한국   대만   중국   일본 
Toronto - Wikipedy Springe nei ynhald

Toronto

Ut Wikipedy
Toronto
Emblemen
            
Polityk
Lan Kanada
Provinsje Ontario
Gemeente Toronto
Sifers
Ynwennertal 2.731.571 (2016)
Oerflak 630,2 km²
Befolkingsticht. 4.149,5 / km²
Stedekloft 5.928.040 (2016)
Hichte 76 m
Oar
Stifting 1793
Tiidsone UTC ?5
Simmertiid UTC ?4
Koordinaten 43°44′30″N 79°22′24″W
Offisjele webside
www.Toronto.ca
Kaart
Toronto (Ontario)
Toronto
Lizzing yn Ontario .

Toronto ( Ingelske utspr.: [t?'r?nto?], likernoch "tuh-ran-too"; pleatslik ek wol [t?'r?no?], "tuh-ran-noo") is de grutste sted fan Kanada en de haadsted fan 'e provinsje Ontario . Bestjoerlik is it in distriktfrije gemeente dy't offisjeel de City of Toronto hjit. Mei in befolking fan mear as 2,7 miljoen minsken is it boppedat de op trije nei grutste sted fan Noard-Amearika , nei Meksiko-Sted , New York en Los Angeles . As stedekloft , mei alle foarsteden meirekkene, telt it saneamde Grut-Toronto sels goed 5,9 miljoen ynwenners. Toronto, dat yn 1793 stifte waard, leit oan 'e Ontariomar , ien fan 'e fiif Grutte Marren . It is tsjintwurdich in wraldsted en in ynternasjonaal sintrum op it med fan hannel , finansiering , de skiene keunsten en kultuer .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Toronto leit yn it sudeasten fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario , oan 'e noardwestlike igge fan 'e Ontariomar , dat ien fan 'e fiif Grutte Marren fan Noard-Amearika is. De undergrun fan 'e sted is in deldragend plato dat trochsnien wurdt troch in netwurk fan rivieren en ravinen . It oerflak fan Toronto (d.w.s. fan 'e Gemeente Toronto) bedraacht 630 km², mei in maksimale ofstan fan noard nei sud fan 21 km en in maksimale ofstan fan east nei west fan 43 km. De kustline fan 'e sted oan 'e Ontariomar is 46 km lang, en de Toronto-eilannen en de haven stykje in ein ut de mar yn.

In plattegrun fan Toronto ut 1894 .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oarspronklike bewenners fan de krite fan Tortonto wiene de Huroanen . Yn it Huroansk , de taal fan dat Yndiaanske folk , betsjutte toronto safolle as "oerfloed", en op lankaarten fan iere Franske untdekkingsreizgers waard dermei ferwiisd nei ferskate plakken, werunder de Georgiaanske Baai en de Simcoe-mar . It wurd is foar 't neist besibbe oan it Irokeeske tkaronto , "it plak der't de beammen yn it wetter groeie", dat de namme wie foar de noarderein fan 'e Simcoe-mar. It Toronto Carrying-Place Trail , in draachrute of portage fan 'e Ontariomar nei de Hueronmar dy't fia it plak fan it hjoeddeistige Toronto run, late al ier yn 'e skiednis fan 'e kolonisaasje fan wat letter Ontario wurde soe ta it wiidfersprate gebruk fan 'e namme Toronto. Om 1660 hinne ferdreaune de Irokezen de Huroanen fan 'e noardigge fan 'e Ontariomar en stiften twa doarpen binnen de grinzen fan it hjoeddeiske Toronto. Tsjin 1700 wiene dy doarpen ferlitten en hiene de Irokezen har ut 'e krite weromlutsen. Yn harren plak hiene de Mississauga , in substamme fan 'e Odjibwe , har der nei wenjen set.

Yn 1750 stiften Franske pelskeaplju Fort Rouille op wat tsjintwurdich de grunen fan it Exhibition Place binne, mar dat waard al yn 1759 wer ferlitten. Under de Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch ( 1774 - 1783 ) fun der in grutte ynstream fan Amerikaanske loyalisten plak dy't de opstannige Trettjin Koloanjes untflechten en de Britske kolonisaasje fuortsterken fan wat letter sudlik Ontario wurde soe. Yn 1791 waard de nije koloanje Opper-Kanada ( geografysk frijwol gearfallend mei it lettere Ontario) oprjochte, en der moast in haadplak foar komme. Yn 1787 kocht Guy Carleton, 1e baron fan Dorchester , derom in stik lan fan likernoch 1.000 km² oan 'e noardigge fan 'e Ontariomar oan fan 'e Mississauga, by wat de Toronto-oankeap neamd waard. Der woe Dorchester in nije sted bouwe, dy't Toronto komme moast te hjitten.

Yonge Street yn 1902 .

John Graves Simcoe , de guverneur fan Opper-Kanada, stifte op dat lan yn 1793 yndie in nije sted, mar neamde dy York , nei prins Freark, hartoch fan York en Albany . Neitiid ferpleatste Simcoe it haadplak fan Opper-Kanada fan Newark (it hjoeddeisk Niagara-on-the-Lake ) nei York, om't er miende dat dat minder kwetsber wie foar in Amerikaanske oanfal. By de yngong fan 'e haven , beskerme troch in langwerpich skiereilan yn 'e foarm fan in sanbank , liet er Fort York bouwe, der't it Britske garnizoen legere waard. It stedsje sels boude er oan 'e eastkant fan 'e haven efter it skiereilan, deunby de hjoeddeiske krusing fan Parliament Street en Front Street .

Under de Oarloch fan 1812 fun yn 1813 de Slach by York plak, dy't einige mei de ferovering en fiifdeiske plondering fan York troch Amerikaanske troepen. It fort waard derby fierhinne ferrinnewearre, en it parlemintsgebou fan Opper-Kanada yn 'e bran stutsen. Dat foarfal wie ien fan 'e wichtichste driuwfearren foar it Britske Platbranen fan Washington , letter yn dyselde oarloch.

Op 6 maart 1834 krige York formeel stedsrjochten en derby waard de namme fan it plak feroare yn Toronto. Tsjin dy tiid bestie de befolking noch mar ut 9.000 minsken, ynklusyf in flink oantal untsnapte Afro-Amerikaanske slaven , mei't de slavernij yn 1834 yn Opper-Kanada ofskaft wie. De politike herfoarmer William Lyon Mackenzie waard de earste boargemaster fan Toronto. Dyselde wie ek de lieder fan 'e unsuksesfolle Opperkanadeeske Opstan fan 1837 - 1838 . As gefolch fan 'e Ierske Jirpelhongersneed waard Toronto yn 'e 1840 -er jierren oerspield troch Ierske ymmigranten ; tsjin 1851 wiene de Ieren de grutste etnyske groep yn 'e sted wurden. Lytsere oantallen Ulstersen (d.w.s. protestantske Noardieren ) setten har yn dyselde perioade ek yn Toronto nei wenjen.

De Grutte Bran fan Toronto , yn 1904 .

Mids njoggentjinde iuw wie Toronto twaris koarte tiid de haadsted fan 'e feriene koloanje Kanada : earst fan 1849 oant 1852 , nei't der rebulje yn Montreal utbrutsen wie, en letter nochris fan 1856 oant 1858 , wernei't Kebek de sit fan it koloniale bestjoer waard oant dy yn 1866 ferpleatst waard nei Ottawa . Nei't yn 1867 de provinsje Ontario untstie, waard Toronto derfan de haadsted. Yn 1854 kaam it earste spoar ree, dat de sted (en de Ontariomar) ferbun mei de Hueronmar en de Boppemar . Yn 'e 1860 -er jierren untjoech Toronto him ta it sintrum fan 'e drankstokerij yn Noard-Amearika , fanwegen de maklike oanfier fan not en stienkoal oer de Ontariomar. Yn 1891 waarden de hynstetrams yn 'e sted ferfongen troch elektryske trams .

Yn 1904 waard in grut part fan 'e binnensted fan Toronto ferwuostge by de Grutte Bran fan Toronto , werby't mear as K$ 10 miljoen oan skea oanrjochte waard. Persiis in heale iuw letter, yn 1954 , waard Toronto troffen troch de orkaan Hazel , werby't 81 minsken omkamen, 1.900 gesinnen dakleas rekken en mear as K$25 miljoen skea oanrjochte waard.

De Gay Pride -optocht fan 2007 .

Ein njoggentjinde iuw arrivearre der in weach ymmigranten ut Jeropa , dy't diskear benammen ut Dutsers , Fransen , Italjanen en Eastjeropeeske Joaden bestie. Nei de iuwwiksel folge der in nije weach mei fral Sinezen , Russen en Poalen . Krekt as de Ieren earder dien hiene, wennen dy lju yn 't earstoan yn sloppewiken oan 'e rane fan 'e sted. Nettsjinsteande syn flugge groei moast Toronto yn Kanada noch lang de twadde fioele spylje nei it folle aldere Montreal . Nei de Twadde Wraldoarloch setten har in protte ymmigranten ut it troch oarloch ferskuorde Jeropa yn Toronto nei wenjen, werunder in protte boufakkers ut Itaalje en Portegal . Yn 'e 1960 -er jierren waarden de rasistyske ymmigraasjewetten fan Kanada ofskaft, mei as gefolch dat der fan dy tiid of ymmigranten ut alle dielen fan 'e wrald kamen. Yn 1951 berikte de befolking fan Toronto it oantal fan 1 miljoen, en tsjin 1971 wie dat ferdubele ta 2 miljoen. Tsjin 1981 wie Toronto Montreal foarbygroeid en wie it de grutste sted en teffens it wichtichste ekonomyske sintrum fan Kanada wurden. De opkomst fan 'e Kebekaanske soevereiniteitsbeweging , dy't Kebek (Montreal ynbegrepen) losmeitsje woe fan Kanada, wie foar in protte bedriuwen reden om har net der, mar yn Toronto te festigjen.

In lankaart fan 'e Gemeente Toronto.

Yn 1998 waarden troch it provinsjale regear fan Ontario tsjin 'e wil fan 'e befolking yn (utsprutsen yn in folksriedplachting ) de seis gemeenten 'Ald-Toronto' , East York , Etobicoke , North York , Scarborough en York gearfoege ta ien nije bestjoerlike ienheid, de Gemeente Toronto. Op 26 en 27 juny 2010 fun yn Toronto de fjirde top fan 'e G20 plak, dy't grutskalige demonstraasjes fan tsjinstanners fan globalisearring oprop, en der't sadwaande de grutste befeiligingsoperaasje ut 'e Kanadeeske skiednis foar optuge waard. Op 8 july 2013 waard Toronto troffen troch oerstreamings dy't mank giene mei it utfallen fan 'e elektrisiteit . Op 20 desimber fan datselde jier waard de sted op 'e nij troch de natoer ta stilstan brocht, diskear fanwegen utsunderlik swiere izel .

Begjin 2014 kaam Toronto ferskate kearen oer de hiele wrald yn it nijs fanwegen de cracksmokende , komasupende en maltjirgjend tsjin syn politike tsjinstanners utfarrende boargemaster Rob Ford . Om't de man it nei ferskate skandalen noch altyd ferpofte om op te stappen en der gjin wetlike grunen wiene om him of te setten , besleat de gemeenteried fan Toronto uteinlik om tydlik in grut diel fan it boargemastersfoech oer te heveljen nei it amt fan loko-boargemaster . Yn juny 2014 waard yn Toronto it homofestival WorldPride holden, en yn 2015 wie Toronto de gasthearsted foar de Panamerikaanske Spullen . Op 23 april 2018 fun yn Toronto in oanslach plak werby't de bestjoerder fan in bestelbuske 10 minsken dearied, wylst 16 oaren ferwune rekken. De dieder, Alek Minassian , bliek in steurde geast te wezen dy't in unbedimbere hate foar froulju opfet hie.

It Royal Ontario Museum .
De CN Tower by nacht .

Toronto hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hjoed oan 'e dei bestiet Toronto ut mar leafst 140 unike en ferskate buerten , bewenne troch in multy-kulturele befolking fan mear as 200 ferskillende etnisiteiten , dy't de skiednis fan Kanada as ymmigraasjelan wjerspegelet. Binnen Kanada ferfollet Toronto in sintrumfunksje op it med fan muzyk , teater , de filmyndustry en tillefyzje . Sa wurdt der elts jier yn septimber it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto holden, dat it grutste filmfestival fan Kanada is. Yn 'e sted binne de haadkantoaren festige fan alle grutte Kanadeeske nasjonale tillefyzjestjoerders , de twa grutste kranten (de Toronto Star en de Globe and Mail ), de fiif grutste banken fan Kanada, en de measte Kanadeeske multinationals . De effektebeurs fan 'e sted, de Toronto Stock Exchange , is de op seis nei grutste fan 'e wrald. De pleatslike ekonomy hat him tige diversifiearre, en is sterk yn sektoaren as technology , it bank - en fersekeringswezen , sunenssoarch , underwiis , de skiene keunsten , moade , saaklike tsjinstferliening , de itenswareyndustry en toerisme . Toronto wurdt sadwaande wol de kommersjele en kulturele haadsted fan Kanada neamd.

Elts jier wurdt de sted besocht troch mear as 25 miljoen toeristen , dy't u.m. ofkomme op 'e musea en keunstgallerijen , lykas it Royal Ontario Museum (ROM), dat tentoanstellings oer wraldkultuer en natoerhistoarje fersoarget, de Art Gallery of Ontario , dy't in grutte kolleksje Kanadeeske, Jeropeeske , Afrikaanske en moderne keunst omfettet, en it Gardiner Museum , dat in keramykutstalling fan mear as 2.900 wurken ut Aazje , de Amearika's en Jeropa hat. Oare toeristyske trekpleisters binne de 553  m hege CN Tower , in ferneamde wolkekliuwer dy't de heechste frijsteande toer fan it westlik healrun hjit te wezen, en de Toronto Zoo , de pleatslike dieretun , der't mear as 5.000 bisten fan mear as 460 underskate soarten holden wurde.

Sustersteden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

sustersteden mei in partnershipsban
sustersteden mei in freonskipsban

Sport [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op it med fan sport is Toronto de thusbasis fan it iishokkyteam de Toronto Maple Leafs , dat yn 'e NHL spilet; it honkbalteam de Toronto Blue Jays , dat utkomt yn 'e MLB ; en it basketbalteam de Toronto Raptors , dat spilet yn 'e NBA . De sted wurdt fierders yn 'e Canadian Football League fertsjintwurdige troch it Amerikaansk fuotbalteam de Toronto Argonauts en yn 'e Major League Soccer troch Toronto FC . De Toronto Rock , ta einbeslut, is it lacrosse -team fan 'e sted, dat utkomt yn 'e National Lacrosse League .

In satellytfoto fan Toronto ut 2004 .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in offisjele skatting op grun fan gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Toronto yn 2016 in befolking fan 2.731.571 minsken . De befolkingstichtens bedroech 4.149,5 minsken de km². Mei alle foarsteden derby hie de stedekloft Grut-Toronto yn 2016 5.928.040 ynwenners. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 wie doe fan 'e befolking fan Toronto 13,6% alder as 65 jier en 17,5% jonger as 14 jier. Fierders bestie 49,9% fan 'e befolking ut lju dy't buten Kanada berne wiene. De ferdieling tusken de geslachten bedroech 48% manlju en 52% froulju .

In strjitte yn Toronto mei huzen dy't datearje ut it lest fan 'e njoggentjinde iuw .

Etnisiteit [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan Toronto oangiet, dy wie yn 2011 sa: 50,2% blanken ; 12,7% Eastaziaten ; 12,3% Sudaziaten ; 8,5% swarten ; 7,0% Sudeastaziaten ; 3,1% Middeneasterlingen ; 2,8% Latino's ; 0,5% Yndianen ; 0,2% Mety ; 2,7% oaren of fan mingd etnysk komof.

Fan 'e blanke befolking wiene de grutste etnyske oarsprongsgroepen: Ingelsen (12,9% fan 'e totale stedsbefolking), Angelsaksyske Kanadezen (11,3%), Ieren (9,7%), Skotten (9,5%), Italjanen (6,9%), Dutsers (4,6%), Fransen (4,5%), Poalen (3,8%), Portegezen (3,6%), Joaden (3,1%), Oekrainers (2,5%) en Russen (2,4%). De Eastaziatyske groep foel utinoar yn Sinezen (10,8%), Koreanen (1,4%) en Japanners (0,5%). Fan 'e Sudaziaten wiene de Ynjers (7,6%) de grutste groep, en fan 'e Sudeastaziaten de Filipino's (5,1%). Ta de swarte befolkingsgroep hearden ek de Jamaikanen (3,2%).

It etnyske ferskaat fan 'e befolking fan Toronto wurdt wjerspegele yn it bestean fan in grut tal etnyske buerten , lykas Chinatown , Corso Italia , Greektown , Koreatown , Little India , Little Italy , Little Jamaica , Little Portugal en it etnysk Poalske Roncesvalles .

In strjitbyld yn 'e Italjaanske wyk Little Italy .

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hoewol't foar de measte Torontianen (64%) it Ingelsk sawol de memmetaal as de deistige omgongstaal is, wurde der mear as 150 ferskillende talen yn 'e sted sprutsen. Nei it Ingelsk wurdt yn Toronto it meast Sineesk (yn syn underskate foarmen) sprutsen, en dernei Italjaansk . Nettsjinsteande it feit dat 9,7% fan 'e Franko-Ontarianen , de Fransktalige minderheid yn Ontario , yn Toronto wennet, joech by de folkstelling fan 2011 mar 0,6% fan 'e ynwenners fan 'e sted oan dat se yn 'e hus frijwol allinnich mar Fransk sprieken. Wol sei 7,1% fan 'e Torontianen dat yn 'e hus ferskate talen sprutsen waarden.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 bestie de befolking fan Toronto doe foar 54,1% ut kristenen , ferdield yn 28,2% roomsen , 21,6% protestanten en 4,3% eastersk-otterdoksen . De grutste protestantske denominaasjes yn Toronto wiene de Anglikaanske Tsjerke fan Kanada mei krapoan 100.000 leden, en de presbyteriaanske Feriene Tsjerke fan Canada mei 77.000 leden. Ateisten en agnosten foarmen yn 2011 24,2% fan 'e befolking fan Toronto. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan ofnimmende oantallen leauwenden : de islaam (8,2%), it hindoeisme (5,6%), it joadendom (3,8%), it boedisme (2,7%), it sikhisme (0,8%) en de lanseigen natoerreligyen (0,03%). De oanhingers fan alle oare godstsjinsten mei-inoar makken 0,5% fan 'e befolking ut.

De iishokky -Hall of Fame, oan Yonge Street .
De Universiteit fan Toronto .

Berne yn Toronto [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stoarn yn Toronto [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Toronto hat in fochtich lanklimaat , mei waarme, neare simmers en kalde winters . Yn july , de waarmste moanne , is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,6 °C, en yn jannewaris , de kaldste moanne, is dat ?0,7 °C. Rekortemperatueren wiene 40,6 °C op 7 , 8 en 9 july 1936 en ?31,3 °C op 4 jannewaris 1981 . Toronto kriget jiers trochinoar 831,1 mm delslach , mei derunder oer it hiele winterhealjier ferdield 121,5 sm snie .

De skyline fan Toronto, sjoen fan 'e Ontariomar of.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .