derfoar dat de wein in posysje opskoot. De skriuwmasine hat under de letters in spaasjebalke , der’t de wein allinnich mei opskood wurdt sunder dat der in letter printe wurde.

Ein fan de rigel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

As in rigel hast folskreaun is, klinkt der sawat san tekens foar de ein in skille. Der is dan noch romte om in wurd te beeinigjen, of om op it krekte plak in ofbrekteken te tikjen. Dernei moat de wein, mei derop de role en it papier, mei in pook weromtreaun wurde. In meganyk soarget der derby foar dat de role ek in stikje ferdraait, sadat de folgjende rigel tikke wurde kin. Dat barren klinkt noch hieltyd troch yn it begryp carriage return foar de wein; line feed stiet dan foar it trochdraaien fan it papier nei de nije rigel.

Ynstellings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De skriuwmasine hat noch allerhande oare poken, under oare om de kantline lofts en rjochts yn te stellen, foar de ynstelling fan de tabs (tabulator neamd) en sokssawat.

Folchoarder fan de toetsen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn ’t earstoan hantearren ferskate fabrikanten harren eigen folchoarder fan de toetsen. Omdat de hammerkes by te flot tikjen wolris yn de tiis rekken, hat de Amerikaan Christopher Sholes in oanpaste toetsfolchoarder betocht. Derby waarden letterkombinaasjes dy’t gauris foarkamen oan wjerskanten fan it toetseboerd set, sadat de hammerkes net yninoar fertize reitsje soene. Dy folchoarder wurdt, neffens de folchoarder op de boppeste letterrige QWERTY - of AZERTY -toetseboerd neamd. Dy folchoarder is by de ynfiering fan de elektryske skriuwmasines en kompjuters sa bleaun, hoewol’t it probleem fan de hammerkes der net mear spilet. Njonken skriuwmasines mei in QWERTY-yndieling binne skriuwmasines makke mei in Dvorak -yndieling. Dernjonken ha skriuwmasines bytiden noch ekstra toetsen foar taalspesifike letters, sa hiene Nederlanske skriuwmasines in ekstra toets foar de ij . In fabeltsje oer it untstean fan it QWERTY is dat dat betocht is troch fertsjintwurdigers dy’t de skriuwmasines ferkeapje moasten. Om sjen te litten hoe maklik en flot dy binne, soene se it wurd ‘’typewriter’’ o sa rap tikje kinne troch allinnich de boppeste rige te bruken.

Elektryske skriuwmasine [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De meganyske skriuwmasines hiene wol neidielen: sa koene de staafkes der’t de letters op sieten yninoar fertize reitsje as der te flot tikke waard. Ek koe it barre dat in skerp teken, lykas de punt of it skrapke troch it papier hinne sloech, as der te ful tikke waard. Dy problemen waarden oplost mei de komst fan de elektryske skriuwmasine, dy’t al gau fan in korreksjelint foarsjoen waard. Yn it begjin hiene de elektryske skriuwmasines noch it gewoane meganyk mei staafkes en letters derop, letter waarden masines makke mei letterbaltsjes ( IBM ) en daisy wheels ( Olivetti ). Dy koene ferfongen wurde, sadat mei in oar lettertype wurke wurde koe, of sels mei bygelyks Grykske letters . In oare ynnovaasje wie de ferfanging fan it inketlint. Trochdat dat frij gau minder skerp waard, waard it troch in keunststoflint ferfongen dat ienkear brukt waard. Dat keunststoflint waard yn weismytkassettes levere.

De leste elektryske skriuwmasines hiene sels in unthald, der’t bygelyks in hiele te tikjen rigel yn opslein wurde koe. Dertroch wie it folle ienfaldiger om flaters te korrisjearjen. Nei kontrole en korreksje waard de folsleine rigel yn ienkear ofprinte. Dy masines hawwe lykwols net lang yn gebruk west.

It bruken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pterotype, ofbylding ut it Nordisk familjebok
Schriuwmasine foar blinen, ofbylding ut it Nordisk familjebok
skriuwmasine utfun troch Elliot-Hatch Co., ca. 1897, ofbylding ut it Nordisk familjebok
Type-eksamen yn 1967
Nasjonale tikwedstriid 1959

Mei de skriuwmasine waard daliks in orizjineel dokumint makke, en it wie dus fan belang om gjin tikflaters te meitsjen. Flaters koene allinnich wersteld wurde troch gomjen of troch it weiwurkjen mei ‘’wite inket’’, mar de flaters bleaune altyd sichtber. Dat wie noch slimmer as der meardere kopyen tikke waarden. Dat barde troch meardere fellen papier yn de masine te draaien, mei dertusken in fel karbonpapier . De efterste kopy wie bytiden min te lezen, en mear as fjouwer kopyen koene eins net makke wurde. It fuortwurkjen fan in flater frege it nei boppe draaien fan de bondel papier, it fuortheljen fan de ferkearde letter op eltse ofdruk, en dernei it wer weromdraaien fan de bondel papier. Derby moast der foar soarge wurde dat de ferskate ofdrukken foarinoar oer net ferskoden. Faak waarden op de kopyen derom mar net korrisjearre, en waard allinnich it orizjineel flaterleas ferstjoerd. In goede typiste koe lykwols flot en sunder flaters tikje.

It oanslaan fan de skriuwmasine mei it tsienfingersysteem frege aardich oefenjen en kreft yn de fingers. Benammen ek de pink, der’t de p, q, a en z oanslein wurde, moast sterk weze. Foaral it heljen fan in hege tikfaasje wie lestich. In oanslachfaasje fan 200 oanslaggen de minut waard as tige heech sjoen. Dat is in faasje dy’t op in kompjutertoetseboerd sels troch mei twa fingers te tikjen skoan ferbettere wurde kin.

In soad minsken hiene thus foar priveegebruk in skriuwmasine, mar de skriuwmasine waard benammen op kantoar in soad brukt.

Op kantoar [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De skriuwmasine waard op it moderne kantoar (oant sawat 1980 ) eins allinnich betsjinne troch froulju. Yn dy tiid wie de rolferdieling tusken manlju en froulju meast strang skieden. De manlike wurknimmers diene it kreativere wurk en skreaune mei de han harren brieven, of diktearren dy oan de siktaresse, dy’t se, al of net yn steno , notearren en dernei uttikken. Ek foar steno bestiene stenoskriuwmasines .

De skriuwmasine kaam sa bot op, dat de gruttere kantoaren in typkeamer hiene, der’t de hanskreaune brieven ynlevere waarden en dernei uttikke. Dy funksje fan typiste is mei de opkomst fan tekstferwurkers, dy’t al gau ek troch manlju op kantoar brukt waarden, folslein ut de tiid rekke. Dochs besochten froulju yn it begjin harren rol fest te halden, trochdat eltse brief en elts rapport fia it siktariaat it bedriuw ut moast foar in leste kontrole op stavering en bygelyks husstyl . It slagge lykwols net om dy funksje fest te halden, sadat de funksje fan typiste underwilens folslein ferdwun is.

It ferdwinen fan de skriuwmasine [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bysunder oan dy untjouwing wie, dat doe’t de tekstferwurker deryn kaam, sawat eltsenien dat as in grutte ferbettering undergie, hoewol’t de lettertypen fan de earste tekstferwurkers as unkant sjoen waarden troch de soad brukte ienfaldige Matriks(nulle)printers . Foar estetysk ferantwurde wurk koene wol margrytsjilprinters brukt wurde mar dy wiene net flot en troch harren komplekse meganyk minder betrouber foar grutte bulten printwurk.

It foardiel fan de tekstferwurker wie twadderlei. Allerearst smiet de mooglikheid fan it korrisjearjen fan ien of mear tikflaters op in side in direkt kostefoardiel op: de hiele side hoegde ommers net fannijs uttikke te wurden. As twadde wie der de besparring yn trochrintiid; de syklus

  1. mei de han utskriuwen fan in rapport troch meiwurker
  2. uttikjen fan it rapport troch de typiste
  3. konrolearjen fan it rapport troch meiwurker
  4. korrisjearjen rapport troch typiste

waard yn in soad gefallen ferfongen troch meiwurkers, dy’t sels harren rapport, offerte of oar dokumint tikken en printen. Dy foardielen woegen op tsjin de mindere printkwaliteit. Earst mei de komst fan de Inket(snjit)printer en Laser(ljocht)printer waard de printkwaliteit fan de oarspronklike skriuwmasine wer helle, en sels gans ferbettere.

It ferdwinen fan de skriuwmasine hie sadwaande yn in soad grutte orginaasjes laat ta it ferdwinen fan tikkeamers en de werbestimming fan romtes. Ek it Scryption , in museum yn Tilburch foar skriftlike kommunikaasje en in thus foar in soaddhistoaryske modellen fan skriuwmasines, moast yn 2011 ticht. [4]

Yn april 2011 waard de begearigens fan massamedia om net-neigiene feiten fan elkoar oer te nimmen oantoand, doe’t in ferkeard ynterpretearre parseberjocht fan fabrikant Godrej Bouce de wrald oer gie en de yndruk joech dat it leste fabryk fan skriuwmasines de produksje yn 2011 stillizze moast. [5] [6] [7] [8]

Trivia [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Erik Satie skreau it ballet Parade , der’t in skriuwmasine in rol yn spilet. Satie wie fan betinken dat alles wat lud makket ek in muzykynstrumint is. Yn dy tradysje stiet ek it ‘'konsert foar skriuwmasine yn D fan de Estske rockgroep In Spe ut 1984.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Die Schreibmaschine und ihre Entwicklungsgeschichte / Ernst Martin. - St. Gallen : Gauch, 1920-1923. - 2 dl. (II, 784 s.) (faksimile werprinte, 1981)
  • Century of the typewriter / Wilfred A. Beeching. - London : Heinemann, 1974. - XII, 276 s. ISBN 0-434-90120-2
  • De historische ontwikkeling van de schrijfmachine / J. Boot, L.H.M. Knaven. - Grins : Wolters-Noordhoff, 1978. - 143 s. ISBN 90-01-11066-5
  • Antique Typewriters / Michael H. Adler. - Atglen, PA : Schiffer, 1997.
  • Mechanical typewriters : their history, value, and legacy / Thomas A. Russo. - Atglen, PA : Schiffer, 2002. - 253 p. - (A Schiffer book for collectors). ISBN 0-7643-1545-5 bun. YNHALD: Oersjoch yn wurd en byld.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yn it gefal fan literer wurk nuttich foar filologen by it bestudearjen fan it kreative proses fan skriuwen en skrassen. Earder hiene argiven of bibleteken gewoanwei mar ien hanskrift of tikke eksimplaar mei trochhellings en korreksjes.
  2. Ferfanging fan de stinselmasine .
  3. todayinsci.com - Patents issued to Henry Mill
  4. volkskrant.nl - Museum Scryption in Tilburg noodgedwongen dicht
  5. dailymail.co.uk - The end of the line: Last typewriter factory left in the world closes its doors , 25 april 2011.
  6. waarmaarraar.nl - Laatste typemachinefabriek dicht
  7. Metro , 27 april 2011, p. 8.
  8. gawker.com - Relax, They're Still Making Typewriters