De Olympyske Simmerspullen fan de XXe Olympiade waarden yn 1972 halden yn it Westdutske Munchen .
Foar dizze Spullen waard in folslein nij sportkompleks boud op it alde fleanfjild Oberwiesenfeld .
De Spullen fan Munchen moasten foaral fleurige Spullen wurde. Op 5 septimber waarden de Spullen lykwols slim fersteurd doe’t in tal Palestynske terroristen fan de organisaasje ' Swarte Septimber ' ynkrongen yn it Israelyske underkommen yn it Olympyske doarp. De terroristen deaden twa Israelys en gizelen njoggen leden fan de Israelyske ploech.
Nei lang underhanneljen, der't de terroristen frijlitting by easken fan in grut oantal Palestynske finzenen, wie der in mislearre befrijingsoperaasje op it fleanfjild. Minsken dy't op har tillefyzje seachen wat him ofspile op it fleanfjild gongen der hinne, wat soarge foar fersteuring by de befrijingsoperaasje. Yntusken waard troch skerpskutters besocht de terroristen del te sjitten, mar measte terroristen koene op ‘e tiid dekking sykje en sy brochten alle njoggen gizelders om hals.
De Spullen waarden in dei stillein en der waard in betinkingstsjinst halden yn it Olympysk Stadion. Under in taspraak makke de YOK -foarsitter Avery Brundage in ein oan de unwissichheid oft de Spullen al trochgean moatte soene, mei de wurden: 'The games must go on'. It Nederlanske Olympysk Komitee besleat dat de Nederlanske sporters sels kieze moasten oft se bleaune as net. Fiif sportlju hiene it beslut nommen de Spullen te ferlitten.
It drama fan dizze Spullen is yn 2005 ferfilme yn de film Munich fan regisseur Steven Spielberg .
Atletyk | Baanhurdfytsen | Basketbal | Bogesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hanbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Kanofarren | Keunstduken | Moderne fiifkamp | Roeien | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen