한국   대만   중국   일본 
Aleksander II fan Ruslan - Wikipedy Springe nei ynhald

Aleksander II fan Ruslan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alexander II fan Ruslan )
Aleksander II

Aleksander II Nikolajevitsj fan Ruslan ( Russysk : Александр II Николаевич; Aleksandr II Nikolajevitsj ) ( Moskou , 29 april 1818 ? Sint-Petersburch , 13 maart 1881 ), ut it Hus Romanov , wie tsaar fan Ruslan fan 1855 oant 1881 . Hy wie teffens kening fan Poalen oant 1867 doe't it anneksearre waard troch it Keizerryk Ruslan en gruthartoch fan Finlan . .

Bewald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tsaar Nikolaj I stoar 2 maart 1855 sadat Aleksander de nije Tsaar fan Ruslan en gruthartoch fan Finlan waard. It earste jier fan syn regear hie er it drok mei Krimoarloch dy't syn heit mei uteinset wie. Dy kriich einige yn 1856 mei de Frede fan Parys , wat betsjutte dat Ruslan de ferliezer wie. Hy kaam in protte minsken dy't herfoarmings woenen yn de mjitte: hy joech yn 1856 oan de desimbristen en skafte yn 1861 de liifeigenskip fan de boeren of en waard sadwaande yn Ruslan ferneamd as de "befrijder fan Ruslan". Dat die er lykwols fral ut ekonomyske motiven. Aleksander woe nammentlik in grutte klasse fan unofhinklike en selsstannige boeren skeppe en dernjonken in groep lju dy't ynstean koenen foar it yndustriele ferlet dat Ruslan hie. Teffens fierde er in beskieden selsbestjoer foar gemeenten en goaen yn, de zemstvo 's. Dy waarden lykwols allinne talitten yn de sintrale dielen fan it lan meidat Alexander benaud wie dat hja separatistyske ideeen yn de grinskriten fersterkje soenen. Fierders ferbettere er de rjochtspraak, matige de parsesensuer en ferkoarte yn 1859 de tsjinstplicht yn it leger fan 25 nei 15 jier.

Hy sette feroarings troch yn it underwiis . Tanksy him waarden yn de jierren sechtich fan de 19e iuw nije universiteiten oprjochte. Nettsjinsteande syn herfoarmingen yn it underwiis bleau it analfabetisme yn Ruslan relatyf sjoen heech (sa. 80%). Tusken 1867 en 1869 fierde hy tsjerklike herfoarmingen troch. De oplieding fan de geastliken waard ferbettere en it tal prysters waard werombrocht. De tsaar-befrijder makke in ein oan it hanneljen nei eigen goedachtsjen fan de burokrasy en de polysje. Sa feroare Ruslan stadichoan fan in plysjesteat yn in rjochtssteat neffens Europeesk model.

Nei de twadde Poalske opstan yn 1863 , dy't hy hurdhandich delslagge, waar syn polityk behaldender. Under syn bewald hat Ruslan in grutte gebiedsutwreiding trochmakke, benammen yn Aazje. De tsaar betwong de opstannige stammen op 'e Kaukasus . Syn belied wie ut en troch tsjinstridich, sadat de konservativen him te liberaal fun, wylst de liberalen him wer te konservatyf fun. De tanimmende oanslaggen fan de nihilisten beantwurde Aleksander mei hurde plysjemaatregels. Teffens liet er lykwols in soarte fan konstitusje mei fertsjintwurdiging fan de zemstvo's by it regear untwerpe. Deis nei't er dat plan goedkart hie, waard er nei seis earder mislearre oanslaggen it slachtoffer fan in bomoanslach troch de revolusjonere Narodnaja Volja . Hy rekker swier ferwune en stoar nei in kertier. Hy waard opfolge troch syn soan, de konservativere Aleksander III , dy't by it ferstjerren fan Aleksander II wie. Dy moard hie fan gefolgen dat de nije tsaar it plan foar de nije konstitusje ferskuorde.

Op 13 septimber 1855 waard Alekander II ta Grutkrus yn de Militere Willems-Oarder beneamd. Kening Willem III beneamde yn itselde beslut ek Keizer Napoleon III ta Ridder-Grutkrus. De beide keizers wienen fijannen yn de Krimoarloch ; Nederlan wie neutraal.

Houliken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tsaar Aleksander II boaske twaris: yn 1841 mei Marie fan Hessen-Darmstadt (Maria Aleksandrovna), (offisjeel) dochter fan Loadewyk II fan Hessen-Darmstadt . Hja krigen acht bern.

Aleksander hie ek in protte maitresses en waard heit fan san unechte bern. Op 6 july 1880 , skraachwurk in moanne nei de dea fan tsarina Marie Aleksandrovna op 8 juny , troude Aleksander II wer. Doe mei syn maitresse Katarina Dolgorukaja, by wa't er al fjouwer bern oanset hie: George ( 1872 - 1913 ), Olga ( 1874 - 1925 ), Boris ( 1876 - 1876 ) en Katharina ( 1878 - 1959 ).

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Edvard Radzinski , (2006) Alexander II, De laatste grote tsaar (oersetter Fred Hendriks), utj. Balans, 446 siden., ISBN 90-5018-770-6
  • David G. Rowley , (2006) Exploring Russia's Past: Narrative, Sources, Images
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alexander II of Russia fan Wikimedia Commons .