Kambodja

Ut Wikipedy
Preah-reach-anachak Kampuchea
Flagge fan Kambodja Wapen fan Kambodja
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kambodja
Offisjele taal Kmer
Haadsted Pnom Pen
Steatsfoarm Monargy
Gebiet
% wetter
181.040 km²
2,5­%
Ynwenners ( 1998 ) 11.437.656
Munt Riel (KHR)
Tiidsone UTC +7
Nasjonale feestdei 9 novimber
Lankoade KHM
Ynternet .kh
Tillefoan 855

Kambodja is in lan yn Sudeast-Aazje . De haadsted is Phnom Penh en de kening fan de monargy is sunt 2004 Norodom Sihamoni .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kambodja wurdt begrinzge troch:

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Tonle-Sap -bekken en de Mekong -delta foarmje in leechflakte dy't begrinzge wurdt troch bergen. Dizze flakte foarmet it tichtbefolke part fan Kambodja en is tige fruchtber. It wichtichste lanbouprodukt dat hjir ferboud wurdt is rys . Troch de flakte streamt de Mekongrivier fanut Laos ut nei de Golf fan Tailan .

Yn it noarden fan Kambodja leit it Dongrek -berchte mei piken oant 700 meter hichte en yn it suden en sudwesten it Kardamom -berchtme mei as heechste pyk de Aoralberch dy't op 1771 meter hichte leit.

It lan hat in fochtich tropysk klimaat mei in fegetaasje dat fariearet fan mangrove oan de kust oer moessonbosken yn it sintrale part, oant reinwalden yn it berchlan.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In Kmer leger set utein ta kriich tsjin de Gam , fan it relyf op de Bayon

Yn de 1e iuw fan de jiertelling sette minsken har nei wenjen yn Kambodja. Fan 802 oant likernoch 1350 hearde Kambodja by it Kmer-Ryk . Dat ryk besloech grutte dielen fan Sudeast-Aazje. Angkor Wat en oare Hindutimpels binne oerbliuwsels fan dy tiid. Nei ferskate oarloggen mei it keninkryk Ayutthaya en Lan Xhang waard de Phnom-Penh haadsted fan it Kmer-ryk en yn dy tiid feroaren hja de namme nei Kambu-ja (Kambodja).

Healwei de 15e iuw oant de Franske tiid hienen de keningen net folle macht, mar wol ynlanske swierrichheden. Troch kriich mei it Keninkryk Ayutthaya en Fjetnam ferliest Kambodja sawol grungebiet as rykdom. De glory tiid fan it Khmer-ryk soe net wer weromkomme. Tusken 11 augustus 1863 en 9 novimber 1953 wie Kambodja in Franske kolony. Op 9 novimber 1953 ferklearre kening Norodom Sihanouk de unofhinklikens.

Yn 1970 untstie in boargerkriich dy't einige yn it foardiel fan de kommunistyske Reade Kmer . Fan 1975 of fierden hja in wier skrikbewald dat pas troch in ynfal fan Fjetnameeske troepen beeinige wurde soe. Neidat it Fjetnameeske leger har weromluts waarden frije ferkiezings holden. De leste ienheden fan de Reade Kmer joegen har oer yn 1998 .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It meastepart fan de Kambodjanen (94%) hearre etnysk besjoen by de Kmer . De Sjinezen binne de ien nei grutste groep mei sawat 3%, de Moslimske Gams folgje mei 2%. De rest fan de befolking bestiet ut Fjetnamezen , Tais en berchfolken.

Der is ek in grutte groep Kambodjanen dy't buten it lan wenje, nammentlik yn it noardeasten fan Tailan en yn it sudlike diel fan Fjetnam . Kambodja hat in jonge befolking dy't hurd waakst.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wichtichste religy yn Kambodja is it boedisme der't om-en-de-by 88% fan de befolking by heart. De islam is mei 3% fan de befolking de twadde grutste religy. Fierders is der in lytse kristlike minderheid.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rysfjilden spile in wichtige rol yn de enkonomy fan it lan

De lanbou draacht foar 50% by oan it Bruto Nasjonaal Produkt en jout wurk foar 85% fan de befolking. Utsein rys wurde der sojabeanen , stynske weet en piper ferboud. Tabak , fisk en tropysk hout wurde allyksa utfierd.

De yndustrysektor is lyts en produsearret fral foar de eigen merk.