Poalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)

Ut Wikipedy
Grinzen nei oarloch

De Poalsk-Russyske oarloch of Poalsk-Russyske kriich is de beneaming foar it konflikt dat nei de Earste Wraldkriich untstie tusken de noch net konsolidearre Sowjetrussyske steat en it selsstannich wurden Poalen dat nei utwreiding fan grungebiet stribbe.

Neidat de Poalske staffunksjonaris Plsudski yn april 1919 in ferdrach mei Oekraine sleat set de Poalske opmars tsjin de Russen utein. Al gau waard de sted Kiev troch harren ynnaam, mar yn juny waarden de Poalen al wer tebekslein en op 2 july begun de Russen op har bar mei in offinsyf. De Russen hopen dat runom de revolusje losbarste soe, mar de kommunistyske opstan yn Dutslan en de rest fan Jeropa bleau ut. Op 16 augustus 1919 diene de Poalen mei help fan Frankryk yn de tsjinoanfal dat resultearre yn in nederlaach foar de Sowjettroepen. By de Frede fan Riga ( 1921 ) krige Poalen West-Oekraine, Galysje en Wolhynje derby.