한국   대만   중국   일본 
Republyk Feneesje - Wikipedy Springe nei ynhald

Republyk Feneesje

Ut Wikipedy
Aldertrochloftichste
Republyk Feneesje
Serenissima Repubblica di Venezia (Italjaansk)
Serenisima Republica de Venesia (Fenesiaansk)
697 ? 1797
flagge wapen
geografyske lokaasje

De Republyk Feneesje yn 1789 .
polityk
haadsted Eraclea (697?742)
Malamocco (742?810)
Feneesje (810?1797)
offisjele taal Latyn
Italjaansk ( Fenesiaansk )
steatsfoarm oligargyske republyk mei keazen monargy
untstien ut    it Byzantynske Ryk
opgien yn Aartshart. Eastenryk
Republyk Frankryk
    Sisalpynske Republyk
no diel fan Albaanje
Grikelan
Itaalje
Kroaasje
Montenegro
Syprus
Sloveenje
sifers
ynwennertal 2,1 miljoen (±1500)
befolkingstichtens 30 / km² (±1500)
oerflak 70.000 km² (±1500)
bykommende ynformaasje
muntienheid Fenesiaanske lire

De Republyk Feneesje , formeel de Aldertrochloftichste Republyk Feneesje ( Italjaansk : Serenissima Repubblica di Venezia ; Fenesiaansk : Serenisima Republica de Venesia ) wie in unofhinklike steat yn Jeropa dy't bestie fan 'e sande iuw oant de Franske Tiid . Dizze steat hie in mingde steatsfoarm as in oligargyske republyk mei in keazen monargy . De hearsker wie de hartoch of doge . It sintrum fan 'e Republyk Feneesje wie de sted Feneesje , dy't no yn noardeastlik Itaalje leit, mar derwei wreide de republyk him meitiid ut oer eilannen en kustgebieten yn 'e Adriatyske , Ioanyske , Egeyske , Levantynske en (hiel koart) Swarte See . Hoewol't de Republyk Feneesje in lange skiednis fan oarloch en ferovering hie, is syn moderne reputaasje fierhinne basearre op syn status as ekonomyske grutmacht, benammen op it med fan 'e hannel en skipfeart . De republyk stie wol bekend under de bynamme la Serenissima ("de Aldertrochloftichste").

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It sintrum fan 'e Republyk Feneesje wie de sted Feneesje , dy't oan 'e fierste utein fan 'e Adriatyske See leit, oan 'e bopperane fan 'e Lears fan Itaalje . Om't Feneesje it fan hannel oer see hawwe moast, stie de sted lange tiid mei de rech nei it lan ta. Al ier foelen de measte eilannen oan 'e eastkust fan Adriatyske See yn Fenesiaanske hannen, en itselde gou foar in diel fan 'e Dalmatyske kust en de Ioanyske Eilannen (werunder Korfu ). Fral yn 'e Renessanse wreide de Republyk Feneesje him hurd fierder ut, en hie it bgl. lange tiid it bewald oer grutte eilannen yn 'e Egeyske en de Levantynske See , lykas Syprus , Kreta en Euboea . Omtrint dyselde tiid krige de republyk it ek foar it sizzen oer in oansjenlik gebiet oan 'e lankant fan 'e sted Feneesje, der't letter twa Italjaanske regio's ut untstean soene: de Feneto en Friuly-Julysk Feneesje .

De Republyk Feneesje (grien) yn 1796 .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Untstean [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De sted Feneesje untstie healwei it earste milennium ut in stikmannich doarpen oan 'e Golf fan Feneesje dy't almar neier gearwurken om har te ferdigenjen tsjin oanfallen fan 'e Longobarden , de Hunnen en oare ynfallers, yn 'e tiid dat it mei de macht fan it Westromeinske Ryk stadichoan fierder yn it neigean rekke. Meitiid kaam it gebiet yn 'e ynfloedsfear fan it Byzantynske Ryk (ek wol it Eastromeinske Ryk neamd), en omtrint de ein fan 'e sande of it begjin fan 'e achtste iuw untjoech de Byzantynske provinsje Feneesje him ta in autonome fazalsteat . Neffens de tradysje wie de earste hartoch of doge fan 'e Republyk Feneesje in Paolo Lucio Anafesto , dy't yn 697 keazen waard, mar dy namme komt net foar yn lykfol hokker boarne fan foar de alfde iuw , likemin as de namme fan Anafesto syn opfolger Marcello Tegalliano . Histoarikus John Julius Norwich hat suggerearre dat it hartochskip fan Anafesto eins op betizing berest mei de Paulus dy't yn dyselde tiid eksarch fan Ravenna wie, en dat ek Tegalliano grif in eksarch fan Ravenna west hawwe moat.

Dat hoewol't de stifting fan 'e Republyk Feneesje neffens de tradisjonele skiedskriuwing yn 697 plakfun, is it wierskynlik dat dy eins letter yn 'e tiid pleatst wurde moat. De earste doge dy't as sadanich yn kontemporene boarnen neamd waard, wie Orso Ipato , dy't earne oan it begjin fan 'e achtste iuw yn syn amt befestige waard troch it Byzantynske regear yn Konstantinopel . De residinsje fan 'e iere doges wie it stedsje Eraclea . Orso syn soan en opfolger Teodato Ipato ferpleatste syn machtsbasis yn 'e 740 -er jierren lykwols nei Malamocco . Hy wie de earste doge (mar net de leste) dy't om 'e nocht besocht en stiftsje in erflike dynasty . Under it regear fan Teodato bestiene der trije underling tsierende faksjes yn Feneesje, dy't nauwere bannen mei it Byzantynske Ryk, resp. it Frankyske Ryk en it Keninkryk fan de Longobarden foarstiene.

Nei't de Byzantynske en Frankyske keizers by de Pax Nicephori fan 803 feststeld hiene dat Feneesje ta de ynfloedssfear fan it Byzantynske Ryk hearde, bettere de partijstriid yn 'e jonge republyk oer. Iuwen letter soene de Fenesianen uthalde dat by dat ferdrach de facto de Fenesiaanske unofhinklikheid erkend wie. Moderne histoarisy fine dy bewearing lykwols twifelich; yn 807 sylde der noch in Byzantynske float nei Feneesje dy't de doge ofsette en ferfong troch in Byzantynske guverneur . Mar hoe't it ek sij, yn 'e folgjende pear hundert jier untwikkele de sted Feneesje him ta syn moderne foarkommen. Benammen doge Agnello Participazio (reg. 811 - 827 ) hie der in grutte han yn. Hoewol't er berne wie yn Eraclea, festige er him al ier yn Rialto (in wyk fan 'e sted Feneesje), en under syn hearskippij wreide Feneesje him ut nei de see troch de oanlis fan bregen , greften , kanalen , bolwurken en oare fortifikaasjes , en boppe-al stiennene gebouwen .

Agnello waard opfolge troch syn soan Giustiniano Participazio (reg. 827 - 829 ), dy't bretaalwei it stoflik omskot fan 'e hillige Markus de Evangelist ut it Egyptyske Aleksandrie stiel , en dyselde ta patroanhillige fan Feneesje makke. Under it regear fan Pietro Tradonico (reg. 837 - 864 ) begun Feneesje him foar it earst te festigjen as militere macht fan betsjutting. Dat wie it begjin fan 'e iuwenlange dominansje troch Feneesje fan 'e Adriatyske See , dy't de Fenesianen al rillegau as harren thuswetters begunen te beskogjen. De marine dy't troch Tradonico opboud waard, ferjage Saraseenske seerovers ut 'e Adriatyske See, en weefde ek of mei Slavyske piraten ut wat no Kroaasje is.

Francesco Foscari , dy't doge wie fan 1423 oant 1457 .

Midsiuwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e Hege Midsiuwen untjoech de Republyk Feneesje him ta in tige wolfarrende steat troch syn behearsking fan 'e hannel tusken West-Jeropa en de Levant . Derby waard net inkeld 'normale' waar ferhannele, mar ek slaven . (Noch tusken 1414 en 1423 waarden der mear as 10.000 slaven yn Feneesje ferkocht, foar it meastepart kreaze jonge froulju dy't ofkomstich wiene fan 'e Balkan .) Yn 1084 fierde doge Domenico Selvo persoanlik in float oan tsjin 'e Wytsingen , mar hy waard ferslen en ferlear njoggen grutte galeien . Feneesje wie ek al fan it begjin of oan belutsen by de Krustochten . Oan 'e Earste Krustocht ( 1095 - 1099 ) droech de republyk bgl. twahundert skippen by, en de Fenesianen spilen doe in wichtige rol by de ferovering fan 'e havensteden yn wat no Syrje en Libanon is. Yn 1110 joech doge Ordelafo Faliero persoanlik lieding oan in Fenesiaanske float fan hundert skippen dy't kening Boudewyn I fan Jeruzalim en kening Sigurd I fan Noarwegen holp by de bemastering fan 'e sted Sidon . Yn 'e tolfde iuw wun Feneesje ek grutte hannelsprivileezjes yn it Byzantynske Ryk, trochdat de republyk de Byzantinen by ferskate gelegenheden fan in float foarseach.

Op oare fronten moasten de Fenesianen yn dy snuorje lykwols ferliezen ynboeke. Sa briek der yn 1183 yn 'e Dalmatyske havensted Zadar (Italjaansk: Zara ) in suksesfolle opstan ut tsjin 'e Fenesiaanske oerhearsking. Zadar pleatste himsels neitiid under de twafaldige beskerming fan 'e paus fan Rome en kening Emmerik fan Hongarije . Yn 1201 erkende de sted de kening fan Hongarije as soeverein . Underwilens wie der yn it Byzantynske Ryk grutte oergeunstigens op 'e Fenesiaanske wolfeart untstien, en yn 1182 briek yn Konstantinopel in fuleindige anty-Westerske opskuor ut, dy't de foarm fan in pogrom oannaam der't fral Fenesianen it slachtoffer fan waarden. Doe't de troanpretendint Andronikus I Komnenos de sted binnentriek, waarden boppedat Fenesiaanske eigendommen fan oerheidswegen yn beslach nommen , en eigners sels yn it tichthus smiten of ferballe . Feneesje wie lulk en fernedere , en sinde op wraak .

De Plondering fan Konstantinopel .

De foaroanmannen fan 'e Fjirde Krustocht ( 1202 - 1204 ) sleaten in kontrakt mei Feneesje foar de levering fan in float, dy't de kristlike troepen nei de Levant bringe soe. Doe't de krusfarders lykwols net genoch jild byinoar krije koene om foar it ferfier te beteljen, bea de bline doge Enrico Dandolo fergees transport oan, as de krusfarders underweis Zadar eefkes foar Feneesje weromferoverje koene, mei't dy sted foar Fenesiaanske oanfallen te sterk fortifisearre bleken wie. Nei't de krusfarders har derfoar bruke litten hiene, soarge Dandolo der lykwols foar dat de krustocht op 'e nij omlaat waard, diskear nei Konstantinopel, om 'e wraak te nimmen foar anty-Fenesiaanske opskuor en konfiskaasjes fan 1282 .

De ferovering en deropfolgjende Plondering fan Konstantinopel is wol omskreaun as de meast winstjaande en tagelyk de meast beskamsume plondering fan in sted yn 'e skiednis fan 'e minskheid. De Fenesianen makken oanspraak op in grut diel fan 'e but, werunder de ferneamde brunzene hynders ut it Hippodroom - stadion , der't neitiid yn Feneesje de Basilyk fan de Hillige Markus mei fersierd waard. Fierders wist de Republyk Feneesje troch de opdieling fan it ferovere part fan it Byzantynske Ryk in protte oan grungebiet te winnen, benammen yn 'e krite fan 'e Egeyske See , werunder de grutte eilannen Kreta (Italjaansk: Candia ) en Euboea (Italjaansk: Negroponte ). Al mei al besloech it troch Feneesje bemastere gebiet trije-achtste diel fan it hiele doetiidske Byzantynske Ryk. De Egeyske eilannen kamen it Fenesiaanske Hartochdom Naksos te foarmjen. Hoewol't it Byzantynske Ryk yn 1261 ut ferskate restantsteatsjes weroprjochte waard troch keizer Michael VIII Palaiologos , wist it nea wer syn eardere macht en oansjen werom te winnen en gie it uteinlik yn 1453 by de Fal fan Konstantinopel te sink yn 'e striid tsjin 'e Osmaanske Turken .

De Liuw fan Piraeus foar it Arsenale yn Feneesje : underdiel fan 'e but fan 'e Plondering fan Konstantinopel .

Doe't in oare Italjaanske hannelsrepublyk, de Republyk Genua , de hegemony fan Feneesje yn it Eastlik Bekken fan de Middellanske See nei de kroan begun te stekken, brieken der fijannichheden ut. Yn 1295 stjoerde doge Pietro Gradenigo in float fan 68 skippen om 'e Genueeske float by Aleksandretta (it hjoeddeiske Iskenderun) oan te fallen. Yn 1299 waard nochris in float fan hundert skippen utstjoerd tsjin 'e Genuezen. Tusken 1350 en 1381 fierden de beide republiken oanhaldend oarloch , sij it mei ut en troch ris in tuskenskoft. Hoewol't de Fenesianen earst slimme nederlagen ynkassearje moasten, ferneatigen se yn 1380 yn 'e Slach by Chioggia frijwol de hiele Genueeske float, sadat se yn it Middellanske-Seegebiet noch iuwenlang foar master opslaan koene yn it neidiel fan it yn ferfal reitsjende Genueeske Ryk. Yn 1363 ferlear Feneesje troch de Opstan fan Sint Titus , werby't pleatslike Kretinzyske eallju gearwurken mei untefreden Fenesiaanske kolonisten , de hearskippij oer Kreta. Pas nei fiif jier striid, yn 1368 , koe de opstan folslein de kop yndrukt wurde.

Renessanse [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e iere fyftjinde iuw begun de Republyk Feneesje him ek op it Italjaansk Skiereilan ut te wreidzjen. Dat wie in reaksje op 'e ekspansjedriuw fan Giangaleazzo Visconti , de hartoch fan Milaan , dy't war die om hast hiel noardlik Itaalje under syn bewald te bringen. Feneesje koe dat net oer syn kant gean litte om't de behearsking fan 'e hannelsrutes dy't oer lan nei de Alpenpassen laten (en derwei nei it Hillige Roomske Ryk ) fan krusjaal belang wie foar de republyk. Tsjin 1410 hie Feneesje sadwaande it meastepart fan it gebiet beset dat no de Feneto foarmet, ynklusyf steden dy't earder min ofte mear selsstannich west hiene, lykas Padua en ek Verona , dat syn trou en underhearrigens oan Feneesje yn 1405 festlei yn 'e saneamde Devoasje fan Verona .

In relief fan 'e Fenesiaanske liuw op Korfu .

Yn dyselde snuorje wreide Feneesje ek syn besittings op 'e kusten fan 'e Adriatyske See fierder ut, net inkeld yn Dalmaasje , mar ek yn Istrje , Montenegro en Albaanje . Tsjin dy tiid beskikte de republyk oer in marine fan 3.300 oarlochsskippen dy't bemanne waarden troch 36.000 man, mar de nije utwreiding yn it gebiet fan 'e Adriatyske See waard dien troch sluchslimme diplomasy ynstee fan troch wapengeweld . Yn in tiid dat ferskate troanpretendinten oanspraak makken op 'e troan fan it Keninkryk Hongarije drige ien fan harren, kening Ladislaus fan Napels , nammentlik belies jaan te moatten, mar ear't er de wyk naam nei Napels slagge it Feneesje om fan him foar it sefte pryske fan 100.000 dukaten noch even de Dalmatyske havensteden op 'e kop te tikjen. Yn 1408 wist de republyk boppedat in ferdrach en wapenstilstan te sluten mei Ladislaus syn tsjinstanner Sigismond fan Hongarije , werby't dy oankeap konsolidearre waard.

Nei't de wapenstilstan mei de Hongaren ofrun, foel Feneesje daliks it Patriargaat Akwilea binnen, in prinsbisdom fan it Hillige Roomske Ryk dat noardeastlik fan 'e sted Feneesje lei en under bekerming stie fan Sigismond fan Hongarije, dy't ek roomsk-kening fan Dutslan wie. Dat gebiet waard ferovere en kaam yn 1433 foargoed by de republyk te hearren; tsjintwurdich foarmet it foar it meastepart de Italjaanske regio Friuly-Julysk Feneesje . Tagelyk waarden de Dalmatyske steden Trogir (Italjaansk: Trau ) en Split ( Spalato ) oerweldige, krekt as de havensted Durres ( Durazzo ), oan 'e kust fan Albaanje. Yn febrewaris 1489 koe Feneesje boppedat it eardere krusfarderdkeninkryk Syprus by syn besittings foegje.

Utwreiding fan 'e Republyk Feneesje: dunkerread = bemas-tere oan it begjin fan 'e 15e iuw ; read = bemastere oan it begjin fan 'e 16e iuw ; roze = tydlik bemastere.

Tsjin dy tiid hie it islamityske Osmaanske Ryk him ek op see ta in duchtige rivaal fan Feneesje untjun. De Twadde Egeyske See-oarloch waard tusken 1423 en 1430 utfochten oer de behearsking fan 'e Egeyske, Ioanyske en Adriatyske Seeen. Yn 1463 briek in nije Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch ut, werby't Feneesje u.m. alle war die om 'e Albaneeske opstannelingelieder Skanderbeg te stypjen. Dy oarloch hold oan oant der yn 1479 in fredesferdrach sletten wurde koe dat geunstich wie foar Feneesje. Under de Twadde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch fan 1499 - 1503 sleat Feneesje in bunsgenoatskip mei kening Loadewyk XII fan Frankryk om tagelyk ek de striid oan te gean mei it Hartochdom Milaan . Dertroch koe de republyk de Milaneeske sted Cremona anneksearje . Itselde jiers, 1499 , teagen de Osmanen mei in lanleger en in float op nei Lepanto (it hjoeddeiske Nafpaktos , yn Grikelan ). De Fenesiaanske admiraal Antonio Grimani , dat eins mear in keapman en diplomaat wie as in seeman , waard yn 'e Ioanyske See ferslein yn 'e Slach by Zonchio , wernei't de Osmaanske float de Adriatyske See opfear en Friuly yn 'e jiske lei. Derop wie Feneesje twongen om Lepanto, Durres, Methonia (Italjaansk: Modone ) en Koroni ( Corone ) op te jaan.

It waard noch helte minder, want tsien jier letter sleat paus Julius II de Liga fan Kameryk mei keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk en de keningen fan Frankryk , Napels (feitliks de Kroan fan Aragon ) en Hongarije , dy't allegear mei begearige eagen nei de rike Fenesiaanske besittings seagen. Op 14 maaie 1509 waard Feneesje yn 'e Oarloch fan de Liga fan Kameryk ferpletterjend ferslein yn 'e Slach by Agnadello , wat ien fan 'e djiptepunten ut 'e skiednis fan 'e republyk wie. De Feneto waard dernei beset troch Franske en keizerlike troepen, mar hoewol't Feneesje de Apulyske havensteden oan Napels ofstean moast, waard paus Julius II him al rillegau gewaar fan it gefaar der't er syn eigen Pauslike Steat oan bleatstelle soe as er de Republyk Feneesje, de iennichste Noarditaljaanske steat dy't in fust meitsje koe tsjin Frankryk en it Hillige Roomske Ryk, alhiel ferneatige wurde litte soe. Sadwaande briek der twaspjalt mank de leden fan 'e Liga fan Kameryk ut, dy't Fenesiaanske diplomaten eksploitearje koene. Boppedat briek der op it festelan in opstan ut yn 'e besette gebieten, werby't Andrea Gritti de sted Padua yn july 1509 weromferovere en dernei mei sukses ferdigene tsjin nije Franske en keizerlike oanfallen. Napels en de paus ferbrieken har bunsgenoatskip mei Frankryk, en Feneesje wist ek Brescia en Verona op 'e Fransen te weroverjen. Nei san jier fan rottekruddjoere oarlochfiering, dy't de republyk finansjeel op 'e rane fan 'e ofgrun brocht, wist Feneesje uteinlik al syn besittings op it festelan oan 'e rivier de Adda ta werom te krijen. Hoewol't dermei in nederlaach omset wie yn in oerwinning, betsjutte it foargoed de ein fan 'e Fenesiaanske ekspansjedriuw.

In prosesje op it Piazza San Marco yn Feneesje , op in skilderij fan Gentile Bellini ut 1496 .

Underwilens diene de Osmanen oanhaldend oanfallen op Fenesiaansk Syprus . Dat begun al fuortendaliks yn 1489 mei in wraam op it Karpasia-skiereilan . Yn 1539 fierde de Osmaanske float in oanfal ut werby't de havensted Limassol ferwuostge waard. De Fenesianen hiene tsjin dy tiid de steden Famagusta , Nikosia en Kyrenia fortifisearre, mar de rest fan Syprus lei iepen foar nije Osmaanske oanfallen. Yn 'e simmer fan 1570 sloegen de Osmanen fannijs ta, mar diskear wie it gjin koarte oanfal, mar in ynvaazjemacht fan 60.000 man, werunder net inkeld ynfantery mar ek kavalery en artillery , dy't op 2 july fan dat jier under lieding fan Lala Kara Mustafa Pasja sunder wjerstan by Limassol oan lan gean koe. Neitiid folge it Belis fan Nikosia , dat op 9 septimber foel. Yn in orgy fan geweld waarden doe 20.000 boargers fan 'e sted fermoarde . Nei't it nijs fan dat bloedbad him as diggelfjoer oer it eilan ferspraat hie, joech Kyrenia him in pear dagen letter sunder slach of stjit oer, mar Famagusta ferdigene him op heldhaftige wize by in belis dat duorre fan septimber 1570 oant augustus 1571 .

De fal fan Famagusta wie de ein fan it Fenesiaanske en it begjin fan it Osmaanske bewald op Syprus. Twa moanne letter brochten de feriene floaten fan 'e Hillige Liga (Feneesje, Spanje , de Pauslike Steat en de Ridders fan Sint-Jan fan Malta ), under befel fan Don Juan fan Eastenryk , de Osmaanske marine in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e Slach by Lepanto . Syprus bleau lykwols under in Osmaansk bestjoer dat der mear as trije iuwen duorje soe.

Sebastiano Venier , de befel-hawwer fan 'e Fenesiaanske float yn 'e Slach by Lepanto .

Yn 1606 rekke de Republyk Feneesje yn in heechoprinnend konflikt mei de Hillige Stoel behelle, dat begun doe't twa geastliken oppakt waarden foar lichte misdriuwen en it Fenesiaanske regear in wet ynfierde dy't it rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke beheinde om lanerijen op te keapjen. Paus Paulus V wie fan betinken dat de nije wet sawol as it arrestearjen fan geastliken tsjin 'e tsjerklike wet yngie, en easke dat beide saken weromdraaid waarden. Doe't Feneesje dat wegere, die de paus de hiele republyk yn 'e ban , wat betsjutte de hillige sakraminten oan gjin inkele ynwenner noch tatsjinne wurde mochten. It Fenesiaanske regear negearre dat en oardere alle geastliken yn 'e republyk om gewoan harren preesterskip ut te oefenjen. Deryn krige it de stipe fan 'e munts Paolo Sarpi , in skerpe polemyske skriuwer dy't datselde jiers noch oansteld waard as teologysk adviseur fan it regear. De ban waard yn 1607 opheft, doe't nei bemiddeling fan Frankryk in kompromis sletten wie. Feneesje stelde him dermei tefreden, om't it prinsipe yn eare holden waard dat nimmen, ek geastliken net, boppe de wet stiene.

Delgong en fal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw wie der wer geduerich oarloch mei it Osmaanske Ryk. Yn 'e Kretinzyske Oarloch , dy't oanhold fan 1645 oant 1669 , ferlear Feneesje nei in heldhaftich, 24 jier duorjend ferset tsjin 'e Osmaanske belegering uteinlik Kreta , de wichtichste oerseeske besitting. Yn 1684 , doe't it Osmaanske Ryk djip behelle wie yn 'e Grutte Turkske Oarloch tsjin Eastenryk, brocht Feneesje in leger oan lan op 'e Peloponnesos (of Morea), it grutte skiereilan fan sudlik Grikelan . Dermei begun de Moreaanske Oarloch , dy't trochgie oant it hiele skiereilan tsjin 'e ein fan 'e oarloch yn 1699 yn Fenesiaanske hannen foel.

It Fenesiaanske kastiel fan Palamidi yn it Grykske Nafplion .

Dy oerwinning hold lykwols gjin stan, en waard weromdraaid yn 'e leste Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch , dy't yn 1714 utbriek en oant 1718 duorre. Behalven de Peloponnesos giene derby teffens de sudlike Ioanyske Eilannen ferlern. De Osmanen diene ek in wraam op Korfu , it noardlikste fan 'e Ioanyske Eilannen, mar dy oanfal waard ofslein. By de Frede fan Passarowitz , sletten op 21 july 1718 , wun Feneesje wat gebiet yn Albaanje en Dalmaasje , mar dat weage beslist net op tsjin it ferlies fan 'e Peloponnesos.

Dat ferdrach kin oanmurken wurde foar it begjin fan it ferfal fan 'e politike macht fan 'e Republyk Feneesje. Ekonomysk wie it mei de republyk al earder yn 'e nederklits rekke, trochdat de lannen fan West-Jeropa sunt likernoch 1600 harren hannelswaar streekrjocht ut 'e Oriint hellen troch de eigen keapfardijskippen derhinne farre te litten om Kaap de Goede Hoop hinne. Dertroch hie men dus gjin ferlet mear hie fan tuskenhannelers lykas de Fenesianen. As in seemacht rekke it mei de republyk no fluch yn it neigean: tsjin 1792 bestie de Fenesiaanske keapfardijfloat , dy't iuwenlang tuzenen skippen omfette hie, noch mar ut 309 keapfarders. Hjirby moat oantekene wurde dat Feneesje yn dyselde tiid wol syn domein op it festelan fan noardlik Itaalje stevich yn 'e hannen hold. Dat gebiet rikte doedestiden suver oan Milaan ta, en in protte steden dere makken yn 'e achttjinde iuw krekt in grutte bloei troch, dy't mooglik makke wie troch de Pax Venetiae ("Fenesiaanske Frede").

It eastlike diel fan 'e Middellanske See om 1450 hinne. De Fenesiaanske besittings binne grien kleure.

Tsjin 1796 koe Feneesje himsels lykwols langer net mear ferdigenje, om't de marine noch mar fjouwer galeien en san galjoaten omfieme. Yn 'e maityd fan dat jier waarden Eastenryk en it Piemont-Sardynje yn noardlik Itaalje ferslein troch de Fransen under Napoleon Bonaparte . Doe't dy de alle kanten utflechtsjende Eastenrikers en Piemontezen efterfolgen, krong er derby oer de Fenesiaanske grinzen hinne. Tsjin 'e ein fan it jier behearsken de Fransen it grungebiet fan 'e Republyk Feneesje oan 'e rivier de Adige ta, wylst de Eastenrikers Vicenza , Cadore en Friuly beset hiene. Nei de fjildtochten fan it iere foarjier fan 1797 sleaten Eastenryk en Frankryk op 18 april de Frede fan Leoben , werby't se temuk de oerbleaune oerseeske gebietsdielen fan 'e Republyk Feneesje opdielden. Eastenryk mocht de Fenesiaanske gebietsdielen yn Istrje , Dalmaasje en Albaanje anneksearje , wylst Frankryk him de Ioanyske Eilannen ta-eigene.

Nei in ultimatum fan Napoleon joech de leste doge fan Feneesje, Ludovico Manin , de republyk op 12 maaie 1797 sunder betingsten oan 'e Fransen oer. Hy die ofstan fan 'e troan , en de Grutte Ried ferklearre de Republyk Feneesje foar beeinige. Frankryk en Eastenryk sleaten derop in nije oerienkomst, it Ferdrach fan Campo Formio , weryn't se besleaten om ek de rest fan 'e republyk underinoar te ferdielen. De nije grins kaam deunby de rivier de Adige te rinnen. Alle lan westlik derfan waard underdiel fan 'e Sisalpynske Republyk , in Franske fazalsteat , wylst de rest, de sted Feneesje ynbegrepen, de Fenesiaanske Provinsje fan Eastenryk waard. Hoewol't de Fenesianen yn 1815 , nei ofrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen , op it Kongres fan Wenen , noch wol besochten om harren republyk nij libben yn te blazen, wie harren krewearjen om 'e nocht, om't Eastenryk der net oan tocht om it nije grungebiet op te jaan. Neitiid waarden de Feneto en Friuly-Julysk Feneesje underdiel fan it Keninkryk Lombardije-Feneesje , dat in kroanlan fan it gruttere Keizerryk Eastenryk waard.

In boatrace ( regatta ) op it Grutte Kanaal fan Feneesje (skildere yn 1740 ).

Bestjoer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De steatsynrjochting fan 'e Republyk Feneesje wie in nuveraardige miks fan in republyk en in monargy . Hoewol't Feneesje yn namme in republyk wie, wie der neat demokratysk oan: de steat waard regearre troch in beheinde groep aristokratyske famyljes , dy't mei-inoar in oligargy foarmen. It miene folk hie yn Feneesje neat yn 'e molke te krommeljen, hoewol't it troch de machtige gilden noch wol ienige ynfloed utoefenje koe op it bestjoer. It steatshaad wie de doge (utspr.: ['do:?e], likernoch: " doo dzjee"), oftewol de hartoch . Dy aadlike titel wie lykwols net erflik; ynstee wie it doge -skip in keazen amt (dat wol sizze: keazen troch de manlike aristokratyske Fenesianen).

Yn 'e iere jierren fan 'e republyk regearren de doge Feneesje op in hast wol autokratyske wize, mar harren macht waard troch de aristokrasy al rillegau beheind troch de ynfiering fan 'e promissione , in unthjit dat eltse nije doge oflizze moast ear't er ynsward wurde koe. Fan gefolgen dielden de doge doe de macht mei de Grutte Ried ( Maggior Consiglio ), dy't bestie ut 480 leden fan 'e aristokratyske famyljes. De steat waard sa ynrjochte dat de doge neat dwaan koe sunder de Grutte Ried en de Grutte Ried neat sunder de doge . Yn 'e tolfde iuw leine de aristokratyske famyljes de macht fan 'e doge noch fierder oan bannen troch yn 1175 de Lytse Ried ( Minor Consiglio ) op te rjochtsjen, besteande ut seis adviseurs fan 'e doge . Dernjonken stiften se yn 1179 ek de Ried fan Fjirtich ( Quarantia ) as in heechste tribunaal .

In audiinsje by de doge .

Yn 1223 waarden dy ynstellings kombinearre yn 'e Signoria fan Feneesje , dy't bestie ut 'e doge , de Lytse Ried en de trije lieders fan 'e Ried fan Fjirtich. De Signoria funksjonearre as in soarte fan kabinet , mei de doge as ' premier '. Yn 1310 waard fierders de Ried fan Tsien oprjochte, werfan't de leden yn it geheim operearren. In nije ynnovaasje folge yn 1454 , doe't it Heechste Tribunaal ynsteld waard, besteande ut trije steats ynkwisiteurs dy't troch spionaazje , kontraspionaazje , strang yntern tafersjoch en in netwurk fan ynformanten bewissigje moasten dat Feneesje net under de hearskippij fan ien hear of famylje kaam, sa't bgl. mei de Republyk Florans bard wie. Ien fan 'e ynkwisiteurs, dy't bekend stie as il Rosso ("de Reade", fanwegen de kleur fan syn amtsklaad ) waard keazen ut 'e Lytse Ried, wylst de oare beiden, bekend as i Negri ("de Swarten", ek wer fanwegen de kleur fan harren amtskladen), ut 'e Ried fan Tsien keazen waarden.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Republyk Feneesje hie omtrint 1500 likernoch 2,1 miljoen ynwenners, werfan 200.000 yn 'e sted Feneesje en 1,9 miljoen yn 'e Feneto , Friuly-Julysk Feneesje en de underskate oerseeske gebietsdielen. Yn dy snuorje besloech de republyk in oerflak fan sa'n 70.000 km², sadat de befolkingstichtens 30 minsken de km² bedroech.

De offisjele taal fan 'e Republyk Feneesje wie yn 't earstoan it Latyn , en letter it Italjaansk . Derby gie it om it Italjaansk sa't dat sprutsen waard yn 'e sted Feneesje , dat doedestiden noch net underskaat waard fan oare foarmen fan Italjaansk. Mar eins giet it om wat tsjintwurdich de Fenesiaanske taal neamd wurdt, dy't sterk ferskilt fan en net underling fersteanber is mei de Italjaanske standerttaal (dy't op it Toskaanske dialekt basearre is).

In relief fan 'e Fenesiaanske liuw yn Kotor ( Montenegro ).

De godstjinst fan 'e Republyk Feneesje wie it roomsk-katolisisme . Oare religyen wiene der foar de festige befolking net tastien, hoewol't islamityske keaplju der sunder gefaar foar eigen feilichheid hannel driuwe koene.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .