Fjetnam
, offisjeel sunt
1976
de
Sosjalistyske Republyk Fjetnam
, is in lan yn
Sudeast-Aazje
. De haadsted is
Hanoi
en de presidint fan de republyk is sunt
1997
Tran Duc Luong
.
Fjetnam wurdt begrinzge troch:
Fjetnam hat sanstrannen, berchwalden en in protte kultuermoniminten. Oan de
Golf fan Tongking
leit de delta fan de
Reade-
en
Swarte Rivier
. Besuden leit
Annam
, it sintrale diel fan Fjetnam, dat foarme wurdt troch in langhalige kuststripe dy't op syn smelst amperoan 40 km breed is. Noch fierder nei it suden leit de 70.000 km² grutte
Mekong
-delta. As gefolch fan in lange reintiid binne de kustgebieten bedutsen mei tropysk reinwald en mangrovebosk.
Yn Fjetnam komme trije klimatensones foar. It suden fan Fjetnam hat in tropysk klimaat, trochsneed is it der 32 °C. Fan juny of oant en mei septimber is it der it reinseizoen. Meastentiids falle der dan op de ein fan de middei swiere reinbuien. It oare part fan de dei is der druch.
Yn it midden fan it lan rint it reinseizoen fan septimber oant novimber. Alle jierren wurdt Fjetnam in kear of acht troffen troch in
tyfoon
. In tyfoon doare meastal twa oant fjouwer en binne it faakst yn juny oant oktober.
Yn it noarden is it klimaat koeler. Yn de berchgebieten friest it sels het zelfs in de herfst. Yn de simmer moannen is it waarm en falle der swiere reinbuien.
Foar it begjin fan de jiertelling wie yn it noarden fan it tsjintwurdige Fjetnam, yn de delta fan de Reade rivier, in keninkryk neamd
Nam Viet
, wat lan fan it suden ynhaldt. Dat keninkryk foel sawat tuzen jier (
111 f.Kr.
-
939 n.Kr.
) under
Sineeske
hearskippij. Yn de
10e iuw
waard troch Fjetnameeske opstannelingen in ein makke oan dat bewald en untstie in eigen steat. Twastriid tusken twa wichtige famyljes soarge derfoar dat yn de
15e iuw
it lan midstwa opdield waard yn noard en sud. Pas yn
1802
mei help fan de
Fransken
waard it lan werienige. Nei de
Twadde Wraldkriich
waard it lan ferdield yn in
kommunistysk
regeard
Noard-Fjetnam
en in
diktatoriaal
regeard
Sud-Fjetnam
. De
Fjetnamoarloch
(
1957
-
1975
) einige mei in machtsoername troch de
Fjetkong
yn Sud-Fjetnam en de weriening under kommunistysk bewald. De ynminging fan Fjetnam yn
Kambodja
yn
1979
late ta in wapene konflikt mei
Sina
.
De befolking fan Fjetnam is konsintrearre yn de twa wichtige rivierdelta's, der't de etnyske
Fjetnamezen
mei 85% fan grutste groep fan foarme. Yn totaal binne yn it lan om-ende-by 50 minderheidsgroepen, dy't foaral yn de heechlannen libje, u.o. de
Muong
,
Tai
,
Hmong
,
Dao
,
Sedong
,
Jarai
,
Bahnar
,
Rhade
,
Sjam
en noch in grut tal lytsere groepen. Yn de steden wenje grutte tallen Sinezen.
Yn Fjetnam wurdt
Fjetnameesk
sprutsen as offisjele taal. Dizze taal waard oant en mei de
17e iuw
skreaun mei in op it Sineesk likend skrift. Troch de Franske
jezuyt
Alexandre de Rhodes
waard yn de 17e iuw it Westerske alfabet yntrodusearre.
Yn Fjetnam wurdt in grut ferskaat oan religys oanhongen, der't it
boedisme
de grutste godstsjinst fan foarmet. Oare leauwen binne it
konfusianisme
, tradisjonele lokale leauwen en it
kristendom
, fral de
Roomsk-Katolike Tsjerke
.