Fjetnam

Ut Wikipedy
C?ng Hoa Xa H?i Ch? Ngh?a Vi?t Nam
Flagge fan Fjetnam Wapen fan Fjetnam
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fjetnam
Offisjele taal Fjetnameesk
Haadsted Hanoi
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
329.560 km²
1,3­%
Ynwenners ( 2009 ) 85.846.997
Munt D?ng (VND)
Tiidsone UTC +7
Nasjonale feestdei 2 septimber
Lankoade VNM
Ynternet .vn
Tillefoan 84

Fjetnam , offisjeel sunt 1976 de Sosjalistyske Republyk Fjetnam , is in lan yn Sudeast-Aazje . De haadsted is Hanoi en de presidint fan de republyk is sunt 1997 Tran Duc Luong .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fjetnam wurdt begrinzge troch:

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ban Giok Wetterfallen yn it noarden fan Fjetnam

Fjetnam hat sanstrannen, berchwalden en in protte kultuermoniminten. Oan de Golf fan Tongking leit de delta fan de Reade- en Swarte Rivier . Besuden leit Annam , it sintrale diel fan Fjetnam, dat foarme wurdt troch in langhalige kuststripe dy't op syn smelst amperoan 40 km breed is. Noch fierder nei it suden leit de 70.000 km² grutte Mekong -delta. As gefolch fan in lange reintiid binne de kustgebieten bedutsen mei tropysk reinwald en mangrovebosk.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Fjetnam komme trije klimatensones foar. It suden fan Fjetnam hat in tropysk klimaat, trochsneed is it der 32 °C. Fan juny of oant en mei septimber is it der it reinseizoen. Meastentiids falle der dan op de ein fan de middei swiere reinbuien. It oare part fan de dei is der druch. Yn it midden fan it lan rint it reinseizoen fan septimber oant novimber. Alle jierren wurdt Fjetnam in kear of acht troffen troch in tyfoon . In tyfoon doare meastal twa oant fjouwer en binne it faakst yn juny oant oktober. Yn it noarden is it klimaat koeler. Yn de berchgebieten friest it sels het zelfs in de herfst. Yn de simmer moannen is it waarm en falle der swiere reinbuien.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar it begjin fan de jiertelling wie yn it noarden fan it tsjintwurdige Fjetnam, yn de delta fan de Reade rivier, in keninkryk neamd Nam Viet , wat lan fan it suden ynhaldt. Dat keninkryk foel sawat tuzen jier ( 111 f.Kr. - 939 n.Kr. ) under Sineeske hearskippij. Yn de 10e iuw waard troch Fjetnameeske opstannelingen in ein makke oan dat bewald en untstie in eigen steat. Twastriid tusken twa wichtige famyljes soarge derfoar dat yn de 15e iuw it lan midstwa opdield waard yn noard en sud. Pas yn 1802 mei help fan de Fransken waard it lan werienige. Nei de Twadde Wraldkriich waard it lan ferdield yn in kommunistysk regeard Noard-Fjetnam en in diktatoriaal regeard Sud-Fjetnam . De Fjetnamoarloch ( 1957 - 1975 ) einige mei in machtsoername troch de Fjetkong yn Sud-Fjetnam en de weriening under kommunistysk bewald. De ynminging fan Fjetnam yn Kambodja yn 1979 late ta in wapene konflikt mei Sina .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De befolking fan Fjetnam is konsintrearre yn de twa wichtige rivierdelta's, der't de etnyske Fjetnamezen mei 85% fan grutste groep fan foarme. Yn totaal binne yn it lan om-ende-by 50 minderheidsgroepen, dy't foaral yn de heechlannen libje, u.o. de Muong , Tai , Hmong , Dao , Sedong , Jarai , Bahnar , Rhade , Sjam en noch in grut tal lytsere groepen. Yn de steden wenje grutte tallen Sinezen.

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Fjetnam wurdt Fjetnameesk sprutsen as offisjele taal. Dizze taal waard oant en mei de 17e iuw skreaun mei in op it Sineesk likend skrift. Troch de Franske jezuyt Alexandre de Rhodes waard yn de 17e iuw it Westerske alfabet yntrodusearre.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Fjetnam wurdt in grut ferskaat oan religys oanhongen, der't it boedisme de grutste godstsjinst fan foarmet. Oare leauwen binne it konfusianisme , tradisjonele lokale leauwen en it kristendom , fral de Roomsk-Katolike Tsjerke .