Marokko

Ut Wikipedy
' ??????? ????????'
Al-Mamlaka al-Maghribiya
Flagge fan Marokko Wapen fan Marokko
Flagge Wapen
Lokaasje fan Marokko
Offisjele taal Arabysk
Haadsted Rabat
Steatsfoarm Parlemintere monargy
Gebiet
% wetter
710.450 km²
2,8­%
Ynwenners ( 2007 ) 33,8 miljoen
Munt Marokkaanske dirham (MAD)
Tiidsone UTC 0
Nasjonale feestdei 30 july
Lankoade MAR
Ynternet .ma
Tillefoan 212

Marokko ( Arabysk : ???????, al-Ma?rib ; Marokkaansk-Arabysk: ??????, el-Ma?rib ; Berbersk : ???????, lma?rib ; Fransk : Maroc ), sunt 1957 it Keninkryk Marokko (Arabysk: ??????? ?????????, al-Mamlaka l-Ma?ribiyya ) en foartiid it Sultanaat Marokko , is in lan yn Noard- Afrika . De haadsted is Rabat , en de grutste sted is Kasablanka .

Marokko is it ienichste lan dat net fertsjintwurdige is yn 'e Afrikaanske Uny . It is in stiper fan de Arabyske Liga , Arabyske Maghreb Uny , Konferinsje fan Islamityske steaten , en is as net- NAFO lid in wichtige partner fan de Feriene Steaten .

Geografy

Ligging

Marokko leit yn noard Afrika.

Lanskip

  • Oerflak: 446.550 km² werfan 250 km² wetter
  • Lansgrinzen: 2.017 km werfan 1559 km mei Algerije , mei Mauritaanje , 6,3 km mei Spanje (Ceuta), en 9,6 km mei Spanje (Melilla)
  • Kustline: 1.835 km
  • Hichteferskil: Leechste: Sebkha Tah -55 m, Heechste: Jebel Toubkal 4,165 m
  • Natoerlike boarnen: fosfaat, koal, izererts, zink, fisk, salt, fruchten & griente

Skiednis

De skiednis fan Marokko begjint as de earste minske har der festige om-ende-by 8.000 f.Kr. Op dat stuit hearsket yn dy omkriten in oar klimaat as tsjintwurdich. De earste Berberfolken arrivearren yn 2.000 f.Kr. fan 't suden ut en sunt de 8e iuw f.Kr. stiften Foenysyske hannelers delsettingen oan de kust. De Foenysjers wreidzje stadichoan harren ynfloed ut nei de binnenlannen fan Marokko. Ien fan dy koloanjes wie Kartago , yn it Tuneezje fan no, dy’t him untwikkele ta in ekonomyske macht yn it westlik part fan it Midlanske See gebiet. De Berberkeninkriken yn it Atlasberchtme wienen yn mear of mindere mate underhearrich oan harren. Nei de fal fan Kartago waard dizze posysje oernommen troch de Romeinen .

Yn 429 kaam oan de macht fan de Romeinen ynienen in ein mei de komst fan de Fandalen . Sy stiften in Fandaalsk keninkryk mei as haadsted Kartago dat mear as hundert jier yn stan bliuwe soe, mar troch de opfolgers fan de Romeinen, de Byzantinen ferneatige waard. Yn 682 oermasteren de Arabieren it lan en waard de islam yntrodusearre. Sawol Arabyske as Berberdynastyen regearden oer Marokko. Ferneamde dynastyen wienen de Almoraviden , de Almohaden en de Meriniden . Under de Almoraviden soe 'de Maghreb' foar it earst feriene wurde.

Yn 1415 waard de sted Ceuta troch de Portegezen oermastere. Letter soenen noch mear Marokkaanske steden yn Portegeesk en Spaansk besit komme, mar om 1700 hinne hienen de Marokannen alle steden sels wer yn hannen. Begjin 20e iuw waard Marokko troch Frankryk en Spanje oermastere dy’t Marokko yn 1912 ferparten yn in (grut) Fransk protektoraat en in (lyts) Spaansk protektoraat. Dat gong net op stel en sprong, want nei de tiid untstean faak opstannen.

Op 2 maart 1956 waard Marokko unofhinklik fan Frankryk en even letter ek fan Spanje. Marokko waard wer in keninkryk mei Mohammed V as kening. Yn 1976 foel Marokko de Westlike Sahara binnen dat sunt dy tiid troch de Marokannen beset holden wurdt.

Demografy

Befolking

Om-ende-by trijekwart fan de befolking is Berbers , it oare part binne benammen Arabieren . Eartiids wennen der in soad Joaden yn Marokko, mar dizze groep is yn 'e rin fan de 20e iuw lytser wurden nei likernoch 7.000 hjoed de dei. Fierders hat Marokko om de 100.000 allochtoanen hinne. Dizze bewenners binne fral Fransen en Spanjerts , werfan in soad leararen en technysk kwalifisearre personiel, mar ek pinsjonearden, benammen yn Marrakesj .

De befolkingsgroei is yn de 20e iuw acht kear sa grut wurden. Yn 1900 wiene der 3,8 miljoen Marokkanen en yn 2004 29,9 miljoen. Marokko is nei Egypte , Sudan en Algerije , it grutste Arabyske lan nei ynwennertal.

Neffens de offisjele sifers is 50 prosint fan de befolking analfabeet, mar dat tal moat winliken heger lizze.

Untwikkeling

  • 2007 - 33,8 miljoen
  • 2005 - 31,9 miljoen
  • 2004 - 29,9 miljoen.
  • 1900 - 3,8 miljoen

Taal

De offisjele taal yn Marokko is it (standert) Arabysk . Men brukt it Arabysk as underrjochttaal en as amtstaal. It meast brukte Arabyske dialekt is it Darija . Oare talen dy't yn Marokko sprutsen wurde binne de Berbertalen ( Tarifit /Riffynsk), Tasjelhiyt , Tamazigt ), Fransk (faak de taal fan bedriuwen, oerheid en diplomaten, mar ek yn winkels, restaurants en ek underling, wylst yn it eardere Spaansk Marokko , faak Spaansk as twadde taal brukt wurdt.

Godstsjinst

Likernoch 98,7% fan de befolking is Islamitysk , dy't suver allegear soennitysk binne. Lytsere godstsjinsten binne it kristendom (1,1%) en it joadendom (0,04%).

Nijsgjirrich

Marokko is gauris it toaniel foar histoaryske films of bibelferfilmingen. In protte ferneamde regiseurren, under oare Ridley Scott ( Gladiator, Kingdom of Heavens ) en Franco Zeffirelli ( Jezus fan Nazareth ) hawwe hjir harren filmen draaid. Ek waard yn Marokko yn it tiidrek 1993-2001 de tillefyzje searje 'De Bibel' opnaam.