한국   대만   중국   일본 
Alan Turing - Wikipedy

Alan Mathison Turing ( Londen , 23 juny 1912 ? Wilmslow , 7 juny 1954 ) wie in Britsk wiskundige dy’t wurke oan de grunslaggen fan de wiskunde . Derby wurke hy oan saneamde algebrayske getallen (getallen dy’t oplossing binne fan in nde graads fergeliking) werby’t hy mei it idee kaam fan de 'Turing masine', it earste idee fan de moderne kompjuter.

Alan Turing, 16 jier
Byld fan Alan Turing

Hy wurke sunt 1939 foar de Britske geheime tsjinst by de dekodearingsynstitut, faak neist in baan as wiskundige by ferskate universiteiten (Cambridge, Princeton, Manchester). Yn dy perioade wurke hy gear mei oaren oan de untwikkeling fan de earste echte kompjuter. Hy wie benammen dwaande mei de wiskundige kant, it untwikkeljen fan programma's fan rutines en sub-ruoutines. Fierder studearre en publisearre hy oer ferskate wiskundige underwerpen en ek oer tapassings fan de wiskunde, bygelyks op de biology en de natuerkunde. Derneist wie hy in fertsjinstlik atleet.

Sunt 1953 kaam hy under fjoer te lizzen om syn homoseksualiteit en waard hy as in feilichheidsrisiko beskoge troch de geheime tsjinst. Nei alle gedachten makke hy himsels yn 1954 fan kant troch by in gemysk eksperimint syanide fia in appel yn te nimmen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alan Turing fan Wikimedia Commons .