Hillige Roomske Ryk

Ut Wikipedy
Hillige Roomske ryk
Flagge fan Hillige Roomske ryk Wapen fan Hillige Roomske ryk
Lokaasje fan Hillige Roomske ryk
Taal Dutsk
Haadsted Frankfurt am Main , Augsburg , Regensburch ensfh.
Steatsfoarm Monargy
Tal ynwenners -
Oerflak ± 830.000
Tiidrek 962-1806
Munt net spesifisearre

It Hillige Roomske Ryk wie in polityk konglomeraat fan lannen yn West- en Sintraal-Jeropa yn de Midsiuwen . It untstie ut it eastlike part fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Verdun ( 843 ). It Ryk bestie hast in millennium, oant it opheft waard yn 1806 .

Yn de 15e iuw waard de namme utwreide ta Hillige Roomske Ryk fan de Dutske Naasje ( Sacrum Romanum Imperium Nationis Germanicae yn it Latyn ). It Ryk waard 'Roomsk' neamd omt it ynsteld waard as fuortsetting fan it Romeinske Ryk . Kristlike profesijen (sjoch it Bibelboek Danjel ) hienen foarsein dat de wrald nei it fjirde ryk (it Romeinske Ryk) fergean soe. De Byzantinen funen dit mar unsin omdat hja har as de fuortsetting fan it orizjinele Romeinske Ryk beskogen. De term 'Hillich' waard brukt om de nauwe ban mei de Roomsk-Katolike Tsjerke oan te jaan. In bekende wurdboarterij fan Voltaire seit dat it Ryk net Romeinsk, net Hillich en likemin in Ryk wie.

Grutte en steatsynrjochting fan it Ryk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dizze keizerskroan fan Rudolf II , Keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie ien fan de brukte kroanen

Kening en keizer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Hillige Roomske Ryk begun as it East-Frankyske keninkryk. Op in stuit waard oan de kening fan dit ryk ek de keizerstitel jun. Hoewol’t dat as in tydlike regeling bedoeld wie, om in akute politike sitewaasje op te lossen, is de keizerstitel ‘hingjen’ bleaun yn it East-Frankyske keninkryk. Yn de begjinperioade stiken de West-Frankyske keningen noch mei nei de keizerstitel, mar sy krigen dat mar in inkele kear. De wichtichste reden hjirfoar wie dat de West-Frankyske keningen fier fuort wennen dat se net krekt op de hichte wienen fan de politike sitewaasje yn it oare keninkryk. Uteinlik hawwe se it opjun harren te bemuoien mei dat oare keninkryk. Dertroch waard it krijen fan de keizerstitel in ynterne oangelegenheid fan it East-Frankyske keninkryk. Sadwaande foelen keninkryk en keizerryk hieltiten mear gear, undanks dat it der by de keizer winliken gie om de wraldske macht as tsjinhinger fan de paus . Yn dizze sitewaasje koe it dan ek weze dat de wichtichste spilers yn it East-Frankyske keninkryk bepaalden hoe’t de keizer keazen waard en sa koe de titel Hillich Roomske Ryk fan de Dutske Naasjes untsteaan.

It Hillige Roomske Ryk hie dus en in kening en in keizer. Dizze hoechden lykwols net deselde persoan te wezen, mar wienen dat faak wol; in machtich persoan dy't jo ta kening kroanet, kin de keizerstitel net untholden wurde. De kening fan it keninkryk waard de Roomsk-kening neamd. Keazen wurde ta kening wie faak it opstapke om keizer te wurden, hoewol’t net alle keningen it ta keizer brochten. Dizze twatrepsraket is altyd bestean bleaun. Soks hat fansels te krijen mei de untsteanskiednis fan it keizerskip, mar ek mei de ideology fan it keizerskip. De keizer belichemde in heger ideaal as in kening, nammentlik wraldhearskippij tsjin in lokale machthawwer, de kening. Loadewyk XIV warskoge syn opfolger yn syn testamint foar dizze ambysjes fan de keizer. Dy wienen fest ferbun mei de keizerstitel, oft de keizer yn de praktyk no machtich wie of net. Loadewyk warskoge dus sawat 700 jier neidat de West-Frankyske keningen ophalden wiene te stykjen nei de keizerstitel, dochs noch efkes syn opfolger.

Dutske naasje? [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn tsjinstelling oant wat de taheakking "fan de Dutske naasje" suggerearret, wie it Roomske Ryk gjin Dutske naasjesteat yn de moderne betsjutting. Hoewol’t it grutste part fan de underdienen en regearders yn it Ryk fan Dutske komof wie, bestienen der fan it begjin of oan ferskate etnyske farieteiten binnen it Ryk. In protte fan syn foarneamste eallju en lieders kamen fan buten it Dutsksprekkende gebiet. Op it hichtepunt fan syn bestean bestie it Ryk ut it moderne Dutslan , Eastenryk , Sloveenje , Switserlan , Belgje , Nederlan , Luksemboarch , Tsjechje en ek ut eastlike dielen fan Frankryk , it noarden fan Itaalje en it westen fan it moderne Poalen .

It lan wie lykwols it grutste part fan har bestean net folle mear as in soarte Federaasje . Yn de Midsiuwen gie de macht fan it ryk al gau efterut en ferlear de keizer stadichoan mear macht oan de hartoggen under him. Nei 1250 hie de keizer kwalik noch gesach buten syn eigen bezittings (de sanaamde " Hausmacht "). Troch de Ynvestituerstriid tusken de keizer en de paus ( 11e - 12e iuw ) waard it oansjen fan it Ryk bot ferswakke.

Dutsk kening / keizer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dizze 10e-iuwske keizerskroan, saneamd dy fan Karel de Grutte wie by utstek it symboal fan it Hillige Roomske Ryk.
Dit wapenskyld, sa’t hjit dat fan Karel de Grutte, wie mei earnen (mei ien en letter twa koppen) it wapen fan it Hillige Roomske Ryk.

De kroaningen fan de keizers fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan Karel de Grutte yn 800 . In takomstich keizer moast earst en foaral kening fan de Dutsers wurde. Dutske keningen waarden al iuwen keazen, yn de 9e iuw troch de lieders fan de fiif wichtichste stammen (de Franken , de Saksen , de Beieren , de Swaben en de Tueringers ), letter waarden dizze keningen keazen troch de trije biskoppen, de paltsgreve , en de trije foarnaamste hartoggen. Noch leter kaam der in kolleezje fan karfoarsten yn swang. Dit kolleezje waard offisjeel gearstald yn 1356 . Oarspronklik wienen der san kiesgerjochtigden, mar dit oantal feroare yn de rin fan de iuwen.

Oant 1508 reizge de nij keazen kening nei Rome om him troch de paus ta keizer kroane te litten. Nea koe de keizer autonoom syn ryk bestjoere. Syn macht waard bot beheind troch de ferskillende lokale lieders. Nei de 15e iuw waard de Ryksdei oprjochte as it wetjouwend orgaan fan it Ryk. Dizze Ryksdei wie in fergaderjend orgaan dat op ferskate lokaasjes by inoar kaam. Pas nei 1663 soe de Ryksdei in permanint orgaan wurde en waard er fest yn Regensburg festige (" Immerwahrender Reichstag ").

Rykssteaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In dielsteat waard oansjoen as Reichsstand (Rykssteat of Ryksstende) wannear’t it gjin oare autoriteiten boppe him hie as de Keizer. Dizze steaten wienen:

  • Gebieten regeard troch in foarst of in hartoch (bytiden ek in oare titel).
  • Tsjerklike gebieten regeard troch in biskop of in prinsbiskop . Yn it twadde gefal kaam it gebiet under it befel fan dizze lieder oerien mei it pleatslike bisdom , sadat de biskop tsjerklike en wraldske macht hie.
  • Frije rykssteden

Der wiene in hiel soad fan sokke gebieten. Doe’t de Frede fan Munster tekene waard, bestie it ryk ut hunderten dielsteaten, werfan’t der guon net grutter wiene as inkele fjouwerkante kilometers. Oaren hienen gjin grungebiet; it wienen stiften of, sa’t oan’e ein fan it bestean fan it Ryk wol barde, foarsten dy’t gjin eigen grungebiet hienen, mar wol lid wienen fan de Ryksdei . Foar it tal Rykssteaten fan 1792 , sjoch de List fan de leden fan de Ryksdei (1792) .

Ryksdei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Ryksdei wie it wetjouwend orgaan fan it Hillige Roomske Ryk. It wie ferdield yn trije ferskillende kolleezjes:

  • De Ried fan karfoarsten , dy’t ut de karfoarsten fan it Ryk bestie.
  • De Ried fan foarsten , dy’t ut twa banken bestie:
    • De Sekuliere Bank: prinsen (dejingen dy’t de titel fan foarst, hartoch, aartshartoch, greve of langreve hienen)
    • De Tsjerklike Bank: (biskoppen en bepaalde abten)
  • De Ried fan rykssteden, dy’t bestie ut offurdigen fan de Frijsteden. Dizze offurdigen wiene ferdield yn twa Kolleezjes: dat fan Swaben en de Ryn. Elk Kolleezje hie in kollektive stim. Dizze Rie stie gelyk oan de oare beide, en koe bygelyks net stimme oer it talitten fan nije gebieten.

Keizerlike Rjochtbanken en ynstitusjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Ryk hie ek twa Rjochtbanken: de Reichshofrat , oan it hof fan de kening yn Wenen , en nei de Keizerlike Herfoarming fan 1495 ek it Reichskammergericht . It Ryk hie ek in lyts en swak eigen leger en der wienen sels " Rijksfestingen " dy’t op kosten fan it Ryk bemand waarden.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hillige Roomske Ryk 1273-1378

Fan de Eastlike Franken oant de Ynvestituerstriid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Hillige Roomske Ryk waard yn 962 stiften troch Otto I . Oaren fine lykwols dat it Ryk stiften waard doe’t Karel de Grutte ta earste (Westerske) Keizer kroane waard yn 800 sunt it oftankjen fan Romulus Augustulus yn 476 . Karel neamde himsels meastentiids de Kening fan de Franken . Dit Frankyske Ryk omfiemde it hjoeddeiske Frankryk en Dutslan en Noard- Itaalje . Karel waard opfolge troch syn ienichst oerbleaune soan, dy’t ek de keizerstitel krige, Loadewyk de Fromme sadat it Ryk noch feriene bleau. Doe’t dizze stoar, hie hy lykwols trije soannen dy’t nei Frankysk Rjocht oanspraak makken op in diel fan it ryk. In soad skiedkundigen sjogge de stifting fan it Ryk dan ek as de ein fan in proses dat begun by dizze definitive splitsing fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Verdun yn 843 . Yn it earstoan waard it ryk yn trije stikken ferdield: in westlik , in midden- en in eastlik Ryk . De Karolingyske dynasty waard ek opsplitst. It middenryk gie nei de aldste soan Lotarius dy’t boppedat de keizerstitel krige. It waard nei syn dea yn 855 ferdield under syn trije soannen mar al gau waarden dizze fersnippere gebieten ferdield tusken it sterkere East-Frankyske en West-Frankyske Ryk. It eastlike diel waard besit fan Karloman fan Beieren dy’t ek de keizerstitel oernaam. Karloman waard opfolge troch in stik of wat Karolingers, oant de dea fan Loadewyk it Bern , dy’t de leste eastlike Karolinger wie.

De lieders fan Swaben , Beieren , Frankenlan en Saksen keazen hjirop Koenraad I fan Frankenlan ta kening yn 911 . Syn opfolger, Hindrik de Fugelder , waard oanfurdige troch it West-Frankyske Ryk yn 911, en neamde him rex Francorum orientalum (kening fan de Eastlike Franken).

Hendrik stelde syn soan Otto oan as opfolger, dy’t yn 936 keazen waard yn Aken . Syn lettere kroaning as Keizer Otto I yn 962 betsjutte it offisjele begjin fan it Hillige Roomske Ryk.

Doe’t Hendrik II fan it Hillige Roomske Ryk yn 1024 sunder opfolgers ferstoar waard Koenraad II fan it Hillige Roomske Ryk as kening keazen. Hy wie de earste fan de Saaljers .

It Ryk stoarte hast yninoar yn de Ynvestituerstriid , doe’t paus Gregorius VII kening Hendrik IV fan it Hillige Roomske Ryk yn de ban die. Hoewol’t dizze beslissing ungedaan makke waard nei de Tocht nei Canossa yn 1080 , wienen de mytyske eigenskippen fan it Ryk oantaasten, de Dutske kening wie djip fernedere. Wichtiger wie noch de komst fan de tsjerke as unofhinklike faktor yn it politike systeem fan it Ryk.

It Ryk under de Hohenstaufen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Koenraad III waard yn 1138 keazen ta earste keizer fan de Hohenstaufen -dynasty. Freark I Barbarossa neamde as earste it Ryk 'Hillich'.

Barbarossa koe syn lan ek fierder ferienje troch de ferskate pleatslike hartoggen te ferbieden om harren underlinge feten ut te fjochtsjen. Nije steden waarden stifte, troch de keizer en troch pleatslike hartoggen. Dit barde benammen om de grutte befolkingseksploazje op te fangen, mar ek om de ekonomyske kreft fan it ryk op strategyske plakken te konsintrearjen. Foarbylden fan sokke steden binne Freiburg en Munchen .

De regearperioade fan de leste Hohenstaufer Freark II wie yn in soad opsichten oars as dy fan eardere keizers. Hy waard yn 1220 kroane, en riskearre in konflikt mei de paus doe’t hy de macht oer Rome opeaske. Hy koe lykwols wol Jeruzalem feroverje yn in Krustocht fan 1228 wylst hy noch altyd yn’e ban wie.

De machtsstriid fan de dielgebieten nei de Staufers [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de dea fan Freark II yn 1250 koe net ien fan de dynastyen in weardige kening foarstelle, en de liedende hartoggen stelden sels inkele keningen foar. De perioade tusken 1246 , wannear’t Hindrik Raspe en Willem II fan Hollan ta kening keazen waarden, oant 1273 , wannear’t Rudolf I fan Habsburg as kening keazen waard, stiet bekend as it Ynterregnum.

Rudolf en syn opfolgers seagen it Ryk hieltyd mear utinoar fallen. Yn de 15e iuw feroaren de dielsteaten harsels yn foargongers fan moderne steaten. It proses wie yn elke steat oars, en gie hurder yn gebieten dy’t sawat lyk wienen as de lannen fan de aldere Germaanske stammen, lykas Beieren .

Ryksherfoarming [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Skiednis fan Dutslan

Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dutske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dutslan
Besetting troch de Alliearden
West en East-Dutslan
Bunsrepublyk Dutslan

De grunwet fan it Ryk wie foar it meastepart noch net festlein oan it begjin fan de 15e iuw . Hoewol’t inkele prosedueres en ynstellings fest leinen, hongen de mooglikheden fan de hartoggen om harren unofhinklik te gedragen yn it Ryk foaral of fan de persoanlikheid fan de respektivelike kening. Wannear’t bygelyks dan ek Freark III , dy’t foar uit grutste part binnen syn kroandomein bleaun, de alde kearnlannen ferwaarleaze, foel it alde regearingsorgaan, de Hoftag , utinoar. De Ryksdei bestie doe noch net, wertroch’t it ryk unbestjoerber waard. Uteinlik untstienen der sels ynterne oarloggen.

Op itselde momint undergie de tsjerke ek in krisis. It konflikt tusken ferskillende pausen waard pas oplost yn 1418 , en nei 1419 waard in soad enerzjy stutsen yn it befjochtsjen fan de " ketterij " fan oarstinkenden. It Midsiuwske idee fan in feriene Corpus christianum , mei de paus oan it haad, begun utinoar te fallen.

Troch dizze drastyske feroarings gienen dan ek stimmen op om de struktuer fan it Ryk te feroarjen. Regels ut in fier ferline wiene net mear relevant, en in fersterking fan it sintralisearre besjoer waard needsaaklik achte.

Wannear’t Freark III de hartoggen nedich hie om syn oarloch tsjin Hongarije te beteljen yn 1486 en syn soan, de lettere Maximiliaan I , ta kening keazen waard, easken de hartoggen in gearkomst. Foar de earste kear waard de gearkomst fan kieshartoggen en oaren de Ryksdei neamd. Hoewol’t Freark wegere dit nije orgaan by inoar te roppen, gie syn soan nei de dea fan syn heit akkoard. Yn Worms waard de Reichstag foar it earst by inoar roppen yn 1495 . Hjir waard de Ryksherfoarming goedkard, wertroch’t it Ryk wer wat struktuer krige soe.

It soe lykwols in pear desennia duorje eardat de nije regels goedkard wiene. Pas yn 1512 kaam it safier, troch it byinoar bringen fan tsien lannen binnen it Ryk yn in nije organisaasjestruktuer, de kreitsen . Yn itselde jier krige it Hillige Roomske Ryk ek in nije namme: it Heiliges Romisches Reich deutscher Nation ("Hillige Roomske Ryk fan de Dutske Naasje") .

Yn 1559 waard mei it Ferdrach fan Cateau-Cambresis tusken de keningen fan Ingelan, Frankryk en Spanje de westgrins fan it ryk ferlein fan de Skelde nei it suden ta. De Skelde hie mear as 600 jier de westgrins west. Foar Filips II dy’t binnen it gebiet fan de Nederlannen sa goed as alles besiet bettsjutte dit dat hy tenei yn in diel fan syn gebieten net mear as fazal fan de Franske kening sjoen waard.

Krisis nei de Reformaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wannear’t Marten Luther yn 1517 de Reformaasje begjint, seagen in soad pleatslike hartoggen in kans om de Keizer noch mear macht te untnimmen. Nei inkele desennia fan oarloch en alteraasje besleat de Ryksdei fan Augsburg op 25 septimber 1555 ta in Godstsjinstfrede . Tenei soe de lanheare bepale hokker religy syn underdienen oanhingje soene.

Dermei wie de leauwenskwestje mar tydlik regele. De mear as in iuw duorjende machtsstriid tusken de hartoggen en de Keizer wie ien fan de faktoaren dy’t laten ta de Tritichjierrige Oarloch ( 1618 - 1648 ), der’t it grutste part fan Jeropa by belutsen rekke.

Nei de Frede fan Munster [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ein fan it Ryk hie mear as ien oarsaak. Nei de Frede fan Munster yn 1648 , dy’t de gebieten hast folsleine unofhinklikheid joech, wie it Ryk net mear as in gearswylsel fan ferskillende steaten. Voltaire neamde it Ryk yn dit stadium dan ek noch Hillich, noch Romeinsk, noch in Ryk . Yn 1648 waard de unofhinklikheid fan de Republyk fan de San Feriene Nederlannen en de Switserske Federaasje offisjeel befestige. Al wienen al in iuw earder (1548) mei de stifting fan de Boergondyske Kreis de Nederlannen so goed as los fan it Ryk te stean komd. Se wienen net mear underhearich oan de Dutske landei en hienen harren eigen Steaten-Generaal en betelllen inkeld mar in beskieden jierjild oan de persoan fan de keizer dy’t derfoar de [undudlike) unthjitting die de Nederlannen te beskermjen. Keizer Karel V koe dat maklik dwaan omt hy persoanlik de Nederlannen yn besit hie.

De ymploazje fan it Ryk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Ryk waard offisjeel untbun op 6 augustus 1806 , doe’t de leste Keizer, Frans II , oftrede neidat syn Ryk ferslein wie troch Napoleon Bonaparte . Frans II wie al sunt 1804 ek Frans I fan it nije Keizerryk Eastenryk . Leden fan syn skaai soene oant 1918 keizer fan Eastenryk bliuwe.

De heraldyk en de regalia fan it Hillige Roomske Ryk. [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Flagge fan it Hillige Roomske Ryk 1200-1350

De keizers waarden altyd kroane. Dat barde earst yn Aken en letter yn Frankfurt. De derfoar nedige kroaon , septer , ryksappel , klaaiinge en psalter (gebetsboek) waarden yn Neurenberg bewarre. It Ryk hie in oantal pommeranten mei klinkende titels lykas "Rykskeamerhear", "Ryksskatmaster", "Rykserfmaarskalk", Rykskanselier foar Itaalje, Ryksopperstalmaster en soks mear. Net ien fan dizze funksjes joech echte macht.

Karel de Grutte settte in earn yn it hof fan syn palts yn Aken. Earnen, symboalen fan kreft en macht wienen al by de Goaten dierbere tekens fan hearskippij. Under de Ottoanendynasty wurdt men him mear bewust fan de Romeinske tradysje fan de earn. Konrad II set in earn op syn septer. In de tiid dat de heraldyk untstiet, sjocht men in earn fan goud of swart, en mei ien kop al gau as it wapendier fan it ryk. Under Hindrik VI sjogge we foar it earst in swarte earn op in skyld. Mar foarm en skyld lizze noch lang net fest.

Troch de iuwen feroare de foarm sterk; Keizer Sigismund lit om 1430 hinne in dubelkoppige swarte earn mei nimbussen op syn skyld sette.

Dizze earn bliuwt fan 1434 oant 1806 sa’n bytsje itselde. De heraldyske tekenders dogge der bytiden kroanen, swurd, septer, ryksappel en in skyld fan de hearsker op’e boarst fan de earn by.

De wapens mei earn fan it Keizerryk Eastenryk , It twadde Ryk , De Weimarder republyk , Hitler-Dutslan en de Bunsrepubliken Dutslan en Eastenryk binne allegear fuortsettings fan dizze iuwenalde heraldyske tradysje. De saneamde " DDR " bruts mei de tradysje en keas in nij wapen yn de sosjalistyske heraldyk , dus sunder earn. Sunt 1950 liket de earn fan de Bunsrepublyk wer tige op dy fan de Hohenstaufen ut de 12e iuw. Doe’t de Bunsdei yn 1990 nei Berlijn ferhuze debatearre dit parlemint oer de foarm fan de earn. Moast it in “fette hin”, spotnamme foar de freonliker utsjende grouwe earn bliuwe, of keas men de alde, agressyf eagjende meagere earn? De Bunsdei keas in earn dy’t sa freedsum wie at in grutte roffugel mar weze kin...

Dutske Tredde Ryk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de ideeen fan Arthur Moeller fan den Bruck neamden de nazisten it Hillige Roomske Ryk letter it Earste Ryk. It Dutske Keizerryk wie dan it Twadde Ryk en harren eigen ryk it Tredde Ryk . Oer it generaal wurdt lykwols it Romeinske Ryk as it Eearste Ryk beskoge, werby’t it Hillige Roomske Ryk as Twadde Ryk oantsjutten wurdt, en dernei it Tredde Ryk fan Hitler.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kaarten