Sljochtsinnigens

Ut Wikipedy
Gekkehus , in skilderij fan Francisco Goya ( 1812 - 1819 ).

Sljochtsinnigens , dwylsinnigens , kranksinnigens of gekte (ek sljochtsinnichheid , dwylsinnichheid of kranksinnichheid ) is in feraldere, un wittenskiplike term ut 'e geneskunde . De oantsjutting waard foarhinne brukt foar geastlike beheinings en alle oandwanings mei in psychiatrysk syktebyld dy't laten ta ofwikend halden en dragen . De letterlike betsjutting fan 'e termen ferwiist nei de 'sinnen', in alde term foar de geast of it ferstan (lykas yn: "net goed by sinnen weze"). "Sljocht-" wol sizze dat de sinnen net goed untwikkele wiene; "dwyl-" ferwiist nei dwyljen , dat men docht as men hege koarts hat; en "krank-" is in ald wurdt foar " siik ".

Sljochtsinnigens die him foar as it jin net halden oan algemien jildende noarmen en wearden . Soks koe ferban halde mei geweld tsjin oaren of jinsels, mar ek mei folle unskuldiger foarmen fan halden en dragen. Men ornearre yn it ferline dat der trije oarsaken wiene fan sljochtsinnigens. Lichaamlik koe der in ymbalans yn 'e ferhalding tusken de lichemssoppen untstien weze. As de oarsaak geastlik wie, waard yn it foarste plak tocht oan besetting troch in kweageast . Eventueel koe it ek lizze oan geastlike feravensearring troch tefolle eangst , tefolle fertriet of te hurd wurkjen.

Dokters ut eardere tiden, de saneamde sjirurginen , underskaten ferskillende soarten sljochtsinnigens, lykas frenesis (mei as symptomen it utslaan fan wartaal en hege koarts ); insania ( many of melankelikens ), moannesykte (no bekend as epilepsy ) en hystery . As it om in gefal fan geastlike besetting gie, wie de gongbere remeedzje eksorsisme . Foar oare geastlike en fral foar lichaamlike foarmen fan sljochtsinnigens namen sjirurginen foar behannelmetoaden almeast de taflecht ta ierlitten of 'purgearjen' (it jaan fan in klysma , d.w.s. it leechmeitsjen fan 'e terms troch it ynspuitsjen fan wetter ). Ek liet men de pasjint wol switte , dompele men him of har under yn kald of hjit wetter of waarden eigengearstalde drankjes of salfkes foarskreaun. Hiel apart wie it saneamde balstiensnijen , werby't in kwaksalver in plassetrepanaasje utfierde (it boarjen fan in gat yn 'e plasse ), der't er dan sabeare in balstien uthelle dy't er yn 'e han ferburgen holden hie. (Der binne in protte skilderijen fan oerlevere.) Fral by lju ut hegere maatskiplike klassen waard ek rest, muzyk of lichaamlik wurk foarskreaun.

Sljochtsinnigen makken yn earder tiden soms diel ut fan in sosjale mienskip , bygelyks as 'doarpsgek', werby't se har dan oer it algemien underoan de maatskiplike ljedder befunen en faak bleatstiene oan narjen en mishanneling . As in sljochtsinnige earne net winske wie of as er wat syn halden en dragen oangie net te hanthavenjen wie, dan koed er ek opnommen wurde yn in gekkehus of gesticht. Ut sokke ynstellings untjoech him yn 'e njoggentjinde iuw it psychiatrysk sikehus , mar iuwenlang wie it net mear as in soarte fan finzenis , der't unwinske geastlik sike lju under faak abominabele omstannichheden ut it sicht fan 'e gewoane minsken holden waarden. It kaam ek foar dat sljochtsinnigen troch harren famylje , fanwegen it sosjaal stigma dat oan sa'n oandwaning klibbe, ferburgen holden waarden foar maatskippij, bgl. troch opsletten te wurden yn in kelder , op in souder of yn in hok (In bekend gefal fan soks wie it lot fan Anna fan Saksen , de twadde frou fan Willem fan Oranje ). Soms waarden sokke lju sels troch de eigen famylje ombrocht .

Neigeraden dat him oan it begjin fan 'e tweintichste iuw de moderne psychiatry untjoech, dy't underskie makke tusken ferskillende syktebylden, rekken termen as 'sljochtsinnich', 'gek' en 'net goed by de holle' yn wittenskiplike fermiddens yn unbruk. Wol bleaune se gongber yn 'e sprektaal , bgl. as skelwurd , mar ek as unsekuere oantsjutting foar geastlike oandwanings troch leken.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .