한국   대만   중국   일본 
Never Say Never Again (film) - Wikipedy Springe nei ynhald

Never Say Never Again (film)

Ut Wikipedy
Never Say Never Again
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Irvin Kershner
produsint Jack Schwartzman
Kevin McClory
senario Lorenzo Semple jr.
basearre op Thunderball fan Ian Fleming
kamerarezjy Douglas Slocombe
muzyk Michel Legrand
filmstudio Taliafilm
distribusje Warner Bros. ( Feriene Steaten )
Columbia - EMI - Warner ( Fer. Ken. )
spilers
haadrollen Sean Connery
Klaus Maria Brandauer
Kim Basinger
byrollen Barbara Carrera
Edward Fox
Max von Sydow
Bernie Casey
Rowan Atkinson
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiere 7 oktober 1983
foarm langspylfilm
sjenre spionaazje skriller
taal Ingelsk
spyltiid 134 minuten
budget en resultaten
budget $36 miljoen
opbringst $160 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel (gjin underdiel fan 'e offisjele searje)
● folgjend diel (gjin underdiel fan 'e offisjele searje)

Never Say Never Again is in Amerikaansk - Britske spionaazje skriller ut 1983 under rezjy fan Irvin Kershner , mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond , Kim Basinger as Bond girl Domino Petachi en Klaus Maria Brandauer as de antagonist Maximillian Largo. It wie de leste kear dat Connery yn 'e hud fan Bond kroep. De titel betsjut letterlik "Sis Nea Wer Nea" en is in ferwizing nei de utspraak fan Connery ut 1971 , nei syn optreden yn Diamonds Are Forever , dat er Bond nea wer spylje soe.

De film is basearre op 'e roman Thunderball , fan Ian Fleming , ut 1961 . Dermei is Never Say Never Again teffens in remake fan 'e eardere James Bond -film Thunderball , ut 1965 , ek mei Connery yn 'e haadrol . Dat wie mooglik om't de filmrjochten op dy iene Bond -roman net yn 'e hannen fan filmstudio Eon Productions wiene. Never Say Never Again heart sadwaande net ta de kanonnike James Bond -filmsearje . De plot fan 'e film folget in aldere Bond dy't wer fan stal helle wurdt as de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE twa atoombommen fan 'e NATO wit te stellen.

Never Say Never Again krige fan 'e filmkritisy doedestiden oer it algemien positive resinsjes , en ek letter bleaune de kritisy oer it algemien ridlik posityf oer de film. Yn 'e bioskopen wie Never Say Never Again in beskieden kommersjeel sukses. Yn 1983 kaam ek de 'offisjele' Bond -film Octopussy fan Eon Productions ut, mei Roger Moore yn 'e haadrol. Dy brocht mear op as Never Say Never Again , mar de reputaasje fan dy film keldere letter, sadat Octopussy no oer it algemien beskoge wurdt as ien fan 'e minste Bond -films.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't James Bond , geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 , net troch in rutinemjittige oefening hinne komt, stjoert M him nei Shrublands, in sunensklinyk fuort buten Londen , om der troch it folgjen fan in strang dieet en deistige trainings wer yn foarm te kommen. Bond sels wyt syn falen oan it feit dat der by in oefening net folle op it spul stiet en dat it derom in echte misje net belykje kin. Hy beklaget him oer it feit dat er al tiden net mear op misje stjoerd is, mar dizze M, dy't oansteld is om by MI6 besunigings troch te fieren, hat net folle op mei de feralderjende dubel-0-aginten, dy't nei syn miening djoer en net fleksibel genoch binne.

Wylst Bond yn Shrublands ferkeart, en der daliks syn tsjeppe fysioterapeute Patricia Fearing ferliedt , wurdt er gewaar hoe't in oare pasjint mei in heal ferbune holle yn in foaroerlizzende keamer in wan bruien kriget fan in mysterieuze sadistyske ferpleechster dy't Fatima Blush hjit. Bond, waans nijsgjirrigens wekke is, giet op undersyk ut. Troch it rut sjocht er hoe't de pasjint syn ferbune each untbleatet om it te scannen mei in apart apparaat . As de man him yn 'e gaten kriget, wykt Bond tebek, mar Blush brukt in ynfrareadbril en wit sa yn it tsjuster syn identiteit fest te stellen. De oare deis besiket Lippe, in trewant fan harres, Bond yn 'e sportskoalle fan 'e klinyk te fermoardzjen , mar it slagget Bond, mei muoite, om syn tsjinstanner ut te skeakeljen.

Blush en har pasjint, in heroineferslaafde piloat en kaptein by de Amerikaanske Loftmacht dy't Jack Petachi hjit, binne aginten foar de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE, dy't under lieding stiet fan Ernst Stavro Blofeld. Petachi hat in operaasje oan syn rjochtereach undergien, dat dertroch no persiis itselde irispatroan hat as it rjochtereach fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten . Sadwaande slagget it him om 'e iriswerkenningsbefeiliging te omsilen en foar in oefening op 'e loftmachtbasis Swadley de sabeare ladings fan twa AGM-86 - krusraketten te ferfangen troch echte, nukleere ladings . As de raketten yn it ramt fan 'e oefening ofsketten wurde, nimt SPECTRE de radiokontrole oer en stelt de atoombommen. Neitiid fermoardet Blush Petachi troch in auto-ungemak te feroarsaaken. Blofeld nimt kontakt op 'e de NATO en besiket it bunsgenoatskip foar miljarden dollars of te parsjen .

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

De Britske minister fan Butenlanske Saken lord Ambrose oarderet in tsjinnige M om 'e dubel-0-aginten te reaktivearjen. Bond kriget de opdracht de atoombommen op te spoaren. Hy folget it spoar nei de Bahama's , der't eksintrike miljoner Maximillian Largo ferbliuwt, de SPECTRE-agint dy't de algehiele lieding oer de dieverij fan 'e atoombommen hie. Bond kriget der 'help' fan Nigel Small-Fawcett, in knoffelige Britske amtner . Fatima Blush beavensearret in 'tafallige' moeting mei Bond, werby't se him utnuget om mei har ut te djipseeduken te gean. Om't se der yn bedutsen termen op doelt dat se ynformaasje oer Largo hat, giet Bond mei. Nei't se him earst ferlaat hat ta it hawwen fan seksuele omgong op har boat , besiket Flush him dernei under it duken te fermoardzjen troch by him in fan in magneetsje foarsjoen stjoerderke op 'e soerstofflesse te befestigjen, dat in unwjersteanbere oantrekkingskreft op haaien utoefenet.

Bond wit mar nauwerneed oan in stikmannich tigerhaaien te untkommen, wernei't er letterlik opfiske wurdt troch in Amerikaanske toeriste dy't op 'e Bahama's op see ut te angelfiskjen is. Bond giet mei har werom nei syn hotel . Underwilens hat Blush untdutsen dat har plantsje mislearre is. Derop kringt se Bond syn hotelkeamer binnen en befestiget in tiidbom oan 'e underkant fan syn bed . Bond giet mei de angelfiskster op bed , mar as de bom ofgiet, docht bliken dat se nei har hotelkeamer gien binne, sadat Bond op 'e nij mei de skrik frijkomt. As Small-Fawcett him letter trochdocht dat de Flying Saucer , it jacht fan Largo, underweis is nei Frankryk , nimt Bond it fleantuch nei Nice . Der betrekt er mei Nicole, in Franske aginte foar MI6, en Felix Leiter , in befreone spesjaal agint foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA , in filla mei utsjoch op 'e Middellanske See , der't er it jacht fan Largo wei yn 'e rekken halde kin.

Leiter fertelt Bond dat de minneresse fan Largo in Domino Petachi is. Hja is de suster fan 'e Amerikaanske loftmachtofsier Jack Petachi, dy't op sa'n fertochte wize omkommen is nei't de atoombommen stellen wiene. Bond fynt dat nijsgjirrich, dat hy bejout him nei in wellness-sintrum der't Domino hinne giet foar behannelings, en docht him der foar as har masseur om in idee fan har persoanlikheid te krijen. It wurdt him al hiel gau dudlik dat de wat naive Domino gjin idee hat oer wat har frijer by de ein hat. Ek komt Bond fan har oan 'e weet dat Largo dy juns in evenemint foar goeddiedichheid organisearret yn in pleatslik kasino .

Bond giet der sunder utnuging hinne en siket it selskip fan Domino op, oan wa't er him untskuldiget foar syn eardere skelmdwaan as masseur. Domino fynt him in sjarmante man en se reitsje oan 'e praat . As Largo der troch Blush op wiisd wurdt, daget er Bond ut ta it spyljen fan in fideospultsje dat er sels betocht hat, werby't de spilers fia de joysticks swierdere of lichtere elektryske skokken tatsjinne krije al neigeraden hoe't se der yn it spul foar steane. Bond wit Largo te ferslaan, mar ynstee fan 'e $ 236.000 dy't er dermei wun hat, freget er om in duns mei Domino. Wylst se de tango dunsje, flusteret Bond har yn dat har broer troch Largo-en-dy fermoarde is. Largo jout Blush opdracht om no foar iens en foar altyd mei Bond of te weven.

As Bond thuskomt yn 'e filla dy't er hiert, treft er der Nicole dea oan, dy't fermoarde is troch Blush. Dyselde soarget derfoar dat Bond krekt noch in glim fan har opfangt foar't se utnaait yn har auto , sadat er op in motor de efterfolging ynset. Yn in tunnel rint er yn in muklaach fan Blush har trewanten, mar hy wit te untsnappen en folget Blush nei in ald pakhus yn 'e haven fan Nice. Der wurdt se him oermansk en haldt se him under skot. Bond wit tiid te rekken troch har op 'e mouwe te spjeldzjen dat er yn syn autobiografy skriuwe wollen hie dat syn aventoerke mei har de beste seks fan syn libben wie, mar dat soks oergean moat as se him fermoardet. Derop smyt se him in stik papier ta en hjit him om op te skriuwen dat Fatima Blush syn "numer 1-sekspartner" wie. Bond hellet in folpin foar it ljocht dy't er fan Q , de kertiermaster fan MI6 krigen hat, en sjit dermei in miniatuerraket op har of, dy't har yn stikken skuort.

Neitiid swimme Bond en Leiter under wetter nei de Flying Saucer ta, it jacht fan Largo, om sjen oft se in spoar fine kinne fan 'e stellen atoombommen. Bond wurdt finzen nommen, mar Largo lit him oan board fan syn jacht frij omrinne. Bond sjocht der sadwaande Domino werom. As se yn har dunsstudio foar in spegel steane werfan't Bond fermoedet dat it in twasidige spegel is, der't Largo fan 'e oare kant of trochhinne sjen kin, besiket er Largo jaloersk te meitsjen troch Domino op yntime wize te tongtutsjen . Largo, dy't it yndie sjocht, wurdt breinroer en begjint de dunsstudio of te brekken, der't Bond en Domino dan al lang utpykt binne. Dat stelt Bond by steat om Largo syn kontrolekeamer binnen te kringen en temuk in berjocht te ferstjoeren oer de bestimming fan it jacht: Palmyra, de basis fan Largo yn Noard-Afrika .

Yn in alde festing dersanne wurdt Bond mei keatlings oan 'e muorre festset yn in boppegrunske tsjerker , wylst Largo Domino straft foar har ferrie troch har by opbod ferkeapje te litten oan Arabyske bedoeinen . Mei it laserwapen yn it horloazje dat Bond fan Q krigen hat, baarnt er syn boeiens troch, wernei't er Domino redt. Tegearre op in hynder springe se fan 'e festingmuorre of yn see , der't se oppikt wurde troch in dukboat fan 'e Amerikaanske Marine mei Felix Leiter oan board.

Trochdat Largo it net litte koe om op selsfoldiene wize mei syn plannen te pronkjen foar Bond oer, fan wa't er miende dat dy foar de dea opskreaun wie, kin de earste atoombom maklik weromfun wurde op it plak der't er klear leit om of te gean yn 'e Amerikaanske haadsted Washington, D.C. De twadde bom wol SPECTRE ynsette om 'e ierdoaljefoarrieden yn it Midden-Easten te sabotearjen troch in geologyske keatlingreaksje te feroarsaakjen dy't de oalje fuortlekke litte sil nei unberikbere djipte.

Bond en Leiter spoare Largo en syn trewanten op oan 'e kust fan 'e Reade See yn Etioopje (no Eritrea ), der't se de twadde bom fia in undergrunske timpel under in oaze yn in undergrunske rivier ynbringe. Wylst Leiter en de Amerikanen mei de trewanten fan Largo ofweve, folget Bond Largo sels yn 'e rivier, der't de beide mannen under wetter mei-inoar yn gefjocht reitsje. Bond wit Largo klem te setten mei de underwetterslide der't de bom mei ferfierd wurdt. Wylst er dwaande is de bom te untmanteljen, slagget it Largo om in harpoengewear yn 'e hannen te krijen. Op it momint dat er Bond deasjitte sil, dy't him der alhiel unbewust fan is, wurdt Largo lykwols sels mei in harpoengewear deasketten troch Domino, dy't mei Leiter en guon oaren efter Bond en Largo oan kommen is. Sa nimt hja wraak foar de moard op har broer. Derop wurdt de bom untwapene, sadat de wrald reden is.

Sean Connery .
Klaus Maria Brandauer .
Kim Basinger .

Neitiid swaait Bond of ut aktive tsjinst by MI6 en set him op 'e Bahama's nei wenjen mei Domino. As Small-Fawcett der by him oan 'e doar komt om ut namme fan M syn help te freegjen foar in nije misje, seit Bond dat er nea wer geheim agint weze sil.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6 - agint James Bond Sean Connery
Maximillian Largo Klaus Maria Brandauer
Domino Petachi Kim Basinger


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Fatima Blush Barbara Carrera
M , sjef fan MI6 Edward Fox
Ernst Stavro Blofeld Max von Sydow
CIA - agint Felix Leiter Bernie Casey
Nigel Small-Fawcett Rowan Atkinson
Q (Algernon), kertiermaster fan MI6 Alec McCowen
juffer Moneypenny Pamela Salem
angelfiskster yn 'e Bahama's Valerie Leon
dr. Kovacs Milow Kirek
Lippe Pat Roach
Britsk minister fan Butenlanske Saken lord Ambrose Anthony Sharp
Patricia Fearing Prunella Gee
kaptein Jack Petachi Gavan O'Herlihy
Nicole Saskia Cohen Tanugi

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foarskiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Never Say Never Again is basearre op 'e roman Thunderball , fan Ian Fleming , dy't yn 1961 publisearre waard. Koart nei't it boek utkommen wie, waard Fleming oanklage foar plagiaat troch syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham . Dyselden beskuldigen him derfan de roman basearre te hawwen op in earder senario foar in mislearre Bond -ferfilming, dat se mei harren trijen skreaun hiene. Nei ferskate jierren waard de rjochtsaak foareart oplost mei in skikking , werby't McClory it auteursrjocht behold op it senario en Fleming it auteursrjocht op 'e roman.

Tsjin 'e tiid dat de skikking dertroch kaam, wie de James Bond -rige in grut bioskoopsukses , en produsinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli fan Eon Productions woene tsjin eltse priis foarkomme dat der in film troch in rivalisearjende filmstudio produsearre wurde soe. Derom sleaten se in kompromis mei McClory foar de ferfilming fan Thunderball ( 1965 ), werby't McClory, alteast op papier, de iennichste produsint fan 'e film waard, wylst sy sels utfierende produsinten waarden. De roman fan Fleming waard omwurke ta in ferfilmber senario troch Richard Maibaum en John Hopkins , mar yn 'e begjintitels fan 'e film waard fermeld dat harren skript basearre wie op in "oarspronklik senario" fan Whittingham, dat wer basearre wie op in "oarspronklik ferhaal" fan McClory, Whittingham en Fleming.

Tsjin 'e midden fan 'e 1970-er jierren begun McClory wer te wurkjen oan in ferfilming fan it ferhaal fan Thunderball , dy't er folslein op eigen manneboet foarmjaan koe. Om't de nije film dudlik net wer Thunderball hjitte koe, krige it projekt de wurktitel Warhead ("Raketlading"). Eon Productions besocht in remake fan Thunderball tsjin te halden troch in rjochtsaak oan te spannen, mar dy einige mei de rjochterlike utspraak dat McClory net inkeld it folste rjocht hie om in remake te meitsjen, mar dat er ek it allinnerjocht hie op 'e nammen SPECTRE en Ernst Stavro Blofeld, sadat Eon twongen wie om dy ut it senario foar de oankommende Bond -film The Spy Who Loved Me ( 1977 ) te skrassen.

In skript foar Warhead dat skreaun wie troch Len Deighton befette eleminten dy't fier fan 'e plot fan Thunderball ofdwaalden, lykas it delsjitten troch SPECTRE fan fleantugen boppe de Bermudatrijehoek en it besetten troch deselde organisaasje fan Liberty Island en Ellis Island yn 'e haven fan New York om derwei fia it rioel in ynvaazje fan Wall Street ut te fieren. Dat senario waard yn 1978 oankocht troch Paramount Pictures , mar de produksje rekke yn swierwaar doe't Danjaq , de memme-undernimming fan Eon Productions, en syn partner United Artists beswier oantekenen om't it skript oan alle copyrightbeheinings foarby gie. De produksje fan Warhead waard dernei foar jierren op 'e lange baan skood.

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pas begjin 1980-er jierren kaam der einlings beweging yn 'e produksje fan Warhead . Tsjin dy tiid wie akteur Sean Connery by it projekt belutsen rekke, dy't yn seis eardere Bond -films fan Eon Productions (werunder Thunderball ) de rol fan James Bond fertolke hie. Doe't dudlik waard dat der noch altyd nei in gaadlike titel foar de remake socht waard, stelde Connery syn frou Micheline Never Say Never Again ("Sis Nea Wer Nea") foar, in ferwizing nei Connery syn utspraak ut 1971 , nei't er Diamonds Are Forever makke hie, dat er nea wer de rol fan Bond spylje soe. Har idee waard oernommen troch de produsinten , en hja krige der in fermelding yn 'e oftiteling foar.

Never Say Never Again waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario fan Lorenzo Semple jr. op basis fan in ferhaal fan Kevin McClory , Jack Whittingham en Ian Fleming . Yn it skript wiene de nammen fan guon personaazjes ut Thunderball om auteursrjochtlike redens feroare. Sa wie Fiona Volpe omneamd ta Fatima Blush; Emilio Largo wie Maximillian Largo wurden; en fan Domino Vitali (yn 'e roman) of Domino Derval (yn 'e earste ferfilming ) wie Domino Petachi makke. As produsinten wiene Jack Schwartzman en Kevin McClory by it projekt belutsen foar de filmstudio Taliafilm . Never Say Never Again wie in Amerikaansk - Britske ko-produksje . Foar de film wie in budget beskikber fan $ 36 miljoen.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Douglas Slocombe . De filmmuzyk waard fersoarge troch Michel Legrand , nei't de feste Bond -filmkomponist John Barry ut loyaliteit oan Eon wegere hie. De titelsong Never Say Never Again waard songen troch Lani Hall , nei't Bonnie Tyler , dy't it liet net lije mocht, mei tsjinnichheid ofsein hie.

Casting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De weromkear fan Sean Connery yn 'e rol fan James Bond yn in film fan in konkurrearjende filmstudio soarge foar panyk by Eon Productions . Der hie men fan doel west om Roger Moore nei syn fyfde optreden as Bond yn For Your Eyes Only ( 1981 ) of te tankjen, mar ut noed dat in unbekende nije Bond-fertolker it net tsjin Connery halde kinne soe, waard Moore dochs op 'e nij frege foar de film Octopussy , dy't itselde jiers utkaam as Never Say Never Again . It casten fan Connery yn Never Say Never Again waard formeel yn maart 1983 bekendmakke. Hy wie doe 52 jier, wat eins wat te ald wie, mar dochs noch trije jier jonger as Roger Moore. Connery gie yn tarieding foar syn rol yn training mei Steven Seagal .

It wie Connery dy't oan 'e produsinten suggerearre om foar de rol fan 'e wichtichste antagonist yn 'e film de Eastenrykske akteur Klaus Maria Brandauer oan te luken, dy't de haadrol spile hie yn 'e Hongaarske film Mephisto fan Istvan Szabo , de winner fan 'e Oscar foar Beste Butenlanske Film fan 1982 . Ek de Sweedske akteur Max von Sydow , dy't de rol fan Ernst Stavro Blofeld spile, kaam ut 'e koker fan Connery. Regisseur Irvin Kershner frege Barbara Carrera , in Playboy - centerfold en earder model , om 'e rol fan 'e femme fatale Fatima Blush op har te nimmen. Hja sei letter yn in fraachpetear dat se har rol fierhinne basearre hie op 'e hindoeistyske goadinne Kali , "mei in lyts bytsje swarte widdo en in lyts bytsje bidsprinkhoanne " deropta.

De rol fan Domino Petachi waard earst oanbean oan Dalila di Lazzaro , mar dy betanke foar de ear. Kim Basinger , dy't yn 'e iere 1980-er jierren noch oan it begjin fan har karriere stie, waard oan Connery en fia him oan 'e produsinten oanrikkemandearre troch syn frou Micheline, dy't Basinger met hie yn it Grosvenor House Hotel yn Londen . Yn 'e rol fan CIA -man Felix Leiter , dy't it filmpublyk neffens Connery altyd daliks wer fergeat, waard op syn foarspraak troch de produsinten Bernie Casey cast , dy't (sa wie de hoop) as negroide akteur de rol opfallender meitsje soe. In relatyf jonge Edward Fox waard oannommen foar de rol fan M , de sjef fan MI6 , by wize fan kontrast mei de aldere Bernard Lee , dy't deselde rol spile yn 'e films fan Eon Productions . Komyk Rowan Atkinson waard yn 'e rol fan 'e knoffelige amtner Nigel Small-Fawcett oan 'e cast fan 'e film tafoege by wize fan komyske noat .

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar Never Say Never Again setten op 27 septimber 1982 utein en duorren oant yn 'e maityd fan 1983 , mei deropta reshoots dy't yn 'e simmer fan dat jier plakfunen. De binnendoarsenes, dy yn 'e timpelruine yn Etioopje ynbegrepen, waarden filme yn 'e Elstree Studios yn Hertfordshire . Fierders waard der op lokaasje filme yn Ingelan , oan 'e Franske Riviera en yn 'e Bahama's . De senes yn it wellness-sintrum funen plak yn Luton Hoo , yn it Ingelske greefskip Bedfordshire . De Flying Saucer , it jacht fan Largo, wie eins de Nabila (no de Kingdom 5KR ), fan 'e Saudyske miljarder Adnan Chasjokdzji . De underwettersenes waarden filme troch Ricou Browning , dy't hast tweintich jier earder ek belutsen west hie by de underwetteropnamen foar Thunderball .

De Kingdom 5KR gie yn Never Say Never Again troch foar Largo syn jacht , de Flying Saucer .

De produksje fan Never Say Never Again wie problematysk. Regisseur Irvin Kershner hie krityk op filmprodusint Jack Schwartzman , dy't neffens him te min underfining yn 'e filmyndustry hie. Doe't it jild foar de film oprekke, finansierde Schwartzman de rest fan 'e produksje ut eigen buse. Letter joech er ta dat er de kosten fan in filmproduksje slim underskat hie. Haadrolspiler Sean Connery , dy't in bettere organisaasje wend wie, hie net folle geduld mei wat er "in ferrekte Mickey Mouse-operaasje " neamde. Hy wie ek twongen om in protte taken oer te nimmen fan assistint-regisseur David Tomblin. Ien en oar late ta spannings op 'e filmset .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Never Say Never Again waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Warner Bros. en yn it Feriene Keninkryk troch Columbia - EMI - Warner . De film gie op 7 oktober 1983 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiere . Yn it Feriene Keninkryk iepene Never Say Never Again op 14 desimber fan dat jier yn 'e bioskopen. De film waard yn 1984 al utbrocht as keapfideo op sawol VHS as Betamax , en ferskynde yn 2001 foar it earst op dvd en yn 2009 foar it earst op blu-ray .

Yn 1997 ferkocht Kevin McClory de auteursrjochten op Never Say Never Again en op it ferhaal fan Thunderball foar in net bekend makke bedrach oan Sony Pictures . Doe't de distribusjerjochten dertroch noch datselde jiers by Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) bedarren, kamen de rjochten op alle James Bond -films foar it earst yn ien han, mei't MGM yn 1981 United Artists oernommen hie, dat de rjochten op 'e kanonnike Bond -films dielde mei Danjaq , de memme-undernimming fan Eon Productions .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Never Say Never Again oer it algemien positive resinsjes . Ferskate Britske resinsinten, under wa Ian Christie fan 'e Daily Express en David Robinson fan The Times , wiene fral bliid mei de weromkear fan Sean Connery yn 'e rol fan James Bond . Robinson hie ek lof foar it aktearjen fan Klaus Maria Brandauer as de antagonist Maximillian Largo. Yn it Amerikaanske tydskrift Time priizge ek Richard Schickel de cast . Yn 't bysunder hied er lof foar Brandauer en foar Barbara Carrera , dy't neffens him "behindich alle femme fatales parodiearret dy't troch Bond syn karriere heupwidze binne."

Yn The Guardian makke Derek Malcolm himsels bekend as in fan fan 'e James Bond fan Connery, mar dochs fun er Never Say Never Again net in bettere film as it inkele moannen earder utbrochte Octopussy mei Roger Moore . Likemin fun er "dat ien fan dy beide films ek mar yn 'e fierste fierte Dr. No of From Russia with Love belykje [koe]." Philip French , dy't foar The Observer skreau, murk op dat "dizze nuveraardich bestille film uteinlik sels gjin bydrage leveret en ynstee [foar himsels] skansearjende ferlikings opropt mei de orizjinele […] Thunderball ."

Janet Maslin fan The New York Times wie posityf oer Never Say Never Again , mei't se fun dat de film "merkber mear humor en karakter hat as ornaris it gefal is mei Bond -films". Yn 'e Chicago Sun-Times parte Roger Ebert de film 3 1 / 2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat, hoewol't Never Say Never Again "in basale Bond - plot " hie, de film dochs ferskilde fan oare Bond -films: "Sa hat de film bygelyks in grutter minsklik elemint, en dat komt fan Klaus Maria Brandauer, as Largo." Ek Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech Never Say Never Again 3 1 / 2 fan 4 stjerren. Hy kwalifisearre de film as "ien fan 'e beste 007-aventoeren dy't ea makke is."

Retrospektive resinsjes ut lettere jierren befestigen de positive untfangst fan Never Say Never Again . Sa skreau Danny Peary yn 1986 yn syn Guide for the Film Fanatic dat it "geweldich wie om Sean Connery nei in tolvetal jierren werom te sjen as James Bond." De fertolking fan Largo troch Klaus Maria Brandauer wie neffens him " neuroatysk , kwetsber […] ien fan 'e meast kompleksen fan Bond syn fijannen", en Barbara Carrera en Kim Basinger "makken beklibjende yndrukken" as Fatima Blush, resp. Domino Petachi. Fierders wie de setting "eksoatysk", it aktearjen "goed" en de rezjy "stylfol". Hy konkludearre dat it ien fan 'e beste Bond -fims weze soe "as de klimaks net sa teloarstellend west hie. Wannear sille filmmakkers no ris begripe dat underwettergefjochten net wurkje om't it publyk yn 'e regel de held en de smjunt net utinoar halde kin […]?"

De foaroansteande Amerikaanske kritikus James Berardinelli moast lykwols neat fan Never Say Never Again hawwe. By syn resinsje fan 'e film, yn 1996 , oppenearre er dat it werskriuwen fan it Thunderball -ferhaal de film gjin goed dien hie: "[it] is mooglik it minst skreaune Bond -skript fan allegearre." Berardinelli fun it in grutte teloarstelling dat de filmmakkers, doe't se ienris Connery ferlokke hiene om noch in kear Bond te spyljen, him neat betters te bieden hiene as "dit langtrieddige, ofseage ferhaal".

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat Never Say Never Again in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 51 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it op 'e nij oereide ferhaal frijwat unynspirearre en unnedich oandocht, meitsje de weromkear fan sawol Sean Connery as in subtilere Bond [de film] ta in underhaldende werhelling." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Never Say Never Again in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 15 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Never Say Never Again brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 55,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $104,6 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $160,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $36 miljoen betsjut dat in winst fan $124 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte. Dermei wie de opbringst fan Never Say Never Again leger as fan 'e kanonnike James Bond -film Octopussy fan Eon Productions , dy't ek yn 1983 utkaam en $187,5 miljoen opbrocht. De reputaasje fan dy film keldere letter lykwols, sadat Octopussy no oer it algemien beskoge wurdt as ien fan 'e minste Bond -films.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Barbara Carrera waard foar har rol as Fatima Blush yn Never Say Never Again nominearre foar Golden Globe foar beste byrol fan in aktrise . Dy priis gie lykwols nei Cher foar har rol yn Silkwood .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Bibliography , op dizze side .


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No  (1962) ? From Russia with Love  (1963) ? Goldfinger  (1964) ? Thunderball  (1965) ? You Only Live Twice  (1967) ? Diamonds Are Forever  (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service  (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die  (1973) ? The Man with the Golden Gun  (1974) ? The Spy Who Loved Me  (1977) ? Moonraker  (1979) ? For Your Eyes Only  (1981) ? Octopussy  (1983) ? A View to a Kill  (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights  (1987) ? Licence to Kill  (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye  (1995) ? Tomorrow Never Dies  (1997) ? The World Is Not Enough  (1999) ? Die Another Day  (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale  (2006) ? Quantum of Solace  (2008) ? Skyfall  (2012) ? Spectre  (2015) ? No Time to Die  (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale  (1954) ? Casino Royale  (1967) ? Never Say Never Again  (1983)