Westjordaanlan

Ut Wikipedy
Westjordaanlan
????? ???????
???? ???????
polityk
lan Palestina
sifers
ynwennertal 2.949.246 (ruzing july 2021) opmerking: mear as 670,000 Israelyske lolonisten wenje yn it Westjordaanlan (2022); likernoch 227.100 Israelyske kolonisten wenje yn East-Jeruzalim (2019)
oerflak 5,655 km²
oar
stifting 1948
tiidsone UTC +2
simmertiid UTC +3

It Westjordaanlan , Sisjordaanje , Judea en Samaria of de Westlike Jordaanigge ( Arabysk : ????? ???????, a?-?iffa l-?arb?ya , Hebriuwsk : ????? ??????? / ???? ???????, Jehuda Wesjomron ( Judea en Samaria ) / Hagadah Hama'aravit ) is ien fan de Palestynske gebieten en foarmet mei de Gazastripe de steat Palestina . It Westjordaanlan is in berchgea en wurdt yn it easten begrinzge troch de rivier de Jordaan , dy't de grins mei Jordaanje foarmet, en de Deade See en yn it noarden, westen en suden mei Israel (de Griene Line ).

It Westjordaanlan, mei East-Jeruzalim ynbegrepen hat in oerflak fan 5640 km², mei 220 km² wetter dy't de noardwestlike hoeke fan de Deade See befettet. It hat in befolking fan 2.747.943 Palestinen en goed 670.000 Israelyske kolonisten, der't 220.000 fan yn East-Jeruzalim wenje. De ynternasjonale mienskip erkent dy Israelyske delsettings yn it Westjordaanlan en East-Jeruzalim net en achtet dy yllegaal, itjinge Israel bestriidt.

Namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De namme komt fan it Arabyske a?-?iffah al-?arbiyyah dy't ferwiist nei de lizzing westlik fan de rivier de Jordaan. De Neolatynske namme Sisjordaanje ( Cis Jordan ) dy't ek wol brukt wurdt, benammen yn de Romaanske talen, betsjut "oan dizze kant fan de Jordaan". Jordaanje , dat eastlik fan de Jordaan leit waard ynearsten Transjordaanje ("oan oare kant fan de Jordaan") of ek wol East-Jordaanje neamd.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foarskiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Britske Mandaatgebiet Palestina fan 1920 oant 1923

Fan 1517 oant 1917 foel it gebiet under it Osmaanske Ryk as part fan Osmaansk Syrje. By de konferinsje fan san Remo yn 1920 waard troch de alliearden , dy't de Earste Wraldkriich wun hiene, besletten it gebiet under it Britske Mandaatgebiet Palestina (1920-1948) yn te dielen. De konferinsje bekreftige de Balfour-ferklearring fan 1917 dy't in "nasjonaal thus foar de Joaden" neistribbe. It Feriene Keninkryk ferklearre Abdullah I 11 april 1921 as emir fan Transjordaanje , en op 25 maaie 1946 ferklearre er it as in unofhinklike Hasjemitysk keninkryk.

It Britsk mandaat op Palestina soe yn 1948 ofrinne. Yn 1947 waard neffens Resolusje 181 fan de Feriene Naasjes oannommen dat it Mandaatgebiet Palestina yn in Joadske steat ( Israel ) en Arabyske steat ( Palestina )ferparte wurde soe. Jeruzalim soe as ien enklave under ynternasjonaal bestjoer komme. It Westjordaanlan, yn in gruttere foarm as it "heuveleftich gebiet fan Samaria en Judea", soe part fan de Arabyske steat wurde. Sionistyske Joaden ferklearren iensidich de unofhinklikens fan Israel, wylst de Arabieren it plan fersmieten. Derop untstie de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 . Israel besette guon gebieten dy't ynearsten net oan de Joadske steat tawiisd waarden lykas it westlike part fan Jeruzalim. Transjordaanje besette dernei it Westjordaanlan en it easten fan Jeruzalim mei de Alde Sted .

Under Jordaansk bestjoer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't it wapenskoft yn 1949 oerienkommen waard, waard de foarriedige grins tusken Israel en Transjordaanje, de Griene Line festlein. Transjordaanje anneksearre derop it gebiet wesytlik fan de Jordaan yn 1950 en neamde it it Westjordaanlan of Westlike Jordaanigge. Transjordaanje feroare syn namme yn Jordaanje, om't er no oan beide kanten fan de Jordaan leit. Palestynske boargers yn it Westjordaanlan en East-Jeruzalim krigen automatysk it Jordaanske steatsboargerskip. De anneksaasje fan Westjordaanlan troch Jordaanje waard lykwols net troch de ynternasjonale mienskip erkend utsein troch Pakistan en it Feriene Keninkryk .

In soad Palestynske flechtlingen ut Israel waarden opfongen yn flechtlingekampen yn it Westjordaanlan en wiene ofhinklik fan help fan de Feriene Naasjes . Palestynske flechtlingen foarmen mear as in tred fan de totale befolking fan it keninkryk Jordaanje fan 1,5 miljoen. Palestinen krigen deselde rjochten as eltsenien yn it keninkryk sunder iennige foarm fan diskriminaasje. De lanbou foarme de grutste ekonomyske sektor fan it Westjordaanlan, dat nettsjinsteande dat er yn oerflak lytser wie, de helte fan alle lanbougrun fan Jordaanje hie.

Israelyske besetting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

??  Gebiet A (Folslein Palestynsk selsbestjoer)

??  Gebiet B (Palestynsk selsbestjoer, Israelyske militere kontrole)

??  Gebiet C (Israelysk militer bestjoer)

??  Israelyske delsetting

Nei de Seisdagekriich besette Israel yn juny 1967 it Westjordaanlan en East-Jeruzalim. Ta tsjinstelling fan East-Jeruzalim en it Nimmenslan tusken Israel en Jordaanje, anneksearre Israel it Westjordaanlan net, dochs hold it oant 1982 under militere kontrole.

Op de top fan de Arabyske Liga yn Rabat yn 1974 waard de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) as de "iennige fertsjintwurdiger fan it Palestynske folk" ferklearre. Jordaanje hie lykwols offisjeel syn oanspraken op it Westjordaanlan oant 1988 noch net opsein, doe't er dy oanspraken opsei yn it foardiel fan de PLO. Alle bestjoerlike en wetlike bannen mei it Westjordaanlan waarden doe ferbrutsen en Palestinen fan it Westjordaanlan waarden fan it Jordaanske steatsboargerskip untlutsen.

Nei it Israelysk-Egyptysk fredesferdrach yn 1982 waard it streekrjochte militere bestjoer omfoarme yn in semy-boargerlik bestjoer, dy't daliks under it ministearje fan definsje foel. De Israelyske delsettings wurde lykwols bestjoerd under it Israelyske distrikt Judea en Samaria .

Wetlike status [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alhoewol't 164 lannen it Westjordaanlan mei East-Jeruzalim as "besette Palestynske gebieten" beskogje, ferwiist Israel nei de Feriene Naasjes dy't allinnich gebieten dy't yn in steat fan kriich fan in "festige en erkende suvereiniteit" ynnommen waarden as beset gebiet sjocht. Israel besjocht it Westjordaanlan lykwols as "bestride gebiet" en net as "beset gebiet"

Bestjoerlike ferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1993 waarden de Oslo-akkoarten oerienkommen tusken Jasser Arafat fan de PLO en de Israelyske minister-presidint Yitzchak Rabin under begelieding fan de Amerikaanske presidint Bill Clinton . Op grun derfan waard troch Mahmud Abbas yn 1994 de Palestynske Autoriteit oprjochte. Dy krige dernei beheind foech oer it Westjordaanlan dat ynparte waard yn gebieten mei A, B, en C-status. Yn Gebiet A, benammen de steden hat de Palestynske Autoriteit oer likernoch 11% net-oaninoarlizzende gebieten yn it Westjordaanlan it foech bestjoerlik en oer it feiligenstafersjoch, mar hat lykwols noch hieltyd te krijen mei regelmjittige Israelyske ynfallen. Gebiet B, benammen it plattelan (28%) falt under in mienskiplik Israelysk-Palestynsk militere kontrole en Palestynske boargerlik bestjoer. Gebiet C, benammen fruchtbere grun en boarnen (61%), falt folslein under Israelyske kontrole, der't in soad Israelyske delsettings boud waarden.

Jeruzalim waard by dy akkoarden buten beskoging litten. Der soe fiif jier letter oer besletten wurde.

Nei't Fatah en Hamas yn 2007 yn in ynterne kriich tangele rekken, bleaune de gebieten yn it Westjordaanlan under it bestjoer fan de Palestynske Autoriteit, wylst Hamas it bestjoer yn de Gazastripe oernaam.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sicht op it Judeaberchtme ut Ramallah wei

It Westjordaanlan hat in oerflak fan 5.628 km², dat 21,2% fan it eardere Mandaatgebiet Palestina beslacht. It gebiet is in druch berchgea mei in bytsje fegetaasje yn it westen en druch yn it easten. It hat in totale langrinslingte fan 404 km. De hichte yn it gebiet farriearret fan -408 meter by de igge fan de Deade See oant de heechste punt, Nabi Yunis, mei in hichte fan 1030 meter boppe seenivo. It Westjordaanlan leit net oan see en syn hichten soargje foar it oanfier fan grunwetter foar it kustgebiet fan Israel.

Der binne mar in bytsje grunstoffen yn it gebiet mei utsundering fan boulan, dat 27% fan it lan beslacht. It wurdt it meast as permanint greidlan brukt (32%) en seizoensbune lanbou (40%). Walden beslane likernoch 1% fan it gebiet.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It klimaat yn it Westjordaanlan is in mediterraan klimaat, mei koelere temperatueren op de hegere plakken. Yn it easten, der't in part fan de Woastyn fan Judea en de iggen fan de Deade See part fan binne, is it klimaat waarm en druch.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in folkstelling fan de Palestynske Autoriteit yn desimber 2007 wennen der 2.345.000 Palestynske Arabierem yn it Westjordaanlan, mei East-Jeruzalim ynbegrepen. Dat wie twaris sa folle as tsien jier earder. [1] Likernoch 30% derfan binne flechtlingen of it neiteam derfan dy't ut it gebiet komt dat nei 1948 Israel waard. Hja wenje benammen yn flechtlingekampen. Neffes de UNWRA, it program fan de Feriene Naasjes foar it helpen en opfangen fan Palestynske flechtlingen yn it Midden-Easten, wiene dat der yn 2008 754.263 persoanen. [2] Neffens it Israelysk Boargerlik Bestjoer wie der yn maaie 2012 in befolking fan 2.657.029 Palestinen yn it Westjordaanlan.

Yn 2014 wennen der 389.250 Israelyske kolonisten yn it Westjordaanlan, sunder East-Jeruzalim, mei likernoch 375.000 dy't yn it troch Israel anneksearre East-Jeruzalim wenje. Der binne ek lytse etnyske groepen, lykas de Samaritanen dy't yn en om Nablus hinne wenje. Harren oantalllen wure rusd op in pear hundert.

Yn oktober 2007 wurkje der likernoch 23.000 Palestinen fan it Westjordaanlan yn Israel, wylst der 9.200 yn Israelyske delsettings wurkje. Boppedat wurde der likernoch 10.000 Palestynske hannelers fan it Westjordaanlan tastien en reizgje of nei Israel. Yn 2014 wurken der 92.000 Palestinen, legaal of yllegaal, yn Israel, twaris safolle as yn 2010.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De befolking fan it Westjordaanlan is 80-85% moslim en 12-14% Joadsk . It oerbliuwende part is kristlik, benammen Gryksk-otterdoks .

Grutste plakken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ramallah (2010)
Betlehim
Palestynske guverneminten yn it Westjordaanlan
Steden en ynwenners yn it Westjordaanlan
Sted Ynwenners
East-Jeruzalim 542.400 [3]
Hebron 163.146 [4]
Nablus 136.132 [5]
Jenin 90.004 [6]
Tulkarm 51.300 [7]
Yattah 48.672 [8]
Modi'in Illit 48.600 [9]
Qalqilyah 41.739 [10]
Al-Bireh 38.202 [11]
Beitar-Illit 37.600 [12]
Ma'ale Adummim 33.259 [13]
Ramallah 27.460 [14]
Betlehim 25.266 [15]
Jericho 18.346 [16]
Ariel 17.700 [17]

It meast ticht befolke part fan it gebiet is in berchrige dy't fan it noarden nei it suden rint der't de steden Jeruzalim , Nablus , Ramallah , Al-Bireh , Jenin , Betlehim , Hebron en Yattah allyk de Israelyske delsettings Ariel Ma'ale Adumim en Beitar Illit yn lizze. Ramallah is it bestjoerlike en ekonomyske sintrum fan de Palestinen. Jenin leit yn it uterste noarden en leit oan de sudlike igge fan de flakte fan Jezreel . Modi'in Illit , Qalqilyah en Tulkarm lizze yn de utrinners njonken de Israelyske kustflakte. Jericho en Tubas lizze yn de delling fan de Jordaan noardlik fan de Deade See.

Palestynske guverneminten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Westjordaanlan is ferparte yn 11 guverneminten: Jenin, Tubas, Tulkarm, Nablus, Qalqilya, Salfit, Ramallah en Al-Bireh, Jericho, Jeruzalim (mei it troch Israel anneksearre East-Jerusalim mei Israelyske boargers), Betlehim en Hebron.

Israelyske delsettings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Israelyske delsetting Ariel
Israelyske delseting Chemdat yn de Jordaandelling

Yn 2022 wiene der 450.000 Israelyske boargers dy't yn 132 delsettings yn it Westjordaanlan, sunder East-Jeruzalim, wennen, mei noch 220.000 Israelyske boargers yn 12 delsettings yn East-Jeruzalim. En boppedat binne der noch 40 Israelyske butenposten (Ingelsk: outposts ), dy't sels troch de Israelyske wet as yllegaal sjoen wurde, dochs nettsjinsteande dat oansletten binne oan de wetterlieding, rioel,ynfrastruktuer en oare oanslutings troch de autoriteiten. Dy butenposten binne bekend as de "yllegale butenposten".

It bouwen fan Israelyske delsettings yn it Westjordaanlan waard troch de FN-Feiligensried yn resolusje 446 fan maart 1979 yllegaal ferklearre. Dat waard lykwols troch Israel bestriden. Utwreidings fan delsettings waarden gauris oftwongen troch dy saneamde butenposten op it lan fan Palestynske boeren del te setten. Derby gie it gauris om in nustje kampers of caravans der't strang religieuze Joadske jongerein tahalde. Dy waarden bytiden sels troch Israel as yllegaal beskoge, mar nettsjinsteande dat woene dy kolonisten net fuortgean. Dat late wolris ta konfrontaasjes fan harren mei it Israelyske leger en plysje, der't soks fannijs bart en dat de butenpost noch jierrenlang bestean bliuwt en him sels utwreidet. Dernei wurdt dat lang om let almeast troch de Israelyske oerheid legalisearre of wurdt der fannijs in nije delsetting boud of utwreide op defoar yn beslach nommen Palestynsk grungebiet. Reden dy't wol gauris brukt wurdt is dat it in straf foar de Palestinen weze soe om't dy tsjin de kolonisten yn ferwar komme. Ut undersyk fan de krante Haaretz kaam nei foarren dat algeduerigen tsientallen jierren de Sionistyske Wraldorganisaasje de kolonisten finansjeel stipet mei it stichtsjen fan yllegale butenposten en derby hearrende foarsjennings op Palestynsk grungebiet, der't it Israelysk regear fan of wist en it bruken fan belestingsjild der't it ferdriuwen en fuortjeien fan Palestynske mienskippen ut gebieten yn it Westjordaanlan mei stipe waard. [18]

Yn augustus 2005 waarden, mank mei alle delsettings yn de Gazastripe , 4 fan de 150 delsettings yn it Westjordaanlan untromme. Tagelyk waard troch Israel it plan buorkundich makke dat de delsetting Betar Illit der't al mear as 20.000 kolonisten wenje, datselde jier noch utwreide wurde soe mei op syn minst 235 nije wenten. Dat soe part weze fan it Gusj Etsion delsettingsblok. Dat gie rjocht tsjin de saneamde Roadmap to Peace (wegekaart ta de frede), it fredesplan dat taret waard troch de Feriene Steaten , Jeropeeske Uny , Ruslan en de Feriene Naasjes dy't it foarmjen fan twa unofhinklike steaten foar eagen hie.

Yn de ynternasjonale mienskip wurde de Israelyske delsettings as yllegaal beskoge, benammen troch de Jeropeeske Uny en sels in grut oandiel fan de Israelyske befolking is op it stiftsjen fan Joadske delsettings yn it Westjordaanlan op tsjin en stipe it untromjen fan delsettings yn 2005.

Israelyske barriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Israelyske barriere
Kontrolepunt Qalandiya tusken Jeruzalim en Ramallah

De Israelyske barriere is in skiedingsmuorre dy't troch it Israelysk regear boud wurdt, der't yn 2002 mei uteinset waard. De muorre bestiet ut in kompleks fan stikeltried, fuorgen mei in trochsneed fan 60 meter breed sperrgebiet en in 8 meter hege betonnen muorre. De muorre stiet yn it Westjordaanlan, foar in part by de Griene Line, de grins oerienkommen tusken Israel en Jordaanje neffens it wapenskoft fan 1949, del, en foar in part in ein yn it Westjordaanlan om de Israelyske delsettings, lykas East-Jeruzalim, Ariel, Gusj Etzion, Immanuel, Karnei Shomron, Givat Ze'ev, Oranit en Maale Adumim oan de Israelyske kant te beluken. De totale lingte dy't troch it Israelysk regear goedkard is om te bouwen is 708 km lang. Yn 2020 wie der al 454 km boud. De romte tusken de muorre en de Griene Line is in ofsletten militere sone dy't 9% fan it Westjordaanlan mei tsientallen doarpen en Palestinen ofsnijt.

Foarstanners fan de muorre ine it needsaaklik en beskermje Israelyske boargers fan Palestynske oanfallen en selsmoardbommen. Yn 2007 wie der in ofname fan terroristyske oanslaggen mei 96% neffens 2002, alhoewol't de measte selsmoardterroristen troch kontrolepunten Israel yn kamen.

Tsjinstanners fine dat de muorre in yllegaal besykjen is en anneksearje Palestynsk lan mei it ferlechje dat it feiligens bringe sil. Neffens harren is dat yn striid neffens it ynternasjonaal rjocht. It soe de Palestynske frijheden en frije trochgong troch it Westjordaanlan swier behinderje en syn ekonomy ungeunstich treffe.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel as foar in part oersette fan de Ingelsktalige side; sjoch foar de bewurkingsskiednis en:West Bank
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory West Bank fan Wikimedia Commons .