Slowakije

Ut Wikipedy
Slovenska Republika
Flagge fan Slowakije Wapen fan Slowakije
Flagge Wapen
Lokaasje fan Slowakije
Offisjele taal Slowaaksk
Haadsted Bratislava
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
48.845 km²
0­%
Ynwenners ( 2010 ) 5.429.763
Munt Euro (EUR)
Tiidsone UTC +1
Nasjonale feestdei 1 septimber
Lankoade SVK
Ynternet .sk
Tillefoan 421

Slowakije , offisjeel de Slowaakske Republyk , is in lan yn Midden-Jeropa . De haadsted is Bratislava en de minister-presidint is sunt 2022 Eduard Heger . Presidint fan de republyk is sunt 2019 Zuzana ?aputova .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Slowakije wurdt begrinzge troch:

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gerlachovsky ?tit (2655 m)

Slowakije is fan west nei east likernoch 410 km en fan noard nei sud tusken de 100 en 190 km. De Gerlachovsky ?tit 2.655 m is it heechste punt fan Slowakije en leit yn it Tatraberchtme .

It lan bestiet foar it grutste part ut berchgebieten, dy't allegearre diel utmeitsje fan de Beskiden en de Karpaten . Allinnich it sudwestlike part en yn it uterste sudeasten binne leechlizzend gebieten, dy't by de Pannonyske flakte hearre.

De berchgebieten kinne ruchwei yn twa kloften ferdield wurde; ten noarden fan de fallei fan de rivieren de Vah en de Hornad , en it gebiet sudlik derfan. Yn it noarden lizze fan west nei east; de Lytse Karpaten (op de grins mei Tsjechje), (diels) de Lytse Fatra , de Tatra (op de grins mei Poalen), dy't wer underferdield wurdt yn Westlike , Hege , en de Belianske Tatra . Sudlik fan de fallei lizze (diels) de Grutte Fatra , Lege Tatra en het Slowaaksk Ertsberchtme . Yn protte berchgebieten binne ek populere wintersportgebieten, fral yn de Hege Tatra. Yn dat berchtme leit ek de heechste berch fan Slowakije; de Gerlachovsky ?tit (2.655 meter) en de Kriva? .

De wichtichste rivieren binne de Donau , de Lytse Donau , de Vah , de Hron en de Hornad , en ek de boarnerivieren fan de Bodroch yn it sudeasten.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de 6e iuw waard it gebiet bewenne troch de Slaven . Om-ende-by 908 kaam it by Hongarije en hearde oant 1526 ta de Habsburchske ynfloedsfeer. Yn 1918 foarmen de Slowaken tegearre mei de Tsjechen Tsjechoslowakije . Yn 'e Twadde Wraldkriich waard Slowakije beset troch Nazi-Dutslan . Yn it tiidrek fan de Kalde Kriich wie Slowakije gearfoege mei Tsjechje ta Tsjechoslowakije as in satellytsteat fan de Sowjetuny . Sunt 1 jannewaris 1993 is Slowakije in selsstannich lan, sunder Tsjechje en it Kommunistysk bewald.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it lan wenje likernoch 5,43 miljoen minsken. 85 % fan de befolking is Slowaaksk. Yn Slowakije wenje Dutske, Tsjechyske, Hongaarske en Roma minderheden.

De offisjele taal fan it lan is it Slowaaksk . De oare talen dy't sprutsen wurde binne it Hongaarsk en it Roeteensk .

Gearwurking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Slowakije is sunt 1993 lid fan de Feriene Naasjes en sunt 2004 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje . It lan is 30 juny 1993 lid wurden fan de Rie fan Jeropa . Sunt 2004 is Slowakije lid fan de Jeropeeske Uny , en it hat sunt 1 jannewaris 2009 diel oan de monetere uny.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

BYP per persoan is 20.200 USD (2008). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,6% lanbou, 33,5% yndustry en 63,9% tsjinsten.

Oant en mei 2008 brukte it lan as munt de Koruna (SKK). Op 7 maaie fan dat jier waard it Slowakije goedkard as lid fan de muntuny. De koers fan de Koruna waar oanpast ta 30,126 op 1 Euro, en mei dy koers gong it lan op 1 jannewaris 2009 op de Euro oer.

Militer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Struktuer

De Slowaakske definsje hat in lanmacht en loftmacht.

Mankreft

Yn 2008 wienen der 1.420.966 Slowaakske mannen fan tusken de 16-49 jier. Derfan wienen 1.166.833 fit foar militere tsjinst. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 38.183.

Budzjet

It lan hat in militer budzjet $406 miljoen (2002). Dat is 1,87 % fan it BYP(2005).

Transport [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wichtichste havens binne Bratislava en Komarno. De grutste fleanfjilden binne dy fan Bratislava, Poprad, Slia? en Ko?ice. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Slowakije hat (2006):

  • 38.085 km ferhurde dyk;
  • 3.662 km spoardyk;
  • 172 km farwetter.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Lidsteaten : Belgje ? Bulgarije ? Denemark ? Dutslan ? Eastenryk ? Estlan ? Finlan ? Frankryk ? Grikelan ? Hongarije ? Ierlan ? Itaalje ? Kroaasje ? Letlan ? Litouwen ? Luksemboarch ? Malta ? Nederlan ? Poalen ? Portegal ? Roemeenje ? Syprus ? Sloveenje ? Slowakije ? Spanje ? Sweden ? Tsjechje
Ultraperifeare regio's : Frankryk: Fransk-Guyana ? Guadelup ? Majot ? Martinyk ? Reunion ? Sint-Marten
Portegal: Azoaren ? Madeara ? Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten : Albaanje ? Bosnje ? Georgje ? Moldaavje ? Montenegro ? Noard-Masedoanje ? Oekraine ? Servje ? Turkije